Werom yn Fryslân

Blog 18 – HUH?? are you kidding me?!

I’m shocked!
Samar krige ik fannewike in berjochtsje.. “Petra, ik tink dat ik wit wêrom it kontakt mei dyn ex-freontsje hjir út Indonesië wat minder wurd.” Noja ik tocht, dat snap ik sels ek wol. Elk hat syn eigen manier om dingen te ferwurkjen en ik wit dat H it hiel dreech hie mei it feit dat ik der in punt achter setten hie. De leafde wie der wol mar ik seach it gewoan net sitten foar de takomst omdat wêr we stiene yn’e leven en de manier fan leven tefolle fan elkoar ferskilden. Ik stean achter myn beslút, it is goed sa. Dochs wie it dochs ek efkes in echt ‘ôfslúten’ doe ik echt út Indonesië gie. De ôfrune moarnen yn Indonesië hawwe dochs wol in hiel soad om him en ús gien en ik jou gewoan noch steeds om dizze jonge. Ik winskje him it allerbêste en hoopje dat alles goed komt

Mar no hie dy freondinne dus wat te melden. Ik fielde um ergens al oankommen. Hy sil wol in nije flam hawwe. Ik kin him langer as hjoed en omgean mei emoasjes wurd harren net leard yn’e kultuer dus dêr drave we foar fuort. Hiel logysk yn myn eagen dat hy dan lyk syn oandacht op in oare dame stoarten hie om mar net it gemis te fielen. Mar dat wie net it nijtsje wat se te melden hie..

Se wie der senuweftich oer, draaide der mar om hinne en sei wol 5x hoe erg se dit foar my fun.. Se wie SHOCKED!! Ik waard súver senuweftich…. In lang ferhaal fan har koart….
Hy is in pear dagen lyn trout!!

SLIK.. Shock… stil… HUH?… what?

It gierde troch myn liif… Ik wist net sa goed wat ik no fielde. Ik siet yn’e auto en lústere it voice-berjochtsje ôf. Hy is trout??? Tig gedachten en fragen fleane troch my hinne.. Tagelyk laitsje ik mar fiel ik ek in enorme knoop yn myn maag. Oan’e iene kant kin ik it net folge, 3 wike lyn hat der noch tot út syn teannen my de leafde bewezen en wist der fan gekkigheid net wat der yn fredesnaam moast omdat dat, wat der fielde en wat ik mei him die, iets wie wat der noch nea ervaren hie. En no is der ynienen trout? HOE dan? Wat foar angst-sprong is dit? Bang om de leegte of it leafdesfertriet te fielen? Kinst it SA hurd oan’e kant sette?

Tagelyk fiel ik ek dat ik eins mear oer him yn sit. Ik jou om him en ik winskje him echt it allerbêste!! Mar is dat dit?? Benaud dat der as in kat yn’t nauw núvere sprongen makket. Ha ik tefolle yn him losmakke, mear oan it tinken setten dan der oan koe? Ik ha him aardig bewust makke fan himsels en oan it tinken setten.

Ik bin mei mem de stêd yn mar de kop ha’k der net by. In knoop yn’e maag.. Jonkje jonkje, wat dochst no..? En wêrom hat it my sa te pakken? Ik bin der beroerd fan en ha 100 fragen. Dy antwurden sil ik warskynlik nea krije..

Wol ha ik juster mei him belle, hy wie tige blier en liet mei grutsk syn ‘nije frou’ sjen. Ik wie hiel bliid foar him, ha myn eigen gefoelens mar efkes by mysels holden. Hy sil no wol efkes genôch oan’e kop hawwe en miskien prate we wol ris as de measte gekkigheid foarby is. Earst foar mysels ek mar efkes sakje litte..

Fansels snap ik it wol fanút syn kultuer. Trout wêze en dan bern, dat is je takomst, dat is je pensioen sis mar. Yn Indonesië is it gewoan oars, je oerlibje elke dei fan it jild wat je dy dei fertsjinne ha en je ûnderhâlde je âlders ek fan dat jild. Dus as je âld binne en net mear wurkje kinne, pasje de bern op harren âlders. It is fansels dêrom wol wichtig foar him dat der trout en bern krijt. En toch, 3 wiken lyn ha ik noch serieus overwogen om it dochs oan te gean mei him en no is der trout mei in famke wat der 14 dagen kin. De wrâld hat sa syn ferrassingen.

Der komt aanst noch in oar ferrassend mailtsje mei in LEUK nijtsje!!

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *