Reisavonturen - Amerika

Blog 12 South Austin

Snein bin ik nei Anita gien. Anita wennet yn South Austin yn in appartement. Se hat 3 bern wêrfan de âldste 18 is en krekt yn Amsterdam studeert. De oare twa wenje om en om by Anita en dan wer by hun heit dy 10 minuten hjirwei wennet. Snein ha we in soad kletst, har soanen nei heit brocht en dernei ha we in blokje om west en hat Anita my Zelker sjen litten. In plak wer je wandelje kinne, in búten wetter wat eins in mega zwembad is. It is bútenwetter mar der sitte wol badmeesters oan’e kant. Baantsje lûke is hast net te dwaan, nei 1 baan bist eins wol klear sa grut is it.

Omdat Anita wol gewoan wurkje moat elke dei (se is skoalle-verpleegkundige) ha ik moandei de hiele dei wat yn har appartement oan’t wurk west op’e laptop. Ik ha wol efkes in poging dien om der út te gean mar rinde kaam ik net sa fier en alles is lâns de grutte dyk. De oare deis hat Simone my meinaam om my wer in stik fan Austin sjen te litten. Simone is ek NL en wennet tafallig yn itselde appartement gebied as Anita. Se is lifecoach en Anita folget dan ek in programma by har. We hawwe dizze dagen moaie gesprekken han. In soad bekende ferhalen mar ek wol wer goed om it wer ris te hearren sadat je der wer efkes oan herinnere wurde. Ik ha sels samar in nij boek fan Simone krigen! ‘Art of living’ fan Bob Proctor. Super interessant want dy man sit ek yn’e dokumentaire/film: the secret. (de docu dy 1 fan de redenen is dat ik wer kânsen seach!)

Mandei te juns hie Anita dunsles dus bin’k mei har mei west, ik mocht sels in les meidwaan. Wyls bin ik oerdei erg drok dwaande west mei myn earste vlog, de site update en foarl wêr gean ik hjirnei hinne! Ik merk dat ik mear plattelânsleven sjen wol. Ik realiseerde my dat ik hjir immers wol bin om ek de cowboys te sjen. Ik kaam net folle fierder. It is gewoan ferekte pittig om ergens te kommen sunder eigen auto. Sels de bussen dy fan sted nei sted gean (de ienigen dy der ride) stopje eins underweis net iens. Dan komt der noch by dat der ek gjin betaalbaar ferbliuw is te finen. Ik wie hast einde raad, mar doe binne Anita en ik justerjun op’e kofje west by Bart dy ek yn South Austin wennet, warempel mar 10 min. by Anita wei. Se hiene wolris fan elkoar heard mar elkoar noch nea sjoen.

In gesellig juntsje by kletst en we ha it ek oer myn plannen han. Bart stelde foar dat ik wol by him ferbliuwe mocht en dat it miskien handiger wie dat ik dan dagtripjes die fanút Austin nei San Antonio bijv of de omlizzende doarpkes. Dat like my wol in goed plan! Moarn komme Anita har soanen wer by har dus dan kin wurd it alwer in oar ferhaal. It is dus makliker om no nei Bart te gean. Bart wennet mar in hiel lyts stikje fierder mar it is hjir kompleet oars. De romte en de stilte, tis krekt of sit je ynienen yn in doarpke. Hy hat in hectare grun (en de buren ek) en hat sels in fuotbal fjildsje hjir creeert foar syn maten. Se sille hjir jun dan ek fuotbalje, ik bin benijd!

Fuotbaljun by Bart

Neidat ik wat settele wie op myn nije keamerke by Bart thús binne we efkes op’e fyts stapt. Bart hat my sjen litten wat der by him yn’e buert te sjen falt. Hy hat my wat winkels sjen litten en ien fan syn húzen dy hy ferhiert. Hij hat op dit momint 5 hûzen dy’t der ferhiert. Prachtig grutte moaie hûzen trouwens! Bart sels hat ek in moai hûs. Hy neamt it sels wol wat âld en in single hûs qua ynrjochting ensa. Dochs sjoch ik dat eins hielendal net sa. It is allinne hiel oars as yn NL. Gjin ferdjippingen mar alles op’e begeane grûn en omdat de rest allegear iepen romtes binne hat hy wol sa’n 5 ferskillende hoekjes en plakjes wêr je sitte kinne. Wyls rint Bruno telkens runtsjes troch it hûs. In leave boxer dy dement is en sa no en dan net mear wit wêr der is om hast omfalt.

Neidat ik noch efkes nei de HEB west wie foar wat griente en fruit wie it útsjen nei de jun. Bart syn fêste momint fan’e wike dat se fuotbaljen gean by him achterhûs. In prachtig stel mei elkoar. Leeftiiden varierend tusken ein 40 en ergens yn’e 75. Se kinne elkoar fan fuotbaljen fan hearder en binne redelik fanatiek. It moaie is ek dat it in sear internationale ploeg is. In stik as 10 mannen dy oeral en nergens fan oer de wrâld komme en je hearre dus ek allegear ferskillende soarten Engels foarby kommen.

Wyls Bart in oere fan tevoren al yn syn fuotbal tenue rint, beslút der dat der ek noch wol efkes mearnt wurde kin op it fjild. (dit filmke komt fêst yn myn folgjende blog!) De mannen komme langzemeroan binnen druppen en wyls de iene gezellig kletst binne sommige oaren fanatiek oan’t waarm rinnen. Ek al binne dizze kerels dan wol gjin 20 mear, fanatiek en serieus fuotbalje dogge se wol!

rbt

Flak foardat se begjinne praat ik noch efkes mei ien fan de âldsten. Ik tel dat der no 2 teams fan 4 yn’t fjild stean. Mar dizze man ferteld my dat hy dêrom mar yn’t midden spilet, hy spilet dan foar beide teams, ik ha myn slop lake doe ik dat hearde. Dochs kaam der op it lêtste momint noch immen oandraven en waard it dochs 5 tsjin 5. Ik ha genoten fan dizze jun hoe moai as dizze kerels dit organisearje, yn beweging bliuwe en wille hawwe. Want fansels nei it spyljen komme der lekkere hapkes en broadsjes mei woarst! It wie in gesellige jun!

Hike nei de twin falls

Bart stelde my juster foar oan ien fan syn buormannen, Joe. Hy kaam mei it foarstel om tongersdeitemoarn mei elkoar nei de twin falls. Dit die hy sa’n 4 kear per wike. It is 5 minuten mei de auto, dan rinnendeiwei dûke je midden yn’e stêd ynienen de boskjes yn en waan je je ynienen yn in hiele oare wrâld. Hike yn’e jungle, heuvels en op en del. Prachtig paadsje fun ik dit al en wyls lústerje ik  nei de ferhalen dy Joe ferteld. Doe we úteindelik by de twin falls oankamen bleek der op dit momint mar 1 wetterfal te streamen mar it makke neat. It gelûd fan it wetter, it sjen nei it superheldere wetter, bewust wêzend dat je midden yn’e stêd sa yn’e bosken sitte, HEARLIK!

We hiene swemklean oan en soene fansels efkes in dûkje nimme. Foar ik úberhaupt de klean út hie, wiene de mannen der al yn west. Dat wie dan ek de reden dat ik tocht dat it wol wat meifalle soe mei de temperatuur. Oan’t ik it wetter oanrakke. Potjandikkie, 10 sec mei je enkels yn’t wetter en ik fielde se al net mear!! Dit wie ferskuorrendst kâld! Kâlder dan ik my uberhaupt foarstelle koe! It hat efkes in pittig momint west as ik no wol of net der yn gean soe. Want werkelik, ik leau dat dit wol ien fan de kâldste swemplakjes ever west hat foar my! Efkes in momintsje fan mindset feroarje en doe bin ik der dochs yn doken. HEUULLL grutsk op mysels!! En ik moat earlik sizze dat myn lichaam nogal wat protest joech. Wyls de mannen wakker praten wyls ik der yn dobbere fielde ik dat myn longen op hol fleagen en dat ik net normaal sykhelje koe. Mar poaahhh wat wie ik grutsk op mysels! Haha, en wyls op sa’n moai plak! Ik fielde ynienen wer efkes in hiel bliid en tevreden gefoel yn my omgean. Want it is miskien net sa trochskimere troch de ferhalen, mar ik bin fannewike net sa yn myn hum. (ik wit eins net as dat wol in offisjele benaming is, mar ik bedoel dat ik my net sa lekker fiel en dat it net sa goed wol.)

Middeis ha we wat omhongen, ha we noch efkes nei Bart syn dochter riden yn Austin dy oare wike ôfstudeart is en juns ha we tegearre iten makke.

New Braunfels

Freed de hort op. We sille hjoed nei wat lytsere doarpkes tusken Austin en San antonio yn. Bart hie noch efkes hifke as der ek in veiling ofsa yn’e buert wie wêr de kij dan ferkocht wurde, mar helaas. We binne earst nei San Marcos west, mar dêr wiene we eins frij snel wer wei. Doe bin we nei New Braunfels west. Hawwe efkes runsjouwt yn in park (Bruno wie ek mei), lekker lunched, in moaie âlde brêge besjoen en Bart hat noch efkes swommen yn in rivier. De rinne allegear moaie wetterkes troch New Braunfels. It moaie en leuke is dat se der simmerdeis ek echt in attraksje fan meitsje. Allegear opstapplakken wêr men dan op in opblaasbân sitten gean kin en je meigean litte mei de rivier. Dan kin je sa 2 oeren fertier hawwe en wurde je mei in bus wer nei de start riden. Mei hunderden minsken tagelyk. Spitich eins dat dat no net is.

Gruene

Dit is in plakje wêr iederien my al oer ferteld hie. In lyts doarpke/wijk neist New braunfels. Super toeristisch, mar hiel skattich en echt cowboy! Sa ha we nei de gruene hall west. Hjir wurd normaal sprutsen altyd in soad dûnse, sa as de 2step. Ik hie dy 2step woansdei leart fan ien fan’e fuotballers en hoopte him hjoed brûke te kinnen. Spitich genôch kaam der no krekt dizze dei in hiele populaire zangeres dy wy hielendal net leuk funen en de kaartsjes wiene minstens 50 dollar. Ik ha spitich genôch net dûnsje kinnen dus, mar soe hjir wol graach wer ris hinne wolle.

Allinne yn San Antonio!

Juns hat Bart my ôfsetten yn San Antonio. Sa as ik hearder al witte liet siet ik net sa lekker yn myn fel. Ik koe myn draai efkes net mear fine dizze wike. It like my dêrom in goed idee om efkes op mysels te wêzen. Ik soe toch noch San Antonio besjen dus dat mar kombineare. Ik hie al hiel wat útsocht hearder en ik koe in motel fine foar 45 dollar per nacht. Doe ik freedtemoarn echt beslúte om der hinne te gean en it boeke woe, wie de priis ynienen 78 dollar :S. Súver pine búk der fan mar ik ha dochs mar 3 nachtsjes boekt. Omdat it eis net mooglik wie om der op fatsoenlike tiid mei in bus te kommen hat Bart my dus ôfsetten omdat we no dochs yn’e buert wiene. Ik moat earlik sizze, dat ik my wol efkes flink fersjoen hie op hoe alderferskuorrendst grut San Antonio is. Ik kaam yn’t donker en tocht oef.. ik gean yn myn keamer en kom der net út tot moarnier! Gjin idee as dit wol ferstandig wie sa yn myn uppie.

I’m back!

Ondanks dat ik my op’e grutte fan’e stêd fersjoen hie, fielde ik my gelyk al hiel lekker. In eigen plakje en dwan wêr ik sin yn ha, mei nimmen rekkening hâldend. Ik leau dat it my nei in moarne lang under de minsken dochs efkes opbruts. Ik bin super dankber foar alle plakjes wêr ik wêze mei, en ik ha follop genoten! Dochs merk ik dat it dochs in soad enerzjy kostet as je ûnbewust dochs je hieltyd wat oanpasje en leuk en gesellich wêze wolle.

Fannemoarn bin’k starten troch ierebetiid in pear baantsjes te zwemmen yn’t lytse stienkâlde swembadsje wat hjir by it motel sit. Wyls ik swom seach ik op it boerd dat it eins pas fan ôf 10 oere iepen wie, wyls it no 8 wie. Oops! 😉 Noja, lekker skijt, ik ha genoten, goed begjin! Doe soe ik op paad foar in ontbijtsje of supermerke. Hmm, dy wie der net yn’e fierste fjirte. Ik koe wol nei in tankstation waard my adviseart. Ik hie sa’n best sin dat ik it allegear hielendal prima fun. Iets te iten behalve ships en koekjes wie der net. Sels in bakje thee wie der net! Dochs wie de man fan ’t tankstation sa leaf dat der my oanbean om gewoan hyt wetter te pakken en dan mocht ik wol in sekje thee fan himsels hawwe. Joehoe, hearlik en ik fiel my dankber en ryk. It bakje thee mocht ik foar niks ha en by de kassa fun ik dochs noch in sinaasappel dy ik dan wol ite koe 😉

Mexican market square

Op advies van Mirjam (út Fryslân, sy hat hjir studeart) bin ik op paad gien nei in goed restaurant. It wie krekt of wie ik wer efkes yn Mexico! Allegear deselde dingen te keap, Mexicanen dy it ferkeapje en kreamkes. Sels de fersiering (flagjes) wiene deselde as yn Mexico. Lekker om efkes run te strúnen! Doe ik yn it beruchte restaurant kaam stie der in enorme rige te wachtsjen! As je oan’e beurt binne sizze je mei hoefolle minsken je binne en dan krij je in ‘buzzer’ yn’e hân wannear je binne en faaks sizze se ek wol efkes hoe lang it duorje kin. De genen foar my krigen te hearren dat se in oardel oere wachtsje moasten. Ik tocht doe al, noja lit dan mar, ik yt wol earne oars. Dochs bleaun ik yn’e rige stean en warempel! Omdat ik allinne wie koe ik lyk wol meirinne!! HIHI leuk, mazzel en geluk. Ik ha hearlik iten!

rbt

Cowboyboots keapje?

Yn’e buert siet ek in goodwill (kringloop). Ik soe hjir efkes sjen omdat ik de tip krige dat hjir ek wolris moaie cowboy learzen stiene! Nou, dy wiene hjir net. Mar dizze dame run de doar wol út mei in hiel leuk koarte broekje en in leuk Texas shirt! Foar de dúdlikheid, in kringloop is hjir net sa as yn Nederlân eins. De kwaliteit is stikken better, faaks is it net of amper droegen en de priis is dus ek heger, mar klear, foar my bêst genôch! Goeie aankoop en tagelyk in souvenier!

Fierderop yn ‘e strjitte rjochting downtown kaam ik noch 2 winkels tsjin mei allegear cowboyboots, ik ha myn eagen útsjoen. In hiele soad wiene yn’e oanbieding omdat it Krysttiid is en ik ha hjir oeren dwaande west om fanalles te pasjen. Elke lears sit namelik kompleet oars! Ik merk dat it probleem faak by my is dat myn fuorten te lang binne yn ferhâlding mei hoe breed se binne. As se moai oanslúte dan dogge myn teannen sear en as de teannen bliid binne flean de learzen hast út. Dochs mei wat help hie ik 3 leuke boots fun. Omdat ik undertusken útdroege wie, kapot en nogal gestrest fan al it kiezen ha se se achterút holden foar my.

Alamo en Riverwalk

Om efkes by te kommen ha ik nei de Alamo west en dêrnei lekker omhongen by de riverwalk. Prachtig, echt wier, je moatte it eins sjen om it echt te fielen. Ik koe hjir elke dei wol efkes wêze. Der rint in rivier troch San Antonio en oan’e rivier ha se oan beide kanten in paadsje sadat je der moai by lâns rinne kinne. Allinne dit al is hiel leuk. It wurd allinne mar moaier as je yn’e binnenstêd komme en der allegear terraskes oan fêst sitte. Troch de rivier gean mei krystfersiering fersierde boatsjes en oeral is gesellige musyk. Jûns wurd it allinne mar moaier want ek hjir wurd flink útpakt mei ferljochting! Kinst it sa gek net betinke en it is ferljochte, love it!

rbt

Plysjeman, te fertrouwen?

Doe ik de riverwalk op gie seach ik in plysjeman stean by de doar. Ik tocht wist wat, ik freegje him efkes as it feilig is om as frou-zijnde yn myn uppie werom te rinnen nei myn motel as it donker is. Sa net, dan moast ik neitinken gean as ik mei de uber (taksje) gean soe, of dat ik foar it donker werom gean. Hy tocht serieus mei my mei, en sei dat as ik werom run fia de riverwalk dat it dan wol feilich wêze soe. Hy siet wol wat oer my yn hie ik it idee omdat der sa ferbaasd wie dat ik yn myn uppie oan’t reizigjen wie. Doe sei der op it lêtst, ik jou dy myn nr wol, as der wol wat wêze soe dan mocht ik him wol belje. Dit fun ik wol hiel leaf en earlik sein ek wol in fijn idee. Dan hie ik per direct in plysje man oan’e lijn as der wol paniek wie en dy wit wa ik bin.  Ik hie him efkes in berjochtsje stjoerd om te sjen as ik it goeie nr hie.    (dit ferhaal wurd letter ferfolge 😉 )

Bekende taal en grof terras

Nei dit gesprek mei de plysje man bin ik de riverwalk opgien. Sa moai en sa gesellich! It wie in oer as 5, de ljochtsjes wiene al oan mar tsjuster is’t nog net. Wylst ik sa tusken de bulten toeristen rin en by alle terraskes del falt myn each op de ien of oare manier op in groep jonges. Ik ha noch steeds gjin idee wêrom, mar blykber fielde ik wat oan. Ik prebeare wat ûnopfallend stean te bliuwen want op ien of oare manier hie’k it idee dat ik NL wurden hearde. Se stiene my earst oan te sjen sa fan: wêrom stiest sa te staren?? Dus ik sei: I’m sorry, I thought I heard some Dutch… En warempel, ik hie gelyk! Sy wiene like ferbaasd as my! In ploeg fan sa’n 15 Nederlanske jonges en 2 froulju sieten dêr op terras! Se wiene fan’e luchtmacht en sieten foar in training 4 wiken yn Texas en hjoed efkes in dei nei San Antonio. Ik waard útnoege om der by te kommen en dat ha’k dan ek mar dien, allinne op terras sitte kin de hiele reis noch wol!

We ha in hiele soad oan’t kletsen west want sy wiene hiel ynteresearre en ferbaasd oer myn ferhaal. Hearlik fyn’k dat dan ek wol wer. It feit dat se sizze dat se it knap fine dat ik dit allinne doch ensa dat docht my ek wol wer efkes realiseren dat ik best trots op mysels wêze mei. Dat ferjitte je wolris efkes as je der sa folop ynsitte.

Binnen de earste minuut dat ik dêr siet waard ik al wol warskôge troch de jonges dat dit net in gewoan terras wie. Se wiene nogal brutaal, grof mar foaral DIKKE humor. As’t wat bestelle wolst, moast de middelfinger opstekke, en krigest hiele tiid in grutte mûle as’t wat bestelle wolst. De barkeerper hat kompleet de gek mei dy. Ik moast der efkes oan wenne en hie de neiging om de barkeeper efkes te plak te setten mar dêr wie hy te goed foar. Hy wit it precies sa te dwan dast hieltyd mei de ‘bek fol tosken’ stiest. We hawwe dêrom wol dikke wille han. De menukaart is ek oanpast oan sok taalgebrûk. It klinkt miskien súver wat TE, mar ek gesinnen mei lytse bern sitte op it terras en hawwe gewoan dikke wille. It is grof en brutaal mar úteraard wol mei in knipeach. It moaie is dat se nei in skofke papieren ‘hoeden’ meitsje foar je tafel. Se sjogge dan earst efkes oan wa wie in bytsje is en dan betinke se tige skunnige teksten foar elkenien. Ik wit it lang net allegear mear, mar kinst it sa gek net betinke en se sette it der op! Op myn hoed stie: “Fishmarket open 24H”(oh oh oh). De jonges tsjinoer my hiene de teksten: “Reason why woman turn lesbian” en “accidents happen, just like me”.

Nei 2 oeren fun ik it wol prima en bin’k wer fierder gien want ik murk dat dizze groep al lekker yn’e oalje siet en ik wol eins wat mear Amerika priuwe as alwer Nederlânds. Warempel kaam ik se nei oardel oere omsjouwen oan’e oare kant fan’t wetter wer tsjin. Se hiene no in pear mear bier op en hiene dikke wille omdat ien fan de jonges in hoed kocht hie dy der no foar him dellei op strjitte om jild te fertsjinjen. Wyls hie der in fout toeristisch shirt oan en prebeare in ferske te spyljen op syn plastic accordeontsje dy der ek kocht hie. Ik ha der in filmke fan! It wie efkes grappig om te sjen, mar ik moat earlik sizze dat ik my wol wat skamme dat se sa luidruchtig wiene as NL yn Amerika.

Amerikanen

Oer luidruchtig sprutsen.. In pear typische dingen fan Amerikanen is dat se ek luidruchtig binne! Se binne lûd en binne faaks dan net bezig mei it feit dat in oar dêr miskien wat minder behoefte oan hat. Dat wie my yn Mexico al opfallen. Amerikanen binne oanwêzig en binne sich miskien net iens bewust dêrfan of se joue der neat om. As je bygelyks yn in restaurant sitte wêr it stil is en je wolle in filmke sjen litte dan doch je dat gewoan kneiterlûd sadat ELKENIEN it hearre kin. Dat binne wy yn NL dochs net sa went. Je hâlde je wat gedeisd op sokke plakken, in oar syn rust of momint mei dêr net de dupe fan wêze. Sa siet ik juster ek op in terras foar ontbijt. Lekker rustig. Komt der in groep racefytsers oan dy dêr ek ontbijte woene. Se hiene in box by harren mei lûde rock musyk. Ik kin my foarstelle dat dat leuk is by it fytsen mar as je dan op sa’n terraske komme sneintemoarn dan doch je dat út. Mar nee hjer, dizze Amerikanen litte dat moai oanstean sadat it hiele rêstige terras ynienen keihurde rock musyk der by hat. No fun ik dit wol in moai stikje musyk dus hie der gjin lêst fan 😉 mar ik fyn ’t redelik unfatsoenlik haha.

Amerikanen ha ik oan’t no ta ek ervaren as minsken dy HIEL maklik in praatsje meitsje. Samar sunder reden op strjitte freget elkenien elkoar hoe it mei je giet en kin der samar in hiel gesprek achter wei komme. Ek binne se super ynteresseare yn myn ferhaal en it feit dat ik út NL kom. Se hearre it altyd gau ek al doch ik myn bêst echt Amerikaansk te klinken 😉

Se hearre it net allinne mar blykber sjogge se it ek! Yn principe kinne Amerikanen der op allerhande manieren útsjen dus wat dat betreft kin ik wol foar in Amerikaanske trochgean. Dochs wie der juster ynienen in jonge dy ferbaasd nei my siet te sjen doe ik him foarby run. Ik tocht earst dat der my wol ynteressant fun mar doe rôp der my achternei: “Hey! Where are YOU from??” Ik tocht huh? Do hearst my net praten of wat dan ek, hoe wit hy no wer dat ik hjir net wei kom? Ik draaide my om en sei dat ik hjir inderdaad net wei kaam mar hoe koe hy dat no witte? “You’re walking so fast! Are you from Europe?” Whahahaha, dit wie wol wer typisch en tagelyk in spiegel foar mysels. Wy Nederlanders binne folle gejaaider en moatte hurd en fluch fan’t iene nei it oare. Foar my wol wer efkes in herinnering om my del te jaan en wat te fertragen 😉.

Mazzel en gelok!

Ik ha no al in pear kear gelok han mei it feit dat ik allinne bin. De measte minsken moatte oeren wachtsje foar je ergens ite kinne. Foar in famke allinne is der eins altyd wol plak!

Werom nei de plysjeman

Nei in pear oerkes krige ik in berjochtsje fan de plysjeman. As alles goed gie en as ik my fermakke. Wat leaf dat der oan my tocht. Ja ik fermakke my best! Hy moast tot 10 oere wurkje en frege wat ik fan plan wie fannejun oars dan woe hy my wol wat sjen litte. Ik moast dan wol wachtsje tot 10 oere mar dan soe hy my werom nei it motel bringe sei der. Ik ha der wol efkes oernei tocht. In moaie oanbieding fansels en hy is in plysje, dus seker te fertrouwen. Al gie dat fertrouwen wat fuort doe ik frege wat der my dan sjen litte woe yn San Antonio. Hy sei: dat sjochst wol. Hmm.. ik tocht dat fyn ik in faach antwurd, efkes hifkje as hy net oare dingen yn’e kop hat. En doe ik op’e man ôf frege of dat it gefal wie wie it ynienen stil. Hy wie confused, ik woe dochs in gesellige jun?? No ik wie bliid dat ik myn sûn ferstân brûkt ha. En bin moai optiid yn myn uppie feilich werom nei it motel run 😉 Plysje mannen binne hjir dus net sa heilich as yn NL!

Op’e weromreis kaam ik noch samar by in krystbeam sjow dy warempel krekt begûn doe ik lâns kaam! Dochs mar wer leuk meinaam.

Beslissingen meitsje is soms in HIELE grutte útdaging foar my..

Wer hearlik starten mei in dûk en in pear baantsjes yn it kâlde zwembad! Dit hie’k wol efkes nedig want ik waard behoorlik zenuwachtig wekker. Hjoed moast ik daadwerkelik beslisse welke cowboy learzen it wurde soene. Ik hie undertusken al in oantal famyljeleden en freonen frege om advies. Se wiene it  redelik iens mei elkoar en myn kop wie der behoorlik fan yn’e war. Fan de 5 keuzes hie ik undertusken 2 keuzes oerholden. Dit proces wie al hiel wat. Noch mar 2 keuzes, dat moast dochs slagje? Opsje 1 wie de stoerdere en rûgere fersje en wie te keap yn San Antonio wêr ik no dus wie. Opsje 2 is in heftigere keuze en de earste lears dy ik seach yn Texas wêr ik lyk hiel entûsjast oer wie. Ik hie se wol efkes passe foar de grap mar net serieus. Ik koe my dus net herinnerje of se úberhaupt wol goed pasje soene, in risiko dus.

De minsken dy ik frege giene dus allegear foar opsje 1. Ik ha doe wer nei de winkel west en wer passe en run en neitocht. Ik waard der hielendal gek fan, der spookten sa folle gedachten troch myn kop en hoe ik ek al myn nije tactieken tapaste it slagge my mar net om goed te fjillen wat de goeie keuze wie. Oan’t ik op in gegeven momint samar wat fielde. Iets wat sei dat ik eigenlik gewoan opsje 2 woe! Dat ik dat sels toch gewoan it coolste fun! Ik ha de learzen oan’e kant setten en bin nei bûten. Wat der doe gebeurde wit ik net. Ontlading tink ik omdat ik der wer safolle druk op lein hie en tagelyk ek in spannende keuze. Ik gean no foar de risiko kar omdat ik noch net wit of se uberhaupt wol lekker sitte en it is tsjinoersteld fan wat elkenien my adviseart. Safolle ontlading dat de trinnen my oer de wangen fleagen. Ik wist eins net sa goed wat my oerkaam. Tagelyk ek sa grutsk op mysels dat ik foar mysels kies en net in keuze doch omdat it de foarkeur fan oaren is. Simone stjoerde my letter dy dei de tekst: if I want to be free, I got to be me! En se hat gelyk, ik moat wer tichter by mysels bliuwe en sa geandewei slagget dat hieltyd better!

Japanese tea garden

Thee, iets wêr je my wekker foar meitsje kinne omdat it lekker waarm is! Doe ik seach dat der in tea garden wie yn’e buert woe ik hjir fansels graach hinne! Ik hie op’e hinnereis wer in gratis bakje tee meinaam by it tankstation omdat it nogal in ein rinnen wie en ik hie noch gjin ontbijt han. Mar goed ek dat ik dat dien hie. Want hoe moai de tea garden ek wie, der wie hielendal net thee!! Hahaha, ik ha wol genoten fan de prachtige tún!

In nije ring en alwer gelok!

Ik wie juster lâns in jonge jonge run dy in kraamke hie wêrby hy sieraden ferkocht wêr yn hy nammen ter plekke der yn sette. Dit fun ik wol hiel ynteressant! Ik kin eins gjin inkel souvenierke meinimme omdat alles te grut is om mei te sjouwen oer de wrâld mar in ring kin wol! Ik moast allinne noch neitinke oer de tekst. Alwer in keuze dy ik meitsje moast, bah wat kostet soks my dochs in soad enerzjy! Mar úteindelik ha ik keazen foar de tekst dy Simone my fannemoarn stjoerd hie! “to be free, I got to be me” Grutsk en bliid. De jonge hat der sels 2 makke omdat troch de hiele sin de ring grutter wurden wie en der samar fan myn finger ôfglide! De leafe skat hat my ek noch in enorme koarting jun! Normaal wie 1 wurd 20 dollar en elk wurd derby 5. Dat soe foar my delkomme op 55 dollar mar ik mocht BEIDE ringen meinimme foar 20 dollar! Lucky me! 😀

Letter dy juns hie ik alwer gelok! Ik ha it foar elkoar krigen om in tafeltsje oan’t wetter te krijen wêrfoar ik mar 10 minuten hoegde te wachtsjen! Prachtig plakje en ik ha hearlik iten! Ik ha it sa lang mooglik prebearje te rekken sadat ik sa lang mooglik koe geniete fan dit moaie útsicht. De stoel siet fan gjin meter, dus ik siet my in breuk mar klear, ik siet earste rang!

Ohja, noch wol in grappig dinkje wie dat ik lâns de riverwalk hearlik fan in ijsje siet te genietsjen. Leunend tsjin in beeld ofsa. Troch de rivier kaam om de 5 minuten in boat lâns fol mei toeristen. Eltse kear sieten se allegear nei my te staren en swaaiden se nei my. Ik fielde my wat ungemakkelik mar ik swaaide mar wat werom. Ik tocht de tourguide sil wol in grapke oer my makke ha ofsa. Doe realisearde ik my op in gegeven momint dat it kaam troch it byld wêr ik tsjin oan leunde! It wie de heuze ‘San Antonio himsels!’ Hahaha..

Werom nei Austin

Mandei te moarn bin ik foar’t earst yn in bus stapt dy tafallich op 10 min ôfstân stoppe by myn motel wei. Op nei Austin, wêr Bart my wer oppikt hat. Middeis is Simone mei my mei west nei Allens boots om mei my DE learzen te keapjen! Ik fun it freselik spannend want ik lei der undertusken hiel wat druk op. Ik ha der ungefear 2 oeren wer west. Ek al wist ik seker dat ik gewoan dizzen learzen super fet fun en elkenien dy my yn’e winkel rinnen seach sei ek: WOW, I really like your boots! Ik fielde my hielendal groeien en ik fielde dat ik echt mei trots dizze learzen drage soe! Ik ha noch hiel lang sitte twyfeljen tusken 3 maten. Learzen moatte krap sitte ast se keapest want se rekke noch ast se draagst. Dochs is myn probleem dat ik wol lange fuorten ha mar wol smel. De lytsere maten slúte dus moai oan op myn foet mar myn teantsjes dogge sear omdat it te krap is. De gruttere binne nofliker foar myn teannen mar se sitte slapper en as dy noch oprekken gean dan wurde se echt te slappig. Dêr komt noch by dat 1 foet grutter is as de oare! Haha, wat in drama mei myn poatsjes. Uteindelik bin ik foar de lytseren gean en ik fertrou der op dat se wol oprekke sille! BLIID en grutsk op myn boots!! Simone hat op’e weromreis lyk efkes in moaie foto makke by broken spoke. Spitich genôch koene we net nei binnen omdat der slúten wie op moandei.

Deljaan nei de spanning

It feit dat it hiele cowboy learzen gedoe dochs behoorlik wat spanning mei sich mei naam hie liet myn lichem wol efkes witte. Neidat de keuze makke wie krige ik lyk pine holle, wat sich letter omsette nei migraine en no in dei letter noch steeds. Kalm oan dus. Hjoed mar efkes kalm, deljaan en regelje hoe en wannear ik fuort gean. Op nei New Orleans fannewike!

Tige tank wer foar it lêzen fan dizze blog. Ik hie sels wat mouite mei it skriuwen. It fielde wat dreech oan en dat sil ek wol te meitsjen hawwe mei it feit dat it net sa lekker mei my yn’e kop gie. Mar ik bin der wer! Oare kear hooplik wer minder dreech praat haha!

Oan’t de oare kear!!

2 Comments

  • Tjikke

    No, do hast prachtige learzen útsocht fansels! Hielendal dyn eigen smaak.
    En do fermakkest dy ek samar mei wyldfrjemden! Ik fyn dat hiel sterk, ik soe net doare, sa allinnich yn ‘e frjemte.
    Genietsje dr mar lekker fan en bliuw fersichtich!
    Groetsjes en straks fijne krystdagen en in goed en sterk 2022!

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *