Bali - Reisaventoeren

Blog 25 #Lovina, in griezel en Amed

Fan hostel nei hostel

Ik ha in oardelwike yn Lovina west en yn 3 ferskillende plakken slipt. Apollo hostel, doe hotel Dupa omdat ik privacy nedig hie en eindige by Family hostel. De lêtste wie wat buten it centrum mar wer in hiele moaie ervaring. Je ferbliuwe echt by in famylje thús. T’is it lytste hostel fan Bali neffens Lucky (de soan fan’e famylje dy it measte runt). Se hawwe yn harren hús 1 keamer ombouwt tot dorm mei 3 stapelbêden. Dan ha se op it dak noch in 2 persoansbêd mei in dak en musquitonet. En as it fol is, ha se noch in hangmat wêr je foar 1,50 per nacht yn sliepe kinne.

Ik bin starten mei 1 nachtsje yn’e hangmat. In leuke erfaring, al slipte ik net denderend omdat ik dus buten lei/hong en de oaren fan it hostel juns noch muzyk opsetten, in spultsje diene en let op bleaune. Mar klear, de oare deis ha ik betiid 5.45 de dolfijne tour dien en letter koe ik gelokkich ek yntsjekke foar in bêd 😉

Ik jou meditaasjes!

Lucky en syn famylje dogge harren bêst elk in machtige erfaring te bieden. Sa kamen wy ek yn gesprek oer myn meditaasjes en hy bood my oan om te meditearen mei de gasten. As tsjinprestaasje mocht ik dan gratis sliepe yn’t hostel. No dêr moat we in grap fan ha! Want ondanks dat ik dat best spannend fyn om it yn’t Engels te dwan, it is precies wat ik woe! Ervaring op dwaan om dat yn’t Engels te dwaan mei minsken fan it hostel en wyls goedkeap ferbliuwe!

It wie lyk de earste dei in moai sukses! 3 fammen fan it hostel en sels 1 fan bútenút wiene by de earste meditaasje oanwêzig. En se wiene laaiend entûsjast! Doe we weromrunnen nei it hostel hongen se oan myn lippen doe se my fragen stelden oer hoe ik hjir sa belanden wie om te meditearen. Ien fan de fammen wie sels yn trinnen tidens de meditaasje. Se hat my letter noch in super leaf berjochtsje stjoerd:

okay so i‘m finally writing you the message hihi:)
it’s nothing big but i just wanted to say that i’m so thankful we met at the beach and for meeting again at the hostel. you are such a lovely person and i felt very welcomed around you.
i’m writing that little message cause i wanted to say especially thank you to your meditation workshop! i‘m honest – i never imagined doin something like this. i was never really into meditating and thinking about how i feel from the inside. since april last year, i struggled with mental health so bad. i was in very bad surroundings and was not doing good. i got hurt by a lot of people and was losing myself because of other opinions which were more important than my own. i cried a lot, had breakdowns and went to therapy. since october i’m trying to heal and get back to me. my biggest thing is that i’m still struggling a lot with loving myself and who i am.
while we were meditating i got a little bit emotional and it felt so so good to just think about how i feel. so yeah, i just wanted to tell you those things cause you shared your story with me and i am so so happy that your doing so great and for inspiring and helping people like me! you really inspired me and i hope i can find new things for me in meditation:) so yeah:) thank you Petra ❤️

No dat is dus precies wêr ik it foar doch! Sa leaf en dankber!

Samar ten einde

Sa hurd dat dit samar koe, sa hurd wie it ek wer foarby! Ik ha 2 dagen meditaasjes jaan kinnen en doe kaam út it niks tusken mûle en lippen samar it berjocht dat ik de lokaasje wêr ik de meditaasjes joech net mear brûke mocht omdat it eigenlik Heilige plakken wiene en der moast foar betelle wurde. By it hostel sels wie it net geskikt sei Lucky dus: boem.. over en uit. De oare moarns hoegde ik gjin meditaasje mear te jaan.

En doe samar fielde ik troch wat mear opmerkingen hjir en dêr dat ik hjir toch net sa op myn plak wie. Ik mei graach elkenien helpe mar myn help waard no net yn tank oannaam. Ik fielde efkes alsof alle leafde dy de Balinesen útstrale allinne mar om jild draaide. Se binne SA freonlik, frolik, leaf en behulpsem dat je der hast benaud fan wurde haha.. mar klear.. Peet hat lústere nei dit gefoel en bin de oare deis samar fertrokken nei AMED!

Amed

hahaha ja jonges, sa hurd kin it gean. It kaam op myn paad dat in pear minsken samar fertelden oer Amed, en doe tocht ik, dit is in teken. Amed leit 2 oeren fierder (hat myn in heal miljoen koste om hjir te kommen mar klear). It is oan de kust, mar der wurd eins net folle oan’t strân lein want alles draait hjir om dûke en snorkelje. Wat dan wer ferrassend foar my wie dat myn hostel (krekt buten it doarp) in praaachtig útsicht hat oer de riisfjilden! waahh yesss, rust! Sa’n grien riisfjild jout my sa’n lucht en bliid gefoel! It is hjir hiel lyts (amed is mar 1 strjitte) en ik fyn it júst wol noflik. Net tefolle triggers dat ik oeral en nergens hinne moat.

In griezel en in nuchterdere reaksje fan mysels
Ik gean hiel koart efkes mei jim werom nei Lovina. Want dêr is noch wat gebeurd wêr ik op dat momint wol efkes knap fan yn’e hobbel wie mar ik merk dat ik hieltyd ‘sterker en nuchterder’ op alles reageer. Net hingjen bliuwen yn drama, gjin slachtoffer mar hup lit los en fierder.

Ok naja dit gebeurde der: ik run fan it hostel nei it sentrum en dan komme je allegear blije laitsjende minsken tsjin dy spontaan HELLOO roppe. Ik kaam ek in jongeman tsjin dy, neidat der my foarby riden wie, omdraaide en my oanbean om achterop te stappen.

It wie min waar de hiele moarn en eins elk hat in scooter dus ik seach net op fan dit oanbod. Dochs sei ik him dat ik leaver run. Noja ik praatte Engels, hy Indonesisch. Hy koe gjin wurd Engels en ik fansels gjin wurd Indonesisch. Hy bleaun wat trochdringen mar ik sei dúdlik mar mei in big smile dat ik helemaal ok wie mei it rinnen en dat it gjin probleem wie. Hy ride troch en stoppe 10 meter fierder wer. Prebearre wer fanalles mei gebaren en waard opdringerig. Ik wie no wat dúdliker en run fuort. Dan mar net fatsoenlik en sa aardig, hy moast lústerje en my serieus nimme. Hy taaide ôf.

10 sec. letter begun it hiel hurd te spielen. Ik draafde in pear meter en koe skûlje by in lyts kraamke. 3 lytse famkes wiene oan’t boartsjen en harren mem wie oan’t wurk mei iten. De frou koe gjin Engels mar it wie prima dat ik hjir skûle. Warempel, noch gjin 30 sec. letter. Dêr kaam in scooter oanfleanen mei deselde man. Hy sil wol tocht ha, no reint it, no wol se wol in lift ha.

Ok.. efkes it ferhaal wat sneller want oars duorret it wer eeuwig (sorry haha) De man hat sich behoorlik opdrongen letter, hy woe my dúdlik meinimme en my mei it bêd diele. Prebearre dit dúdlik te meitsjen troch núvere tekens mei syn hannen en in pear wurden Indonesisch. De “NO! GO AWAY” koe der blykber net ferstean. Uteindelik hat der my jild oanbean omdat der ferwachte dat ik dan wol mei him mei gean soe.. NOU DACHT IT NIET KEREL!!! ik ha wachte tot it wer droech waard en doe is der gelokkich úteindlik útnaait.

Elk skrok fan myn ferhaal want se seine allegear dat soks NEA barde! Ek de man koene se net. (Ik hie him stiekum op fideo!) Ik moast fansels ek wol efkes bykomme fan’e skrik mar doe ik it letter opskreaun hie koe ik it nuchterder besjen. Wow, wat hie ik eins goed handele, der is niks bard en it makke my allinne mar sterker omdat it myself bewees dat ik myn ferstân der wol by hâld en kalm bliuw! Haha, en no laitsje ik der om, moai sterk ferhaal der by 😉

Alles bard mei in reden..

Tsja.. no 2 dagen yn Amed en alwer moaie dingen meimakke. De earste jun ha ik Thierry ûntmoete neidat hy my in lift jaan woe nei myn hostel omdat it tsjuster waard en it bleek letter dat ik myn nije hostel kompleet foarby run wie! Haha, Thierry hat in ynteressant ferhaal en seach (troch it wurk wat der docht) frij snel wat foar der yn my spile. We hawwe redelik deselde ideeën oer it libben en dat soarget altyd foar in klik want net oeral komme je dit soart minsken tsjin.

Thierry is hjir no 9 moarne en is in boek oan’t skriuwen oer de kennis en ervaring dy der hat. Is ek lifecoach en hat my juster in soad ferteld oer ferskillende soarten zielswonden. T’wie lyk wol dúdlik mei wat foar zielswond ik oan’t wurk bin en troch syn kennis dêroer joech dat wol wer dúdlikheid.

Noch net dúdlik hoe lang ik hjir bliuw mar ik tink dat we noch wol mear moaie gesprekken ha sille. Thierry hat my trouwens ek mega holpen hjoed! Ik kaam der namelik juster achter dat ik myn oplader fan de laptop yn’t oare hostel achterlitten hie! Nee he!! it koste my in miljoen om hinne en werom te gean. Mar doe sei hy samar: ik bied dy oan dat ik moarnier op’e scooter hinne en wer ryd. Hoegst allinne mar de benzine kosten te beteljen. DANKJE DANKJE DANKJE!!!

We ha jerjuster in poging dien wat moais te sjen mar it begun sa hurd te spielen, dat we it cancelden en sijk, sijk troch werom kamen. Juster in nije poging en binne nei in tempel gien. In behoorlike klim mar op’e hinne en weromreis prachtige útsichten sjoen. Dy útsichten fun ik folle moaier en ynteressanter dan de tempel sels! haha.. Noch in pear moaie foto’s makke by dit prachtige útsicht!

ADEMbenemend.. echt wier.. DIT soart dingen reitsje my fan binnen. Net alle oare toeristyske trekpleister. Jou my in ‘sitsek’en ik kin de hiele dei wol stare nei dizze natoer!
Ek hat dizze dei my mear brocht. Op paad gean mei Thierry wie ynteressant op meardere flakken. Ik wol altyd leare en kennis fan oaren oannimme. Dochs fielde ik dat it my foaral leegsûgde. Ik kaam helemaal kapot werom. Ynsichten oer mysels en oer dit soart situaasjes yn’t algemien soargden fannemoarn foar prachtige ynsichten dy ik graach mei jim diel yn dit artikel. :)

One Comment

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *