#Blog 14 – moaie kiekjes, moai omgean mei tsjinslach en nije ideeën!
Dit kear gjin lange drege ferhalen. Ik meitsje der gjin tiid foar omdat ik de dagen no spitichernôch ôftelle kin. Oare wike sneon de 18e flean ik alwer werom. Ik sjoch der hiel erg tsjin op, dêr kin ik wol earlik oer wêze. Ik ha hjir gewoan mear innerlike rust en fiel my sterker. Alsof ik hjir mear ‘pasje’ tusken hoe de minsken hjir nei it libben sjogge en der mei omgean
Amed en myn matties
Nei de blog fan foarige wike
Neidat ik de ‘pittige’ blog fan foarige wike dielt ha kamen der in protte reaksjes. En dat die my wol wat. Fia facebook mar ek in soad prive. Fan in steuntsje yn’e rêch oan’t prachtige ferhalen dy’t oaren dan diele en in pear prachtige gespreken mei minsken dy’t in soad herkenning funen yn myn stik. Ek wer ferbaasd oer sommige persoanen omdat ik net wist dat se myn ferhalen lêsden. Moai en ek al wie ik de rest fan’e snein geradbraakt en moandei ek noch redelik útblust. Ik bin bliid dat ik it skreaun ha en dat ik it dielt ha. As ik fierder gean mei bloggen en vloggen, no dêr meitsje ik gewoan noch gjin beslút oer. Yn elk gefal meitsje ik it no gewoan ôf. Ik ha noch 10 dagen dus no noch in blog en miskien noch 1 mear as ik wer thúskom ofsa en qua vlogs komme der sowieso noch 2. Oer wat ik sjoen ha yn Amed en Sidemen. Dankjewol nogmaals foar alle leave reaksjes, op hokker wei dan ek.
Nije ideeën en projekten
Mede troch sommige reaksjes en ek troch in moai gesprek mei in stel fan it hostel krige ik ynienen wer moaie ideeën. Oan’e iene kant nim ik se hast net iens mear serieus omdat ik safolle moaie ideeën ha mar ik ha hieltyd minder ‘drive’ om se ta wurlikheid te meitsjen. Wêrom? No omdat ik yn’t ferline al sa faak myn enerzjy yn nije projekten setten ha. Alles op alles, en dan is it der, of dan ha’k it ien kear dien en dan hâld it wer op. Dan ha’k dus sa’n soad enerzjy der yn setten omdat je tinke : JA dit is it! Sa gean ik myn jild fertsjinjen. Mar dan ferfolgens stiet it totaal net yn balans mei de enerzjy en it jild wat it oplevert. Peet stopt wer, dr komt in nij idee, alle enerzjy der yn en it ferhaal begjint fan foar ôf oan.
It fertrouwen yn dat it dizze kear WOL in sukses wurd reitsje ik wat kwyt. EK omdat it iets núvers yn mysels is dat ik elke kear wer wat oars wol. It jout my net genôch foldoening om it troch te setten ofsa.
Mar klear.. we sille sjen hoe lang ik hjir entûsjast oer bliuw en of dit projekt ek trochsetten wurd 😉
Ik sis noch net tefolle omdat ik it earst útwurkje wol. Mar idee 1 hat iets te meitsjen mei it retraite wat ik hearder al dien ha mar dan minsken fanút Nederlân hjir hinne komme te litten en se dêrby te begelieden mei de reis kennis en de konneksjes dy ik ha. En idee 2 hat mear wat te krijen mei myn kunde en ervaring brûke yn it begelieden fan minsken. Live as online. Ik ha safolle leard, prebearre, stappen setten en ervaren. As ik sjoch nei wêr ik wei kom en hoe ik no yn it libben stean dan wit ik wol seker dat ik hiel wat minsken helpe kin om harren stappen yn deselde rjochting te setten!
Laharan Sweet
Op ien fan myn lêtste dagen yn Amed bin ik noch mei myn matties dêr nei Laharan sweet west. In prachtig útsichtpunt wêr je hiel fier nei alle kanten sjen kinne en prachtige foto’s meitsje kinne!! Tegearre mei Kadek, Wayan en Brayden (har soan) en Carlos!
Koarte bezoekjes oan Lovina en Sidemen
Neidat ik noch in wike yn Amed bleaun bin, bin ik op’e scooter yn 2,5 oere nei it noarden riden, nei Lovina. Ik woe hjir hinne om myn maat Kadek op te sykjen. Hy hat hjir 2 hostels. Ik wist noch mar fan 1 mar ha dizze kear de 2e sjoen dy dus krekt dizze wike foar it earst iepen gie. Hy hat sels alles makke en bouwt mei syn omke. EN POAHHHH wat moaiiiI!!! ik ha lyk tsjin him sein dat der it better net as hostel ferhiere kin mar as ‘honeymoon’ suite! Sa moai! Ek wol grutsk wie ik op mysels dat ik no ek op in scooter troch Bali flein bin. Dat hie ik noch net hearder dien. Earst wie ik gespannen, mar it gie bêst! Doe kaam ik yn’t noarden samar yn’e drokke stêd telâne! POAH!! Ik sjoch dy drokte hjir altyd fan in ôfstândsje of ik siet der midden yn achterop de scooter by myn kereltsje yn Kuta. Mar SELS yn dy meute meiride, dat hie ik noch NET belibbe! Spannend, mar GRUTSK! 😀 I did it!
Werom yn Amed bin ik sneontemoarn troch Kadek nei Sidemen brocht. In koart bezoekje fan Sidemen is frij djoer. De omgeving fan Sidemen is PRACHTIG!! Ik ha hiel wat filmkes en foto’s makke mar doe ik juster werom ried seach ik dat ik it moaiste noch net iens sjoen hie!! ADEMBENEMEND!! Dochs is Sidemen noch net in plak wat hiel folle besocht wurd omdat it net echt op’e route leit ofsa tink ik. De wat rikere minsken gean der hinne tink ik foar de rust en de pracht, der is dan ek gjin hostel te finen en de goedkeapste keamer wie 6x safolle as wat ik yn Amed yn in dorm betelle.
Dochs woe ik hjir sjen om it te beleven, wow! Super moai! En de earste dei ha’k ek noch wer fanalles belibbe mar dat sjogge jim wol yn’e vlog ferskinnen!
Reaksje op ‘problemen’
Ien ding wol ik efkes specifiek mei jim diele. Ik fyn it namelik prachtig om te sjen hoe ik no oars reagear as yn’t ferline en foaral sa moai dat it lyk it effekt fernaam fan myn nije gedrag! Wat wie it gefal? No omdat it yn Sidemen dus wat mear op rike minsken rjochten is, binne de taksjes fan en nei Sidemen djoer! Seker omdat ik allinne bin, kin ik de kosten net diele. Yn Sidemen binne gjin shuttlebussen oid, ek ‘grab’ wurket hjir net omdat se de locals sponsorje wolle. Ik hie dêrom al slim wat kontakten hearder op dien en ik hie in ‘driver’ dy foar in hiele moaie priis my yn’e auto fan Sidemen nei Ubud bringe soe. 233K yn pleats fan in 400K dy oaren freegje soene. 233K Is al in soad jild foar my, as je je beseffe dat ik foar in nacht yn in dorm 40K betelje (2 euro).
Alles wie regele.. Tot 2 oeren foar de taksje der wêze soe. Ik krige in simpel berjochtsje fan him: as ik ek in oare taksje regelje koe want meneer siet yn’t súden fan Bali en it wie te fier om noch nei Sidemen te riden. WHAT?? (earste koarte reaksje is emoasje en paniek) Hy kin my dochs net samar cancelje? Ik ha it boekt, dit is net earlik!! Ik fiel my machteloos. Wurd lilk fan binnen en angst komt op omdat ik no BAKKEN fol jild kwyt bin troch SYN fout..
Doe ynienen waard ik bewust. He.. Alles bard mei in reden, der is niks ferkeards. It is allinne oars dan ik TOCHT dat it gean moast. Dizze dame wit undertusken dat alles prima is en alles bard mei in reden. As sokiets dus gebeurd, dan betekend dat dat God iets betters foar my yn petto hat. Wat it dan ek mar wêze mei dat de rit mei de oare taksje rider net trochgiet. Hie ik oars net feilich oankaam? Hie ik tot middernacht wachtsje moatten? gjin idee!
Mar ik mei it dus loslitte en fertrouwe dat der dus wat moaiers is foar my, iets betters want God hat altyd it bêste mei ús foar. Ik ademje yn en út en prebearje de lol der fan yn te sjen. Hmm.. wat soe it moaiere wêze?
Wyls prebearret it ferstân my noch wat angstig te meitsjen. It wol logica: Mar hoe dan!? Moat ik dan in djoere taksi? moat ik dan in nacht langer bliuwe? Wat kin hjir no goed oan wêze??? Ek al raze dy gedachten troch myn holle, ik doch der gelokkich net folle mei. Grutsk op mysels dat ik it loslitte kin en fertrouw.
En doe?
Samar binnen 10 minuten hie ik sels 2 moaie opsjes!! Ik fun samar in ‘scooter-rit’ nei Ubud! In leave jonge jonge dy mei in protte wille my nei Ubud bringe woe. De koffer op syn fuorten ein en sa bin ik feilich nei myn plak brocht foar mar 95K. Dus hatsikidee, dat jild ha’k mar wer yn’e pocket! Ek ha’k it nummer fan Muhammed krigen want hy fun it sa gesellich dat der my gerust oeral en nergens troch Bali wol bringe woe en sels myn gids wyls ek wol wêze. Sa sjoch je mar wer, as it net giet sa je ferwachte en hoopt hiene, lit it mar los. Der is noch wat moaiers en betters! 🙂
Durian mei wjirmkes
Juster ha ik op’e merke foar it earst in durian frucht kocht! Dat woe ik dochs sa graach ris priuwe. Durian in in frucht dy op in soad plakken ferbean is omdat der sa ‘stjonkt’! Dochs is it in hiele sûne frucht en ik woe it fansels gewoan ris beleve. By myn keamer oankaam krige ik ynstruksjes HOE ik dat ding iepen krige want der sitte FLINKE keihurde stikels oan’e butenkant!
Doe ik der sels op stean gie mei myn koekepan, slagge it noch steeds net. Doe ha’k mar wat help frege. Ik rûkte no wat better en ieuwwww ja dat ding stjonkt dochs wol ferhipte! JAKK.. mar klear, net rûke mar priuwe! Ik naam in hap. It fielt wat núver oan, in bytsje sa as avocado mar dan is it wyt. It is wat romig en it priuwt net nei fruit mar nei in kombi fan sipel en knoflook!! ieuww.. noja ik hâld fan knoflook en sipel, mar net yn in fruit.. Doe ik dapper in 2e hap nimme soe, seach ik ynienen dat myn iten bewoog!
Ieuwwww!!! Der sieten wjirmkes yn!! Lytse maitsen ofsa! BRRRR… it wie miskien in virus of rot stikje sei de eigener fan myn keamer, dat koe soms gebeure en hy lake wat. Ik ha letter noch in hap fan de ‘goeie’ kant naam mar de rest fan’e durian mar fuort goait.. ik ha it ervaren en beleefd en hoop dat der gjin wjirmkes yn myn buk sitte no! Haha, ik kin der dochs net mear folle oan feroarje 😉
2 Comments
Greetje
Hay Petra,
Wat een afantoer, en sa knap hoest dei fylst.
Liuw ien dei sels, bist een pracht minskje.
Gr Greetje
admin
Hoii Greetje! leuk dast reagearst en wat in moaie leave wurden! 😀 Dy nim ik mei! Groetsjes!