blog 13 #In wike mei geweldige foto’s!!
De start fan de wike
No.. ik murk dat ik dochs mear bekomme moast dan ik tocht hie. Ik besefte my dat ik sinds myn weromkomst yn Pai best wol fan it iene yn it oare flein bin. Earst de jetlag, doe de cursus en wyls siet ik al mei alles yn’t retreat. En no ynienen fielde ik hoe wurch ik wie. Ik murk dat ik wat stiller wie en wat mear de rêst op socht.
Ek ha’k it no fannewike eindelik foar elkoar dat ik wat iten siere kin!! hihi yes! love it! Ik ha in blender fan Timothy dy ik bruke kin, hy hat my ek holpen om in mini pantsje te keapjen fan lazado (thaise aliexpres). Doe noch efkes nei de 20 bath sjop foar in mes, snijplankje en in sleef 😉 Dus deze dame genietet no fan hearlike smoothies/bowls FOL mei griente vitamientsjes en bakte swiete jirpel mei in sipeltsje of in hearlik sûn broccoli sopke! hahaha.. we sil sjen hoe it aanst allegear pasjen giet yn’e tas! Ik kin warskynlik aanst myn jas fuortgoaie dus dat skeelt wer. Myn nep learen jackje is aardig oan stront en ik nim oan dat ik um yn’t súden net mear nedig ha.
Smokeyseason
Ohja.. dat hie’k noch net ferteld tink ik. Ik ha myn hús hjir tot 5 feb. dus ik sil 5 feb rjochting it súden! It wurd in lange tocht fan 2,5 dei marrr klear.. Se sizze hjir telkens dat it rookseizoen hjir elk momint begjinne kin en aangezien myn longen noch sûn binne, is it better om hjir net te wêzen. It is dan ek ECHT smokeyseason, dat betekend dat je eins net fierder sjen kinne as 3 meter…alles potticht omdat se al it lân yn’e brân sette.
Tarrot reading
Op advies fan Lucie ha ik fannewike in Tarrot reading dien. It blykt in frou te wêzen dy goed is yn wat se docht. Ik ha earlik sein dit noch net hearder dien mar tocht, ach lit we dat ris besykje. Ik wit net as it ek tsjinwurket as ik it allegear fertel en as ik dat wol. Dus dat doch ik net. Wol bin ik tige tige nijsgjirrich wat der en hoe it allegear útkomt wat se ferteld hat 😉 Sadra dat gebeurd, dan hearre jim dat wol haha mar it kin in pear moarne duorje omdat se it oer bepaalde moarnen hie 😉
Lucie en ik
Lucie kin ik noch fan it kleaster en is deselde dame dy myn testpersoan wie tidens de massage cursus. Se is 45 en hat 3 grutte pubers mar is skeiden en docht dêrom dizze reis allinne. In machtige frou, bysûnder en we kinne dikke wille hawwe. Har pinpas wie opfretten troch de pinautomaat dus sy siet oan mei jild foar de letste 2 wike tot se wer nei hús giet. Doe hat in maat fan har 333 euro oer stoarten (Tsja.. foar degenen dy der net bekend mei binne: dûbbele nummers binne iets bysûnders as je spiritueler wurde;) ) en doe ha ik har 11111 bath jun! haha..
Wy ha fannewike in moaie switch dien mei de scooter omdat telkens alle goedkeape scooters bezet binne. Sy hie der ien en soe um no werom bringe. Dus we binne der tegearre hinne gien en ha sein: Sy levert um yn en IK nim um mei! 😉 Doe we dat wyls oan’t regeljen wiene rôp Renato ús. De fotograaf fan foarige wike mei de spikes. Hy en Lucie koene elkoar al wat mear tocht ik en hy stie der op dat we beide efkes tegearre op’e foto giene as suskes.. En hy MOAST my noch in kear allinne op’e foto ha omdat ik der no totaal oars útseach 😉 Dus hatsikidee we ha we efkes oan’t possearen west hoe hy it ha wol en doe wer prachtige foto’s krigen! 😉
Hotspring mei Troy
Troy is hjir foar wurk yn Pai. Hy giet de hiele wrâld oer as soart fan Ranger foar syn wurk. Bedrige bisten rêde en plaatselike rangers training jaan hoe en wat mei de bisten en de natoer om te gean. Omdat ik hjoed sinds in pear moarne lyn ris út ferfeling op tinder seach hiene we in match. It wie dúdlik dat we beide fia dizze wei op syk wiene om gewoan nije minsken te moetsjen en net as stel ofsa. Ik sei lit we gek dwan moarn en nei it hot-spring gean! It wie al juns op dat moment en ik lei al yn bêd.
Troy fun it in bêst plan, hy wist wol in prachtige hotspring. Hy hie gjin scooter mar wol in ‘crossmotor’, as ik wol achterop woe. Hahaaa, jaaa machtig!! Dat fun ik krekt wat 😉 Wol woe der my eins no fannejun wol efkes 2 tellen sjen om te witten mei wie der dan moarnier betiid nei de hotspring gie. Mar ik sit yn myn pyjama!! Haha, gau in trui der oer hinne en in broek oan en 2 tellen letter ha we elkoar buten moete en we hiene lyk wille. Dat kaam wol goed moarnier! Nei 10 minuten bin ik wer yn bêd kropen en de oare deis iere betiid bin’k achterop de cross motor sprongen.
It wie seker in moaie hotspring! Al wiene we der mar koart omdat Troy 10 oere wer nei meetings moast. Meardere niveaus waarme swembaden om lekker yn te chillen. it begun by 33 graden, 36 en 37. As je dan noch heger giene wie it hast kôkjend wetter, dêr mochten we uiteraard net yn mar je koene wol in leppel krije en in aai keapje, dan koest dyn eigen aai siere 😉 Spitich genôch hiene we dêr gjin tiid foar mar wol leuk!
Kazembe’s plan
Kazembe wennet hjir mei Simone yn Pai en se hawwe ek in resort yn Sri Lanka. Kazembe is jierren learkracht west mar ek psycholoog. Gjin gewoane dy achter syn bureau sit. absoluut net. Kazembe past hjir yn Pai en hat dêrom hiele oare technieken om minsken te helpen. Ien fan syn nije programma’s en ideeën hat der oan my útlein dizze middei want hy spruts my lêtsten oan op strjitte. Hy hie my praten heard en sjoen wyls ik myn hier yn’e spikes hie. Ik wie precies de persoan wêr der om socht as ik ek noch organisatorisch wie. JEP! dat bin ik.
Kazembe en Simone binne beide artiesten (Simone skildert o.a.). Se binne beide superkreatyf mar organisatorisch net sa sterk. En dêr kaam ik dus dan fan tapassing. Fannemiddei ha we hiel wat trochpraten, en sille we sjen op wat foar manier ik wat foar him betekenje kin.
Wetterfal Mo Pang
Nei Kazembe’s ferhaal en plannen bin ik fierder gien op ‘e scooter en ha’k eindelik in wetterfal besjoen! Mo Pang wetterfal, lekker efkes chilled yn’e sinne tusken alle backpackers dy dêr neffens my leine bij te kommen fan harren kater. De foto’s koen it net goed sjenlitte, de wetterfal hat sa’n 5 ferdjippingen dus allegear lytse faltsjes.
Tongersdei, in ‘sightseeing’ dei
Dizze dei kin ik better net hielendal beskriuwen gean mar mei foto’s sjen litte. Oh.. efkes dit.. by alle foto’s jild: it echte beeld is SAAAFOLLEE moaier dan op’e foto!! hiel faak is it net iens skerp genôch of sjogge je net safolle djipte, mar ik kin jim fertelle: it is AMAZING! 😀 haha
6.10 de wekker, stienkâld ynpakt (mei sokken as wanten!) op nei Yun Lai viewpoint foar de sinsopkomst. Doe moast der earst in pear oeren wurke wurde oan it projekt fan Kazembe en wyls is myn scooter repareart (dat moast noch efkes, want Lucie wie fallen mei de scooter). Doe mei Tim lunch han by ’10Rai’, moai útsicht.
Troch nei myn folgjende lokaasje: mediteare by it ‘Internationaal meditation centre’. (Se woene my fanalles leare mar ik sei dat ik it undertusken wol wist, ik wol graach in matsje en sitte 🙂 haha)
Fanút dêr troch nei de canyon!! en no oerdei ipv sinsundergong! Wow wat moai en foaral ek sa hearlik leech en stil! De canyon is uitgestrekt mar sa no en dan mar 20 cm breed!! It wie in útdaging om op sommige plakken te kommen en de fraach as ik dat uberhaupt wol dwan gie omdat we mei 3 man ien famke der út klautert hawwe doe se sels net mear omheech komme koe. Mar hatsikidee dizze dame hat de slippers oan’e kant goait en ‘go for it’! (wie folle makliker dan ik tocht, dat wie wol wer efkes in komplimentsje foar mysels!)
Efkes in drankje by in moaie stop tuskentroch mei in jonge (piloat) dy ik op’e canyon moete hie.
Doe de sinsundergong wer by ‘Two huts’.
En as klap op’e fjoerpylk juns de fireshow by ‘paradise bar’! (filmkes dy komme binne better!)
Freed: Hmm… wat sil we hjir fan sizze
Ik waard wekker mei in filmke fan ‘Todd Perelmuter’ fannemoarn. It gie oer it feit dat we altyd leve fanút in ritme en mei ferwachtingen. We binne net altyd klear foar it unferwachte wyls we eins wol witte dat it altyd oars as oars gean sil. Sadra it dus dan oars giet komt der ferset, want sa hiene we it net yn’e holle. Ik tocht ja.. ik wit dat en dat klopt hielendal. We soene safolle minder lijde as we ús net fersette tsjin wat ‘is’. En sa tocht ik efkes oer myn dei nei.
Hjoed sil ik mei Lucie hielendal op ús scooters nei it kleaster ride. Sy soe wat bringe fan in oare monnik en ik soe myn pakketsje ophelje wat al oardel moarne foetsie is mar wat sekerste weten by it kleaster wêze moat!! Ik siet efkes te betinken grappender wei wat der miskien hjoed oars gean kinne soe dan ik ferwachtsje, gewoan om mysels foar te bereiden dat it dochs oars gean soe as ferwachte.
No …ik hie hiel wat scenario’s betocht mar net dit!
It is best in ein riden en foaral non stop haarspjeldbochten. Ik seach der dêrom best tsjin op mar ik hie folle fertrouwen yn Lucie dy ik gewoan folgje soe. We hawwe in soad wille tegearre dus ik hie der sin yn. We maken der gewoan in moaie dei fan.. In lang ferhaal koart. Ik wit net as it in miskommunikaasje wie of dat sy wat ferstrooid west hat hahaha.. mar se hie gjin scooter!! Se tocht dat se achterop by my gean soe en dat ik it gruttere scooter regele hie.. STOMferbaasd stie ik har oan te sjen, bin ik gek? Ha ik in gesprek mei in oar han ofsa? Se hie dochs echt sein dat sy freed har eigen scooter regelje soe en in gruttere, in sterkere foar de bergen. De lytse dy ik hie soe it dwaan kinne moatte mar noflik soe it net wurde mar dat ferhipte my neat.
En no.. hie sy dus hielendal neat. En achterop by dy lytse fan my, dat soe net slagje dat wisten we beide. Dan soene we de bergen hellingen net opkomme!! en hearder achterút weromrôlje!
No dêr stie ik, grutte held dy der sa ’n sin yn hie en no ynienen der allinne foar stie. Sjoch sei se, asto dit oan’e monnik jaan wolst, dan hast ek tagelyk iets as ‘offer’ en dan bliuw ik hjoed yn Pai. Ik moast efkes flink skakelje. Ik allinne de bergen yn nei it kleaster? Allinne wie lang net sa leuk.. mar klear!!! Kop der foar, ik kin dit wol en sa bin ik ôfset de bergen yn. It wie in oerke riden sei Lucie.. Tsja in OERKE Pai tiid seker?? Hahahaha.. google maps sei al 1,5 oere mei de auto en hold gjin rekkening mei alle bochten.. de tocht wie op syn minst 2 of 2,5 oere.. Myn hiele liif skodde derfan sa lang gespannen op dy scooter sitte. Gespannen omdat je constant focust bliuwe moatte fan bocht nei bocht en it ferkear foar je en achter je. It is net drok op’e dyk gelokkich en ik ha ek PRACHTIGE útsicht sjoen!!
Om mar net tefolle it negatieve te benadrukken sil ik dit koart hâlde: IK BIN SUNDER PAKKET WEROM RIDEN!!! bleehhh.. se koene it net fine en koene my net fierder helpe.. (efkes tot 10 telle, of 100) ennnn we ride de 2,5 oere werommmm.. adem yn en út en foaral genietsje fan’e prachtige riisfielden sa no en dan om my hinne! Ik bin wol in bettere coureur wurden dizze dei 😉
Ein fan’e middei wie ik werom en doe noch efkes lekker by kaam by 2 ferskillende moaie restaurantsjes mei moai útsicht! wow wat is Pai dochs moai!! ‘Incredible!’
Sneon: Tochhhh it pakket???
Ik wie juster al stomferbaasd hoe it dochs koe dat it pakket der net wie!! want ik hie sa alle technieken om it te manifestearen sa goed tapasse! Wêrom wurke it dan net? no.. dat sil ik jim fertelle. Simpelwei omdat ik efkes ien regel ferjitten wie: It komt op syn eigen manier en meastal is dat net de manier op hoe’sto tinkst. Wyls ik dit typ, krij ik namelik no in mail fan de monnik: se hawwe myn pakket fun, wanneer ik dy kant wer op kom riden. No ik ha in bytsje jokt en sein dat ik gjin scooter mear ha mar dat hy it wol mei jaan mei oan’e taxi moarn dan stean ik klear as dy yn Pai oankomt 😉
Kriebels en leafdefolle wurden
Sneontemiddei ha’k lekker wer op’e sneonsmerke omhongen. Ik moat sizze dat ik mei it plannen fan’e treintickets eins tocht: Tsja Peet, net lyk miene en hechte oan Pai. Der binne safolle moaie plakken op’e wrâld, gean lekker nei it strân want sa geweldig is it hjir no ek wer net.
No dêr krige ik wat oare gefoelens oer doe ik op’e merke kaam. Frij snel al kaam Suwat, in âldere Thaise man, nei my ta en wie bliid my te sjen. Hy frege hoe it retraite gien wie. Wat leaf! Ik hie net echt troch dat hy myn ferhaal in pear wiken lyn begrepen hie omdat syn Engels net 100% is. Hy kaam mei allegear oare tips noch foar as ik it wer ris dwaan soe. En de fraach wannear ik syn beamhús sjen woe want dêr prate der al wiken fol trots oer. Ja, dêr wol ik noch graach hinne te sjen foar ik fuort gean.
Doe ik fierder run wiene der mear sokke mominten wêryn ik fielde dat ik der by hearde. Minsken kinne my en belûke my derby. Doe ik ferfolgens ein fan’e middei fuort gie en Nancy de fohn werom joech dy ik fan har lient hie foar de spikes waard ik hielendal overladen mei leafdefolle wurden! Se fun it sa prachtig my te sjen stralen, my te sjen ûntwikkeljen en út myn skulp kommen. De enerzjy dy ik achter liet op minsken om my hinne en hoefolle ik wol net foar dizze wrâld betsjutte koe etc etc..
Ik stie mei de trinnen yn’e eagen en se hat myn wol 3 kear oan kroept. Wat ûntsettend leaf…! Wêr ik ek gie op’e wrâld, ik moast witte dat ik hjir altyd mei iepen earmen untfongen wurde soe.
No lit ik mei dizze prachtige wurden dizze snein mar yn gean. 🙂
Hjoed sil ik it pakketsje oppikke en miskien nei it beamhús fan Suwat of miskien wol rock’n roll dûnsje. Dêr fertel ik jim letter wol mear oer, mar as dat slagget dan is dat machtig, dat ha’k hjir sels opsetten! haha
Noflike snein!
groetsies fan in dankber famke wat harsels mear en mear omearmed en genietet fan de lytse dingen yn’t libben
One Comment
Tjikke Wijngaarden
Wat gewèldich allegearre Peet! En ja, wat is it dêr moai! Prachtige foto’s!