Indonesië

#Blog 16 – In ‘net sa’n winslik’ einde fan Indonesië

Rock’n roll dûnsles jûn!

Ik ha myn lêtste wike noch safolle mooglik genoten fan John syn rock’n roll band! 4x yn’e wike spylje sy en ik ha der 3x west! Ek ha ik wol hearder skreaun oer it feit dat John my frege hie as ik him dûnsles jaan woe. No dat ha we beleefd! It wie sowieso wol aardig in sportieve wike! Ik ha sels 3x moarnsbetiid oan’t draven west oer de boulevard, it goed begjin fan de dei! Sneons ha ik moarns earst mei immen oars oan’t oefenjen west foar rock’n roll dûnsjen omdat ik sjen woe as ik de ‘leader-kant’ goed útlizze koe of net. Middeis ha’k doe John lesjûn en jûns doe ik hast net mear op’e fuorten stean koe ha’k ek noch nei de band west. En mei sukses want der wie fannewike in groep dûnsers út Austraalje en dêr wie in âld mantsje by dy’t wol mei my dûnsje woe! wat in wille!

Myn fuorten ha it wol behoorlik swier han dizze wike trouwens. Doe ik mei Muhammed út Ubud underweis wie nei Kuta wie it daadwerkelik it einde fan myn slippers. Yn Kuta dus nije kocht mar binnen in dei hie ik de blierren op’e fuorten. Dus, dan mar op bleate fuorten. Hearlik fyn’t dat.. mar ik kaam der achter dat it moarns en juns prima wie, mar oerdei SMOLT it ielt my under de fuorten wei en sprong ik fan skaad nei skaad!! OOPSS! doe dochs mar blierepleisters kocht. It dûnsjen woe fansels net op slippers dus dat die ik moai op bleate fuorten.. mar ek dat die nei in skoft ferhipte sear, seker doe ik ek noch yn in stikje glês stapt wie. Noja.. ik die sear dy fuorten.. marrr ik koe der ek wol wer om laitsje, ha der wol fan genoten it dûnsjen en bleate fuorten, ik doch it úteindelik allegear sels 😉

Ik ha sels foar it earst fan myn libben op myn lêtste jun foar it fuortgean op’e bar oan’t dûnsjen west!! 😉


Roerige dagen

Yn detail gean ik der net tefolle op yn ivm privacy. Dochs wol ik jim efkes meinimme yn de situaasje hoe ik Indonesië achterlitten ha. De lêtste dagen wiene al wat roerig. Yn myn holle gie it net sa soepel mar ek yn konneksje mei oare minsken gie it behoorlik net ‘noflik’. Ik wit dat ‘lêtste dagen’ net myn ding is en dat ik wat gespannen wurd, mar omdat ek dêr boppe op noch it kontakt mei oaren flink mis wie holp dat fansels NET. Om it mar zachtsjes út te drukken. 2 dagen foar myn fertrek ha’k sels 2 ‘nood-hulptroepen’ fan thús op belle, it woe ECHT efkes net.

Ik woe ‘goed’ fuortgean en ha it dêrom yn’e lêtste oardeldei dochs noch hersteld foar safier ik dat koe en it fielde goed. Ik koe it yn elk gefal goed ôfslúte en mei in noflik gefoel nei hús en moaie herinneringen ek al wiene dizze moarnen yn Indonesië in wirwar fan ekstreme gefoelens en emoasjes.

It escaleerde wat

Oan’t sa fier gie it goed.. tot 20 min. foar fertrek de hiele boel dochs noch yn’e soep run. Iksels hie hjir gjin oandiel yn mar wie wol de dupe want it rekke my behoorlik. Last minute ha’t in oare freon dy ik hjir troffen hie my ‘út’e brân rêdden en dat fielde goed. Doe it drama ferfolgens noch flink trochsette doe ik op’t fleanfjild wie troch allegear appkes dy ik ûntfong gie ik hiel dubbel fuort. Ik wie bliid dat de ferbining nei in skofke fuort wie en ik neat mear foarbykommen sjen koe.

Iets mei: net mei je gefoelens omgean kinne en dan alle ergernis op in oar skowe en jeself BEHOORLIK foar skut sette. Warempel de 2e kear yn koarte tiid dat in persoan ynienen 180 graden feroaret as se ‘net krije wat se wolle’. It beangstigd my ek wat. Want HOE kin ik my sa dêr yn fergisse? Nee dat is net júst. Ik ha my net fergist yn dizze persoanen, mar it fertouwen dat ik de júste minsken kies en tagelyk de angst dat immen sa feroarje kin makket my angstiger foar nije konneksjes.. Wat kin der wol net achtwei komme as immen net krijt wat der wol of as der alcohol ofsa yn’t spul komt?

Noja om it mar fan de positieve kant te besjen, ik ha no yn elts gefal safolle ôfleiding han dat ik net echt stil stien kinnen ha by it feit dat myn reis foarby is en der om te treuren. 😉 Alle nadeel hat syn foardiel.

First class

Yn China hie ik in oerstap fan 7 oeren. Ik ha mysels dizze oeren efkes yn’e watten lein troch te beteljen foar de ‘first class lounge’. Incl gratis drinken en iten en luxe stuollen. Ik fun dat ik nei al it drama fan de letste oere yn Indonesië wol fertsjinne hie. Ik hie in ferhipte luxe wc bril ta myn beskikking wêr in plastic omhinne siet en ast op in knopke druktest fernijde it plastic en hiest dus in ‘sûkerskjinne’ wc-bril 😉 Wat in wille.

De minsken dy my kinne witte dat ik gek op iten bin en gratis buffet soe dêrom in feesje wêze. It foel my in bytsje ôf. Safolle wie der net, en fan wat der wie, wie in soad pittig of ik wist net iens wat it wie. Mar klear.. ik ha der uiteraard moai gebrûk fan makke en fielde my tige ‘lux en ryk’ dat ik tusken de rike minsken yn dizze lounge siet 😉 Ha’k dat ek wer ris beleefd.

De 2e flucht

Nei hearlik genoten te hawwen fan sa’n 4x in programma yn’e stoelmassage en de búk fol iten en drinken wie ik klear foar de 2e flucht. 12 oeren fan China nei Amsterdam. No ha ik eins gjin moeite mear mei lange fluchten, it is wat it is en ik fermeitsje my faaks prima. Dochs fun ik dizze 12 oeren pittig lang. Dat kaam mei name omdat it yn myn ‘biologische’ tiid oerdei wie. we giene 12 oere fuort en kamen juns 7 oere oan, mei 6 oeren werom yn’e tiid. ‘Oerdei’ dus en dat makke dat ik net sliepe koe. Ik wist nei skoft net mear hoe’k it ha moast qua sitte of wat ik dwaan moast want wurch wie ik behoorlik! Ik hie immers al in nacht oerslein omdat ik yn’e earste flucht hast net sliepe koe troch alle adrenaline wat der bard wie. Lêze, puzzelje of film sjen, ik wie der te wurch foar. Mar yn sliep falle, ho mar.. naja.. it is wat it is.

Heit en mem ha my ophelle yn’e cabrio want it wie fansels moai waar! Dat fun ik dan wol wer hiel lekker thúskomme mei it sintsje derby! Ik ha fannacht lyk 10 oeren koest, dat koe’k wol efkes brûke..

En foar no.. is’t earst út mei de blogs en vlogs. Yn elts gefal foar no 😉

7 moarne wêryn ik wer fanalles beleefd ha en in hiele soad wiizer wurden bin en leard ha! Nije minsken kinnen leard ha, hurde lessen mar ek moaie konneksjes!
Ik wol jim tige danke foar it folgjen fan myn ferhalen, filmkes en sa no en dan leave en leuke reaksjes! 🙂

Oan’t sjen!

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *