Reisavonturen - Amerika

#Blog 17 Ald en nij

Tongersdei ha ik moarns mei Hennita mei west om gesellich mei 2 freondinnen fan har te ‘lunchen’. Noja, we neamden it breakfast om 10.00 mar we wiene pas in oer as 1 as 2 werom. Tuskentroch ha ik dwaande west mei myn oare plan. Ik woe graach in artikel skriuwe oer it weromsjen nei 2021 en ik hie noch it idee om út myn comfortzone te stappen en in meditaasje op te nimmen.

It leafst doch ik dit mei wille en net omdat it MOAT fan mysels. Dat is ek wêr myn expeditie oer giet. Fiele wat goed fielt en dat dwaan, net iets dwan omdat it zogenaamd MOAT fan mysels. Ik lei mysels lyk alwer druk op dat dizze earste meditaasje dy ik opnimme soe fansels perfekt wêze moast. Mar doe tocht ik nee peet, dan wurd it sowieso niks. Jou it op, en meitsje in FLUT meditaasje en as it echt niks is, no dan list it lekker.

En sa wurket it it best. Opjaan, aksepteare dat it flut wurd en ynienen is de druk fuort. Dan wurd it súver grappig ynienen dat ik in flut meditaasje meitsjen gean. Noja al mei al, deze dame hat it dien! Hat it loslitten dat it perfekt wêze moast. Ik ha it earst oan in pear freondinnen en famylje hearre litten en doe dy posityf wiene doarde ik it ek mei de rest te dielen. Foar wa it hearre wol mar net de automatyske mails krijt, de meditaasje is werom te finen op myn youtube kanaal ExpeditieHappinezz.

Ohja, juns ha ik lasagne makke foar elkenien! Fansels kaam myn ego wer om’e hoeke dat it toch mislukt wêze soe en bladibla. Mar as ik earlik sizze mei, ik fun um self ferekte lekker!! 😉

Freed âldjiersdei!

Yes, krekt wat as thús! Ik leau dat net folle oare lânnen âldjiersdei echt fiere, faaks allinne mar de nacht. Mar dit jier wie ik dus by Stephen en Hennita en Hennita wie fan plan oaljekoeken te bakken! Dat wie fansels in machtig idee! Se hie in freondin en wat buren útnoege en ek myn maat Bradley mocht derby. As grutske Nederlânders ha wy tegearre mei in soad wille de oaren sjen en priuwe litten wat we normaal sprutsen dogge yn Nederlân mei âldjiersdei. Ik hie dit jier dan wol net de Fryske top 100 live mar Hennita hie de top2000 lekker lûd yn’e tún. Hearlik wat ha ik genoten!

Wer fierder op reis

Moarns hat Bradley my holpen al it spul út de caravan op te romjen want tsja, oan alles komt in einde en ik ha beslúten dat ik nei 2 wiken by Stephen en Hennita wer fierder gean. Bradley en ik kinne it goed fine en we ha dêrom besletten dat we in skoftke tegearre reizigjen gean. Earst noch yn in airbnb wêr hy no sit en dêrnei nei Miami en the Keys! Alles ynpakt dus en de caravan sa skjin mooglik achterlitten.

Parade

In oer as healwei 5 binne we fertrokken om oan ús âldjiers ‘plan’ te starten. Allerearst nei in Amerikaanse parade. Ik hie gjin idee wat it precies wie, ik tocht in optocht ofsa krekt as mei de Eastereinder feesten. Mar dit wie dochs efkes oars.. Ten earste duorre it in oere en ten twadde gie it foarnamelik om 2 footbal ploegen dy moarn yn in grutte ‘bowl’ tsjin elkoar spylje soene. Ik moat earlik sizze dat ik yn ’t begjin wat teleursteld wie. In soad plysje ljochten en reklame mar de optocht stie foaral stil.. Der gebeurde neat, ik tocht pff dy Amerikanen witte ek net hoe je in optocht meitsje! Haha.. mar ik kom der op werom. Nei in skofke wie der dochs mear te sjen en foaral jeugd yn korpsen, chearleaders en oare dûnsers. Ik wie foaral understeboppe fan hoe alderferskuorrendst grut de korpsen wiene!! Wat in lange rij!! En wat wiene se aktyf, machtig!! Dit komt fêst werom yn ien fan de flogs.

Prachtig fjoerwurk……

Hjirnei ha we self de auto pakt en binne we opwei gien nei St. Peterbourg. Dit feest bútendoar joech my wat it idee fan it befrijdingsfestival. Oeral en nergens is wat te dwan al moat ik sizze dat der net hiel folle interessants foar ús tusken siet mar we ha der it beste fan makke. Doe it hast 12 oere wie sieten wy earste rang oan it wetter! En wyls we noch midden yn in gesprek wiene en gjin idee hiene hoe let it wie begun iederien ôf te tellen fan 10 oan’t 1. HAPPY NEW YEAR!! No it fjoerwurk sjen.. noja sjen.. Hearre, want it wie yn in healoere ynienen SA alderraast mistig wurden dat we echt NIKS mar dan ek echt NIKS NIKS sjen koene.. (as it goed is, is hjir ek in filmke fan! Haha)

We ha der mar om lake en binne dernei mar op nei hûs gien. Ondanks alles fun ik it in hiele leuke dei!

Sneon en snein ha we wat kalm oan dien. Wat foar niks hin en wer riden omdat we net wisten dat sommige winkels ticht wiene, opromme, kletst en omhongen. Ohja, en we binne hearlik út iten west. Myn bêst dien om der efkes ‘fancy en netsjes’ út te sjen mei de klean dy ik hjir ha.. Haha, dat is in behoorlike útdaging haha. Ik ha net bepaald ‘sneinse’ klean.

Mandei binne we der efkes op út west, nei ien fan de natoerparken hjir. Der binne namelik in hiele soad. Hoe feillich it precies is, fine we beide lestig yn te skatten. Der stean oeral boerden dat je oppasje moatte foar it wyld wat der is, mar der binne wol paden oanlein en der bin mear minsken. It iene momint hawwe we der de gek mei mar it oare momint twifelje we as it úberhaupt wol feilich is en der kin elts momint in slang, aligator, wyld swyn oid foar ús stean. Noja in bytsje sensaasje is net ferkeard 😉

Topgolf en aligators

Tiisdei ha we moarns earst ‘topgolf’ dien. Ik hie der noch nea fan heard mar Bradley hie it wolris dien en der binne blykber net hiel folle plakken wêr je it dwan kinne en hjir dus wol. Op 3 ferskillende etages knalle minsken golfballen yn in soart fan ‘target’. In soart fan darte mar dan mei golf op in mega grut fjild. Fansels hie ik noch nea hearder golft en hat it der fêst hiel klunzig útsjoen mar ik murk op dat ik net de ienige wie doe ik neist my seach 😉

Middei binne we op syk west nei Aligators! Earst yn in park yn’e buert en der fûnen we in baby aligator. Doe ha we beslúten dat as we echt grutten sjen woene dat we in oerke ride moasten. We ha lang socht mar op in gegeven momint miende ik dat ik der ien seach. Tafallich stie der in jonge yn’e buert mei in super deluxe camera dy in foto makke en ynzoomde. Ja sei der, hast gelyk! Hy ferstoppe him fansels en allinne syn neusgatten en stikje holle kaam boppe alles út.

No ha Bradley en ik wol efkes stiekum wat fouts dien mar we woene efkes seker witte as it wol echt wie.. We giene der fanút dat der toch net hielendal achter ús oankomme soe. We hawwe in pear stjinnen fun en dy yn’e buert fan him goait (fansels net OP him, dat soe bistemishandeling wêze fansels) mar hy joech gjin kick.. Noja, hy bewoog in bytsje mar hy liet ús net syn grutte tosken sjen wêr wy fansels op hoopt hiene. Noja al mei al, ik ha wer mear aligators sjoen yn ’t wyld.

Efkes bykomme

Woansdei efkes in dagje niks. Noja niks? 4 wasken draait, belje, nij beltegoed helje, dingen regelje etc etc. Al mei al hiene we alsnog in drokke dei mar it binne faaks allegear dingen dy gjin namme ha. We ha under oare besletten dat we snein nei Miami gean!

Kayake yn’e oceaan

Tongersdei wie ik eins noch wol ta ein in dagje niks mar we Bradley kaam mei it idee om nei in moai eilân/nationaal park te gean en dêr te kayaken. Tsja wêrom net! Kayake yn’e ocean! Noch nea hearder yn’e ocean dien en gjin idee as it feilich is of wat we ferwachtsje kinne.

Frustraasje en miskommunikaasje, zucht..

No moat ik earlik sizze dat de grutste útdaging dizze dei ús kommunikaasje wie en misferstân nei misferstân. Wêr it mis gie, gjin idee mar ik wit wol dat je je knap ellendig fiele kinne as je midden yn’e ocean yn in kayak achter elkoar sitte, elkoar net oan sjen kinne net omdraaie kinne en in flinke deskusje hawwe! Hemeltje, wat fielde ik my efkes hulpeloos. Ik koe net fuort rinne, we koene elkoar net oansjen en tagelyk hiene we net de tiid om it efkes rêstig út te praten. We driuwden namelik tagelykertiid de ferkearde kant op.

We hiene beide neffens my sokiets fan: praat ik Sjinees ofsa?? Hoe kin it dasto net hearst wat ik sis en dat ik net heard ha wasto sein hast. It sil wol de kombinaasje wêze mei ferkeard fertale, oare dingen bedoele, oare útdrukkingen en ferwachtsje dat de oare it wol begrypt. Ik ha eins nea rúzje mei immen, ik kin namelik absoluut net oer de spanning dy der dan hearst. Ik kin der net oer as we minsken it net iens binne. As it no in rúzje is tusken oare minsken of mei my, ik kin der net oer en wol it sa rap mooglik de wrâld úthelpe. As je dan omgekeerd yn it midden fan oceaan dobberje en rap beslisse moatte is dat lichtelik útdrukt enigszins frustrerend!

Lokkich ha we der letter gewoan oer prate kinnen. As we gesellich trochreizigje wolle tegearre dan sille we dochs better kommunisearje moatte en better lústerje nei elkoar. Ik merk ek hiel erg dat ik soms wat fêst rin mei de taal. Ik ha yn Mexico hieltyd Engels praten mar yn Amerika wie ik eins altyd by NL minsken dus ha ik in soad NL praten. No ik mei Bradley bin is elk wurd Engels. Gelokkich giet dat best wol fansels en skrik ik der sa no en dan fan dat ik sels efkes tinke moat as ik it fertale wol nei Frysk of NL. De mominten dat ik fêstrin is wannear ik mysels úterje wol en as de emoasjes wat oprinne. Dan wol ik sa graach útlizze en begrepen wurde dat ik de wurden net mear fine kin of totaal niks mear wit. Bradley joech my it advies om dan earst gewoan myn frustraasje der út te goaien yn it Frysk en dan letter te fertalen sadat de druk dr ôf is. Miskien is dat wol in goed plan, mar it fielt wat ûnnoazel ofsa. Mar op sokke mominten brekt it my efkes op.

We soene in prachtige sinsundergong sjen mar it wie potticht mei wolken doe it safier wie, krekt as mei it fjoerwurk. Noja, dan sneon mar as we nei Clearwater gean! Gelokkich giet de sinne eltse dei gratis under!

Freed in lekker childagje, Miami plant en in nachtje op de Keys! We binne fan plan echt efkes fakânsje te hâlden en ús as toeristen te gedragen 😉

Ohja!! Hast fergetten! Undanks dat ús kayakritsje net hielendal flekkeloos ferrûn waarden we oan it einde samar ferrast troch dolfijnen om ús hinne!!! Echt samar, 2 meter neist ús!! Woehoee, dat wie wol efkes hiel magisch! 😀

Excuses dat de vlogs sa’n ein achterrinne! We belibje safolle en kletse safolle dat ik eins al net iens tiid mear makke om dit te skriuwen.. It komt fansels, efkes geduld 😉


Oare kear mear!

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *