Indonesië

#Blog 15 – De lêtste wike, Ubud en Kuta

Miskien is it jim net iens opfallen, mar de blog fan foarige wike eindige wat núver. Dit kaam omdat ik hieltyd gesoademieter hie mei internet dus it berjocht woe net opslaan. Noja klear dan dizze snein mar efkes in update wêr ik bin en wat myn plannen binne.

Fan Sidemen nei Ubud

De lêtste wike bin ik snel ferplaatst foar myn dwan. 1 nachtsje yn Sidemen omdat it dêr sa djoer wie en doe nei Ubud. Ubud is in drokke stêd, wêr ik foarig jier hast út ‘fluchten’ bin, dochs hearde ik goeie ferhalen en hie ik miskien gewoan net de júste omgeving te pakken. Ik joech it dus noch in kâns.

Sa ik yn’e foarige blog fertelde bin ik op’e scooter nei Ubud brocht. Mohammed hat my brocht. Hy kin eins gjin wurd Engels mar is in goeie sjauffeur en ik wie eins ek wol bliid om yn alle rust derhinne te riden. Doe we oankamen feroare myn humeur al rap. Alsof de enerzjy yn Ubud oars is. Ik wie ynienen intens wurrich, hie in koart lontsje en yn it hostel gie alles moeilik moeilik. Earst it ynchecken, doe allegear wat lytse dinkjes en de oare moarns hie elkenien ‘free breakfast’ behalve Peet. Ok prima jonges, ik ha blykber in goedkeapere deal makke, ik hoech net iens ‘free breakfast’ fan jim. It flowde gewoan net!

Wol waard it der net better fan doe se ek de folgjende 2 dagen moeilik diene oer alles en doe ik der achter kaam dat ik selfs MEAR betelle dan de oaren mar dus GJIN ontbijt krige wyls we it boekten op dezelfde app etc, doe waard ik súver wat kriebelig, iets mei onrecht ofsa. (úteindelik ha’k de 3e dei DOCHS in ontbijtje han! 🙂 )
It ferkear is ien grutte gekkeboel en dêr kin ik net sa goed oer. Gewoan oer strjitte rinne kostet my dan al fierstente folle enerzjy! Ik wurd gewoan leechsûgt troch it lawaai en de enerzjy fan alle minsken. Noja klear.. ik ha noch oan’t sykjen west nei oare hostels mar Ubud is frij djoer, dus ta eintsje beslút bin ik 3 nachten yn it hostel west en de 4e wie Peet geflogen, hjirwei!

De moaie dingen fan Ubud
DOCHS ha ik toch moaie dingen sjoen en belibbe yn Ubud. Minsken dy harren feilich fiele by my en by my dingen diele dy se net hearder doarden te dielen mei in oar. Fijn om te ervaren dat se harren sa fertrouwd fiele by my.

In tas fol sjokolade foar Lea!
Moaie gesprekken mei Lea, dy krekt de dei derfoar heal oanranden wie troch in man fan har hotel en letter dy dei hat har freon út it niks harren relaasje ferbrutsen, POE wat in KLOATE dei hie dy. We ha moaie gesprekken der oer han. En underweis nei Kuta betocht ik my dat ik myn SJOKOLADE yn’e koelkast ferjitten wie! Ik ha Lea appt en dy wie my super dankber dat ik har de tas fol sjokola oanbean 😉 Dat koe se wol efkes brûke!

Bûten- en binnekant
Ik ha ek Pascal op strjitte moete wyls ik op wei wie nei in ‘wandelroute’ troch de natoer yn Ubud. Pascal en ik kamen der achter dat we mear oerienkomsten hiene dan we tochten. Moaie djipgeande gesprekken en ek Pascal iepene himsels. In moai persoan fan binnen en bûten. Pascal hat in soad tattoo’s, sels syn eagen binne gekleurd. De measte minsken fulle dan automatysk sels yn wat foar persoan hjir achter sit, bepaalde labels dy we der oan hingje. Dat wie dan ek 1 fan de dingen wêr yn we in soad herkenning funen. De butenkant en wat je ústrale seit neat oer wat der fan binnen spilet en wa dizze persoan is.

Stilte mei djippe gesprekken
Doe Mohammed noch. Dêr bin ik de hiele tongersdei mei op paad west. Ja ja, deselde Mohammed dy gjin Engels kin en my fan Sidemen nei Ubud brocht hat. Mei behulp fan google translate kamen der al moaie gesprekken fia whatsapp, dêrom wie der súver al zenuwachtig om my wer te moetsjen want hy sei as ik dy yn’t echt sjoch kin we gjin wurd kommuniseare!

It hat der fêst hilarisch útsjoen mar wy hawwe in hiele moaie dei han. It wie stil mar dochs djipgeande earlike gesprekken. Fia ‘google translate’ dus de hiele dei troch gie de tillefoan fan de iene nei de oare en sa ha we moaie gesprekken han. Ek Mohammed liet my witte dat hy de dingen dy hy my fertelde nea hearder mei in oar dielt hie. Dat is ek wol wat de kultuer, je diele neat, it kin altyd tsjin je brûkt wurde. Kwetsbaar opstelle wurd sjoen as ien fan de engste dingen en foaral dan binne je ‘zwak’. Hmm.. yn myn eagen binne je dan júst sterk 😉 en foaral earlik nei jesels as je dat under eagen doarre te sjen, want DAN pas kin der ek heling en feroaring pleatsfine.

Kuta
Tongersdei te jun kaam ik oan yn Kuta. Ik sit no 4 dagen yn in hostel foar 3 euro. It is in grut resort wêrfan se in oantal keamers feroare ha nei ‘hostel’ wêr minsken dus in keamer diele. In keamer mei 3 bêden, airconditioned en op in redelike lokaasje ek noch! En omdat it sa’n grut resort is binne der warempel ek noch 2 zwembaden en ik ha in ontbijt inclusief! Haha wat wolle je no noch mear! Noja.. ondanks dat it fol sit hjir, sjoch ik amper in kyp, tis was stil. Dochs ha ik myn ferbliuw dochs ferlengt om wat jild te besparjen sadat ik de lêtste 4 dagen fan myn lange reis mysels ferwenne kin mei in ‘prive keamer!’

Rock’n roll dunsje en myn fuorten binne kapot!
Op it momint fan skriuwen kin ik hast net mear rinne. Ten earste omdat ik nije slippers kocht ha mar dy joegen my blierren en ten twadde omdat ik juster my de fuorten ûnder it liif wei dûnse ha! YEAHH!! Juster in dei fol dûnsje! Ik sil jim fertelle hoe en wat.

Hearder hie ik miskien alris sein dat hjir yn Kuta in FET goeie en leuke rock’n roll band is dy ik foarig jier mei mem ontdekt ha hjir. No hie ik ôfrune jier sa no en dan alris kontakt mei John (de sjonger). Yn it ferline wiene se populair yn Dútslân en giene se fan’t iene nei it oare plak omdat se dêr in manager hiene. Doe dy man ferstoarn wie ynienen it hiele ferhaal oer en binne se werom setten nei Indonesië. Graach soe John mei syn band wer de wrâld oer wolle. Se binne echt RETE goed en meitsje in moaie sjow se hawwe allinne in sponsor nedig om se hjir hinne komme te litten. Dus as jim my dêrmei helpe kinne GRAACH!! Soe moai wêze as se hjir in tour meitsje kinne en bekendheid krije!

Dat is dat..
Wat no it gefal is, is dat John in ‘legend’ is hjir en hielendal rockabilly is yn hart en nieren mar rock’n roll DÛNSJE koe der net! En dêr kaam Peet yn’t ferhaal. Want ik ha him foarige moarne tasein dat ik it him wol learre woe. Ik hie it gefoel dat hy it súver wol wat pittig fun om syn status efkes oan’e kant te setten en no degene wie dy nei MY lústerje moast omdat hy iets net koe mar hy woe graach! Dus juster soe it heve!

Moarns bin ik 6.30 earst draven gien oan’e boulevard, doe moarns ha ik mei mister X oan’t oefenjen west om te sjen wêr John warskynlik tsjin oan rinne soe. Dus moarns X dûnsjen leart, en middeis ha’k John dûnsjen leart, beide gie eins boppe ferwachting! Wyls oerdei noch 4 x op en del nei it strân run, (healoere hinne en wer) op bleate fuorten omdat de slippers myn fuorten iepen hellen. En doe juns noch op paad nei de rock’n roll jun.

Ik wie kapot, wurch fan alle spanning en ynspanning fan hjoed. Leuk fansels om de mannen dûnsles te jaan mar ek spannend want it wie foar my ek út myn komfortzone. Underweis soe ik wat ite mar myn route gie dwars troch de toeristeplakken en it iten wie onbetaalbaar. Uteindelik nei 45 min. rinnen kaam ik wat tsjin wat de locals hjir ek ite. Dat is mear myn ding. foar 10K (60 cent) hie ik dan dochs wat te iten. In yn elkoar fouwt pakje fan papier wêr riis yn sit mei wat stikjes hin, kokos en noedels foar de smaak 😉 Krekt myn ding wat. Lekker back to basic!

Myn fuorten woene net mear, mar ik hie oer 500 meter EINDELIK it restaurant berikt wêr se spylje soene. Ik hie mysels al tasein dat ik mei in fleske wetter yn in hoekje kroepe soe. Ik hoegde net mear te dûnsjen, wie sa wurrich mar de musyk lústerje wie genôch.. TOCHT IK.. want doe ik oankaam en ik hearder de musyk, gierde it al troch myn liif en doe ik de groep âldere minsken seach dy ik hearder fannewike ek troffen hie by in oar optreden koe ik it dochs net litte om efkes te hifkjen as it âlde mantsje ek dûnsje woe. Se wiene blier ferrast my wer te sjen. Ik waard útnoege om by harren oan tafel te sitten en wyls myn fuorten brânden fan’e pine ha ik dochs noch hearlik dûnse!

Hearlik ek om te ervaren dat ik my sekerder fiel om te dûnsjen, sels allinne. It koe my gjin reet skele wat oaren funen, de musyk liet my gewoan NET stilsitte.
Werom mei de scootertaksje, POAH wat wie dat noflik.. ! Ik koe hast net iens mear fan de yntree fan it resort nei myn keamer komme omdat myn fuorten neffens my ien grutte blier binne. Marrr ik ha wol hearlik dûnse! 😉

No dat wie it wol wer foar no! Ik winskje jimme in machtig moaie snein ta en oare wike dizze tiid, sit ik alwer yn Fryslân! Pfffff

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *