Blog 11 AMAZING! Wat in hege frequentie! 😉
Nije corona regels yn Thailân
Moandei te moarn foar de kursus begjint bin ik earst gau nei it immigratie kantoor west. Se hawwe namentlik sinds juster beslúten dat je Thailân noch allinne binnen komme kinne mei minstens 2 vaccinaties. Ik ha gjin idee hoelang dat duorjen giet mar ik hearde dat ik myn visum ek al op voorhân ferlenge kin. Dus hop, alle papier fersamele en as alder earste oanwêzig wêze op it kantoor. Gie bêst. De frou holp my mei it ynfullen fan de lêtste formulieren en doe soe se it op’e computer regelje.
Spitich genôch bleek dat Nok, myn landlady, my noch net yncheckt hat officieel. Dus har belje om te hearren hoe en wat. Undertusken komme der mear minsken binnen. Ik krij eindelik Nok te pakken nei 15 minuten en se seit dat se it no per direct dwaan sil, it sil 5 min. duorje. No om in lang ferhaal koart te meitsjen: ik ha der in oere en 20 minuten wachte! Omdat sy it undertusken wol dien hie, mar de oare minsken allegear foar giene. Ik wie noch fan plan om te ontbijten foar de kursus mar dat siet der al net mear yn. Ik moast NO oan’e beurt komme oars moast ik de boel cancelje omdat ik nei de kursus moast!
Jaaaa, eindelik oan’e beurt… se fult de boel yn.. Madam, is this the date you entered Thailand? Because then it ’s not possible yet to extend your visa.. only 45 days before your visa ends… DAT MIENST NET!!! Geeetttsiederrie.. hielendal foar neat dit gesodemieter! En it famke wat my fannemoarn holp mei de formulieren wist it ek, en hat der neat fan sein! GRRR.. rap myn papieren werom pakt en mei gang nei de kursus.. pfff
Oh en undertusken?? Alles bard mei in reden, dus ek dit fansels. Thailân hat no, 2 dagen fierder, de regels alwer ynlutsen haha. It kin hjir hurd op en del ha’k wol troch!
Samar wer in fotograaf dy my spotten hie mei myn hier en moaie foto ’s makke hat! Ik krige opdracht hoe ik sitte en draaie moast 😉 haha se bin moaii! 🙂
Massaazje cusus
De kursus dy ik doch is 1 op 1. Mr Bann, in âlde man fan 85 jier nimt de theorie mei my troch en syn frou leard my de technieken. Moarns in soad filmje sadat ik it letter werom sjen kin. We hiene moarns in famke as ‘practice-person’ mar foar de middei fregen se as ik in freon hie dy koe. No fansels wol tocht ik! Wa wol der no net in massaazje? Mar wa wol IK masseare? T’is ek wol in bytsje núver om in freon ynienen heal neaken foar je te hawwen en oan him/har te sitten. Mar Peet, dêr moast mar oan wenne want dat sil no gewoante wurde as ik masseur wurd!
Dus tidens myn ontbijt (1 oere middeis) ha’k hjir en dêr wat appkes der út goait. Ja hjer, ien jonge dy hjir al 9 jier wennet mar dy ik noch net HIEL goed kin omdat der wat ‘ongrijpbaar’ wie yn myn optiek, woe my wol helpe. Dea zenuwachtig waard ik ynienen. Benaud om te falen tsjin oer him. Ik sjoch namelik nogal tsjin him op, hoe koe ik sa stom wêze om HIM te freegjen! Haha.. Op dat momint wist ik noch net hoe’n bysûndere middei dit wurde soe..
It ferhaal fan in echte bikkel
Tsja wêr moat ik begjinne om it tagelyk koart te hâlden. Dizze jonge wol graach anoniem bliuwe, dus ik neam him yn dit ferhaal ‘A’. Sa ik al sei, seach ik mega tsjin him op. T’is in jonge mei in hiel sterk karakter. Op de ien of oare manier wie it wat te bot foar my mar dochs bleaun ik prebearjen om der trochhinne te prikken. Wat hy sei wie sa ynteressant, ik woe it begripe en der fan leare mar dat slagge net. Hy stelt nea fragen, joech aparte antwurden wêr ik eins nea mei koe mar wat my allinne mar nijsgjirriger makke. Ik wie nijsgjirrich wat der yn it libben fan A gebeurd wie dat hy sa wiis wie en sa dúdlik. Gjin spatsje twifel of angst, 100% libje yn it momint en super spiritueel komt der oer. Hy is gjinien, der binne gjin ‘oare’ minsken, hy is net makke om te wurkjen, der is gjin ferline etc. fan dy dingen dy ik no undertusken allegear wol leard ha mar hiel faak noch net begryp. Foar minsken dy neat mei spiritualiteit ha sille sokke útspraken wol núver oerkomme, sorry dêrfoar.
Mar klear, dat is A dus. Hy kaam by de massage skoalle oan en wyls wy wachten sei der dat der miskien wol wat mei my diele moast aangezien ik him massearen gie. En doe stie ik al perplex, hy hie noch nea wat oer himsels ferteld. Hy ratelde der in hiele soad freselik moeilike wurden út wat allegear ferskillende soarten syktes wiene. Ik begreep der net folle fan earst, mar ik ha him fertelle litten en hy fertelde my fan alles en noch wat. Ik ha mei iepen mûle oan’t lústerjen west.
It komt der op del dat hy fol sit mei allegear ferskillende syktes. Ik wit net alle benamingen mar under oare ien dy makket dat hy gjin kraakbeen ensa mear hat tusken syn werfels. Hy hat dei en nacht ferskriklik pine. By alles wat der docht, as der no leit, sit, rint of wat dan ek. Wat der te dwan wie tsjin de syktes is dien en foar de rest is der neat mear. De measte minsken dy dit hawwe libje allang net mear op syn leeftiid.
Hy fertelde dêrom ek dat hy no gewoan eins wachtet tot der dea giet. Tot it klear is mei fjochtsjen. Sommige dagen kin der hielendal neat, dan komt der syn hús net út of as syn earmen it net mear dogge wyls der ergens is, kin der net mear thúskomme omdat der dan net mear scooter ride kin. Hy fertelde dat hij der nei út sjocht as it aanst klear is.
Hy fielt him goed yn Pai en wol hjir eindigje. Sinds jierren koe der eindelik wer ris in pear oerkes sliepe want dat koe der ferhinne ek net. Dus dy útwurking hie Pai hjir yn’e heuvels. Hy fertelde dat der foarige wike noch wat dien hie wat op’t liif oankaam mar wat him enerzjy joech. Hy wist dat it him wat kosje soe en ja, nei in oerke bewegen is der fuort kroept yn in hoeke fan ‘e seal yn in rolstoel is der thúsbrocht.
It rekke my ferskrikkelik. De trinnen stiene my yn’e eagen. En hieltyd mear kwartsjes foelen. Dat is dus wêrom dit.. wêrom dat.. it waard my ynienen sa dúdlik!! A wol absoluut gjin medelijden of zielig wêze dus hy seit it eins tsjin gjinien. Hy hoegt net begrepen te wurden troch oaren. Hy wit hoe it sit en hy is KNEITER sterk en in mega fechter. Alder ferskuorrendst! Ik ha him mei alle leafde masseart al soe dit fansels neat helpe en miskien makke ik it noch wol erger. Mar hy is it went, hy sei: kinst my nooit searder dwaan dan dat myn lichem al docht de rest fan myn libben.
Wat in striider.. respect foar him. It hat my de hiele dei dwaande holden. Ik kin jim lestig útlizze wat ik precies fielde of wat it yn my feroare. Dat is in gefoel, in mindset. Mar wat ik wol útlizze kin is dat ik wer efkes flink mei 2 fuorten op’e grun setten waard. Wat doch ik soms moeilik, wat meitsje ik my drok om fanalles en noch wat. Wat in stress, wat in angst, wat in gedachten dy ik fierstente serieus nim. A hie graach alle kânsen han dy ik ha. Ik bin sun, ik ha in takomst en ik kin alles dwan wat ik wol. Wyls ik werom tink oan ús gesprek giert it wer troch my hinne. Peet, nim it leven net TE serieus. It kin sa foarby wêze en angst foar de takomst binne allinne mar gedachten dy je serieus nimme. It is niks, der is niks fan wier. It no, is it ienige wat der is. Dus tagelyk dat dit in hiel triest ferhaal wie, wie ik him dankber dat dr it mei my dielt hat! Ik fiel my mega fereard en super dankber foar wat it mei my dien hat! Dankjewol A!
It examen
Typisch Thai, is dat de Thaise minsken konstant wisselje kinne fan gedachten en fan ideeën. Dat ha ik wer efkes ekstra ervaren tiden de massaazje kursus. Ik tocht dat ik gewoan 3 dagen lang cursus krige en dat dat it wie. Mar de 2e dei begun Joy my te fertellen dat der in examen wie. Se sei dat ik dizze 3 dagen les krige en dan sels fierder earst oefenje en oefenje en dan vervolgens as ik tink dat ik it goed genôch kin mei ik werom komme en gean ik it examen dwan. POE..dy seach ik efkes net oankommen.
Mar ik tocht prima, dan hoech ik my earst noch net op’e theorie te stoarten en kin’k lekker relaxe en gewoan de praktyk oefenje dizze 3 dagen. Foar de 3e dei hoegde ik net mear minsken te regeljen om te massearen. Omdat myn liif undertusken sa ferskriklik sear die fan de hâlding wêr ik no 2 dagen yn siet en it massearen op’e grûn mei bewegingen en kracht dy ik net went bin. Soe Joy my in massaazje jaan, super learsem ek noch want ik wist no precies hoe elke techniek dy se my leart hie fielde by in persoan. Se hat myn seare rêch flink under hannen naam!
Tidens it massearen kaam Mr Ban binnen en sei dat ik fannemiddei myn eksamen dwan koe. Ik skrok my kapot! No ynienen?? Blykber wie mr Ban omslein nei ús gesprek fannemoarn tidens de theorie. Hyfernaam hoe serieus ik it naam en hoefolle ik wist ek mei myn achtergrun fan de orthomoleculaire voedingscursus dy ik dien ha. Alle gezondheid hat wer mei elkoar te meitsjen. Joy fertelde my hoe it gean soe. Hy soe my fragen stellen gean en in pear technieken freegje te oefenjen op him sadat hy fielde hoe ik it doch. Ik ha genoten fan ‘e massaazje fan Joy mar foaral elke sekonde ek brûkt om har noch de dingen te freegjen wêr ik oan twifele. Ik hie al betocht dat ik yn it oerke pauze sa rap mooglik de theorie der yn stampe soe dy ik noch net under de fingers hie en dan mar loslitte, mear koe ik no net dwaan.
Foar ik fuort gie sei mr Ban noch efkes: oh, moast trouwens fannemiddei wol efkes ien regelje om te massearen! HUH?? No ynienen wol wer? Ik moat HIM toch masseare? Ik ha dochs examen? Ik snap der gjin reet fan, wêr moat ik yn it oerke tiid no immen wei helje? Mar ik bleaun fertrouwen hâlden en tocht ik doch wat ik kin en dat slagge. Der is noch folle mear gebeurd yn dit oerke, mar dat lit ik mar efkes fuort oars wurd dit ferhaal ECHT fierstente lang.
Koart en krachtig, ik ha Lucie regelje kinnen, ik ha har 2 oeren lang masseart en ik bult komplimenten krigen fan mr Ban omdat studenten oars it net sa snel koene en ik hie him gjin inkele kear frege hoe of wat. Ik ha safolle mooglik hearre litten wat ik wist en dat wie foar him genôch. Ik bin slagge!! WOW yess!! Hat myn serieusheid en discipline my toch wer ergens brocht 😉
Myn eigen retreat, it sil heve!!
Tongersdei en freed bin ik as in idioat oan’e slach gien mei it retreat! Jawis it giet heven!! Ik ha in locatie, de flyer makke, in soad dingen regele en ik siet yn in mega hearlike flow fol fertrouwen! Ik bin moarns begun mei in prachtige meditaasje en ha mei affirmaties en manifestatie der foar soarge dat alles noch makliker gie dan ik tocht, it streamde, it gie hearlik! Ik sit fol fertrouwen, en as de spanning komt dan fertel ik mysels wer opnij dat dat mei, dat dat logysk is. As ik dat net wêze soe foar myn earste retreat dan wie dat wol wat núver west net?
Freed ek, wow wow.. ik ha it programma no hielendal yn elkoar setten en de boel hast hielendal útwurke. En de earste reaksjes kamen binnen, dat die my fansels sweven!! Yeahhhh helemaal yn’e wolken. De earste 2 fammen ha ik op in hiele bysundere manier moete en alles foel op syn plak. Dat binne net iens myn wurden, dat is wat sy seine! Se hawwe betelle en de earste 2 fan de 6 plakjes binne fersein! Hatsikidee!!
In wize kappersles
Efkes koart tuskentroch. Ik woe dit wykein de hanekam wer yn mar tocht, it wie eins wat te lang de foarige kear. In cm koarter soe better wêze. Ik dus nei de kapper, se prate Engels (earst) en sei dat ik mar 1 cm dr ôf woe.. ha it sjen litten mei de fingers. No.. lang ferhaal koart.. se begun achter, mei 1 laag en snijde der (ja se brukte gjin skjirre mar in mes) samar 10 cm ôf!!! WHATTT??? Ik sei neeeeee, koarter! En liet har wer sjen dat ik echt mar 1 cm woe. De folgende laach dy se die wie 5 cm.. ik krige it swit oeral.. Myn hier is ferknoeit.. no ha ik dus laagjes de ferkearde kant op.. It hier yn myn nekke is dus 10 koarter, der hinget in wat langere laach oerhinne en dêrnei sei se: Klear!!
Klear?? It hier wat nêst myn holle hong hat se net iens oanrakke. Dêr hat se doe spontaan ek noch mar efkes 3 knipkes dien. Ik wist net heal hoe hurd ik sjen moast dat ik fuortkomme koe!! In wiize les: gean NEA nei in kapper yn Thailân! Want neidat ik dit tsjin minsken sei hjir seine se ynienen allegear: NEEEE, dat moast ek nooit dwaan.. se dogge hjir mar wat!… ha ik wer.. noja. Klear.. as dat de grutste problemen yn myn leven binne dan fyn’k it wol prima haha.. ik laitsje der mar om.
Der is noch folle mear
Ja man, wat in wike! Der gebeurd in soad.. Mei my, om my hinne en yn my. De blog is no lang genôch, al fierstente lang. Ik koe noch wol folle mear skriuwe want ek juster is der fanalles gebeurd.. hiele bysundere en hast ‘creapy’ dingen. Ik lit it earst mar efkes sa. Ik leau dat ik it self earst mar efkes in plakje jaan moat… pfffff
OHHH noch iets leuks!! ik ha immers noch NOOIT in fries moete tidens alle reizen oer de wrâld. mar no ynienen fannewike wol 4 Friezen! Berm út Sint Nyk, Femke út ..? en Auke en Machteld út Hollum. Fet leuk!! ha mei Auke en Machteld al in heale jun oan’t Frysk kletsen west. Hearlik 🙂 wie gesellich!
Fannemiddei nei in ceremonie mei kunst, muzyk, en in drumcirkel en dan moarn en oare moarn as ik idioat wer foarbereide en der moatte mei gang 4 minsken by komme oars sjit ik der aanst ek noch by yn! Haha nee nee Peet, gjin angsten.. Fertrouwen, alles komt goed en it giet precies sa it gean moat!