Thailân - reisavonturen

Blog 16 #Shambala en op nei súd Thailân!

Shambala

It filmke seit warskynlik mear as genôch! It wie efkes kompleet wat oars dan ik ferwachte hie! Stikken lytser, smûker, en echt hippy-vibe. Ik fiel my thús, al fiel ik my noch net altyd direct sa frij as harren, it triggert my wol om gewoan te wêzen en los te litten wat oaren fan je tinke. It wie dus efkes echt flink oars as dat ik went wie. Doe we oankamen wie der dus neat.. Tsja allinne in bult frijwilligers mar der stie gjin rij, lit stean dat der immen wie om ús te fertellen wêr we ús tent pleatse koene. Mar it wie machtig, sjoch it filmke!

De reis nei’t súden

En doe mandei stie my in nij aventoer te wachtsjen! Op nei súd Thailân! 2 nachttreinen achter elkoar en dan ergens komme wêr ik NEAT wit, werom nei it backpackers libben want in prive hutsje sit der net yn ha’k oan’e priizen wol sjoen. 13 euro per nacht, wyls dat yn Pai foar 3 euro koe.

Stap 1 wie yn’e auto mei Roy en Kazembe dy my nei Chiang Mai riden om de 1e nachttrein te pakken (stap 2), doe in dei omhingje yn Bangkok om ferfolgens juns de folgjende nachttrein te pakken (stap 3). Dan oankaam yn Surat Thani mei in buske nei it folgjende busstation (stap 4). Dat buske wie dan wer in oantal oeren fan Surat Thani nei Krabi (stap 5) en doe de lêtste fan Krabi nei Ao Nang en myn hostel: Glur. Poe, dat wie in hiele reis. Om te sjen hoe dit gie komt der in filmke wat mear seit. Hoe dat wurket yn in ‘nacht trein’, hoe je sliepe en hoe dus je SKUON JATTEN WURDE!! grrrr mar klear, alles gebeurd mei in reden, helemaal prima! Tsja.. ik hie myn nikes oan myn backpack hingjen. En immen hat se der gewoan ôfhelle en hat de trein ferlitten mei MYN skuon!! grrrr

JOKTE!!

Tsja, iets wat my behoorlik yn’e macht han hat de ôfrune wike is jokte. Jokte oer myn hiele liif! Yn de lêtste dagen fan Shambala hat in spin (tinke se) my flink te pakken naam. OERAL bulten en ûgriselike jokte!! Ik ha in oalje fan Suwat krigen, ha my te pletter smaart mar yn myn reis underweis nei’t súden ha’k earst nei de ‘pharmacy’ west foar in sterke salfe. No dit holp my noch neat! Ik gie kapot fan’e jokte. sa’n 25 bulten per foet, op myn búk en rêch en dan myn earmen noch! Net alles troch de spin mar letter oare muskito’s dy ek gek op myn bloed wiene by de hotspring.

Yn Bangkok hold ik it net mear en ha’k allergie pillen krigen yn’e ‘pharmacy’. Dy ha’k no in pear kear naam, it skeelt miskien in bytsje mar noch net echt genôch eins. Gelokkich wurd it no langsemer oan wat better..

In hiele oare ‘vibe’

Ik wist dat it hjir efkes wenne wie, Ao Nang. T’is in fakânsje oard en dus in kompleet oare vibe en enerzjy dan yn Pai. Ek in lange reis han, dus ik ferwachte net tefolle fan mysels. Dochs sels nei 4 dagen fielde ik my noch steeds net echt chil hjirre. Arjan (in Fryske jonge hjir yn myn hostel!) sei dat it kaam fan’e hitte want hy wie ek net sa yn syn hum. Tsja it is hjir idd FEREKTE hyt! Ik hâld fan waarmte, mar inderdaad it feit dat it sels nachts net in graad ôfkuollet en benaud is, fret wol in soad enerzjy. Ik bin wol echt fan’t iene úterste nei ’t oare úterste gien.

Ik tocht it sil wol fan de feroaring komme en it net witten wêr ik earst en lêst hinne moat. Ek hie’k noch wat oare redenen wêrom it net woe.. mar juster betocht ik my tidens in meditaasje dat it warskynlik komt omdat ik yn in oare enerzjy hjir sit. De enerzjy fan Pai, wêr ik al safolle oer ferteld ha, is gewoan magisch. Sa sterk, sa heech. It liet de gekste dingen gebeure, ik leefde yn in hege frequentie en de minsken om my hinne ek. En dat is hjir in dubbel ferskil. Ik mis dy frequentie fan Pai ten earste en ten twadde ha ik hjir net safolle minsken om my hinne dy yn’e selde enerzjy libje as dat ik wol. Gjin spiritualiteit, gjin konneksje mei de natoer of back to basis mar foaral jild útjaan, materialistisch, alles beleve moatte, it draait om allegear oare dingen..

Oan my dus de taak om te akseptearen wat ik fiel en wat der is. Net der tsjin fjochtsje (wat ik fansels ûnbewust WOL dien ha ôfrûne dagen). Ik prebearre wer fanalles om it gefoel werom te krijen, mar dat wurket averechts! Ik krige neat troch de hannen, it flowde net, it siet allegear krekt net mei en foaral yn myn holle wie ik NET kalm en ik wie net oanwêzich yn mysels. Bleeehh.. Net sa mâl dat ik depressyf ofsa bin hjer, mar as je sa lang yn dy hearlike gelok, tevreden, gelokkich en dankberheid leeft ha dan wol je dêryn bliuwe fansels..

Juster ha’k de striid opjun. Ik ha in pot bier helle en my der by deljun dat it gewoan hjir net myn plak is en dat it helemaal ok is dat ik safolle rotdagen han ha. De striid ferlern fielde it omdat ik dat bierke nedig hie om te stopjen mei fjochtsjen. Mar tagelyk tink ik eins.. Nee Peet, hast hielendal net ferlern.. Want doe ik in foto stjoerde nei Wolter (de Fryske jonge dy ik yn Pai moete ha) mei de tekst dat ik de striid ferlern hie. Seach ik op’e foto hoe bliid ik eins wie. Ik hie eindelik de striid opjun dy ik opjaan woe! Yes, my der by deljaan! En dat in bierke op dat momint it ienige is wat my helpt, dan is dat PRIMA! T’wie ferdorie sneon en sa faak drink ik gjin bierke, net te streng foar mysels, nim it libben net altyd te serieus 😉 Proost!

Railey

Mei in longtailboat foar 200 bath kin je maklik fan ôf hjir nei Railey, in skiereilân. Dat ha’k ris efkes beleefd op ien fan de dagen dat ik my net sa best fielde. Dochs ha’k der in machtige ervaring op dien! Whaaa, super koel! Ik ha oan’t klimmen west! En net samar klimme, mar best wol next level klimme, sa as op in klimwand mar dan SUNDER touwen en net geplaatste dinkjes om je fêst te hâlden mar gewoan echt in klif op en ôf klauterje. Op myn slippers ek noch wol!

Ik moat sizze dat de rillingen my sa no en dan flink troch it liif fleagen, dit is tink ik it spannendste west wat ik ta no ta fielt ha yn dizze reis. It joech my dêrom ek in mega adrenaline kick!! Wow wat wie ik grutsk op mysels!!

Suitcase

Dêrneist bin ik hielendal klear mei de mega soad kilo’s dy ik mei sleep undertusken! Ik ha in soad ekstra spul kocht yn’t noarden troch de kjeld, wat souvenierkes en myn mini gasteltsje, pannen en al it materiaal. It reizigt net mear noflik. Ik wol LICHT reizigje. Dus dizze dame hat nei hiel wat útgepuzzel in koffer op lazada kocht (aliexpress fan Thailan). En dan gean ik dêr it gewicht yn dwan. Ik wol it leafst ek in hiele bult klean fuort stjoere omdat ik it gewoan net mear nedig ha. Mar dat falt noch net ta. T’is namelik ferhipte djoer om spul op te stjoeren.

Ik ha yn elts gefal beslúten dat ik mei it eilân hoppen allinne in koffer mei nim en myn tas mei spul hjir lizze lit yn’t hostel. Dan undertusken mar efkes neitinke hoe ik fierder sil. Mei tas en koffer of toch opstjoere. hmm…. Hooplik komt de koffer hjoed en dan gean ik warskynlik moarn nei Koh Lipe!

Oan’t oare wike!!

2 Comments

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *