Blog 23 #De lêtste en hearlike wike yn Thailân!
Snein wie AMAZING!
de foarige blog hie ik sneontemiddei al skreaun. En sa jim wol fernaam hawwe siet ik net sa lekker, it woe net sa bêst.. en faak ha je dat efkes nedig foar je de ommedraai krije. Want nei it skriuwen en dingen loslitte kaam de switch. Niks ferwachtsje, gjin plan wêr ik hinne gean..NIKS! En das in nij experiment. Ik gean mei de flow en ik sjoch it wol!
Sneontejun dus al de ommedraai en dan komt it ek lyk op je paad, in serieus geïntereseerde foar myn hús! En doe snein. It ‘mind, body, spirit’ festival. WOW.. in dei mei allegear ynteressante workshops mei gesprekken, meditaasjes, healings, breathwork, accupunctuur en soundhealing. Wow.. wat wie dit efkes wêr ik ferlet fan hie. Der binne hiel wat trinnen floeit, der is in soad ynsicht kaam, enerzjy omsetten en ferwurke. Foaral de lêtste workshop wêryn we mei sa’n 40 man tagelyk in breathwork mei soundhealing diene wie enorm krachtig, ik liet my kompleet meigean en trochdat we mei safolle wiene fersterk je it allegear noch mear.. Poe, WOW.. Dankber, sa dankber.. DIT is it wurk wat ik dwan wol, DIT is wêr ik op leef, DIT jout enerzjy en is wêr ik my sterk en thús fiel. De enerzjy dy ik ek yn Pai fielde.
Tagelyk ek mega ynspirearre troch de healers en it hiele concept.. Wer machtig moaie ideeën! ( Ja Gees, alwer ideeën 😉 )
En no op’e ferry op nei it fêste lân foar myn lêtste wike yn Thailân. Op nei it nationaal park: Khao Sok.
In hearlike wike wêryn alles stroomt/flowt!
Wat is dit lekker om jim te fertellen dat myn hiele wike sa trochgie as it boppesteande stikje! Ik flowde, it streamde! Hoe dat sich dat útert en hoe dat fielt?
Ik bin kalm, bewust, happy, sit fol positieve enerzjy. Ik meitsje my nergens drok om en as it ego prebearret dan merk ik it direct op en gean ik wer yn myn lichaam sitten. Lyk út dy holle wei. Ik fiel en wit dat alles goed is. Wat der ek gebeurd, ik laitsje der om en sjoch it as in film, nijsgjirrich wat God foar my yn petto hat. Ik libje fanút fertrouwen. En dat betekend dus ek dat ik my net soargen hoech te meitsjen. Want as je echt fertrouwen ha op God (of it universum, de oneindige intelligentie of hoe elk it mar neamme wol 😉 ) dan witte je dat it goed komt, HOE it dan ek giet.
As ik yn dizze frequentie sit, dan bin ik in ljochtsje foar oaren. Ik sjoch oaren mear, en bring sa myn ljocht en enerzjy oer nei oaren. Ik bin frolik, ha in standaard glimlach op myn gezicht en ha in berg geduld. Ik ha it nei myn sin want alles wat is, is goed. Ik ergerje my net oan dingen wêr ik my normaal oan ergerje soe. Ik ha leafde foar elk mins (ek fijân), bist en situaasje.
Sa no en dan fiel ik dy frequentie letterlik yn myn liif, dankberheid en leafde. Alsof it in ferliefde kriebel is. Sin yn it leven, nijsgjirrich wat der komt yn pleats fan spanning wat de takomst bied. Ik meitsje makliker keuzes, want ik wit en fertrou dat it goed is.
Ek fiel ik folle mear, ik fiel nei wat goed is yn pleats fan dat ik TINK. En sa as dizze wike en ik fêst rûn yn wêr myn folgjende stap hinne giet liet ik it los. As ik ek mar iets fan stress of spanning fielde kommen oer dat beslút dan stopte ik it gewoan en tocht: Nee Peet, net wer yn dy holle. Net miene dast pas rust hast ast it besletten hast. As it antwurd der noch net dúdlik is, dan mei ik it loslitte. It komt fansels. Ik fiel en gean mei de flow. Wat goed fielt en wat maklik giet. Lústerje nei it leven, lústerje nei God.
Om yn dizze staat te bliuwen is it wichtig om sa bewust mooglik yn it NO te bliuwen en yn myn liif. Mysels observeare as waarnemer. Nei mysels sjen fan in ôfstandsje, út de situaasje stappe soms want as je der midden ynsitte dan sjoch je it faaks net.
Hiest seker in maklike wike?
Nee hjer. Noja ja en nee. Ik bedoel, ik ervaar alles wol folle makliker, mar yn dizze wike binne der krekt as oare wiken allegear dingen gebeurd. Genôch reden om yn’e negativiteit te fallen. Genôch reden om slachtoffer te wêzen. Mar no ervaard ik it oars. Dingen bin sa se binne en alles is goed.
Fannewike hie ik ek myn útdagingen mar ik wie ‘oanwêzich’ sa se dat neamme. Bewust, en dan lit je je net meinimme yn ‘drama’. Sa startte fannewike in dei wat oars as ferwachte: Ik soe foar in dei-trip en 15 min. foar ik fuort gie:
- waard my ferteld dat ik it hostel útmoast, dus ik moast per direct ynpakke en útchecke. Dêr stie ik op strjitte..
- Doe gau in ontbijt: in panne mei fruit. By myn lêtste happen seach ik 2 meitsen rinnen (jaa MADEN JA!!) ik fielde it lyk kriebeljen yn myn búk mar ha der om lake en ha de panne mar werom brocht. Ik koe it toch net mear feroarje, lilk wurde hat gjin sin. (ik hoegde it sels net iens te beteljen 😉 )
- Doe lêsde ik in berjocht dat in freon/bekende fan it rock & roll dûnsjen plotseling ferstoarn is… Dat kaam efkes hurd binnen.. Ik hie mei Peter altyd goeie gesprekken, Peter seach my en we koene fijn dûnsje.
- Doe ik de lêtste kop thee út myn theepot oan in oare jonge jaan woe kamen samar by him de trinnen. Hy koe wol in bakje thee brûke want hy hie al nachten net slipt. Syn freondinne dy thús siet hie it útmakke mei him, kompleet ûnferwachts want hy hie de plannen om har ten huwelik te freegjen. AU..
In soad dingen yn in kertierke tiid.. Mar ik stean sterk en it liet my net út myn goeie vibe slaan. Dyselde jonge gie mei ús mei op de dei-trip dus ik ha hjir en dêr efkes wat ekstra op him passe. Lake om it sterke ferhaal mei de meitsen, mei wille in oar hostel útsocht yn it fertrouwen dat it allegear giet sa it gean moat. En Peter.. wat in prachtig ferhaal hie syn freondin op facebook setten. It wie goed sa, hie Peter sein. De prachtige wurden wiene precies hoe ik Peter kinnen hie. It is goed, ik fiel frede. Itselde stikje frede wat ik fielde doe myn beppe ôfrune simmer har lichem ferliet. Want dea gean? Ik leau net mear sa dat minsken DEA gean.
Khao sok
Wat ha ik dien fannewike? Fan Koh Phangan –> Khao Sok Nationaal park. En fan dêrút nei Surat Thani, jun sil ik mei de nachttrein nei Bangkok.
Khao sok wie moai! Ik ha in night safari dien, oare deis in hike yn myn uppie en de 3e dei in georganiseerde tour nei it lake. Prachtig! Ik ha de tour tegearre mei Rob dien (en fansels oare toeristen). Rob wie ik hearder tsjinkaam op Koh Samui. Hy komt út de UK en is tink ik run de 60 jier. Hy fun dat ik gesellig ‘company’ wie en giet ek mei de flow. Dus doe der hearde dat ik yn Khao Sok wie, kaam hy de oare deis ek. In moaie dei!
We ha de dei ôfsletten mei hearlik iten en wat ha we in wille han. Want we iten by in Italiaan. Rob woe my trakteare op in etentje. We hiene beide pasta besteld en it wie HEARLIK! Rob kin der hearlik fan genietsje dat ik sa lekker ite kin en sa dankber bin. we hiene in hap fan elkoar iten dielt en Rob sei: wow, dyn’t is lekker! Sille we noch in portie bestelle? Whahaha, dat doch je dochs net?? Mar wêrom net? Rob woe it graach en as jim my kinne, kin ik eins gjin nee tsjin lekker iten sizze. Dus we ha beide gewoan noch in kear besteld en wat wie it lekker!! ‘Good for the heart’ sa’t Emilio sizze soe.
En doe?
No doe gie ik gewoan lekker fierder mei de flow. Want yn it oare hostel hiene se gjin bêden beneden mear en aangezien ik mei myn hân net yn in stapelbêd klimme moast waard ik samar nei in oar hostel brocht. En wat in gelok! hahahaha, dit hostel siet folle tichter yn’t centrum (Khao sok is mar 1 strjitte dus hiel kalm en stil). Allinne mar single bêden, alle romte en rust want der wiene mar 2 oaren yn dy mega keamer en as dit net al moai genôch wie: It bêd wie as de himel sa noflik. It noflikste bêd yn Thailân!
Duss ik tocht, wat sil ik no? Ik wit noch steeds net wêr ik hinne gean snein. Ik wit allinne dat ik foar alle opsjes earst nei Bangkok moat. Ik hie dus al in nachttrein boekt. Mar ferrek, dy sieten allegear fol. Noja, it giet sa it giet en alles is goed. Dan mar op’e lêtste skiter nei Bangkok. Sneontenacht, snein oankomme. Dan mar sjen wêr ik fanút dêr hinne kin.
Ik hie dus noch 2 nachten oer. Ik fun it hearlik om yn dit doarpke te bliuwen, sa kalm en stil. Dochs mocht it net sa wêze. Want doe ik it bêd ferlenge woe, sei se dat alles fol wie. Ok. Noja dat is dan myn antwurd. Ik gean no wol alfêst nei Surat Thani ta, dan kin ik my moai rjochtsje op myn laptopwurk en bin ik al te plak foar de nachttrein juns.
Ek hjir gie dy flow hearlik troch!! Wyls ik oars altyd sa’n mouite ha mei de lêtste dagen ergens ofsa. Ik gean lekkerrrrrr :D:D Saa dankber!! It is no sneon, dus sil myn tas ynpakke en fannacht mei de trein nei Bangkok en dann??? jaaa jaaa.. Ik krige juster it antwurd.. Moarn gean ik nei BALII!!! whooohooooppp
Surat Thani
Se sizze dat dit in rare stêd is. No ik fyn dat dat wol meifalt. Fyn’t hjir hearlik. Se binne dankber foar elke toerist en juster run ik efkes nei de rivier en doe spontaan juns mei 2 oare jonges út it hotel in boattripje makke. Super leuk! Prachtig sicht mei alle ljochtsjes en hiele leuk plakjes undekt fan Surat Thani! Ek noch ‘vuurvliegjes’ sjoen.. It wie krekt Kryst! machtig moai!!
No is’t wol wer genôch, want ik kin noch wol 100 dingen mear fertelle want ik sit fol mei enerzjy en positiviteit.. Hoe it btw mei myn han giet? No de wonden hele snel (komt troch myn sûne iten fansels 😉 ) de pols kin’k noch neat mei. Self de broek omheech en in fleske fêsthâlde is tefolle. Mar alles is goed.. it komt sa it komt en it is sa it is 😉
As’t lústerst nei it libben, nei dyn binnenste (wêrst God fielst). Dan giet it allegear folle soepeler. Omdast dy net fersetst tsjin wat is. Libje fanút fertrouwen, want alles is goed.
ps: de huurder wêr ik hearder oer prate hie gjin jild. Dus helaas giet dat net troch. Wol ha ik in nije geïnteresseerde!
In Thaise reggaesong
As lêtst wol ik noch graach efkes dit ferske mei jim diele. Job 2do is de band. Dit ferske wie in hit in pear jier lyn en ik hearde um geregeld op de hippy plakjes wêr ik wie. It refrein bliuwt soms dagen yn myn holle sitten. Ik ha lêzen dat it oer dizze sjonger giet dy’t mei de tsunami alles ferlern hat en dat ek syn frou noch by him wei gie en alles mei naam. Hoe kinst my dit oan dwan, is wat der in pear kear sjongt. Net in super happy tekst mar wol in lekker nummerke! 😉
Doo-doo-doo-doo-ter-tum
Tum-mai-teung-tum-gub-chun-dai
2 Comments
Geartsje
Fyn om te hearren datst wer yn de flow of life sitst! Leafs ût Fryslân
Tjikke Wijngaarden
Hoi! Ik soe dy krekt freegje hoe as it no sil mar tocht, earst mar sjen wat ast yn ‘e blog ferteldst. En sjoch, alles komt goed!