#Blog 17 – In roerige 2,5 wike thús, mar ek grutte iepenbiere stappen!
2,5 wike bin ik thús en oh wat ha we alwer wat meimakke. De earste wike draaide foaral om de trouwerij. It stikje yn elkoar sette, útwurkje, jurk, klean en kapper regelje en doe de dei sels. It wie in moaie dei en wat hiene se it goed en moai foar elkoar!
Samar kaam der wat op myn paad!
Doe samar de 2e wike kaam der wat op myn paad. It is HIEL snel gien! Al leau ik sels dat ik it ûnbewust al folle hearder oanlutsen ha. Ik krige al gauris de fraach as ik ek wer oan’t wurk gean soe as ik werom kaam en wat ik dan dwan soe. Ik sei en leaude: Der komt wol wat op myn paad, en sa net? Dan komt it wol goed, dan komt it jild wol op in oare manier. Ik folgje de flow en fertrou!
Dat it SA snel op myn paad komme soe en op dizze manier hie ik net ferwachte. Ik lêsde iets en waard enthousiast. In masterclass om energetische hypnose te leren. Inklusyf magnetiseare, mesmerisme, wurkje mei in wichelroede en de quantum reset. Ik twifele gigantysk, mar alles foel op dy iene dei op syn plak en sa ynienen siet ik de oare deis wer yn’e skoalbanken!
Poe, it wie gjin makkie. En dan ha ik it net oer de stof mar oer wat der troch my hinne gie. Ik bin troch fanalles en noch wat hinne gien. Innerlike striid en weerstand, de ferbining misse, alles op tafel goaie en úteindelik werom komme by mysels en der KOMPLEET wat oars fan leard ha en úthelle ha dan wat ik ferwachte hie. It papierke is binnen, en no sjen hoe ik myn nije kennis en ynsichten ynsetten gean.
Nei noch in pear fiks mentaal drege dagen dat ik echt efkes hielendal it paad bjuster like te wêzen, de handdoek yn’e ring hingje woe en dr HELEMAAL klear mei wie. (sêft útdrukt ek noch….) Koe ik mysels mar wat ferdôfje om wat minder te fielen en bewust te wêzen..
Kaam der ynienen romte de oare deis. Hielendal by 0 begjinne en wer flowe fanút mysels. Wêrom doch ik dit en dat? Wêrom leau ik dêr sa yn? Wat ha ik ek alwer meimakke?
Fragen dy my wer op myn júste paad setten en doe floeide der samar fanalles troch my hinne en ha ik de moaie nije plannen op papier setten en wer in stapke konkreter makke. De oare deis ha ik der sels wat oer dielt op social media.. en dan is hoe it der oan’t no ta foar stiet 😉
SNEON sil ik nei it ‘free spirit festival’ yn Workum. Mark frege my of’t ik ek in Fryske meditaasje op it iepen podium dwaan woe. Spannend… want ik bin der noch nea west. Mar as ik fierder wol dan mei ik mysels sjen litte! Hatsikidee!!!
Foar degenen dy gjin social media hawwe, wol ik ek graach hjir diele wat ik hjoed dielt ha op facebook en instagram. –>
Yess!! Ready to step out of my comfortzone!!
Hieltyd mear sjoch ik en DOAR ik yn te sjen wêr myn krêft leit. MAGIC happens, ik wol der mear mei dwaan en dit trochjaan en ha machtige ideeën en plannen!!!
Mar dan, as puntsje by pealtsje komt…
fyn ik it spannend en eng en kroep ûnbewust werom yn myn holle. Ik wol it ferklearje mei it ferstân. Dat is allinne net te dwan mei it wurk wat ik doch. De gedachtestroom oan twifels begjint.
Wa mien ik wol net dat ik bin?
Maklik en foar de hân lizzend om alles gau wer oan’e kant te skowen en mysels wer ’te plak’ te setten.
“Dêr bin ik net goed genôch foar, oaren binne better, ha mear diploma’s etc.
Wat mien ik wol net, as ik it mei it ferstân net iens ferklearje kin?”
Tidens myn reizen komt it kear op kear ûnferwacht op myn paad, gebeurd it samar en feroarje ik minsken harren libben. It giet fansels, gewoan troch mysels te wêzen en iets te folgjen wat my driuwt. Op sokke mominten flowt it gewoan! It ferstân komt der hielendal net by sjen, we hoege it dan net te begripen.
Ik leau dat ik hjir SAfolle MEAR minsken mei helpe kin en dat doch ik mei alle leafde!! It is tiid om dat ferstân oan’e kant te setten en mear op myn gefoel te fertrouwen en der gewoan foar te gean! Super spannend, dat wol.. en dat mei 😉
Troch de masterclass fan foarige wike seach ik yn dat ik eins folle mear behears dan ik tocht en ferhipte moai bezig bin as ik op reis bin. Dat ik it eins al die, it hie allinne gjin namme, wol it effekt!!
Binnenkoart diel ik mear mei jimme. Hoe ik it foarmjaan gean!
Hjir noch de wurden fan Mark Ringnalda dy’t de masterclass jun hat.
Hoe mooi kan het zijn…
Petra Yntema kwam dinsdag langs in de Praktijk en woensdag schoof ze aan voor de masterclass energetische hypnose. Een prachtige verdieping voor Petra naast haar mooie Friese meditaties om cliënten nog meer te kunnen bewustworden en transformaties in te zetten.
Vanuit optimale verbinding hielp ze al medecursisten met de krachtige Quantum Reset ballast te releasen! En het mooie is: ze doet de sessies in het Fries wat voor veel Friezen natuurlijk heel fijn is.
Succes Petra🙏
No dit wie it earst wer foar no! ik winskje jim in moai wykein alfêst en as ik de behoefte fiel, dan diel ik wer wat 😉 Ik lit jim fansels seker witte sadra de grutte plannen ek echt op tafel goait wurde en it heve sil!!
Ik sil my earst ree meitsje foar de meditaasje op it iepen podium! Excited!