Thailân - reisavonturen

#Blog 12: Myn eigen earste retraite!

Ja hjer, ik kin it no echt sizze. Ik ha myn eigen retraite organisearre! No moat ik sizze dat dizze wike net sa lekker run as de ôfrune wike. Moandei en tiisdei wiene namentlik bêst in striid. It foel my dochs wat tsjin dat ik noch mar 2 oanmeldingen hie. Ik wie my der HIEL bewust fan dat ik it loslitte mocht en foaral der op fertrouwe. Tinke fanút overvloed yn pleats fan tekoarten, mar it slagge my moandei net. Ik ha in hiel soad Nederlânders troffen dy it wol leuk funen mar se giene faaks krekt fuort foar of tidens it retreat. Tiisdei koe’k it iets better loslitte, en doe warempel krige ik noch in oanmelding der by!

Oer it programma ha’k eins gjin momint twifele, myn foarbereiding is goed en it sit moai yn elkoar. Yes! Timothy hat my in soad holpen mei alles wat der noch regele wurde moast en alles wat der hinne sleept wurde moest. Tsja mei in scooter is dat dochs wat minder praktisch dan as je gewoan alles lekker achter yn’e auto kiepe. Tim hat tink ik wol 3 a 4 kear hinne en wer riden en wie dan hielendal beladen en bepakt mei allegear bêden, matsjes en kessen.

Middeis ha’k de backpack brûkt foar de boadskippen want poe he! Wat moat der dan dochs in soad komme en wat weegt it allegear in soad! Meloenen, papaya’s, swiete jirpels, griente, wetter.. ik miste wol efkes in winkelkarke haha en foaral myn auto! Mar klear, we ha it foar elkoar krigen!

De wet fan’e aantrekking en de kracht fan Pai

Ik tink dat in kombinaasje fan boppesteande soarge foar 3 hilarische mominten fannewike. Sa ik al sei wie ik my bewust fan it feit dat ik de boel loslitte mocht neidat ik myn winsken ‘besteld’ hie. Ik hie it undertusken wat loslitten dat der 6 minsken komme soene, dan mar folop ynsette op dizze 3 fammen. Dochs fun ik it jammer fan it ferlies wat ik dan draaie soe. Want ik hie se frege foar de onkosten (dield troch 6 minsken) en in eventuele donaasje oan’t einde.

No der mar 3 froulju ynskreaun hiene, sjitte ik der behoorlik by yn, DAT wie fansels NET de bedoeling. Dus ik die myn bêst om jild te manifestearen. Ik ha hiel wat technieken fan’e wet fan’e aantrekking út’e kast helle en ek Tim is der hiel goed yn en joech my de lêtste befestiging.. Yn’e positieve enerzjy sitte, dankber wêze en libje alsofst it al hast!

En warempel.. ik leaude it hast net.. mar doe ik moandei te jun troch de drokke bar-street run foel myn each ynienen op de strjitte. Seach ik dat no goed? Lei der in bultsje jild foar myn fuorten??? What?? Ik pakte it foarsichtig op en 2 jonges dy yn myn richting runen seagen ferbaasd: You are a lucky woman!! Ik sei dat ik it eins net samar oannimme koe. Immen moast dit ferlern wêze! Noja seine se, der stiet gjin namme op dus it is no fan dy!

Ik besleat it yn in aparte broekbûse te dwaan en as der immen sykjende wie of ik hearde iets, dan soe ik it werom jaan. it wie sa’n 340 bath. 3 bryfkes fan 100 en 2 fan 20. Ik fielde my hielendal sweven! woaahhhh yeaahhH!! in dankgebedsje nei boppe en ik run de hiele jun mei in big smile. Sjoch no wol! As je it loslitte, dankber binne en yn’e positieve enerzjy sitte dan komt it wol!

Wyls ik my ynienen sa ryk fielde (ek al is it omrekkene noch gjin 10 euro) koe de jun net mear stikken. Omdat ik sa dankber wie tink ik dat ik allinne mar mear manifestearde. Want doe ik it letter noch ris beseach fol ongeloof seach ik dat 1 fan de 100 bryfkes in 500 wie!! waaahaaaaa … ik koe myn geluk net op! hahaha.. hoe bliid kin in mins wêze mei iets wat je net ferwachtsje mar wat je sa goed brûke kinne. Elke euro is wer in euro!

Om it ferhaal noch moaier en hast ongeloofwaardiger te meitsjen run ik tiisdei te jun wer rjochting de walking street en echt wier.. op 5 meter ferskil fun ik WER rjocht foar myn neus jild op’e grun! Dit kear yn in wiet plastic pûdsje. Dit moast fan ien fan de jeugd wêze dy yn sa’n opblaasde autobân oer de rivier west hat en as in dronken dropke werom nei hûs gien is. Ik helle it jild der út en sjoch dat it sa’n 180 ofsa is. tafallich seagen 2 Fryske jonges it gebeuren wêr ik de jun derfoar krekt in hiel skoft praten hie. Ek oer hoe it wurke mei dizze wet. en no wiene se sels it bewiis derfan.

Ok… it ferhaal kin NOCH sterker.. want justerjun doe ik tegearre mei Yoni werom run fun ik warempel wer in bult jild, inklusyf beurs en paskes dizze kear. Dit mienst dochs net!! Ik hie him krekt it ferhaal ferteld, en no seach der it mei eigen eagen gebeuren! Hy begun lyk ek op’e grûn te sykjen mar as je der om sykje as it ferwachtsje komt it fansels net. Ik seach dat der in namme op it paske stie en seach foar my in taksje stean, fult mei jongelui. Krekt foar se fuortriden frege ik as der ek in …. (kwit har namme net mear precies) yn’e taksje siet.. en ja hjer! dus dizze kear ha’k der sels neat oan oerholden fansels mar ik ha yn elk gefal in famke in mega soad gesodemieter ferkomme litten!

Machtig moai fyn ik dit spultsje 😀 haha

It retraite

3 dagen, 3 froulju. In suksesfol programma, moaie reaksjes, 11 meditaasjes, in yoga les, 6 massaazjes, mindfull yn hast alles wat wie diene en iten fan’e Nederlânske pot. It is slagge!! Ik kin mei alle trots sizze dat ik myn earste eigen slagge retraite organisearre ha! En ha ik faalt, nee!! In moaie ervaring en seker in moaie ervaring om op fierder te borduren.
Ik moat earlik sizze dat it juster noch hiel dubbel fielde. Mar undertusken ha ‘k in mindere diel loslitten en rjochtsje ik my op it positieve!

Op de earste dei al seach ik it ien en oar by de fruolju loskommen. Dêr wiene se sels ek wat fan oerrompele lieten se witte. Se hawwe harren ervaringen dielt, der is ferwurke mar ek in soad moaie dingen ynsjoen. Hjir inkele reaskjes fan harren:

“een fijne energie en je gehoord voelen, echt even tot mezelf komen, zonder afleiding en juist focus op mezelf.”

“Bedankt voor deze bijzondere ervaring. Deze dagen waren erg waardevol voor mij. Ben nu zeker geïnteresseerd in meer. En voor als dingen niet gaan zoals ik zou willen: laat los :). Vaak zag ik het probleem niet van de dingen die ‘mis’ gingen. Het is goed zo. Bijzondere emoties kwamen los.”

“een ontzettend bijzondere ervaring. Het is een rollercoaster van emoties geweest. De eerste dag was vooral waardevol omdat zoveel emoties loskwamen tijdens de dankbaarheidsmeditatie en ik werd erg aan het denken gezet. Ook het schrijven vond ik erg waardevol omdat ik soms moeilijk dingen van me af kan laten glijden. Gelukkig heeft Petra er alles aan gedaan om alles goed te laten verlopen. Dit straalde ze ook echt uit, heel erg mooi.”

It minder leuke stikje

It mindere stikje wie dat der fanalles mis wie oan it hûs en dat dat helaas sa no en dan behoorlik ynfloed hie op de sfear en de frustraasje fan my. Douches dy it net diene, der wie gjin gas foar it gasstel, ongedierte yn ien fan de bêden, lekkage, doarren dy net slúten of iepen koene etc etc.. Sa kin ik noch wol efkes trochgean. En wyls ik de man wêrfan ik it hiert hie witte liet, waard ik ynienen yn in rúzje belutsen tusken him en de Thaise âlde frou dy it hûs yn har besit hie.

Ik miende dat ik de krenterig wie en te folle eisend omdat se my dat gefoel joegen mar doe ik freedtejun yn myn eigen bêd wer lei waard ik boos. Ik hie alles sa goed foarbereiden en no hie dit sa de oerhân han. Ik hie genôch betelle foar it hûs foar de 2 nachten en dit wie it gewoan NET wurdig! Dit wie net wat my beloofd wie.

Ik ha dêrom besletten de oare deis werom te gean en it mei harren te dielen want it siet my behoorlik dwars. Ik koe net iens lokkich werom sjen op it retreat want dit hie sa de oerhân yn myn frustraasje. Tim gie gelokkich mei my mei. Ja gelokkich mar, want it run ynienen út op in razende rûzje tusken de man en de thaise frou. Alle frustraasje en lilkens fan 7 jier lang, waard op tafel goait. Hjir hie ik fansels nea mei te meitsjen, mar se belutsen my der no wol yn. Gjin ien fan beide naam syn ferantwurdlikheid en se makken elkoar foar fanalles en noch wat út. De iene hie de oare hast fermoarde in pear jier lyn, en dy die dit en de oare dat. As in stel lytse bern.

No klear.. ik ha úteindelik wat jild werom krigen om de pine te fersachtsjen. Dêr wie ik hiel dankber foar. Wêr ik noch folle dankberder foar wie, wie it ynsicht wat ik hjirtroch krige. It lei um net oan my. De spanning dy ik fielt hie en de ekskuzen en it geliich fan ien (of fan beide) lei um net by my. SY hiene noch wat mei elkoar op te lossen en dêr hoegde ik my net skuldig oer te fielen.

Ik moast earst efkes de lading fan’e rûsje loslitte mar dêrnei fielde ik my sa opluchten!! Eindelik koe ik mei trots werom sjen op in moaie ervaring! Dy miskien noch wol net perfekt wie, mar it stik wat IK yn hannen hie is goed en hjir kin ik wer fierder op borduere! YES!!! Myn eigen retraite.. op nei de folgjende?? 😉


earst mar in goeie snein tawinske 😉

One Comment

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *