Blog 19 #Oer myn djipper lizzende angst.. iepen en kwetsber.. (en prachtige foto’s! :D )
In wurkwike
Ik bin wer better eindelik! Kazembe is werom nei Pai gien en ik bin wer lekker op mysels. Dizze wike hat foaral yn it teken stien fan wurkje. Ik bin moandei nei in prive bungalow gien. (nei miljoen oeren sykje en twyfelje en wer twyfelje pffffff). Ik woe namentlik efkes flink trochknalle mei de projekten dy ik yn’e holle ha. Ik bin dwaande mei in projekt wêrfan it measte materiaal der eins al is mar it moat útwurke wurde en yn elkoar setten. Dus knalle en dan oan’t ein fan dizze wike kin ik it wurk loslitte en lekker in skofke frij wêze en geniete sûnder skuldgefoel dat ik wurkje moat. As de boel ienmaal rint dan komme der ek ynkomsten binnen en dat is fansels wat wol tige wichtig is foar my.
It hat efkes dreech kealle earst omdat yn’e earste bungalow de airco stikken wie en ik alles wer ynpakke moast om nei in oare bungalow te gean wyls ik krekt fol motivaasje lekker bezig wie. Mar klear.. Doe ha’k dochs moai wat opstarten. Woansdei gie ek hearlik!! Poah wat ha ik wat wurk dien wêr ik al in healjier tsjin oan siet te skiten.
Foarbereiding
It stomme is dat der faaks SAfolle wurk sitten giet yn dingen dy je NET sjogge en wêr je sels toch elke kear net rekkening mei hâlde. Ik soe in promoasje fideo meitsje mar allinne de júste tekst betinke en foaral NET TEFOLLE sizze wolle kosset my hast in heale dei. En dan stopje ik omdat ik it gewoan net mear helder sjoch. Hop mar wer oan’e slach mei in oar projekt want der is genôch wat ik dwan wol en mei bezig kin!
En doe kaam tongersdei……..@#*&@#%
Tsja wat sil ik hjir fan sizze.. Ik wol der eins net tefolle fan meitsje. Mar it wie in soart fan zwarte dag yn’e agenda. Zucht.. It woe net mear en fan’t iene kaam ik yn it oare en gie ik yn SNELtrein mei de negatieve spiraal de grûn yn. Hoe hurd ik my ek prebearre fêst te klammen oan ‘helpende’ gedachten, oan tactieken dy ik leard hie oan alle oare dingen dy my op sa’n momint oars helpe. It woe net en it gie fan kwaad tot erger.
De djipper lizzende angst
Om jim in byld te jaan wat ‘it woe net’ foar my betekene: dat betekene dat ik alle fertrouwen ferlear yn mysels. Yn wat ik kreeërt hie en wat ik fan plan wie. Der bleaun NIKS goeds fan oer. It is allegear dikke shit, it is amateuristisch, it is stom, NIMMEN stiet hjir op te wachtsjen, weigoaide tiid, it is net goed genôch, it is belachelijk, giest it TOCH noait meitsjen Petra.. en dan ferfolgens ALLEGEAR goeie redenen en bewizen wêrom dat dus ek echt sa is en al it positieve fan’e ôfrune tiid dikke nep is.
en de grutte angstgedachte derachter: sjoch no wol, leuk prebearre en dysels foar de gek holden mar DO MOAST GEWOAN WEROM NEI DAT LEVENTSJE WÊR AST HIELTYD TSJIN OAN SKOPST, WEROM NEI DAT WAT FEILICH IS EK AL BIST DEA UNGELOKKICH, DAT HEARD GEWOAN SA, SA IST LEVEN… So poe.. sorry jonges.. Dy underlizzende angst is miskien wol myn grutste DRUK. De reden wêrom ik sa’n druk fiel om hjir te prestearen. Om it mooglik te meitsjen dat ik NET yn dy ‘box’ werom hoech. Dat libben wat my NET gelokkich makke en wêryn ik sa lang fochten ha en prebearre der yn te pasjen mar ik PASJE gewoan net.
It fielt in bytsje alsof ik dizze tiid ha (tot myn spaarjild foar dit op is) om it út te fûgeljen en iets op te setten wêrtroch ik dizze frijheid hâlde kin. As it jild aanst op is, moat ik werom yn dat ‘box’ wêr ik sa’n angst foar ha.
Dêr komt by dat ik ûnbewust ek sa’n mega bewiisdrang ha oan elkenien thús yn Fryslân. Alsof ik bewiize moat dat it WOL oars kin, dat ik heus net YN dy box werom hoech. Ik ha soms it idee dat safolle minsken tinke: pff, sy draaft fuort foar it leven hjir en tinkt dat leven as ‘digitaal nomade’ samar kin en leuk is.. no wacht mar tot se der achter komt dat dat net wurket en dan sjoch we har wol werom kommen mei ‘hangende pootjes’ en sjocht se eindelik yn dat se braaf werom giet yn har box en dat it leven elders net better is..
Tsja.. wyls ik dit skriuw fernim ik hoe heech dit sit en dat dit in hiele SWIERE rêgtas is dy ik unbewust mei sjouw. It bewiizen oan elk thús yn Fryslân, oan elk dy dit lêst mar miskien noch wol mear oan de minsken dy dit nét lêze. Want miskien júst ûnder de minsken dy dit lêze binne der wol in oantal dy dêr fertrouwen yn hawwe en yn spanning mei hoopje dat it my slagjen giet om miskien ferfolgens sels ek dy stap te setten. Mar alle oaren dy echt tichtby my stean mar de ferhalen net lêze (troch drokte meastal mei jonge gesinnen bijv. of miskien foar sommigen wol troch wat jaloezie dat ik dizze frijheid ha??)
Doe wie it dochs wol in lang ferhaal. Blykber moast dit derút. Foar mysels en miskien júst ek wol om dit mei jim te dielen.. No mar stopje oer dit.. Ik ha it wurk opjun.. en de oare dei wat lytse putsjes dien op’e laptop en my weromlutsen nei in goedkeap hostel. Ik kin better myn jid sparje as der dus foarlopig noch neat binnenkomt..
En ja ik wit dat it puur yn mysels sit dat ik dizze druk der op lis want ik mei gewoan SKIJT ha oan wat oaren tinke, mar dat is makliker sein as dien 😉 Ik wol it miskien ek hiel erg oan mysels bewiize.. bleehh..
Day off
Sneon ha ik mysels efkes in toeristisch deitsje frij jun. Moarns betiid drave op’t strân en dêrnei mediteare, in hearlik begjin fan’e dei! Doe yn’e douche en mei de scooter nei it súden. Ik bin earst nei it nationaal park west. Poe, allinne it scooter ritsje wie al in belevenis. Op sokke eilântsjes hjir yn Thailân hoech je eins gjin google maps te brûken want der is faaks mar 1 dyk dy by de hiele râne fan it eilân lâns giet. En dan soms noch 1 dyk dy je dwars oer it eilân hinne stjoerd. Dus ik hie op’e kaart wol sjoen hoe ik der komme moast..
Noja dat tocht ik.. Mar dit eilân is toch efkes knap folle grutter dan ik tocht hie! Hahaha.. yn pleats fan yn 10 minuten yn’t súden wêzen bin ik langer as in oere underweis west haha. Mar dat kaam ek omdat ik moai mei de dyk mei gien wie en der letter achterkaam dat ik dus kompleet de ferkearde kant op ride. OEPSIEE.. Nah klear.. in oere en 220 bath fierder wie ik yn’t nationaal park. Ik ha wat rûnstrúnt en wat moaie foto’s makke fan it moaie útsicht en doe hie ik it wol wer besjoen. Op’e valreep toch noch in aap sjoen yn’e beam. Ik seach op’e reis hjir hinne mear apen op’e dyk sitten dan yn it nationaal park self! Haha.. Oh ja.. doe ik fuort ride wie it wol efkes grappig!
De aap op jacht
Wyls ik op’e scooter siet en fuort ride soe, fleach der mei needgang in aap oan my foarby! Ik tocht huh? Sjochsto net út foar my? Wêrom sa’n haast? Hy draafde mei gang op in groepke fan 3 minsken ôf dy foto’s oan’t meitsjen wiene. Ik stie stomferbaasd earst! Hy fleach op ien fan de froulju (55 jier ofsa) ôf en greep nei iets yn har hannen. Hong oan har shirt en de frou begûn fansels te gillen! Doe liet der los en draafde mei gang 20 meter fierder en genoot mei folle teuge fan… in CORNETTO!! Hahaha..
Op’e weromreis 2 kear by in restaurantsje it goedkeapste fan’e kaart kocht om fan it praaachtige útsicht te genietsjen! Nei in strân gien wat my oanrieden wie (Khlong Chak). It wie moai hjer, mar ha wol moaiere sjoen leau ik en it wie eins te hyt want ik koe net iens op it sân rinne! haha, je bin gau ferwent.
In nije hippybroek??
Nei dizze punten op nei ‘old town’ opnij. Want dizze dame sil werom nei dat iene winkeltsje wêr ik dy hearlik hippy klean sjoen hie! Ik tocht wat ferrekt it my ek wat oaren yn Fryslân der fan fine! Haha, as IK dy klean moai fyn dan is dat sa 😉 Dus op nei Old town dus en regelrjocht nei dy winkel.. Mar huh, wêr is dy winkel no? Hinne en wer oer de strjitte wyls ik toch echt seker wist dat der HJIR sitte moast.
Doe mar efkes frege… is precies DY winkel in moarne slúten! NEEEE toch.. noja wol dus.. noja klear, it is sa it is en we gean wer fierder.. Middeis noch in oerke yn’t zwembad omhongen (om dêr ek mar efkes gebrûk fan te meitsjen as it dochs inklusyf is), mei mem belle en doe in hearlike massaazje han! Poah, dat wie tink ik de beste dy ik hjir yn Thailân han ha!
Ta eintsje beslút ha ik juns lux út iten west. Ik seach in ‘Texas bbq’ restaurant en dat helle lyk myn kriebels en herinneringen fan Texas wer op. Ik hâld fan Texas!! It iten wie trouwens SUPER lekker! Myn stik brisket fleis hie 14 oeren op’e bbq lein en wie ferrukkelik! Lekker ek wer efkes in echt stik fleis te priuwen. Ik moat wol stiekum sizze dat ik blykber sa hongerig wie hjoed dat ik (neidat ik hjir dus al bakken fol jild útjun hie!!) noch nei in oar restaurant west bin foar in Pad thai om toch myn búk noch efkes te fullen foar ik op bêd kroop 😊
Wat is de planning?
Momenteel sit ik yn’t buske fan Koh Lanta nei Ao Nang, omdat dêr myn backpack noch stiet. Dêrom bliuw ik der in nacht en dan moarnier fanút Ao Nang nei Koh Samui. De oare kant kust! In pear dagen Samui en dan troch nei Koh Phangan en Koh Tao..
7 Comments
Jan
Hoi Petra, opnieuw een pracht van een verhaal, zeer lezenswaardig en geeft opnieuw een mooi een inkijkje in jouw als persoon. Het komt gegarendeerd goed met je, ik ben er van overtuigd. Ga vooral door, geniet en veel succes. Tot je volgende blog. Hgr. Jan
admin
Ohh, dankjewol Jan.. Wat in leave wurden, docht my goed. Ik gean seker troch 🙂
Catharina
Prachtige foto’s Peet! En bist goed besich! Alles komt oltiid wer goed! En ferjit net; wost tinkst dat in oar fan dy tinkst dat tinkst sels.. 😉
admin
Aah ja.. t’is wat he.. dat is eins wol griezelig.. mar ek.. ek al tink ik dat dus sels, dan wol it noch net sizze dat it wier is 😉 sa as jelle hermus seit: gedachten bin as sketen 😉 Se komme en se gean en it is neat..
Tjikke Wijngaarden
Hè spytich datst dy dan sa fieltst….moed hâlde hjer!
admin
Ik hâld moed Tsjikke! Dankjewol, dikke kroep fanút hjir!
Catharina
Sorry foar de spelfouten haha.. ik kin it net meer feroarje neffens my