‘Kennismeitsje mei meditaasje’

Dochst mei?

..

Tsjinwurdig hearre je hieltyd faker it wurd meditaasje. Meditaasje hat my enoarm holpen op allegear ferskillende manieren. It kin dy rêst of stilte jaan, motivaasje, ynspiraasje, antwurden, leafde, enerzjy, sliep en sa kin ik noch wol efkes trochgean. It is foar my ien fan de grutste middels west om út depresje te kommen en my no sterker en gelokkiger as ea te fielen! (Hjir lêst der mear oer) Ik helje altyd út in meditaasje wat ik op dat momint nedig ha en ik kom tichter by myn ‘wiere sels’.

Bist nijsgjirrich wat meditaasje is en wat it mei dy dwan kin? Bist ta oan rêst yn’e holle, hast ynspiraasje nedig, wolst better sliepe of kinst wol wat help brûke om wat te ferwurkjen?

Dizze kursus in in moaie gelegenheid om ris kennis te meitsjen mei meditaasje. Om dyn brein fiele te litten hoe it is om efkes stil te stean.

‘Meditaasje is simpel mar sá bysûnder! It kin dy wurklik alles jaan wast mar betinke kinst!’

Ik wol dy dêrom útnoegje om it ris te prebearjen troch mei te dwaan oan dizze kursus. Hiel leegdrempelig en simpel, niks dreechs oan. 2 wiken nim ik dy mei, it is mar 5-10 minuutsjes per dei! 10 mominten oandacht foar dysels!

‘Ek in moaie kâns ast al wolris meditearst mar graach in FRYSKE meditaasje lústerst of gewoan in stok achter de doar brûke kinst!’

Ek nei de twa wiken hasto tagong ta alle meditaasjes om se noch sa faak ast wolst te werheljen fia de beveiligde links nei youtube.

Efkes alles op in rijtsje:

Foar wa? Foar elk wa’t ynteressearre is. As’t noch nea mediteart hast of al wat erfaring hast. Man of frou, nuchter of sweverig, âld of jong (net geskikt foar hiele jonge bern (10-), wa wit komt der noch in berne ferzje yn’e takomst!)

Wat freegje ik hjir foar? Besykje dizze 10 meditaasjes foar mar 19,99! (en foar dit jild kinst de meditaasjes sa faak en sa lang belústerje ast wolst!)

Wat hâld it yn? Asto dy oanmeldst krijsto de kommende 2 wiken elke (wurk-)dei in meditaasje ta stjoerd. De earste wike binne it 5 meditaasjes foar oan it einde fan de dei, de twadde wike binne it 5 meditaasjes dy it geskikst binne foardast de dei begjinst. De meditaasjes binne koart, 5 – 10 minuten max. De 10 meditaasjes binne allegear ferskillend en der komme meardere ûnderwerpen nei foaren.

Bist nijsgjirrich mar komme der allegear gedachten?

Ik tink net dat ik it geduld der foar ha. Gjin soargen, ik help dy der trochhinne. Foar ast it wist binne de 10 minuten foarby!

Ik kin myn gedachten net stilsette. Dat hoegt ek net, ik help dy mei dy drokke gedachten om te gean.

Ik kin myn fuorten net sa best dûbbel fouwe: dat hoegt ek hielendal net

Is mediteare net wat sweverig foar in nuchtere Fries? nee hjer! Is ûntspanning en nei dysels lústerje sweverig?? Ik lit dy júst beide fuorten stevig op’e grun sette.

Ik ha hearder sawol live en online meditaasjes mei in soad minsken dien. Soms 1 op 1, soms mei in groepke. Mei dizze kursus sil ik mear minsken tagelyk berikke en is it leegdrempeliger om it ris te besykjen. Elk kin it dwaan op syn eigen tiid.

Ik leau dat meditaasje in hiele soad bijdrage kin yn ús wrâld. In stik rust, bliidens, fertrouwen, selsleafde en folop nije ideeën en motivaasje!

Ik jou dêrom graach myn kunde troch en hoopje mei dizze kursus elk in mooglikheid te bieden om yn oanrekking te kommen of om it júst wer op te pakken.

Ik bin tankber foar eltse persoan dy ik hjirmei helpe kin. Want ik leau dat we troch mear stil te stean en te fielen, hiel wat burn-outs en sliepeleaze nachten foarkomme kinne en folle mear rêst en enerzjy kreëere kinne! Troch gewoan dizze momintsjes foar dysels yn te lassen.

Gunsto dysels dizze koarte momintsjes? Skyt der net tsjin oan en meld dy oan!