#blog 10: Radicale beslúten, 7 kilo kwyt en hierproblemen!
Ik moast 7 kilo kwyt op’t fleanfjild!
Hahaha, wat ha ik my kapot switten, senuweftich west en tagelyk ek sa’n wille han yn dit ferhaal.
Neidat ik fan Koh Phayam mei de boat oankaam yn Ranong, hie ik it fleantúch nei Bangkok. Ik reizigje allinne mei hânbagaazje en myn trolley is it goeie formaat. It probleem sit um allinne yn’e kilo’s. Want ik dy hânbagaazje mocht max. 7 kilo wêze en myntes wie swidder wist ik. Ik kaam warempel snel troch de check in, der waard niks weegt! Primaaaa!!
Mar doe ik yn’e rige stie om troch de security waard ik der út pikt! Miss, can I feel your luggage? UHmm.. yes of course. I know it’s too heavy but before we enter the plane I will wear more clothes. (prebearre ik). Hy tilde myn koffer op en seach skrokken. Doe kaam dr noch in steward by, ek sy tilde de koffer op. Ik mocht meikomme en út de rij. Werom nei de yncheckbali. Se weegden myn koffer, 15 kilo!! “this is too much miss”. Ja dat begryp ik haha.. oops..!!
Se woe my graach helpe en joech my dêrom de kâns om my om te klaaien en spul eventueel fuort te goaien en dan mocht ik werom komme. Der stie no op myn ticket dat opnij yntsjekke moast. Se woe my in pear kilo extra tastien mar ik moast 7 kill kwyt… 7 KILO!!!
oei oei.. tsja dit is it risiko.. ik bin laitsjend nei de wc gien en bin de útdaging oan gien 😉 welke klean binne makkelik om oer elkoar hinne te dragen? Hiel wat lagen hie ik oan.. switte switte.. in koarte broek, lange spikerbroek en noch in extra grutte broek dr oerhinne! handdoeken om myn heupen bine, safolle mooglik gewicht yn’e bûse en 10 lagen shirtsjes +trui. Doe noch in bandana én hoed op en skuon oan’e heupen hingje..Doe noch in snijplank en wat oar guod yn’e prullebak.. mear koe ik net dwan fun ik self.
Hatsikidee, 5 kilo lichter en se keurden it goed! Myn koffer waard doe wol yncheckt en it skeelde sjouwerij, mar betekende ek dat ik nei de check de klean net werom dwan koe yn’e koffer!! poeee man man wat ha ik switte mar wat in wille! haha I made it!!! :D:D De lol fan it ‘low budget’ reizigjen 😉
Radicale beslúten
Samar fan de plannen fan Sri Lanka cancelt en werom nei Bali, doe nei Flores.. En doe ik yn flores wie fleach it my allegear wat oan. –> vervolg: Flores
(Ik bin trouwens earst 3 dagen op Bali west! Hearlik om hjir werom te kommen. Myn flucht nei Flores gie 3 dagen letter dus ha my moai fermakke. Nije freonen makke en âlde bekenden sjoen. Ik ha John ek wer moete. John ha ik foarig jier troffen doe ik dêr mei mem wie. Hy is sjonger en dé rock’n roll legend fan Bali 😉 Fansels woe ik efkes in juntsje rock’n roll beleve!) –> check flog 32!
Foto’s Labuan Bajo (Flores)
Flores draait om de prachtige natoer, mar je moatte wol oeral in tour foar boeke, betelje betelje, en Flores is GRUT dus der moat ek hiel wat reizige wurde. Ik krige de kriebels derfan! It fleach my oan en ik waard al wurch fan it tinken allinne al oan alles wat ik dwaan ‘moast’.
Ik waard mysels wer bewust dat dat NET is wat ik wol. Fiele wat ik nedig ha, en dat is rust. Dat slagge my net sa goed op plakken wêr ik triggere wurd om dingen te dwan. Mei minsken om my hinne dy allegear dingen dogge. Dat is ek ien fan de redenen wêrom ik Nederlân sa lestig fyn. Iederien is drok, nuttig en bezig… dan fiel ik konstant de druk dat ik mysels ek drok en nuttig meitsje moat. It is sa besmettelik!
Ik wie wakker oan’t plannen wat myn opsjes wiene. Hoe koe ik de rust der ynhâlde? Labuan Bajo is leuk, mar net echt in plak wêr ik chille kin. Gjin strân op rin ôfstân en foar alle oare dingen moat ik wer in scooter ha. De tiid nimme en kalm oan nei Bajawa en dan de kalimutu? De kalimutu is ien fan de 8 wrâld wunderen dus der ‘MOAT’ je hinne.. Mei de scooter it goedkeapst, kosset my wol in wike as ik my net haaste wol. Mei de bus wie net echt oan te rieden seine se en die hast nimmen. It fleantúch wie my te djoer..
Hoefolle dagen hast? Frege de jonge fan it hostel dy my holp mei de planning. No ik sei in principe ha’k de tiid wol.. mar ik bin wurch, ik wol bijkomme (noch steeds?? of alwer?? wêrom ha ik toch sa’n ferlet fan rust??). Ik woe eins ek wol foar de stiltedei op Lombok wêze en ik wol nei Lombok mei de cruise. Dat like my wol hiel chill en leuk ta! “Oh” sei der, :dy giet moarnier om 5 oere.. en de folgjende giet oer 5 dagen ofsa wer, mar dat is dan te let foar de stiltedei”…. MOARNIER??
wat as ik alles los lit, NIKS mear doch op Flores, alle plannen fare litte en gewoan myn koffer ynpakke en moarnier al fuort gean?? poaahhh.. rust!! mar ek tagelyk in stemke wat seit: PEET! hjir foar bist net nei Flores flein! bist der no, dus doch no gewoan dy aktiviteiten dan kinst it loslitte en hoegst hjir net wer hinne… Nou bedankt ‘âld stemke’.. Mar dizze dame docht dat net mear. It gefoel dat it my rust joech wie myn earste reaksje en fielde goed. Dêrnei wie it gewoan it ego wat fanalles fun. Ferwachtingen, wat oaren dogge, en bla di bla…
DUSS Peet hat in scooter huurt, is nei it kantoor gien, ticket boekt en de lêtste pear oeren yn Flores besteden om wat run te riden op de scooter dy ik no toch al hie. LEKKERRRR… Juns de koffer wer ynpakt en moarns betiid op’e cruise, op nei Lombok!!
Ik ha trouwens 1 dei in ‘dei-tour’ dien nei de komodo eilânen. De measten dogge 2 of 3 dagen en oernachtsje op’e boat mar foar my wie 1 dei mear as genôch impressies en moaie mominten. (Check de 5-min vlog oer dizze machtige belibbenis!!) check hjir foar de fideo
Indonesische tiiden
Tsja.. se sizze faaks it ekstra kertierke yn Easterein en safolle oare doarpen yn Fryslân. Yn’e kalmere lannen dogge se net sa oan tiid. Se wolle wol dat wy 5 oere ynchecke foar de cruise, mar úteindelik fertrok de mega boat pas om 8.30. We soene 1 oere nachts oankomme op Lombok… dat wie ek krekt wat letter. Ek al wiene we der, foar we de boat ôf koene wie it 4.30 moarns en foar ik op myn bestemming wie yn Kuta Lombok wie it 6 oare moarns. Ik ha my earst noch mar efkes 3 oerkes deljûn 😉
De cruise wie in moaie belibbenis! Ik diel it mei jim yn’e flog! No dus yn Kuta Lombok. Hjoed komt dan ek noch ûnferwachts in freon fan Bali nei Lombok. Noja freon, we ha elkoar moete by’t strân en hiene in moai gesprek. We binne sa no en dan yn kontakt bleaun en doe der hearde dat ik op Lombok wie en hy 3 dagen frij hat kommende dagen yfm de stiltedei komt der nei Lombok en sille we wat tiid trochbringe. Hy is hjir folle faker west fansels dus hy kin my fêst de moaiste plakjes fan Kuta en Lombok sjenlitte! Ik ha der sin oan 🙂
Hierproblemen
Dan samar hiel wat oars.. Ik tink net dat ik der hearder al wat oer skreaun ha.
FROULJU en manlju mei lang hier sille my begripe.. Mannen sille oer dizze allinea’s fêst tinke dat it wol wer groeit en dat we ús fruolju net te drok meitsje moatte.. 😉
Yn de moarne yn Laos bin ik ynienen in hiele soad hier ferlern. Gjin idee hoe it kin, wat ik oars dien ha of wat der oan’e hân is. Fansels ferlies je altyd wol wat hier as je douche mar no siet myn boarstel fol, meardere kearen per douche beurt en sels oerdei as ik mei myn fingers troch it hier gie, hie ik de hannen fol. Ik skrok fansels!!
Hie ik te rûch dien mei myn hier? Ik doarde it amper yn in knoetsje ofsa te dwan want dan komme der knopen yn en hoe mear knopen ik der út boarstelje moast hoe mear hier ik ferlear. Dochs troch de mega hitte kin ik my hier eins net losdrage, dat is te hyt en is meeega plakkerig en irritant. It bleaun mar trochgean en elke dei fielde myn bosk blonde hier tinner en tinner. Ik wat fertrietlik, mar foaral ek kalm bliuwend want it soe de situaasje net feroarje as ik no stress of net. ‘alleen kalmte kan u redden’.
Yn Koh Phayam sei in jonge: ik tink dat it it drinkwetter is. Doe betocht ik my dat ik yn Pai altyd wol braaf elk fleske fulde mei wat mineraal seesâld, dat ik dat yn Laos net bewust mear dien hie. Dus hoppa, it soe sowieso better wêze dat te min, dus ha it lyk wer oppakt. Undertusken ferlies ik net safolle hier mear, mar tsja… bin de helte al kwyt.. ek al groeit it no wer oan, dat duorret jierren foar it wer lang is!
Ik bliuw der kalm under mar leuk fyn’k it net. elke kear as ik myn hier fiel of ik stean foar de spegel om myn hier te dwan fiel ik my minder ‘moai’ en froulik. In oar dy my net kin sil it miskien amper sjen en sil sizze ach kom op, falt wol mei, ik sjoch it net iens. Mar ik wit it ferskil. As ik flecht is der in mini flechtsje en as ik in sturt yn doch moat ik in oar hierbandsje en sit der amper hier yn’e sturt.
It wurd noch erger!
Ja spitich genôch is myn hier ferhaal noch net oer…. Want no ha’k sinds in pear dagen noch in oar ding ontdekt… ik ha lúzen! NEEE he!! Ja, toch wol. Ik wit ek wêr it weikaam, want ik wit op myn reis dat immen se hie wêr ik in soad mei om gie. (Lit we dizze persoan KK neamme) Sinds we ontdekten dat KK lúzen hie, is KK net mear te ticht by minsken west en hat spul kocht om der fanôf te kommen. Ik hoopte dat ik besparre bleau, mar spitich genôch dus net..
Op’e cruise kaam ik der achter, KAK.. ik ha se ek! mini’s, mar toch….Jokte!!
Ok, adem yn, adem út. IT IS WAT IT IS! It kin elke gebeure, tis no allinne wichtig om der fan ôf te kommen! Op Lombok lyk op syk nei spul om se kwyt te reitsjen en kamme, kamme, kamme.. It spul wat ik krige is oars as it spul yn Nederlân, dus doe ik fannemoarn wer in kriebeltsje fielde ha’k lyk de behanneling noch mar ris dien. No moatte se dochs echt allegear wol kapoet wêze.. hoop ik..
It binne luxe problemen!
Sa ik faaks sis tsjin mysels mei dit soart dingen: as dit de grutste problemen yn myn libben binne, dan ist poerbêst 😉 Luxe problemen. Want ik fiel my ‘zeerrr’ gezegend mei wie ik bin, wat ik doch, hoe ik my ontwikkelje en alle moaie mominten en ervaringen yn myn libben! Ik hâld elke dei mear fan mysels, akseptear mysels mear dat ik bin sa ik bin. Ik doch myn úterste bêst om oardielen oer oaren los te litten en elk yn syn wearde te litten. Bewust te wêzen fan wat der bart en identifikaasje mei it ego los te litten. Sa kin ik noch wol efkes troch gean mei alles wêr ik super dankber foar bin, dan wurd allinne dizze blog wat te lang 😉