Bali - Reisaventoeren

Blog 26 #In rollercoaster fan it iene úterste nei it oare úterste..

Ja, jim lêze it goed, in rollercoaster. Dizze wike stie yn teken fan in grutte beslissing.

Werom nei it ûnderwiis?

Tsjin mem en myn suske hie ik in skoft lyn ris sein: jim meie best ris om jim hinne hearre yn it ûnderwiis. Ik wist namelik dat der in enorm tekoart oan learkrêften is. Net dat ik in plan hie om nei hús of om wer yn it ûnderwiis te gean. Mar ik tocht, as ik wol werom komme soe yn’e maaitiid en foar de simmer dan kin ik it altyd oerwege as der wat ynteressants op myn paad komt.

It fielde wol dûbbel want ik wol eins alle tiid en myn oandacht sette yn’e projekten wêr ik mei dwaande bin en wêr út ik in mega soad enerzjy helje! De meditaasje kursussen, it retrait wer organiseare, de kursus oer paleo en orthomoleculair ite mear promote etc etc.. Dochs brocht dat NOCH net genôch op, om der fan te leven. Seker net as myn hús wyls leech stie en ik dus dubbele kosten betelje. En ondanks dat it underwiis wol mear enerzjy kosset dan in ‘simpel’ baantsje, woe ik it wol overwege. Sjen hoe dizze nije Petra no handelt yn it underwiis. En as it net losse ynfaldagen binne, dan is it moai om dy bân mei de bern op te bouwen.

Workum

Ik krige in oantal wiken letter in oanbieding fanút Nije Gaast (de skoalle stichting yn Gaasterlân). Se sochten in kleuterjuf foar nei de maaie fakânsje. Ik ha in gesprek mei de directrice han begjin fan dizze wike en doe begûn eins it hiele geratel yn myn holle.

Spanning, druk, bewiize

Der kaam in gefoel werom fan eartiids. Druk, ferantwurding, spanning en gedachten dy my hiel hurd underút hellen. Alde patroanen en gedachten oer it juf wêzen. As learkracht ha je in grutte ferantwurding yn je hannen. Elke âlder jout syn fertrouwen yn dyn hannen, je wolle it allerbêste der út helje, je wolle de bern in machtige tiid mei jaan, je wolle oeral goed op reageare, goeie foarbereiding etc. Gelyk gie ik wer yn’e ‘bewiis’ modus. Ik moat myn nije kollega’s en directrice sjen litte wat ik kin, myn erfaring, bewize nei de âlders en foaral nei mysels.

It wurke averechts, want troch dizze druk en spanning dy ik der op lei woe ik eins helemaal net mear, mar dy opsje siet net mear yn myn holle. Want dan soe ik fale…

James syn wurden

Ik appte James, myn maat fan Mexico dy út’e UK komt. Hy is in stik fierder yn de manier hoe ik libje wolle soe. Ik wie nijsgjirrich wat hy my te sizzen hie oer dizze situaasje. Syn antwurd wie dúdlik. Hy sei: Petra, sunder nei te tinken en antwurdzje snel. Freegje dysels de fraach: wol ik dizze baan, ja of nee! It is maklik, ik tink dasto it antwurd sels wol wist en fielst it yn dyn liif. Ik soe sizze ha skijt oan it jild en de soargen. LEEF!! Hy leeft momenteel yn in buske en hat in simpel baantsje (wyls der foarhinne alle rykdom en in kantoorbaan hie) hy sei ik bin no gelokkiger as ea!

OEEHHHHH… dit kriebele in HIEL soad yn my..! Want myn antwurd wie uiteraard nee. Ik woe net dy spanning en bewiisdrang, ik woe myn eigen projecten wêryn ik dwan kin wat IK wol.. It feit dat ik toch noch nee sizze koe en frij wêze, wow dat joech my ynienen sa’n frijheid!! jim wolle net leaue hoe myn hart dy dei tekear gien is.. Ik fielde de adrenaline de hiele dei troch myn liif gûnzjen! Rete spannend, dat wol..want healwei de dei kaam de holle wer.. HOE silst dan de simmer troch komme? HOE silst dan de rekkeningen betelje? bla bla bla.. Ik ha it dy dei allegear efkes op my ôfkomme litten, gjin beslút naam.. it wie in slopende mar machtige dei om te fielen wat der allegear barde yn my. Ik makke wylde plannen en fielde in enorme kracht en ha no folle mear fertrouwen yn myn projekten!

De druk der ôf

It gekke wie.. Sadra ik dus ta liet dat ik ek NEE sizze mocht en de druk fan my ôffoel, waard ik relaxed en HOEGDE it ynienen net mear. Ik HOEGDE net te wurkjen… en warempel automatysk doe ik relaxter waard en my sterker fielde, kaam it yn my op dat ik ek wol in dei wurkje koe. Ik stie boppe de spanning. Miskien ek wol 2, ja dat koe’k ek wol oan.. 3? Hmm.. dan kaam de ferantwurding en de druk wer wat om’e hoeke. It wie wol in moai spultsje om te sjen hoe núver dit eins wurke.

