Thailân - reisavonturen

blog 18 #Oer druk, wurk en siik wêze

*Note: Ik moat efkes weromkomme op iets wat ik sein ha yn’e lêtste vlog oer de moslims!! OOPS!! Ik sei iets oer it feit dat der yn Ao Nang safolle moslims wiene dat ik it idee hie dat se de boel oernimme woene fan de Thai. Doe ik it der juster mei Kazembe oer hie omdat der hjir op Koh Lanta ek in HIEL soad moslims binne, fertelde hy my dat ik mis siet. Want de moslims dy hjir binne, dat binne Thai! OOPS!! sorry jonges, ik wie wat te koartsichtig miskien dat alle Thai boedhistisch binne, mar das dus net sa. De moslims hjir binne super leaf en behulpsem btw en se binne dus ek gewoan echte Thai 😉 Dat woe ik efkes rjochtsette.

**Foar alle dúdlikheid en wat it makliker makket foar jim tink ik, is dat de betekenis fan KOH, eilân is. Dus alles wat mei ‘koh’ begjint is in eilân 😉

Druk, in probleem wat iksels creeër..

Ik bin totaal in wike op Koh Lipe west. In lyts eilân, erg toeristisch en dus djoer. Dochs fun ik it lytse en knusse wol fijn. Ik kin it oersjen en ha net konstant it gefoel dat ik fan alles mis. Dat ik oeral wêze moat en alles dwan moat. Gek no, hoe soks wurkje kin yn je holle. Want dy druk, dat ik niks misse mei, doch ik helemaal sels.

Net allinne de druk fan it net missen mar foaral de KONSTANTE druk dy ik op mysels ha dat ik NUTTIG wêze moat! Wêrom? No eins is dat antwurd best simpel.

Dizze dame hat yn har ‘Expedition Happinezz’ echt har happinezz fun en ervaren!! En ik bin noch net klear, want wow wat in nije wereld giet der foar my iepen. Ik wol hjir fierder yn, want ik ha der no mei kennis makke en ik wol dit net ferlieze. Wat der yn’e takomst kommen giet wit ik net, en dat lit dizze controlfreak ek HIELENDAL LOS!! 😀 Jaaa, hearlik toch? Ik libje yn’t no! en hoe myn takomst der út sjen giet, dêr ha ik gjin idee fan. En yn pleats fan yn drama en problemen te tinken wol ik de oare kant op tinke: it wurd allinne noch mar folle moaier! Haha.. we hawwe der dochs gjin idee fan, dus as we toch der foar kieze om nei te takomst te sjen wêrom dan fanút angst en betinke hoe alles mis gean kin?? It jout je allinne mar stress yn it ienige wat der is, it NO.. dus ik kies der foar de kontrole oer de takomst los te litten en as ik wol dreame wol, dan is dat posityf!

Wat ik eins sizze wol. Dizze dame is dus noch net klear en wol fierder. Fierder mei dit frije leven, dit leven wêr yn ik safolle lok ervaar. Dit leven wat ik no leef. Wêryn ik genôch ha, my sterker fiel, de júste minsken om my hinne ha dy my groeie litte. It leven wêr yn ik lear fielen kear op kear as ik goed sit en sa net dan pasje ik myn rjochting oan. Dat kin it wurk wêze, dat kin it plak wêze wêr ik bin, it sliepplak, myn freonen, myn gewoantes of wat dan ek.

Dus om op dy druk werom te kommen. Dêr sit noch in stikje wêr ik noch oan fêst sit, dy druk dy ik op mysels lis. De druk dat ik iets creeëre moat en wol sadat ik dit leven leven bliuwe kin. Dat ik frij bliuwe kin en dat ik dus ynkomsten ha wyls ik frij bin.

Ik wol it eins net as ‘wurk’ sjen. Want it binne machtige ideeën dy ik útfiere wol. Wêrom ik it dan net doch en útstel? No dat ha’k ek frij dúdlik en earlik: as iets allinne noch in idee yn je holle is, is it in sukses!! as je it echt dwan gean dan KIN je fale, it kin minder suksesfol wêze, it perfectionisme komt op en t’is nea goed genôch. Tsja… dat is wêr ik soms mei struggelje.. DUSS deze dame hat in plan..

Deze dagen is Kazembe hjir noch en sil ik de oandacht jaan oan de dingen dy WY tegearre wurkje litte wolle. Dêrnei giet hy werom nei Pai en bin’k allinne dus sil ik 4 a 5 dagen in goedkeap en saai plak sykje wer ik wol perfekt wurkje kin! Dan knal ik dy 5 dagen folop om fan moarns betiid tot juns let te knallen. Gjin skuldgefoel dat ik eins genietsje wol fan it feit dat ik yn Thailân bin mar puur knalle en konsentraasje op myn dreamen en plannen. Dêrnei mei ik it loslitte omdat ik genôch dien ha en mei ik sûnder skuldgefoel GENIETSJE fan de eilânen gewoan NIKS dwan en fakansje fiere.. soe ik dat kinne?? hahaha, we sille sjen 😉

Dagje koh Adang

Kazembe wie hjir ek op Koh Lipe sadat we wat dingen beprate koene yn real-life oer it wurkjen tegearre. (oer de tillefoan slagget ús dat net altyd like bêst). Dochs hiene we ek ôfpraten net allinne mei wurk bezig te wêzen mar ek efkes te genietsjen fan it eilân. Dus we hawwe ien fan de weinige dingen dien dy hjir te dwan binne. Mei de longtailboat nei Koh Adang (10 minuutsjes fare) en dêr in flinke ‘hike’ nei boppe de berg op om úteindelik in prachtig útsicht te hawwen. Goed as teambuilding uitje soe’k mar sizze! In oere nei boppe en in oere werom seine se. No hat Peet aardig de gang der yn dus wy wiene fansels sneller en tagelyk hiene we ek noch goeie gesprekken underweis.

It boatreiske derhinne wie eins al in aventoer opsich! Potjandikkie, op’e see gie it mâl mei de golven, we fleagen fan hot nei her en it wetter fleach fansels oer de boat hinne dus we wiene hielendal sijktroch foar we oan’e tocht begun wiene. Mar klear, in healoerke letter swit je je de naat út troch de sinne en it klimmen en is it grutste ferlangen om dy bats wetter oer je hinne te krijen! haha..

In prachtig útsicht!! 3 stops, 3 útsichtpunten. Underweis wat apen tsjinkaam, prachtige flinters (dy ik mar nea op’e foto krij) en gekleurde eigenwiize hagedissen. In goeie workout tagelyk dus in machtig begjin fan’e dei! 12 oere wien we werom en nei in ontbijt en in ferfrissende douche binne we mei nije enerzjy oan’t wurk gien. Kazembe hat my under oare frege om syn resort yn Sri Lanka te managen. Hy hat dêr in resort mei 6 keamers en it is momenteel laagseizoen mar it goeie seizoen komt der oan dus hy wol it foar elkoar ha. Machtig moaie plannen hat der btw foar dit resort. T’is oan it strân wat eins hast prive is foar syn resort. Dus wa plannen hat om nei Sri Lanka te gean en in bysûnder plakje wol, lit it my witte dan kin we der in moai priiske fan meitsje 😉

Wat dizze sike dagen my sizze wolle..

Sinds ik de hersenskudding han ha 5 a 6 jier lyn wit ik as de donder hoe folle folle mear konneksje der is tusken mentaal en fysiek. Dêrmei bedoel ik eins, dat ik it net mear los fan elkoar sjoch. It is ien. Hoe dyn lichem fielt en reageart hat alles te krijen mei wat der yn dyn holle gebeurd en asto de flow folgest of net.

Ik leau dat de wrâld, God (of hoe ast it mar neame wolst) dy graach helpe wol dy op it júste te wiizen. Dat is net altyd wat wy sels yn’e holle hawwe. Ik sil hjir no net te djip op yn gean betink ik my no. Ik kin hjir better ris in aparte blog oer skriuwe. Mar klear.. wêrom ik der dizze wike oer begjin.. Dat is omdat ik siik waard. De lêtste nacht yn Koh Lipe ha ik in nacht net slipt. Gewoan NET.. ok dat makket je fansels wurch mar tsjinwurdig kin ik de dei aardig trochkomme en giet dat bêst!

Dêr kaam allinne by dat ik moarnsbetiid my net fit fielde. Ik wie beroerd en hie wat pine holle, mislik alsof ik de boel der sa útgoaie koe. Doe noch de helse rit yn’e speedboat fan 3 oeren nei Koh Lanta.. OEPS, dat hie ik efkes FLINK ûnderskatten. Ik tocht leuk, moai snel op dy boat en hop nei Koh Lanta. Nou dat gie dus efkes oars. Omdat it namelik SA hurd giet, betekend dat dus ek dat je oer de oceaan STUITERJE!! Je fleane en stuiterje echt keihurd op en del en ik fielde it yn’e earste 10 minuten al flink yn myn rêch en myn nekke.

Ik ha myn best dien om lizzen te gean op in oar plak om de knallen op te fangen mar myn hiele liif dy freeslik sear. Dus alles by elkoar opteld fielde ik my kompleet oan stront doe ik yn Koh Lanta oan kaam. En juns rûn dat út op koorts. Bale mar tagelyk dankber. Dankber foar dat ik my sa kloate fielde??? Ja dankber. Want ik wit inmiddels dat it gewoan in ‘sein’ of teken is dat ik better lústerje moat. In oar paad op slaan moat en my DELJAN! En dat deljaan fyn ik ferekte lestig, dus siik wêze helpt my dêr wat by. Leaf foar mysels wêze, net sa streng en my deljaan, goed op mysels pasje.

Kazembe wie by my en passe goed op my. Hy hat fruit helle, hat wol 100x frege as der iets by de ‘pharmacy’ helje moast en hat my moai mei rêst litten as ik dat woe. 2 dagen goed siik. Lústerje nei myn liif!! En as ik mien dat ik ite moat omdat it MOAT, dan lit myn liif wol witte dat ik net lústere want it kaam der per direct wer út. Pas ite as it liif it oanjout en dan der yn stopje wêr it liif om freget en net iets wêrfan ik TINK dat it sûn is of it bêste. In gek ding is dat. Pizza is bygelyks ien fan de minst sûne dingen dy ik NEA yt ifm myn Paleo iten, mar as ik sa lang siik bin dan is in stik pizza (ik tink om it droege en it sâlte) júst wêr myn liif om freget.

Al mei al, t’is no 3 dagen fierder en ik fiel my eindelik better! De lêtste twa dagen 1 miel iten per dei han (is ek wol noflik foar de beurs btw 😉 hahhaha.. Hjoed yt ik wer in bytsje mear.

Inspiraasje en motivaasje!

Yn de ôfrune 2 wiken ha ik wer aardig wat motivaasje krigen om mei myn plannen en ideeën fierder te gean. Ek gesprekken mei Kazembe ha dêr oan bydrage. Hy hat in oare kijk op dingen en dat lit my ek wer efkes oars nei de dingen sjen. Dingen dy je sels eins net mear sjogge ofsa. Ien fan de dingen wêr hy my oernei tinke liet is dat hy fun dat ik eins tefolle safolle tiid spendear oan de blogs en vlogs mar der neat oan fertsjinje. Doe ik werom yn Fryslân wie ha der ek wol minsken dit oan’t opperjen west. Peet, moast in manier fine dast der wat oan oerhâldst. Minsken fine it leuk om te lêzen, leare der wat fan of ha der op in oare manier wat oan. Ik wuifde dit altyd fuort want dizze dame sjocht it mear as: ik moat my dankber fiele dat der úberhaupt immen ynteressearre is yn’e ferhalen! As ik se ek noch betelje lit foar harren ynteresse yn my dan kin ik der de donder op sizze dat ik se kwytreitsje.. Wol tink ik dat it my in stik waardearing fiele soe.. Myn wei der yn fine dus.. Iets wat wol by my passet.. iets om oernei te tinken. Mei advertinsjes wurkje ofsa giet net op foar my want dêrfoar ha ik dochs te min folgers. Ik tink dat myn ‘Frysk’ it júst spesjaal makket en puur mar it is ek tagelyk wat myn glêzen ynslagt omdat ik dêrmei myn doelgroep safolle lytser meitsje.

wurd ferfolge (wa ideeën ha, lit it my alsjeblieft witte!)

In ungewoan gesprek mei God

Ik bin momenteel dwaande mei in nij boek wat wer hiel wat losmakket by my! It hjit ‘een ongewoon gesprek met God’. Ik bin nijsgjirrich as der folgers binne dy it boek ek lêzen hawwe..

Laanta Lanta festival

koart mar krachtig, it wykein dat ik hjir bin op Koh Lanta is der in festival! Leuk!! want Peet hâld fan de Thaise festivals, t’is altyd lekker chill. Koh Lanta is frij grut mar liket op’t earst sicht behoorlik dea en net underholden. Mar doe we juster op it festival kamen tocht ik: HUHH??? Wêr komme al dy 1000 minsken wei?? noja, ferspreid oer it eilân dus!

Pech mei de scooter

Underweis nei it festival stoppe de scooter dermei. Der brânde in read ljochtsje en efkes letter wie it poef, over en uit. Dêr stean je dan. Lâns de dyk, tsjuster en neat by je. Earst mar efkes ôfkuolje en neitinke want de scooter wie te hyt (dat seach ik oan’t tekentsje). Noja lang ferhaal koart (want sa leuk wie it ferhaal net!!) We ha fanalles prebearre, krigen der sels rúzje om omdat we der beide in oar idee oer hiene wat it best wie om te dwaan. Stopten en riden noch 4 pogingen en doe belanden we by in ‘mechanic’. Wyls de mechanic de boel ôfkuolje liet en alles checkt hat en fikst ha ik efkes ôfstân naam en bin meditearen gien. Want dizze dame wie troch de situaasje efkes ta lilkens en frustraasje triggerd.

Je krije mij net gau lilk, mar ik bin wol gefoelich en as ik my net serieus naam fiel dan makket dat in soad los en docht my dat erg sear. Ik moast dus efkes tot mysels komme en dat slagge! We wiene wakker op syk west nei koelvloeistof omdat der dus te hyt wie. Mar der bleek gjin druk oalje mear yn te sitten en gjin koelvloeistof. Klear, scooter fixt, wy ek wêr ôfkuolje en we koene eindelik wer fierder

WOW…

Tefolle om hjir te fertellen. In underwerp foar in apart artikel.. Juster ha ik mei Kazembe in hiel iepen en earlik gesprek han. Ik prebearje faak minsken út te lizzen hoe ik yn elkoar sit omdat ik net altyd sa as de measte minsken reagear en handelje. Der bard FOLLE mear yn my. Iets wat ik de lêste jierren eindelik in namme jaan koe mar ek sels noch hiel hiel bot oan’t útfûgeljen bin.

Juster kaam it samar ter sprake tusken my en Kazembe en ynienen sei der: WOW, dankjewol dast dit deelst en dast it op dy manier útleist. Dit makket HIEL wat dúdlik!! Hy wie der stil fan.. En dêr wie ik dan wer stil fan.. want ik tocht huh? Do bist 30 jier psycholoog west, do wist hjir dochs alles fan? Do hast dochs mar 2 wurden nedig om my te begripen? Mar nee dus.. En sa gie it gesprek fierder en djipper. Sels IK hie hiele hiele nije ynsichten foar mysels, wat in helderheid en wat brocht dit gesprek in dúdlikheid!! Der binne hiel soad trinnen fallen by my omdat der in soad boppe kaam mar ek omdat der ontlading wie dat ik my echt djip begrepen fielde en dat docht my mear dan ik tocht hie. Doe ik middeis sei dat ik by komme moast fan alles bleek dat ik hiel wat wekker makke hie yn mysels en dat der blykber noch folle mear wie wat der út moast. Poe.. pine kop tot en met mar jeutje wat in ontlading moast der blykber út!! Leech wie ik, mar wol ontladen leech.. Wannear ik der klear foar bin sil ik in apart artikel skriuwe oer dizze helderheid. Ik tink dat ik hjir namelik in soad minsken mei helpe kin dy harren herkenne yn my en foar oaren sil it in hiele soad helderheid jaan oer wêrom ik dingen die, doch of bin sa’t ik bin.

Dit wie wol wer genôch!! Poe he!

One Comment

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *