#Blog 12: Werom yn Indonesië, ik diel wat ‘geheimkes’ en myn hier der ôf!!
Tsja wêr sil ik begjinne? Der is in soad bard yn myn lytse kopke. Fan hege pieken nei hiele djippe dalen. Dochs kin ik sizze dat ik op it momint fan skriuwen my goed fiel 🙂 Better as de ôfrune dagen! Hokker dielen fan de ôfrune tiid sil ik mei jim diele? Ik bin nei de kapper west yn Fryslân! en dan earst mar starte mei in geheimke wat ik yn’e foarige blog noch net diele mocht.. Dêrnei tsja.. eins noch iets wat ik noch efkes stil holden ha foar jim mar dochs hjir diele sil no..
De kapper
Der wie gjin lân mei te besilen! Sa jim wol witte bin ik in HIEL soad hier kwyt rekke yn febrewaris en it stie nergens nei en it oerbleaune hier siet konstant yn’e knoop. Op advys fan myn kapster is it no in hiel ein koarter. Krekt boppe de skouders!! Se liet my sjen hoe weinig hier der eins noch echt myn eigen lengte hie, en se hie gelyk. dat wie hast niks… Wyls myn hier dus mega koart is no, lei der amper hier op’e grûn..
Oefff FLINK wenne en moat noch wat útfine wat ik der mei moat en doch myn úterste bêst om der akseptaasje yn te finen want earlik is earlik. Ik ha sa no en dan aardich muoite om mysels moai te finen as ik no foar de spegel stean. Dizze foto is naam krekt nei de kapper wêryn se it fol folume en kruljend makke hie dan like it noch wat. Mar as ik hijr gewoan douche en net al dy aparatuur brûk dan sit der hast neat yn in sturtsje of flecht.. Mar klear..foar de rest bin ik sun en slik ik no ekstra b12 komplex dus dat hier mei no mei gang wer groeie tot in machtig moai fol bosk! 😀
In geheimke!
Wat ik jim noch net ferklappe koe yn de foarige blog wie dat der NOCH in reden wie dat ik nei Fryslân kaam. Ik koe it allinne noch net sizze omdat de persoan wêrom it gie miskien krekt dizze blog lêze soe en dan de hiele ferrassing bedoarn wie. Maaike, in freondinne fan my hie namentlik har frijgesellefeest op 13 april! Sa ik wol hearder sein ha giet Maaike trouwen op de 24e wêrom ik dus de 18e werom nei Fryslân kom, en dat wie dus ek de reden dat ik net lyk nei Aaipop werom fleach.
It feesje wie machtig! Ik ha der in leuk filmke fan makke mar in grut oantal dames woene net dat it openbaar kaam dus spitichernôch kin ik net mei jim diele hoe’n wille we han ha. Wol diel ik mei jim yn’e nijsbrief de video fan de lipdub dy we middeis makke hawwe!
Leafde....
Lyk sil ik mar mei de doar yn’e blog falle: Ik bin as in blok fallen fan in hiele leuke jonge hjir op Bali. We ha elkoar hiel hiele moete yn myn earste dagen op Bali oan’t strân. As ik hjir oer de boulevard rin, dan binne der tsientallen dy’t je oanhâlde wolle foar in praatsje oer wêr je weikomme, hoe je dei is en dan ferfolgens hoopje dast wat by harren keapje wolst, in surfles ha wolst, wat ite of drinke. Je kinne net 1 stap sette en dan springt de oare nei je ta. Noja.. sa run ik oer’t paadsje en prebearje oeral wat underút te kommen oan’t ik sels ek samar begjin te kletsen tsjin in groepke jonges wêrfan 1 wat oan’t pielen is op in ukelele.
Se reagearden spontaan en fregen of ik der ek efkes by kaam sitten, gewoan efkes kletse. Gesellich. Ik socht der nea achter.. mar de jonge mei de ukelele hie wol al myn oandacht. In stel prachtige eagen en in laits wêr ik de kriebels fan krige en hy straalde út dat der hiel leaf wie. Doe ik wat falle liet oer wat ‘sooi’ wat krekt geande wie sei der: Sommmige minsken kin it net aksepteare dat se net krije wat se wolle fan dy en prebearje dan kontrole oer dy te krijen troch dy te triggerjen op dingen wêrsto in soad om joust.
Wow.. dat wie eksakt wat oan’e hân wie.. Dat dizze knappe kerel ek noch sa wiis wie makke dat der wol in hiele bysûndere indruk achterliet.
Noja.. dat wie it begjin.. foar ik dizze blog wer ellenlang meitsje.. efkes in fersnelling troch alles hinne..
dit wie in aardig skofke werom.. Ik bin gewoan myn paad gien en dat wie nei Flores.. We appten sa no en dan.. en doe ik melde dat ik nei Lombok gie foar ‘silent’ day op Bali en him frege wat syn plannen wiene, wizige hy lyk syn plannen. Hy kaam oer in pear dagen EK nei Lombok! Doe de plannen der wiene hat dr sels syn klanten skipt omdat der net mear wachtsje koe. Samar út it niks 2 minsken wer by elkoar dy elkoar amper koene mar der wie iets sterks wat we beiden fielden.
Sa ha we elkoar better kinnen leard, bin ik sa no en dan wer myn eigen paad gien mar dêrnei wer mei GANG werom nei Kuta om mear tiid samen troch te bringen. We ha in soad fan elkoar leard, we ha in hiele soad wille han, beide tot oer ús earen ‘in love’! 😉 Hearlik!
Doe moast ik werom nei Fryslân. Dat wie doe wol wat dubbel, mar mei yn it foarútsicht dat we elkoar oer 3 wiken wer sjogge wie it best te dwan. Al wisten we beide undertusken dat ús kommunikaasje fia app faker mis gie as goed. Dus waard der geregeld ris belle fanút Fryslân nei Bali, dat wurke yn elk gefal better as appen. Dochs ‘knakte’ it geregeld yn ús kommunikaasje. 2 Ferskillende kultueren, 2 ferskillende geloven, beide in oare taal prate, en foaral: dingen oars úterje..
Dat resultearre geregeld yn ‘hartzeer’. We diene elkoar geregeld hiel sear of wiene erg frustreard wyls de oare it júst yn alle leafde bedoeld. Beide kanten op. We seine: It is krekt of wurd it berjocht wat de ‘zender’ stjoerd hielendal ‘fergriemd’ sadat de ûntfanger iets kompleet oars ûntfangt.
Mei dûbbele gefoelens werom nei Indonesië mar doe we wer by elkoar wiene wist ik lyk wer wêrom ik sa oer myn earen gek wie op dizze jonge. In leave skat, dikke wille, gruttendiels hiele moaie selde oertsjûgingen oer it libben en sa’t hy sei: ik leau dat wy in foarbyld-koppel binne foar in hiel soad minsken.
Dochs bleaun it wringen op de kommunikaasje. Hast dageliks misferstannen en hoe we ek prebearje elkoar better te begripen en misferstannen te foarkommen. It’s softly killing us. Der komt in druk en spanning omdat we beide sa graach wolle en beide sa benaud binne dat we sûnder enige ferkearde intinsje de oare dochs wer ferkeard begripe en der wer teleurstelling of pine is.
De spanning run by my te heech op, wat is wiisheid? Om dêr dan ferfolgens wer stress oer te hawwen.. moat we hjir troch hinne en trochsette of de striid opjaan om te foarkommen dat we ússels ferlieze?
De tiid sil it leare as it in goeie keuze wie.. mar ik ha juster besletten dat ik no tink dat it better is dat we ús eigen paad wer gean dus ‘we broke up’. Sear die it. Hielendal doe we doe ynienen hiel goed prate koene. De spanning der ôf wie en sa’n moaie lêtste dei trochbrocht ha. Yn alle leafde, mei wille begrip, noch prachtige wize gesprekken en sûnder enig misferstân!! HOE DAN?? Wêrom kin it no wol? Omdat der gjin ferwachtingen mear fan elkoar binne? Omdat de druk der ôf is? De angst om it ferkeard te dwan fuort is? It wie miskien wol ien fan ús leafdefolle en moaie mominten de lêtste dagen.
Ik wit wol dat we hjirby hiel wat hulp fan boppe krigen ha. Ik ha sinds ik werom bin hiele hiele koarte minne nachten han en wie dêrom geregeld mear oan’t meditearen en bewust manifesteare. Under oare hie ik frege as God ús helpe woe sneon of snein in dúdlike keuze te meitsjen en dat dit allegear yn leafde, frede en begrip gean mocht. Dat wy ek neidat we út elkoar gean soene yn leafde en frede noch mei elkoar om gean meie. Hjir hie ik specifiek om frege omdat ik namelik ferwachte dat it tsjinoergestelde gebeure soe. Dus perplex stie ik súver doe it sa geweldig gie. Letter pas betocht ik my wer dat ik hjir ommers precys om frege hie! Dankjewol God! Us beide beskermingelen hawwe in moaie meiwurking dien 😀
ps: yn ferbân mei privacy diel ik hjir gjin foto’s fan him op internet mar as jim nijsgjirrich binne, mei jim gerust freegje en ‘show’ ik him efkes 😉
En no?
Tsja.. no sit ik hjir.. noch net sa goed wittend hoe ik my fiel. Ik bin ynienen wer ‘single’. Ik ha hjoed in ‘peet ferwen dagje’ yn’e holle. Iets wat liket op in bytsje fakânsje-vibe. It strân op, wat lekkers ite, in ijsje en in massaazje ofsa. Dus de laptop sa oan’e kant en de ôfleiding mar in bytsje opsykje.
Moarnier sil ik foar myn 2e kear nei it immigratie kantoor in healoere fierderop omdat ik 1 dei en 30 minuten te lang bliuw neffens my visum. Ik moat dêrfoar 3 kear nei it immigratie kantoor, verspreid oer meardere wiken dus kin eins gjin kant op! Moarn hear ik wannear myn 3e ôfspraak is dus dan beslút ik as ik miskien tuskentroch nei Amed gean (dan mar sunder paspoort). Amed bin ik foarig jier ek west en is hearlik relaxed! Alle tiid om de boel op in rijtsje te setten en sadra ik de motivaasje ha, wer fierder mei myn projekten fan ‘Expedition Happinezz’!
Tige tank foar it lêzen! Ik winskje jimme in machtig moaie wike ta yn alle leafde en ljocht!