Ik ha úteindelik mar gewoan iepen en earlik west nei de directrice oer myn spanningen, de druk etc. Earlikheid duorret it langst en dat holp. Ik krige in hiel leaf berjochtsje werom fan har. Wurden dy de druk der ôfhellen dy der yn it earste gesprek kaam wiene. Se hie der alle fertrouwen yn dat it mei myn erfaring wol goed komme soe. En doe foel dy bewiisdrang fan my ôf. Dat hie ik efkes nedig. Ek it feit dat ik dit earlik mei har diele koe en dat se op dizze manier reagearde fielde foar my dat ik dêr goed sit.

En doe??

En warempel, Peet ha ja sein! Dus ik ha in baan tot de simmerfakânsje!! Hahaha!! En dat goait alles om, want dat betekend dat ik oare wike al nei hús gean!! oeffff.. dat is wol efkes HIEL hurd skakelje mar dizze dame is no baas oer har gedachten en focust op alle leuke dingen dy it my bringen giet!

Myn famylje en freonen wer sjen, nei Fryslân! De lytse tantesizzers, myn broer en sussen en heit.

En mem dan???

Mem net? Nee want it wurd noch gekker. Mem hie al yn’e holle dat se yn’e maaie fakansje nei my ta komme woe en no geane we dus tegearre werom! Dus myn lêtste wike sille mem en ik tegearre reizigje. Op it momint fan skriuwen sit mem yn’t fleantúch, allinne, hiel knap fyn ik!

Wyls ik dus 3 dagen oan’t wurk gean, gean ik wyls wol troch mei myn oare projekten mar dan yn Fryslân. Ik wol ek yn Fryslân 1 of 2 kear it retrait organisearje wat ik yn Pai dien ha, de kursus meditaasje yn NL en Engels fertale en noch folle mear MACHTIGE projekten! woohoo.. Ik gean der foar, it sil efkes hiel erg skakeljen wêze mar Workum, here I come! Fol fertrouwen en ik ha der sin yn!

Snorkeljen, hostel

Behalve dit boppeste is der fansels folle mear geande hjir mar de blog wurd alwer te lang. Ik ha it snorkeljen hjir ûntdekt bygelyks. Poah, wat is dit moai!! De fisken binne sa prachtig, dêr krij’k al hast trinnen fan yn’e eagen mar foaral ek it underwetter wêzen mei je holle en alles om je hinne ferjitte. It is sa mindful, it is súver in meditaasje. Foar de rest ha’k de wekker elke moarn om 6 oere en spring ik hurd op myn fyts om de sinsopgong te sjen en te meditearen op’t strân.

Qua keamer wêr ik sit, no dêr kin je no hast in boek oer skriuwe.. PFFFF der waard my fanalles beloofd, mar úteindelik ha ik 8 nachten yn in dorm slipt (gedeelde keamer mei 6 bêden). Mar eindelik sinds freed ha ik de moaiste keamer fan it hostel. Utsicht oer it riisfjild, in grutte keamer, in prive badkeamer en 2 bêden. It hat fêst sa wêze moatten omdat mem komt.

Mem en it backpackleven

Doe ik hearde dat mem hjir kaam woe ik graach har wat sjen litte fan it leven wat ik hjir leef. Se moast wol efkes skakelje want sy wie eins wol ta oan ‘fakânsje’. Dochs sei se letter: ja Peet, dat dogge we. Ien dei hjir yn Amed, en dan in dei werom nei Lovina en sliepe yn it famylje hostel! Dan gean we woansdei op nei it súden, pikke we myn koffer op en eindigje yn Legian wêr we de dan lekker fakânsje fieren gean 😉 Ik bin benijd wat mem fan it backpackersleventsje fynt!;)

Ik wie hast opfretten!!

Ohja.. bin ek noch op aventoer west yn it riisfjild! Ik eindige mediterend yn ien fan dy lytse hutsjes. Doe ik midden yn’e meditaasje siet hearde ik ynienen wat. Nei dat ik eindelik myn eagen iepen die, seach ik flak neist myn fuorten in slangeliif!! en yn in fraksje fan in sekonde seach ik doe dat syn kop 20 cm fan myn fuorten ôf wie. Ik wist sa hurd net as ik better befriize koe as better fluchte. Ik keas foar it 2e. Ik luts myn fuorten sa hurd mooglik omheech en ZOEFFFF de slang naaide út.. whahaha, dat wie spannend mar wer in machtig ferhaal hahaha.. it komt wol werom yn myn vlog 😉

De Fryske meditaasje kursus

Ja dit is echt it lêtste hjer! Mar ik woe efkes mei jim diele dat it super goed giet mei de Fryske meditaasje kursus! De earsten binne dizze wike starten en hast elke dei krij ik der oanmeldingen bij!! Ek ha ik al hiele leave reaksjes krigen dat se it professioneel fine, dat it super goed klinkt, it relaxed is en helpend! Yess!! Dankje dankje dankje!

Oan’t sjen!

One Comment

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *