Indonesië

#blog 13 – Myn ‘nije wrâld’ dy noch nij is…

Dizze wike wie in soad innerlike striid tusken it iene úterste en it oare, geweldig en freselik. Wol witte mar it net foar elkoar krije. Ik ha moaie mominten han fannewike, mar dochs binne de ‘down’ gefoelens faker oanwêzich west dan ik woe. Sels no, twifels oer wol of net diele, wol/net skriuwe, helpt it my júst of hâld ik de bewiisdrang yn stand?

( Nei it skriuwen fan dizze blog sjoch ik yn dat it wichtigste fan dizze hiele moarn skriuwen ha ik wer hiel wat helder.. mar poe, dit wie in drege moarn en wat ûnnoazel klinkt it no alwer haha! Ik merk dat ik tidens is skriuwen unbewust dwaande wie wat jim fan dizze blog fine soene WYLS dizze blog totaal giet oer ‘NET befestiging fan oaren krije moatte en NET ferantwurdzje hoege’ Jeetje sis..
Aangezien ik leard ha dat ik allinne MYSELS fikse kin mar dat net betekend dat ik it hielendal ALLINNE hoech te dwan, set ik dizze blog toch online.)

Stopje mei bloggen en vloggen?

In freon fan my brocht it hearder alris ter sprake en no wer. Ik bin toch ûnbewust noch tefolle dwaande mei de bûtenwrâld. Ik ha der alris hearder oer skreaun dat ik in bepaalde bewiisdrang ha nei de bûtenwrâld. As ik de spegel foarhâld sjoch ik ek wêr dat wei komt.

As je ergens 100% achter stean en fan oertsjûge binne dan boeit it net wat in oar fynt en ha je ek net de drang oaren oer te heljen.

En dat is dus wêr dizze blog dizze kear oer gean sil. Ik goai it der mar gewoan út.. myn ego of trots oan’e kant..

Sa jim witte ha ik 12 jier mei in swiere depresje struggele. Ik bin no sinds 3 a 4 jier in hiele oare kant út gean mei myn libben. Ik bin SA dankber foar myn ‘nije wurklikheid’. Myn nije leauen, alle wiisheid dy ik opdien ha. Sommige dingen binne echt EKSTREEM it tsjinoergestelde fan wat ik foarhinne leaude en it wie net altyd maklik om it âlde (fertroude) los te litten. Foar sommigen sil myn nije wurklikheid as bullshit klinke, sweverig, net realistisch, te djip, te yngewikkeld of gewoan simpelwei te FRJEMD omdat it sa oars is as hoe je tinke hoe it is.

It giet folle folle better no, dat sis ik fol trots en 1000% dankberheid! Ik doar oprjocht te sizzen dat ik oer it algemien folle gelokkiger bin!!

Doch ha ik noch sa myn ‘ups en downs’.

Ups, downs en 100% leaue en fiele..

Ik ha troch myn ‘ups en downs’ noch wolris mouite mei it 100% leauen en fielen fan myn nije wurklikheid. Als ik yn in up sit, wit ik it gewoan, ervaar ik it en is myn geloof sterk yn myn ‘nije wereld’ en is alles dus prima! Mei myn ‘nije wereld’ bedoel ik alle nije dingen dy ik no leau, myn idee oer wat we hjir dogge, wa ik bin en hoe alles eins echt wurket yn op’e wrâld en yn ús libben.

In ingel

As ik ‘up’ bin, bin ik ien en al leafde. Foar alles en iederien om my hinne en foar mysels. Ik bin kalm en rustig yn myself, in ljocht foar mysels en de wrâld om my hinne. Ik meitsje my net drok oer de takomst of wêr ik no stean en fiel sterk dat de nije dingen dy ik no leau de wurklikheid is. Ik fiel en leef fanút fertrouwen, fyn alles prima wat der komt en ik lit my hielendal mei gean yn’e flow!

It fielt dant krekt alsof ik in ingel bin dy oeral ljocht en leafde achterlit wêr se komt, gewoan troch mysels te wêzen. Sûnder dat ik de intensje hie, feroarje ik minskens libben, en gebeure de meast wûnderlike dingen. (fierder sil ik hjir no mear net op yn gean mar it is geweldig, de dingen dy ik ervaren ha!)

Ik sjoch it helder en sjoch PRECIES wat der gebeurd as ik yn in down sit, ik SJOCH en WIT gewoan dat de ‘down’ momenten NET ECHT binne, dat it in ferbeelding is en angst foar angst. Harstikke moai soene je sizze want dan kin ik sa’n down moment dus samar tackelje.
Mar krekt dêr giet it wat mis.. Want as ik yn in down sit dan is alle ‘up’ ynienen ferdwûn en liket ien grutte skijn, want der is ynienen NEAT mear fan werom te fielen. Alsof ik ynienen in zwart tekken oer myn kop ha en blyn en doof bin foar alle wiisheid, tips, tricks en hulp.

It zwarte tekken

Op de mominten dat ik yn in down sit is al it positieve en fertrouwen ynienen fuort. Ik identificeer my mei angst foar fanalles. Ik twifelje oan mysels, oan myn leauen en oertsjûgingen. Ik fiel it gebeuren, wit hoe let it is, wurd noch angstiger en lyk âlde NET HELPENDE oertsjûgingen nimme my oer en fiele ynienen as de ienige echte wurklikheid!

Ik leau ynienen wer dat it TOCH nooit wat wurd, dat ik nooit goed genôch bin, dat ik oan’t fluchten bin, dat ik mysels mar foar de gek hâld mei myn ‘nije wereld’ en dat fertrouwen wat ik miskien 1 minuut lyn noch hie fielt ynienen as ien grutte leugen en jesels foar de gek hâlde

zwart / wyt

2 kompleet tsjinoergestelde moods dus.. 2 útersten!! Want as ik dus yn’e up sit, dan bin ik sa intens gelokkich en ervaar ik 100% fertrouwen, leafde foar alles en alles yn myn leven is goed! As de down der is, dan is dat net te fergelykjen mei ‘wat minder fiele, efkes net je dei hawwe’ (want dat haw we allegear wolris en is redelik menselik tink ik).

De downs wêr ik oer praat binne sa ‘intens’ negatyf dat der werkelik NIKS goeds mear te fielen of te betinken falt en je sa’n intense hekel oan jesels hawwe. It is SA sterk wat men tink ik allinne foarstelle kin as je it sels ervaren hawwe. (foar wa it lestig fynt om foar te stellen wat depresje ynhâld ried ik oan dizze fideo ris te sjen, hjir wurd it wol moai útlein)

switch yn in split of second!

It ferfelende en hast meast angstoanjagende is dat ik dus yn in fraksje fan in sekonde fan de iene kant nei de oare. En it oare angstige is dat ik der gjin kontrôle oer ha. In down moment is der SAMAR! In gedachte komt samar op en BAM ik sit yn’e oare mood! HIEL hurd hinne en wer! en foar je gefoel komt it dus ut it niks en ha je gjin enkele reden om ynienen sa undankber en down te wêzen!

Ik ha momenteel fan dy rites dat ik yn in minuut sa faak fan it iene úterste nei it oare flean dat DAT je júst ek hiel onrustig en onstabiel fiele lit. (sels tidens it skriuwen fan dizze blog ha’k al sa’n 20x overwogen om te kappen mei dit te skriuwen omdat it nergens op slaat, allegear stom is, kin wer tsjin my brûkt wurde en blablabla) Soms ha ik dagen dat ik langer yn ien mood sitten bliuw en soms meardere dagen. (of sels wiken sa as de positieve blog 6! :D)

Hoe fix je dat?

De oplossing en de wichtigste stap = Akseptaasje! Sa simpel is it eins! Der NET tsjin fjochtsje en dus NET prebearje om der UT te kommen! Ik snap it hielendal en ik wit de mega grutte waarde fan akseptaasje…! wêrom slagget it my dan net? No koart sein komt dat del op: der is in hiel tin lijntsje tusken ‘it aksepteare/ der wêze litte meie’ en ‘de slachtofferrol’.

Slachtofferrol betekend foar my: ‘red flag!! Doe ik depressyf wie siet ik fêst yn’e slachtofferrol dus ALLES BEHALVE DAT!! Dusss net yn’e buert komme by slachtofferrol. It ‘der wêze litte meie, aksepteare en talitte’ is wat oars as slachtofferrol mar sit foar myn gefoel HIIIIEEELL tichtby en dêrom doar ik dêr net yn’e buert te kommen, akseptear ik it dus net en bliuw ik der tsjin fjochtsjen.

Myn ‘nije wrâld’ is noch nij foar my

En hjir komt dus no de kronkel yn alles. Want is dy ‘nije wurklikheid’ dan wol echt? Gedachten spookje faak troch myn hinne: as it echt wie dan bin ik toch NOOIT mear down? Dan kin ik dat toch FIXE? Wêrom ferlies ik it fertrouwen soms? As it echt wie dan….. etc etc..

Ik sykje konstant om bewiis foar mysels dat it WOL sa is, bewiis oan mysels en dus ek oan’e bûtenwrâld. Want as sy sjogge dat it echt is, dan giet dy druk der of… Ja echt? NEE PEET!! dy druk lis ik der SELS op! Ik bin allinne sa kwetsbaar yn dizze fase! Ja dat is it gewoan! Kwetsber omdat it nij is en kwetsber omdat it soms noch net STERK genôch is.

As minsken fragen stelle wêr ik net lyk in antwurd op ha liket it krekt alsof it dus net klopt. As ik my efkes down fiel of it wol efkes net doar ik it amper te dielen want ik bin bang dat der lyk oan myn nije wurklikheid twifele wurd. Dat it tsjin my brûkt wurd en se my dus júst noch mear oan it twifeljen bringe wêr ik júst konstant myn bêst doch om it fertrouwen STERKER te meitsjen.

3 wichtige punten

  1. Foar my dus nij sinds in pear jier. Wyls ik dik 30 jier yn oare dingen leaut ha. Je hawwe 30 jier lang tocht dat de wereld SA wie en dan ynienen blykt it SUS te wêzen. Miskien net frjemd dan dat ik it self soms it fertrouwen kwyt bin en twifelje as it wol echt is.

2. Dêr komt by dat it dus myn leauen en myn manier fan leven KOMPLEET omgoait ha en dat alles helemaal oars giet! Fan nature gean we leaver foar it feilige en fertrouwde. Miskien ek om dizze reden net frjemd dat ik wolris werom fal.

3. En as 3e punt (en miskien weegt dizze wol it swierst): de measte minsken om my hinne libje allegear op de manier hoe ik de earste 30 jier ek dien ha. As ik dat konstant om my hinne ha en sjoch, wurd ik ûnbewust hieltyd útdaagd yn myn ‘mind’ om ticht by mysels te bliuwen en net ‘werom’ te fallen. Dan fiel ik dus hieltyd dy bewiisdrang nei harren ta dat myn ‘ekstreem oare’ manier fan tinken wol wurket en echt is. Wêrom ik telkens reizigje, wêrom ik net ‘in baan’ ha, wêrom net it ‘huisje, boompje, beestje’ libben.

It triggert dat stikje yn my wat soms ek noch net leaue kin dat it ECHT sa moai en maklik wêze mei! Want myn ‘nije wereld’ klinkt foar de measte minsken as ’te moai om wier te wêzen’ of net realistisch. (dat is dan ek ien fan de grutte redenen dat ik op reis bin. Ik tref hjir elke dei nije minsken en it gehalte wat deselde ‘wurklikheid’ leeft is heger under reizigjende minsken)

Ik wurd motivearre en krij kracht as ik moaie gesprekken ha mei minsken dy ek fan myn wurklikheid ôfwitte en it libje! Ik krij foaral de measte kracht fan de minsken dy op itselde paad binne en krekt as my nij yn dizze wrâld binne. We helpe elkoar motivearen en je fertrouwen sterker te meitsjen.
Echter, as ik allinne mar minsken om my hinne hawwe dy it al helemaal foar elkoar ha kin it just demotiverend wurkje omdat ik ervaar dat ik dêr noch net bin en dus noch net goed genôch bin of it net goed genôch doch. Wêrom is it my noch net lukt??

Back to the point! (want it wurd sa in hiel lang ferhaal)

Wat is no de moraal fan’t ferhaal oer wol of net blogge/vlogge en de depresje? en it doel ferhaal achter dizze blog? NOU!!

Mei de billen bleat 😉

By dizze goai ik dus gewoan earlik op tafel dat ik myn sa no en dan noch depressieve fiel! sa, BAM.. Ek al wol ik it net mear, it komt soms..

Ik bin dochs noch unbewust tefolle dwaande mei dat bewizen en befestiging (nei mysels dus en foaral de minsken om my hinne). En dat ik dy ferekte bewiisdrang LOSLITTE wol!
Ik wol en doar hast net te sizzen dat it dus soms NET lekker giet want ik WOL it gewoan net mear.. mar it stilhâlden wurket dus averechts en makket my júst mear en faker ‘down’.
It stomme is dat as ik it WOL derút goai by ien (omdat ik it net mear folhâld en fêstrin) dat dan, nei alles der út it, de lading der ôf is. Moai soene je sizze en dat is it ek. Mar dan tinkt myn holle lyk: sjoch hie it no mar net dielt want no tinkt dygene dat ik altyd wer depressief bin wyls it no gewoan wer klear is! Dan hie’k it better net diele kinnen, oare kear doch ik it net wer.. en sa rin ik dan in oare kear wer fêst…

Ik mei loslitte dat ik jim sjen litte wol en oertsjûgje wol dat myn nije wurklikheid ECHT is. Dat ik it wit en leau, dêr giet it om. Jim meie allegear fine en leaue wat jim wolle. As ik oerkom alsof ik jim oertsjûgje wol, dan betekend dat dus miskien wol dat ik myself der wer efkes oan herinnerje mei oan wat IK leau en dat ik wit en fiel dat it klopt.

As ik dus in down moment ha, en alle fertrouwen LYKJE te ferliezen. dan betekend dat NET dat myn ‘nije wereld’ net klopt is of net wurket!! 😀

Sa.. eindelik in punt.. JEUMIG it hat my serieus 5 oeren koste dit te skriuwen, feroarje, ferwijderje, koarter, oars, pffffff mar ek al kealle it swier, it stiet no op papier. Gjin idee as it wat helpt of dat it wat oplevert, want dat mei ik loslitte 😉

Dus stopje mei bloggen en vloggen? Pfff it hat seker moaie ynsichten foar mysels oplevere mar my dizze kear wol in soad yn myn kop koste.. dus miskien dan toch mar stopje??

2 Comments

  • Jildau Kooistra

    Leave Petra,

    It is soms al un hiele toer om dyselts te leare kinnen, lit stean om derbij op reis te gean. Wat mij in protte holpen hat is paardencoaching, der spegelje se dy, rn komme der dingen nei boppe, wer fan ik tocht dat ha ik dochs al ferwurke? Mar idd wat der ek ut komt qua gefulens en sa, it antwurd is faak aksepteare dat it sa is.
    Allinnich dat al kin in hiele opluchting weze, protte ademhalings technieken helpe der ek bij , en goed der op concentreare, dan fielst dy nei de tiid wer better as untzettend wurch. Mar dat is prima, ek wer acceptatie.
    Sa as sto bist is prima, wez dyselts!

    Groetjes Jildau

    • admin

      Hee Jildau, dankjewol foar dyn leave reaksje! Paardecoaching ha ik ek in oantal kearen dien, hiel bysûnder inderdaad hoe dy hynders dy sa spiegelje kinne! Aksepteare dat dingen binne sa’t se binne, ik wit it. Ik fyn it soms wol folle makliker sein as dien! Haha, ik bin dr al stikken better yn as foarhinne 😉

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *