Thailân - reisavonturen

17# Mei myn suitcase nei Koh Lipe!

Yes! Eindelik mandei kaam myn koffer oan! Ik ha de boel ynpakt en in boat boekt foar de oare deis. 6 oere waard ik oppikt by it hostel. Earst 4 a 5 oeren ride nei de pier en doe mei in speedboat oardel oere fare nei Koh Lipe. Poe dy speedboat wie wol efkes in dingetje. Hy wie sa bepakt en folpropt dat ik ynienen behoorlik benaud en claustrofobisch waard. It wie smoarhyt, en de boat bleaun mar foller stromen mei minsken. Boppe op elkoar sieten we! Lokkich genôch kaam der wat frisse lucht doe we ien kear faarden. Kalm bliuwe en rustig ademjen bliuwe.. Alleen kalmte kan u redden 😉

Koh Lipe is trouwens it meast súdelikste eilântsje fan Thailân. Lyts en dus hiel noflik. Wol erg toeristisch mar it wetter is PRACHTIG moai blauw, grien en helder!

In tripje snorkelje!

Jaa, ik woe dochs wol efkes wat undernimme hjir op Koh Lipe. Ik ha in dagtripje boekt. Programma A of B kin je dwan. It binne hast deselde tripjes mar ferskillende eilândsjes. Je gean mei in stik of 9 yn in longtailboat en stopje op 4 plakken om te snorkeljen, sjogge 2 eilântsjes en dan werom. It wie best leuk en chill. Foar my wie it ek wer in helder momint om te sjen hoe ik feroare bin!

It die my namelik erg herinnerjen oan 3 jier lyn. Doe ik mei Syb yn Austraalje in 2-daagse seil reis die ek mei snorkeljen derby. Ik wit noch hoe ûnseker ik oer myn Engels wie, hoe ik der sa weinig fan snapte en dêrom der op stie dat Syb my elk wurd fertaalde. Ik wie de controlefreak en angsthaas. We krigen útgebreide útlis oer alles wat we dwan giene, hoe it moest etc etc. Ik woe fansels alles witte en alles perfekt dwan dus ik wit noch hoe stressig ik dêr op dy boat siet omdat ik de útlis net allegear folgje koe. Lilk súver op Syb dat hy sa relaxed wie en my net elk wurd fertaalde. Klear, we ha moai snorkele hjer! dêr net fan.. mar dy 2 dagen op’e boat wiene in hell foar my. Koe gjin kant op, myn hier wie ien grutte pickup touw oorlog troch it sâlte wetter en ik wie yn’t begjin seesiik.

No juster dus.. wer in snorkeltrip. De kear waard der NIKS útlein, niks sein, net iens wannear we snorkelje mochten, wannear we wer by de boat wêze moasten etc etc. NIKS NADA.. en Peet, deze nije Peet besefte har dat se har gjin momint drok makke om alle dingen wêr ik my 3 jier lyn wol drok oer makke. Myn hier wie no wer in grutte oorlog, vreselijk dat gefoel dat je tinke dat de knopen der nea wer útkomme haha.. Ek de stroming wie sterk, gjin controle oer wat der komme soe.

En ik seach ynienen wer yn hoe ik feroare bin! Sa folle chiller, controle los, yn it momint, net yn’e holle mar genietsje en gewoan wêze. Hearlik, it is net goed jesels te fergelykjen mei oaren, mar as je toch fergelykje wolle. Dogge it dan mei jesels troch te sjen hoe je self foarútgien binne.

Ik tocht ek efkes werom oan Syb. Earme Syb dat ik doe sa dreech en moeilik dwan koe haha..

Hjir wat foto’s fan under wetter. Ik hie sels gjin go-pro dus dit bin foto’s fan in oar, ik ha sels wol moaiere fisken sjoen!

Myn nije underkommen

Ik hie 3 nachten yn in hostel boekt. Prima hostel hjer, nij, skjin, genôch douches en wc’s en in airco. Tsja it is hjir oerdei SAAA hyt dat in airco hjir wol hiel noflik is om efkes ôf te kuoljen! Dochs miste ik de gelegenheid om myn eigen iten te meitsjen. Ik hie no myn pitsje mei, in panne en bakpan en it iten hjir yn Lipe is ERG djoer en net folle oars as granen.. Dus ik bin op syk west nei in plakje foar de nachten dernei want ik woe namelik noch wol efkes langer bliuwe. Op internet wie der neat te betaalbaars want it is hjir mega toeristisch. Minsken mei in soad jild en allinne mar fakânsje fiere. Ek hie ik untdekt dat it hjir op it eilân goedkeaper is as je de minsken direct betelje en net fia in website. sa koe ik yn’t hostel foar 350 per nacht ipv 420 bath.

Mar klear, ik hjir en dêr runfreegje, mar alle gedielde keamers wiene eins it selde. Ik checkte no foaral op it feit as der gelegenheid wie om te itensieren, in koelkast en it leafst in prive plakje. Tafel en stoel soe moai wêze. Dochs foel it net mei. Ik moat earlik sizze dat ik al in wike dy flow net fiel. Ik skreaun der foarige wike al wat oer. It wol efkes net sa floeiend as hoe ik it wol. Ik fiel dat ik net straal en ik kin wol dwan alsof mar das net itselde. Ik wol in big smile ha omdat ik it FIEL, dy magische enerzjy fan binnen dy ik no hieltyd faker ervare mei!

Back to meditating 🙂 (efkes tuskentroch 😉 )

Ik meditear elke moarns en juns, mar net altyd like lang en as it efkes net wol of ik ha net de inspiraasje dan doch ik it faaks mei in geleide en koartere meditaasje. Dochs wit ik fan kear op kear dat it folle mear it effekt hat wat ik wol as ik ‘stilte-meditear’ of mei in mantra. Dus tongersdei te moarn ha’k mysels in skop under de kont jun. Hop moarns 7.30 nei’t strân sitte, en stil wêze. Troch dizze meditaasje krige ik de inspiraasje om it artikel te skriuwen wat ik fannewike skreaun ha. It grappige is dat je altyd krije wat nedig is, better is, ek al is dat net wat je eins yn’e holle hiene.

Mar sinds de lêtste 3 dagen start ik myn dei dus wer mei minstens 20 minuten stilwêze en per direct wurd ik der wer herinnere oan de kracht hjir fan. Hoe kin ik dit no wer kwytrakke ha en ferjitten. It is safolle krachtiger dan je beseffe. De earste dei dus lyk dat artikel en ik fielde my mega krachtig! De dei dêrnei gie ynienen alles safolle soepeler en krige ik oeral maklik antwurden!

Werom nei myn nije underkommen

en sa ek, run ik samar tsjin myn nije bungalow oan! En wat foar ien! Hahahaha, machtig fyn ik it. De measte hostels mei gedeelde keamers binne run 350-400, prive is it minstens fan ôf 800 op syn minst! Mar Peet hat it foar elkoar!! Ik ha in prive bungalow foar 400 bath!! whahaha! It plak hat net iens in namme.

Ik ha gjin douche, de gatten sitte yn’e flier. Der sitte gjin rúten yn’e ramen en myn wc is in gat, gjin pot. Mar toch fyn ik it machtig, wat in aventoer. De kick dat ik prive ha foar de priis fan in gedeelde romte en dat op sa’n djoer eilân! Dy kick, dêr doch ik it foar, dat fyn ik machtig! Cheap en toch frijheid! Yn de vlog dy komt, kinne jim sjen hoe it der útsjocht yn’t gehiel.

Sinsopgong en hunnen binne gevoelig
fannemoarn betiid 6.15 de wekker om nei 1 minuut rinnen (fan ôf myn nije bungalow) op it strân te sitten om de sins opgong te sjen. Ik wie net de ienige, mar it wie wol hearlik stil! Spitich genôch wie it hiel bewolkt, dus de sinne wie der net om 6.37. Ik bin doe mar meditearen gien op it strân. De minsken giene langsem oan wer fuort en it waard stiller om my hinne. Tot ik hast oan’t einde fan’e meditaasje my sa dankber fielde, myn hannen op myn hert lei en my sa enorm dankber fielde!! Sa dankber foar wat ik ha, dat der in trin oer myn wang rôle. It wie efkes in hiel djipgeand momint yn mysels.

Dochs wie der blykber noch immen dy it fielde. It bewiis mar wer dat in soad bisten folle mear fiele dan we tinke. Want krekt op dat moment kaam der in hun neist my sitten dy begûn te janken! Ik skrok earst efkes, mar fun it ek wol moai. Ik wist seker dat der myn enerzjy fielde. Al gau joech der him del en gie neist my lizzen.. moai momintsje dan wer, en doe ik letter myn eagen iepene, wie de sinne der undertusken ek 🙂

Knock knock..

Fannemoarn skrok ik wekker trochdat der immen op myn doar kloppe. Ik wie fier fuort blykber want ik skrok! Kazembe stie foar myn doar, ik hie 2 minuten om yn myn klean te springen foar de sinsopgong.. PFFF WHAT?? omg.. ik wie oan’t sliepen! Knorrig dat hy my wekker makke. It wie goed bedoeld uiteraard want hy hie sjoen dat it helder wie en ik hie juster doe hy oankaam ferteld dat myn sinsopgong totaal bewolkt wie. Dus doe ik de prachtige roze en oranje kleuren seach wie it knorrige direct fuort. En no ik dochs wekker wie, koe ik de dei ek mar better betiid begjinne! It waaide wol hurd! Nei efkes genoten te hawwen fan dit zicht binne we sels noch te draven west oer it strân. Goed begjin fan’e dei!

Wat it artikel fannewike teweeg brocht..

Om dizze blog efkes moai te eindigjen wol ik graach noch efkes mei jim diele dat ik tige dankber bin foar de reaksjes dy ik krige op myn artikel fannewike. Ik twifele hiel erg of ik it wol dwaan moast, tocht noch, der stiet toch nimmen op te wachtsjen. Ek al soe ik mar 1 berikke en helpe kinne, dan is’t moai. Mei dat idee ha ik it dochs posten.


Ik ferwachte dus neat en ik krige safolle werom! In emotioneel tillefoantsje, en in stik as 4 persoanlike reaksjes. Earlike en iepen ferhalen. Minsken dy harren soms allinne fiele yn dizze struggles, minsken dy der no mei deale, minsken dy no ynienen snappe en begripe hoe it dus wurket mei depressie, dat se no pas wisten dat ik der sa lang mei striiden ha. It wie in pittige foar sommigen, foar oaren in hiele protte herkenning of inspiraasje.

Dit die my sa goed, want DIT is wêrfoar ik it doch. Dit is wêr ik de enerzjy fan krij! Yn de workshop dy ik dien ha mei Kazembe kaam faak ter sprake: ‘Wat is dyn doel hjir op ierde, wat tinksto wasto hjir te dwaan hast. En wat soesto dus dwaan ek al wurdst der net foar betelle, wat jout dy safolle enerzjy? No DIT dus foar my. Myn kennis en ervaring trochjaan sadat ik der oaren mei helpe kin.

Dus dankjewol allegear foar jim reaksjes!

Ik diel noch lang net alles mei jim yn dizze blogs oer wat ik lear, ervaar en alle dingen wêr ik no yn leau, hoe ik de wrâld sjoch. It is tefolle om hjir allegear te dielen en ik tink ek dat it foar sommigen in ’te ver van je bed’ sjow is. As ik alles diele soe hjir dan krij ik safolle fragen wêr ik sels ek noch gjin antwurden op ha. Omdat ik yn sommige dingen sels noch midden yn it proces sit en der sels earst mear dúdlikheid yn ha wol. Wol wit ik dat ik dizze reis (de reis fan dizze nije wurklikheid) SUPER ynteressant fyn en stikje by stikje sil ik hjir mear oer diele mei jim as de tiid der ryp foar is.

Noflike snein leave folgers !

PS: Ohja!! noch in lytse oprop! Ik ha it neffens my al hearder neamt.. Mar ik sykje in nije tidlike huurder foar myn hûs!! Fan ôf healwei maart of begjin april. As jim om jim hinne hearre wolle, hiel graach!! dankje dankje dankje 😉

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *