Thailân - reisavonturen

Blog 15 # in mini blog!

Tsja dit is in koarte wike want ik sil hjoed de boel ynpakke omdat ik moarn nei it Shambala festival gean. Hiel benijd wat ik dêr ferwachtsje mei. Ik ha juster heard dat alcohol ferbean is hjir, mar weed ensa mei wol.. hmzzz net earlik.. oaren meie wol stoned wêze mar ik mei net in bierke drinke haha.. tsja das efkes de omgekearde wereld he! Ik lear hjir wol mear en mear ynsjen dat alcohol hjir folle mear as ‘gif’ sjoen wurd omdat it mear kapot makket dan de útwurking dy planten op je ha kinne.. No klear, dat is dat. Ik bin undertusken went om under minsken te wêzen dy gancha (oftewel wiet) smoke. De ien is der oars under as de oar, tis ynteressant mar ik ha der sels gjin behoefte oan dus wurd der net oars fan eins.

Clean the kitchen

Miskien moatte boppesteande foto’s efkes in koarte útlis. Jim kin mear sjen yn’e vlog btw.. Mar Suwat kaam der wat yn om. Hy is kunstenaar, ferekte slim btw, en neffens my ek aardig beroemd ha ik stiekum it idee. Mar klear, in kunstenaar kin soms wol wat chaotisch wêze en dan ha je ek noch sa’n moai beamhús wer je dei en nacht mei dwaande binne. Ik grapte lêtste tsjin Suwat dat as hy woe as ik ris iten kaam meitsjen dat dan earst de keuken opromme en skjin moast want der is gjin enkel plakje wat mear frij is en de ramen lykje gewoan swarte doarren hjir en dêr.

In pear dagen letter appte ik mei him en frege wat der oan’t útfinen wie. I’m cleaning the kitchen! oohh earme skat, no ik ha frege as der ek wat help brûke koe. Hy hat my oppikt en we binne gretig te wurk gien. Hy hat skiften en ik ha bjint alsof myn leven der fanôf hong. Net allinne de keuken skjin want dan liken ynienen dy ramen (wêrfan je gjin glês mear seagen hast) wol hiel smoarch dus ik ha de ramen ek skrape en bjint. Wat in dankber wurk! Mei in muzykje en in hiel soad wille ha we moai dwaande west. Net alles hiene we klear mar yn elts gefal in hiele moaie start! In super dankbere Suwat en in foldane blije Peet 🙂

Myn ôfrune dagen

Tsja myn ôfrune dagen stiene yn’t kader fan de workshop. Noja workshop fyn ik eins in fierstente lyts wurd. want it wie in komplete dei mei behoorrrlike djipgong. Kazembe en ik hawwe ôfrune wike noch wol in pear kear foar it punt stien: litte we it trochgean of cancelje we it toch?? Want it woe net altyd sa soepel gean omdat we beide sa totaaaaal ferskillend wurkje en der moast in hiele soad gebeure yn in koarte tiid en ek noch minsken fine.

No klear, we ha it wol dien!! we hiene 2 minsken mar dy wiene beide kompleet út ‘e skroeven en fielden sich super super fereard dat se dit mei meitsje mochten en dat se de privilege hiene om safolle persoanlike oandacht te krijen. Dus dat wie prachtig, ek no ik al fan ien fan harren in review werom krigen ha binne it allinne mar lovende wurden.

De dei sels wie foar my hjir en dêr wol in pittige challenge. Ik bin de persoan fan de tiid en dy Kazembe ek ordend hâlde mei want hy kin him der kompleet yn ferlieze. En sa begun de dei ek: hy feroare safolle, plande noch iets nijs en hie kompleet skijt foar myn gefoel oan alles wat we plant hiene, it skema etc. Doe flipte ik wat yn mysels en it hat echt in hiele djippe innerlike striid mei mysels west. Wat der barde yn my.

Ik fielde my net serieus naam, ik fielde my ynienen in lytse helperke fan him. Hy is uiteraard MEGA ervaren troch u.o. syn 30 jier ervaring as psycholoog en alle oare dingen dy der hjir al dien hie. Dochs die ik sa myn bêst om te leauen dat ik der ek ta die en wat te te foegjen hie. Dat gefoel wie ik efkes kompleet kwyt. Sa erg sels dat ik tichtklapte en my ferdwine liet op’e achtergrûn. Ik ha my mar dwaande holden mei de lunch en prebeare my foar de butenwrâld kalm te hâlden en neat merke te litten, das net professioneel.

Ik sil net yn alle details fan dizze dei yn gean, dat duorret te lang. Mar we ha letter op’e middei it skema noch efkes trochnaam, we ha wat cancelt en bin in bytsje op myn strepen stien gean. Want yn’t middei programma siet ek myn diel. En dat gie goed, Kazembe hat it lêtste stik wat ynkoarten en doe wiene we ta eintsje beslút ek noch optiid wer klear.

In hiele happening yn myn kop dizze dei, wie it efkes HIELENDAL kwyt op in momint.. It fielde alsof it ALLEGEAR (myn hiele transformaasje ôfrune 2 jier) nep wie en dikke bullshit. Mar hjir moast ik blykber troch hinne.. Want nei dizze dei ha ik in hiel goed gesprek mei Kazembe han. It wie goed om dit te dwaan, it wie mega learsum. Wy ha elkoar better kinnen leard en sjoen hoe wy beide wurkje. En dat is best pittig as dat sa ferskillend is. Mar al mei al, seach ik doe ek yn dat it ego it fan my oernaam hie en dat alle drama dy it efkes oernaam hie, net echt wie. Seker no ek de reaksjes fan de beide mannen der binne dy dizze dei dien ha.

Ik die der seker wol ta! Se funen it just in prachtige kombinaasje mei in man en in frou en ús beide ferskillende kanten. Ik sjoch der no mei folle trots op werom en sjoch wat myn ynbreng wie. Ien fan de dingen dy Kazembe sei: Troch dy Petra is dit troch gien, DO hast mei dyn entûsjasme en enerzjy my oerhelle om net op te jaan en sjoch dan wat it út jun hat. Ek Scott dy mei dien hat joech oan dat myn enerzjy foar him de reden wie om mei te dwaan! Dat binne komplimenten dochs? 🙂 It gie dan miskien wol net perfekt mar we bin in MEGA ervaring riker.. en dizze dame… hat har earste meditaasje mei in groepke yn’t ENGELS dien! Dat wie alwer út myn komfortzone en ik bin grutsk! 😀

Foar de rest soe’k sizze: sjoch vlog 8!! foar alle oare dingen dy ik de lêtste tiid dien ha!

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *