Thailân - reisavonturen

Blog 14 Oer myn dageliks libben, gearwurkje mei Kazembe en progressie!!

Hoe leef ik hjir en wat doch ik eins?

Graach skriuw ik hjir ris oer omdat ik soms de fraach krij wat ik eins útfun elke dei, it liket dochs fakânsje? Nou nee, haha myn manier fan reizigjen is net fakânsje. Ik libje gewoan in leven mar dan hjir. In oar leven dan yn Nederlân, dat wol. In libben wat folle mear by my passet om te berikken wat ik wol. Tichter by mysels te bliuwen en te wurkjen oan myn innerlike reis. Ik sit hjir oer oare dingen yn as jim yn Nederlân.

Myn dagen sjogge der no meastal sa út:

7.10 de wekker (wekker wurde, mediteare en appkes trochnimme en betinke wat ik hjoed dwan wol)

8.00 oan’t wurk achter de laptop (wurkje oan de meditaasje kursus (Frysk, Nederlânsk en dêrnei ek Engels! Of wurkje oan vlogs, blogs of dingen dy ik regelje moat.

Wyls drink ik tee út myn bamboe-stam ( ik ha gjin normale beker 😉) en ik sit faaks under in tekkentsje mei in sjaal om omdat it moarns ferekte kâld is. En aangezien myn bungalow fan hout is, is it net waarm.

Tusken 12.00 en 14.00: Ik ha myn nocht faaks omdat myn konsentraasje op is. It is undertusken lekker waarm búten en sykje in plakje op yn’e sinne. Soms nim ik no in ontbijtje ergens, of ik meitsje sels in bowl mei griente/fruit en núten.

Middeis wurd faaks fansels ynfult troch allegear dingen dy regelje wurde moatte. En dit binne soms de meast gekke dingen. Wask, immigratie of papieren regelje, mei flessen wetter sjouwe (omdat we gjin drinkwetter ha) oeral achteroan sitte omdat dingen net wurkje bijv. It giet hjir kalm en je hawwe geduld nedig dat is wat oars as Nederlân, dêr hoech je net dageliks yn te sitte oer dat de stroom útfalt of as je wol of net wetter út ‘e kraan hawwe. Dizze lêtste dingen kinne irritant wêze mar it makket je ek wer efkes bewust hoe wy alles fanselssprekkend nimme en dat je it ekstra waardeare wat je WOL hawwe.

Juns gean ik faaks de walking street op. Omslenterje tusken de toeristen, wat te iten sykje en no hieltyd faker ek dizze strjitte fermijde omdat it in hiele oare vibe is. It is net it dageliks leven, it binne de minsken dy op fakânsje binne of backpackers dy sûpe en elkoar prebearje te fersieren. Dêrom fiel ik in folle djippere konneksje mei de bewenners fan Pai sels. Dit binne meast internationale ynwenners dy hjir al 5-10 jier wenje en fan oeral oer de wrâld komme mar wol in echt leven lijde en net fakânsje fiere.

Foar de rest fansels ek genietsje fan it plak hjir! Sinsundergongen sjen, sa no en dan ris yn’e sitte, út iten en mei freonen ôfprate. Want júst ek troch dit dageliks leven lear ik mega soad oer it libben. Djipgeande gesprekken en dealen mei emoasjes en gedachten! Dat hat dan miskien wol gjin namme mar dat binne faaks de mominten wêr ik it measte lear en groei!

Kazembe

Jaa, dit is in moai ferhaal. Iets wêr ik super enthousiast fan wurd! Ik sil it prebearje koart te hâlden 😉

Kazembe is in man dy hjir yn Pai wennet, oarspronklik út USA komt en syn libben lang psychiater west is. Hy is it noch steeds, wyls der al mei pensioen is (dat bin je hjir yn Thailân al as je 50 binne) Hy is dus psychiater, mar net ien achter in bureau sa’t der sels seit. Dy tiid hat der han. Hy brûkt no al syn ervaring en kennis op in oare manier. Hy organisearret faaks ceremonies en oare dingen om minsken neitinke te litten of fierder te helpen.

En sa kaam der by my. Want hy hat in grut programma yn’e holle. In workshop of programma foar in dei en nacht. Hy hat it al hielendal yn’e holle, allegear ideeën mar hy is nogal chaotisch en ongeordend. Dus hy socht immen dy kreatyf is, dy orde yn’e chaos bringe kin en wêr der mei gearwurkje kin. Hy hie my rinnen sjoen mei myn spikes, wist seker dat ik wol kreatyf en hie genoten fan ‘e enerzjy dy der by my seach doe ik op’e sneonsmerke wie.

Dus no 2 wiken letter ha wy in pear kear by elkoar west en ha ik alles foar him yn in draaiboek setten en stel ik kritische fragen wêr hy oernei tinke kin. Dingen wêr hy organisatorisch miskien noch net oernei tocht hat. Ik fyn it super spannend allegear. Immen dy samar sa’n mega grut fertrouwen yn my hat. Dy bliid is mei it wurk wat ik doch en wêrby ik my op ien of oare manier sa op myn gemak fiel wêr ik ek echt mei doar te tinken en doar te sizzen hoe ik der oer tink. En dat ha ik NET faak omdat ik faaks automatysk tsjin minsken op sjoch.

Mar op ien of oare manier jout Kazembe my sa’n fertrouwen dat ik it wol oandoar. Ik soe it earst allinne mei betinke en hy soe it útfoere as ik al fuort bin. Mar no ha ik myn plannen wizige, alles omgoait (mei hiel soad gemieter en stress oer ferlenne jild mei tickets en blablabla) omdat ik nei it ‘Shambala in your heart’ festival gean! Dus no ha we it in pear dagen nei foaren setten en kommende woansdei sil it heve! Spannend mar ek super fet!

Kazembe en ik op Pittalew festival

Rollercoaster oan emoasjes

Freed hie ik in momint wat ik mei jim diele wol aangezien ik altyd sis dat ik myn ‘inner journey’ mei jim diel. No dit wie wol echt in moai momint wat my sjen liet hoe ik groeit bin en hoe goed ik om gean kin mei mysels en mei mominten as gedachten en gefoelens my oernimme wolle.

Ik wie oan’t wurk yn in restaurant. Unbewust wurke ik under druk. Ik bin no al sa lang dwaande mei dizze plannen en it wol net sa hurd as ik wol! Elke moarn start ik wer mei it idee dat ik hjoed echt in mega slach slaan gean en dan wol it dochs wer net sa ik it yn’e kop ha. It fielt sa no en dan ek as fergriemde tiid. Ik moat net ferjitte te genietsjen fan Pai en fan it libben, draaf der net troch hinne. En wyls fielde ik my hieltyd zenuwachtiger wurden. It woe eins fan gjin meter mar dat woe ik eins net sjen. Ik woe my net realiseare dat it eins net lekker gie. Dochs stoppe ik. Miskien moat ik earst efkes skriuwen gean.

En dêr begun ik.. gewoan alles opskriuwe wat der yn my omspilet. Poe wat kaam der doe ynienen wat út! As ik myn gefoelens better fiele wol helpt it my faaks om muzyk op te setten wat dizze gefoelens triggert om der út te kommen. Gefoelens dy ik unbewust underdruk omdat ik se net fiele wol. WOW wat kaam der ynienen in frustraasje út, alles mocht der efkes wêze. Boosheid dat it net gie hoe ik woe, boosheid omdat ik my net fielde sa’t ik my fiele woe. Wêrom ik net dit hie, wêrom net dat! Wyls begjin ik hurder en lilker te skriuwen en rôlje de trinnen my oer de wangen en falt der in drup yn myn boek.

Ik sjoch nei búten en sjoch de scooters foarby fleanen, ik sjoch minsken wille hawwen en fereale steltsjes. OOH man, wat ha ik ynienen in ferlangen nei sa’n leafde te fielen. Onvoorwaardelike leafde! Wow…

En dan ynienen realisear ik my wat in wiisman yn Pai my hjir al sa faak sein hat: jim minsken sykje altyd nei iets. Mar jim sille it nea fine. Altyd op syk en wurkjend nei DIT gefoel of DAT te berikken. Mar dat slagget nea, silst DAT nea fine. It klinkt stom.. mar ik fiel dat hy gelyk hat! Hy HAT gelyk. Want as we ienmal dat berikke hawwe, wolle we wer wat oars en is it hemelse gefoel faaks snel fuort. Oaren hiene just miskien graach yn myn skuon stean wollen omdat se tinke dat dan alles goed is. En ynienen stopje ik.

Wat stom, wêrom draaf ik no wer achter fanalles oan? Wêrom is it pas goed as ik dy kursus klear ha? As ik finansjeel frij bin, as ik my non stop gelukkig fiel, as ik myn dreamman fun ha? Nee Peet.. do wist better.. en ynienen begjin ik te laitsjen!! Wyls de trinnen noch mei gang oer myn wangen streame mar no út bliidheid.

Peet, sjoch yn dat it ommers mar in momintsje is! Haha Dit ha ik sa faak han, my bleehh fiele en der tsjin oan skoppe en miene dat al it negatieve wurklikheid is..

Ik wit immers donders goed dat it aanst wer fuort is en dat ik dan laitsje om dit momint.. NIM IT NET SA SERIEUS 😉 hahahaha.. ynienen ha ik de knop om! (de identifikaasje mei it ego trochbrutsen!!! Yeahahhh!!! YES IK KIN IT!! neidat ik der jierren oer lêzen ha, doch ik it gewoan)

Ik fiel ynienen in stik rêst en leafde opkommen. In stem dy seit: Peet, suffie! It libben is mar in dream, it is mar in spul. It is helemaal wat ik der sels fan meitsje en hoe ik myn eigen wurklikheid sjoch.

Hahaha, leave skat dast bist. Do bist heechsensityf dus fielst gewoan safolle! Ik ha gewoan in mega grut hert, haha!! In mega grut hart wêrtroch ik altyd mega soad fiel, op en del, in hiel soad leafde te jaan ha oan’e wrâld, my skuldig fiel, oaren harren gefoelens fiel en my oeral ferantwurdelik foar fiel.

En dat is prachtig, dat siert my mar dat is net altyd makkelik en dêrom is it hielendal prima dat ik ris oerstroom fan al dy gefoelens en dat ik efkes net wit wat ik der mei oan moat. It is net altyd maklik om safolle te fielen.

Ik lit it wurk los. Want ik herinnerje my der wer oan dat ik dit fanút ‘flow’ dwaan mei, want dan is it samar klear en ha ik der wille yn. NET as ik mysels push omdat it sa noadig moat om ‘letter’ gelokkich te wurden. Want letter bestiet net, allinne no 😉 haha.. NO mei ik genietsje. En wêr ha ik NO de flow foar? Om dit ferhaal mei jim te dielen. Want ik wit dat in protte fan jimme miskien it faach fine wêr ik oer skriuw of wat ik sis, mar ik hoopje safolle mooglik minsken hjirmei helpe te kinnen om ek dy switch te creeëren. Om te learen en yn te sjen dat je it allegear sels yn’e hân ha, dasto ek krekt sa as my dyn moaiste libben libje kinst en gjin slachtoffer hoegst te wêzen fan it libben, fan gebeurtenissen, fan gefoelens of gedachten! Al soe ik mei dit ferhaal mar 1 persoan reitsje en berikke dan hat dat myn dei al makke! 😊

WOW, wat fiel ik my ynienen wer mega sterk, gelokkich, geweldig en FOL fertrouwen! Hahaaa, ik hâld fan my leven!

It beamhús fan Suwat

foto’s sizze mear dan al myn wurden. Suwat is kunstenaar mar ek hiel kreatyf yn oare dingen. Sa noadige der my út om te komme chillen yn syn selsbouwde beamhús! Der stiet in bêd yn en 2 gitaren, prachtig útsicht (komt wol foarby yn’e vlog!)

“Shambala in your heart”

Sa ik al efkes sei ha ik de plannen wat wizige. Ik soe oars hjoed Pai ferlitte mar Suwat hat my oerhelle om nei it Shambala festival te gean. It is neffens my in mega hippy festival, ik sil it beleve. Tent mei, sliepsek en hiele dei workshops en juns muzyk. Ik sil 3 dagen fan de 10 en dan dêrwei fanút Chiang Dao nei Chiang mai, nachttrein fan Chiang mei à Bangkok en de folgjende nacht  Bangkok à Surat Thani. Dan sil ik it súden fan Thailân ris besykje en eilânhoppe!

One Comment

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *