Blog 24 #De start op Bali, 4 keardels samar wei..
Hielendal yn myn goeie enerzjy, fol fertrouwen en in goed sin kaam ik oan yn Bali! Oan’t ik wifi oan die om te melden dat ik oankaam wie en it berjocht krige op’e famylje app fan it ûngelok fan de 4 jongkeardels dy allegear ferstoarn binne. Ik tink dat 95% fan de lêzers it wol heard hat mar foar degenen dy it miskien fertale en net út Fryslân komme: Sneontejun is der in slim ungelok bard wêryn 4 man in auto ûngelok hân ha, tsjin in beam klapt binne en yn’t wetter belânne, alle 4 binne se der net mear. Samar, bats, fuort leven..
Sa as jim myn reaksje op facebook sjen koene die it mear mei my dan ik yn earste ynstansje witte woe. Ik kin der neat oan feroarje dus ik moast it loslitte fan mysels. Genietsje fan BALI!! wohoooo.. dat slagge… in bytsje.. Ik fielde by alles dat ik iets swiers mei my mei sjouwde. Iets wat alles wat oerheersde en wat yn de dagelikse dingen by my oppopte.
2 nachtsjes yn Ubud mar dat wie my fierstente drok. Ik moast bykomme en wat dingen ferwurkje. Dêrfoar wie ik hjir ek kaam. Ik bin nei Lovina gien yn’t noarden wêr eins net folle minsken binne. Allinne in dagje foar de dolfijnen en dan gean se wer.
Ik koe myn draai en myn rust net sa bêst fine. Elk woe my tours oanbiede en my oeral mei hinne nimme mar ik woe gewoan NIKS, lit my mei rêst! Ik fielde irritaasje, boosheid, fertriet.. En doe realisearde ik my dat it ferlies fan de 4 jonges my mear die dan ik tocht. Lit my der fierder mar net tefolle wurden oan smoarch meitsje.. Ik ha myn stik hjir oer dielt op facebook.
Dus… hjir yn Lovina giet it wer lekker op de Petra manier.. ik wol graach op 1 plak ferbliuwe, rust. Ik sykje al wer dagen en dagen om DAT Júste perfekte plak.. stil, wol tichtbij, goedkeap, mei romte om te wurkjen…fergriem myn tiid en realisear dat dit net myn nije Peet is dy der op fertrouwd.. dizze dame sit tefolle yn har holle en is wer ‘op syk’.. Op syk nei in plak of momint dat it better is, dat ik wol rustig wêze kin.. Hahaha.. ik laitsje der no om.. We binne wer altyd op syk nei iets of in momint wannear it better wurd.. Mar sa ik leard ha, dat sil it neat wurde.
YN it NO wêze, oanwêzig, das it ienige wat der echt is. Yn it no wêze EN der hielendal ok mei wêze. Ek al is it net wat ik ferwachte of hoopte.. it IS wat it is.. As ik my kak fiel, dan fiel ik my KAK! As ik my kloaten fiel en mislukt, dan fiel ik dat.. en dan is it sa.. YESSS 🙂
Wyls ik dit skriuw realisear ik dat ik best in pittig wykje han ha omdat mevrouw unbewust wer fjochte om dat hearlike gefoel fan foarige wike werom te krijen.. MARRR ek dat ik hieltyd better en sneller dat ego de baas wurd!! Yesss!!
Ynsjen dat it ok is om fan plak nei plak te fleanen wyls ik eigenlik op 1 plak bliuwe wol.. Dat heard miskien by my, dat ik fan’t iene nei it oare plak gean om it bêste plak te finen en ferfolgens dus myn tiid fergriem.. Noja, it is better om dat yn FREDE mei mysels te dwan dan der tsjin te fjochtsjen. Omdat ik sa net wêze wol en gewoan direkt it bêste rustige plak ha. It is sa it is..
Monkey Forest @Ubud
Darko
Ja ja Darko, do komst foar yn myn blog 😉 Darko siet yn itselde hostel en wyls ik tsjin alle oare aanbiedingen NEE sei omdat it my tefolle wie bin ik dochs op in middei mei him der op út west. It fielde goed en dat wie it ek! Ik liet it efkes los. Hy hie in plan wêr hinne, ik hie eins gjin idee. Loslitte dat ik gesellich wêze moest, en my bewiize. Want ik hie Darko de dei derfoar al ferteld dat ik eins kapot, wurch en troch myn grinzen wie. Ondanks dat noadige hy my út om mei him mei te gean en wie syn reaksje bliid doe ik de dei dernei sei dat ik mei gie. Dankje Darko, ik tink dat dat efkes wie wat ik nedig hie.
Kop yn’e wyn achterop de scooter, ik lit my meigean en lit it op my ôfkomme. Gjin ferwachtingen, wat ha we genoten! De wetterfallen wie prachtig, lekker sunder gids (sa as elk die) lekker ús eigen aventoer. Doe moaie gesprekken en in soad leard yn’e tempel. Darko is in ‘nerd’ sa’t der seit dus hy wist in soad lytse weetjes en hat my in soad ferteld.
Ik tink dat it feit dat dizze stoere grutte keardel syn ‘nerd’ kant sjen liet en gewoan himsels wie my it gefoel joech dat ik my ek net leuker foar hoegde te dwan dan ik wie. We ha in machtige middei han, genoten fan al it moais, wille han (want Darko hat in soad humor 😉 ) genoten fan de prachtige útsichten underweis en ha de trip eindige op’t strân mei in bewolkte sinsûndergong. Juns letter ha we de dei eindige mei in pilske en djipgeande gesprekken. Peet hie harsels eindelik wer werom nei alle drama yn’e kop fan fannewike. Dankje Darko 😉 Spitich dat hy de oare deis lyk alwer fierder gie nei in oar eilân mar je witte fansels nea wêr we elkoar wer treffe 😉
De 2 Balinese jongens
Super leuk.. Justerjun siet ik op it strân te genietsjen fan wat live muziek. 2 jonges spilen gitaar en drum en songen ferskes. Se fregen my der by komme te sitten en sa fan’t ien kaam it oar. In gesprek wat samar in hiele oare wending krige. Ien fan’e jonges (ik tink dat der in jier as 18 wie?) fertelde my dat der sa graach in baan woe. Hy wie net sa gelokkich eins, hy woe in doel en wurk. Ik frege him fanalles om him neitinke te litten. Hy doarde hast net iens te betinken wat der eins echt wolle soe. Hy liet my ek witte dat dit en dat dochs nooit koe omdat der sa ferlegen wie en ûnseker..
Tsja.. in spiegel tink ik.. Mar der ratele ynienen fanalles út myn mûle. Ik fertelde him oer mysels en oer in pear dingen dy ik leard ha. Dat ik ek sa unseker wie as’t mar koe, en sjoch him hjir sitten! Ferlegen en unseker? Potjandikkie, do bist hjir oan’t spyljen, do sjongst en list dy hearre! Hy song prachtig en spile ek goed. Der binne safolle oaren better, sei der. Ja jong, ik sei dy sille der altyd bliuwe, mar listo dy dêrtroch stopje? Dan silst nea ergens komme, want der binne altyd oaren better!
Ik seach mysels yn him.. en tagelyk seach ik dat de jonges oerrompelt wiene fan myn ferhaal en myn advies.. Se fleurden op en waarden wekker. Ik hie grut gelyk.. Ik fielde my ynienen ek hiel goed. Want it feit dat IK op dizze manier dizze jongens it fertrouwen jaan kin troch myn ferhaal die my groeien en die my sterk fielen! Ik fielde spontaan dat ik se wat jild jaan woe. Ek al wiene se hielendal net as straat artiest bezig haha.. iederien woe my spul ferkeapje en ik mar sizzen bliuwe dat ik neat nedig hie en gjin jild útjaan wol. Dit kaam spontaan fanút mysels, dit wie wat ik myn jild wurdig fun. It wie net in soad, mar it gebaar en it idee. De jongens woene it earst net oannimme mar wardearden it gebaar 😉 Ik woe se fiele litte dat se sjoen wurde en se ynspirearre om út harren komfortzone te gean, gewoan prebearje en gean!! Wachtsje út angst en wachtsje tot in better momint, dan sille je it yn elts gefal nea fine… Benaud foar it unbekende? Ja, noja dat heard by it aventoer, tochst dat ik net benaud bin??
In leuk nijtsje! We kinne der hast op prooste!!
Yeahh.. dan is it eindelik hast safier! haha.. Ik ha hast de Fryske kursus klear! De kursus is opsich al klear mar de links/website en adfertinsje teksten wol ik noch efkes oanpasje 😉 It projekt wêr ik no al sa lang mei dwaande bin!
Ofrûne simmer ha ik in live meditaasje kursus jûn. En omdat dy suksesfol wie en der mear animo wie dan ik tocht hie ha ik der in kursus fan makke. Ik ha de opnames ferbettere, opnij opnaam en in bettere en koartere introduksje. In ‘laagdrempelige’ kursus om ris kennis te meitsjen mei meditearen. Foar elk dy nijsgjirrich is wat meditaasje dwan kin, wat it is. Foar sawol begjinners mar ek foar minsken dy it wolris dien ha mar in stok achter de doar nedig ha of in opfrisser brûke kinne.
Of gewoan foar wa mediteare wol yn it FRYSK!! Want ik ha noch net in Fryske meditaasje fine kinnen! Woooopwooop, bin ik dan de earste?? 😀 Noja jim fiele um wol oankommen, dit wurd booming fansels! Ik wurd beroemd, DE Fryske meditaasje spesjalist, op omrop Fryslân en fier der búten. Dan wurde minsken búten Fryslân ek nijsgjirrich en foar je it witte is dêr dan ek de Nederlânske ferzje! 😀 en warempel, Peet is wereldwijd dus ja ja, der komt ek in Engelse ferzje!! Want ik leau der yn dat meditaasje net allinne my rêde kin, mar safolle mear minsken ‘heale’ kin fan bijv. de ‘ratrace’. It fêstsitten yn in drok libben etc etc..
Noja úteraard foar folle mear as allinne dy ratrace.. mar dit is no gjin adfertinsje blog 😉
Oan’t oare wike.. (of hearder… as ik de kursus klear ha!! yesss)