Bali - Reisaventoeren

Blog 27 #De lêste wike mei mem op Bali

Dwan wat je sels wolle..

Lit ik hiel earlik wêze. Doe mem my fertelde dat se it idee hie om hjir hinne te kommen, fleach ik earst yn’e wearstand. Net om mem fansels, mar om it feit dat der ynienen immen myn wereldsje hjir binnenkomt. Ik bin sa went allinne te wêzen, dat ik dêr hearlik fan genietsje. Ik ha foarhinne altyd ûnbewust alles dien wat oaren woene. Dwan wat IK wol, it klinkt maklik. Mar minsken dy harren hjir wol yn herkenne witte hoe lestig dat wêze kin. Want as je altyd je eigen wil oan’e kant skowt hawwe, witte je yn it begjin net iens WAT je wolle. Omdat je onbewust toch lyk wer rekkening hâlde mei wat ‘ferwachte’ wurd, wat in oar fynt, wat je altyd diene etc.. It wie dan ek in flinke reis ôfrune 3 jier om tichterby myn eigen ‘wil’ te kommen. Wat wol ik?? SUNDER rekkening mei wa dan ek mar te hâlden.

Ik kin noch net earlik sizze dat ik no altyd 100% doch wat ik wol, mei ‘skijt’ oan oaren. Ik kom WOL in stik tichterby! Dêr bin ik super bliid mei. Ik wurkje der hurd oan, eltse dei wer. Dêrom benaude it my wol doe mem sei dat se hjir komme soe. Ik bin ynienen net mear allinne en 24/7 bin ik by mem yn myn frije wereldsje hjir.. Dit wie wol iets wêr ik tsjin op seach, en mem besefte har dat ek hiel goed.

Backpackers leven versus fakânsje fiere!

Mem en ik hien ôfpraten dat ik har de earste 2 dagen meinimme soe yn myn backpackersleven. 1 dei Amed, 1 dei Lovina en dan fan’t noarden nei it súden om de rest fan’e dagen yn Legian te wêzen yn in cottage wêr heit en mem destiids hearder ek sitten hawwe. Ik hie wol in prive keamer no yn it hostel en fansels wat leuke dingen plant want de heale dei op’e laptop wurkje doch ik no fansels net as mem hjir is.

En dêr wie se dan!

Sneintejun let kaam mem oan! Wat in lange reis en wat dapper dat ús memke dat hielendal allinne die! Ik hie dy deis noch mei heit belle en frege him hoelang it lyn wie dat sy úberhaupt in wike apart wiene. No, sei heit, noch nea! OEFF.. dat sil dan ek wol efkes wenne wêze! Mem har reis wie bêst gien en neidat mem healwei 12 oan kaam nachts, ha ik noch in omelet oan’t bakken west yn’t hostel omdat mem noch net safolle iten hie. Darryl en Christine (2 freonen yn it hostel) hiene mei my oan’t wachtsjen west en koene no ek op bêd 😉 In pilske by de omelet en run 1.30 mar gau koese!

Moandei yn Amed

Mandeis ha we oan’t snorkeljen west. Al wie it wat stoarmig en it sicht lang net sa moai as foarige wike. Mem fun it wol moai en ik fun’t leuk dat ik dit mem sjenlitte koe! We ha noch yn’e sinne lein te bakken en genoten fan in lekkere massaazje. Wyls it leventsje yn Amed sjoen. Low budget lunche oan’e kant fan’e dyk en juns mei Darryl en Christine nei in oar goedkeap tentsje wêr we geregeld iten hawwe.

Dikke wille omdat alles oars giet

Wat ha we hjir in wille han yn dit restaurant. Ik bin der undertusken oan went dat itselde gerecht oeral kompleet oars wêze kin by elk restaurant. Myn ferwachtingen lizze leger omdat je yn Azië by de low-budget plakken gewoan altyd fanalles ferwachtsje kinne. Dat wie no jun ek wer sa mei mem. Mem hie in spaghetti bolognaise besteld. Ik hie har noch warskôge dat dit lytse kraamke mear specialiseert wie yn Balinees iten en ik net wist wat mem fan’e spaghetti ferwachtsje moast. Mar klear, mem hie der sin yn en wat kin je no ferprutse oan in spaghetti bolognaise?

No ik sil jim earst de foto sjen litte fan mem mei har spaghetti.. Want wêr bleaun de bolognaise? By my hiene se by de gado gado de saus apart derneist serveert.. mar der kaam net mear as dit..

We moasten der allegear earst efkes om gnize dat se it fêst ferjitten wiene, dus we fregen de ober, wêr de bolognaise wie. Hy seach ferbaasd en sei mei in big smile: Ja, dit is spaghetti bolognaise! wy: huh, mar wêr is de bolognaise dan?? wêr is de saus en it fleis etc? Hy lake freonlik en sei: it is just a little bit! Wy leine dubbel fan it gnizen.. just a little bit???? Ik seach hielendal NEAT!! we ha der mar smakelik om lake en mem hat de wite spaghetti mei wat krommels tsiis mar gau opiten.

Mem hie ek om in wyntsje frege mar NEEEE… dat hiene se net. Bier, fris en Balinese Arak.. mar net wyn. Nee mem, dat is te ‘fancy’ foar sa’n low-budget restaurant.

Nei it iten giene we fierder. We hearden hieltyd live muzyk en dêr ha we mei us 4en hinne west. Mem woe noch wol graach in desert, en in cocktail. Ek Darryl en Christine hiene noch wol sin yn wat mear iten. We bestudearden de kaart en doe we der eindelik útwiene en bestelle woene bleek warempel dat wat sy woene wie der net! Precies de cocktail dy mem woe wie der ek net en myn bierke ek net. Ferhip, no allegear mar wer fierder sykje. Darryl en Christine joegen op, woene gewoan gesellich sitte. Mem socht in oar desert út en ik ek mar in desert dan. Nei ús bestelling kaam de beste jonge werom mei de melding: Sorry, de keuken hat krekt sein dat se ticht binne. Gjin iten en desert mear. In bak thee koe der noch krekt ôf en mem hat de ienige cocktail kozen dy se WOL hiene.

It wie efkes skakelje, mar it soarge wol foar in protte wille! We krigen trouwens wol samar gratis popcorn derby!

Wyls we krekt ús bestelling krigen kaam Kadek samar de kroeg binnen! Kadek wie myn beste maat hjir yn Amed en ik ite dan ek geregeld yn syn bamboo warung. No woe ik him mem foarstelle mar hy wie de hiele dei net yn’e warung. Ik hie it al opjun dat ik him noch gedag sizze koe en warempel! Dêr stapte hy samar deselde kroeg yn as ús.

In Balinees ferske foar my

Doe der hearde dat ik de oare deis fuort gie run der lyk nei it podium, wêr de sjonger fan fannejun krekt efkes in pauze naam en spesjaal foar my song Kadek in ferske foar my! No wat moai kin je de jun noch eindigje!

Ohja.. noja sa moai eindige it eins noch net.. Want wyls Kadek Christine en Darryl werom ride yn’e auto en mem en ik der achteroan giene op’e fyts ha we noch in pittig ritsje han. In soad wylde hûnen hjir ek op Bali. Oerdei tale se net nei je, mar juns binne se waaks. En omdat it sa stil wie hearden de hunnen elkoars geblaf! Je leaue net hoefolle hûnnen der dan ynienen fan alle kanten út stegen en donkere hoekjes komme. We stiene hast omsingeld troch sa’n 15 hunnen! No fielde ik net sa sear dat se út wat oandwan soene wyls we dêr mei ús fyts stiene mar ik doarde net fuort te fytsen!

Dan kamen se achter ús oan! En troch it ungelok mei de scooter yn Thailân wat ek troch in hûn kaam bin ik wat benauder wurden.. Noja klear, we bin der sunder ‘kleerscheuren’ fan ôf kaam en úteindelik feilich thus kaam. In moaie lêtste dei en jun yn Amed..

Tiisdei op nei Lovina

2,5 oere nei Lovina mei de taksje. Us plannen gean wer oars omdat we nei in skoalle soene. We hiene mei Lucky (fan family hostel) in tour boekt om nei in lokale skoalle te gean. Lucky hie der allinne net rekening mei holden dat de bern noch steeds fakânsje hiene yn ferban mei de ramadan. We ha ús plan omgoait. Earst wat ite yn Lovina (lês: mei syn 3en op de scooter en mem yn’t midden sadat dy feilich siet 😉 ) en dernei mar de citytour. De tour troch it doarpke hold yn dat je mei 2 grutte sekken riis, wat lollies en koekjes it doarp yn gean. Lokale minsken moetsje, it lokale libben sjogge en Lucky giet mei as tolk.

No moat ik sizze dat it wol leuk wie hjer! Mar ek tink ik dat wy hjir en dêr wat te nuchter en te wekker binne foar dit soart dingen. Want it moast hiel spontaan allegear wêze mar dochs wie it al wat georganisearre. Lucky fertelde hjir en dêr wat underweis en we stopten by in frou (syn achterbuorfrou) dy mei riet allegear offerbakjes yn elkoar fouwde. Dy frou siet fansels dêr op ús te wachtsjen en die dit dageliks mei degene dy de ’tour’ die. As dank dat sy ús leard hie om dit ek te flechten krige sy in sek mei riis.

We runnen fierder en oan alle kanten wie it famylje fan him. We kletsten wer wat, ha lollies útdielt en koekjes en lucky frege oan wa we de oare sek mei riis jaan woene. No earlik sein fielde it foar my in bytsje frjemd. Yn pleats fan spontaan minsken tsjinkomme en in praatsje fielde dit nogal gemaakt omdat elk dy we tsjinkamen dit dus elke dei wol seagen. Ek krigen warskynlik de famylje leden fan him elke kear sa’n sek riis. Lucky frege my by de letste stop (wyls al syn omkes en tantes om ús hinne sieten) wa wy graach de sek riis jaan woene.

Ik tocht doe ynienen: Wa soe dizze riis it meast nedig ha en wa soe ik it it meast gunne? No, op ien of oare manier wie dat immen dy hjir net tusken siet. Dat wie Kadek. De jongeman fan it oare hostel dy nei ernstige sykte alles der oan docht om der wer boppe op te kommen en bied alles super goedkeap oan en  helpt oeral foar neat. Hy hie sels alris myn iten betelle wyls ik fansels folle mear jild as him ha. HY fertsjinne dizze sek riis! Ik ha oan Lucky frege as ik de sek meinimme mocht om it oan immen underweis te jaan en dat wie prima. Kadek wie de oare deis super dankber foar it gebaar en foar de riis! Ik hie Kadek ek hjir en der wat tips jun foar it hostel doe ik fuort gie de foarige kear. Doe ik mem it hostel sjen liet, seach ik warempel dat der al dy dingen dien hie!

SingSing

Efkes rapper der troch hinne! Letter dy dei bin we noch mei Anna en Lucky nei de sing-sing wetterfal west. En juns bin mem en ik út iten west. Ik sil der no net tefolle oer fertelle mar it gie wer hiel núver mei de bestellingen. Ik wit net wat it is, mar der hearst wat núvers oer it iten mei mem.

Mem yn’e dormitory

En doe kaam de nacht! Haha, dat wie foar mem best wol efkes pittig. Want foar dizze nacht yn it hostel hiene we in bêd yn in dorm mei 6 bêden. Ik hie wol regelje kinnen dat mem net boppe op it stapelbêd hoegde, mar mei oaren yn in keamer wie wol iets nijs foar mem. Se hat dan ek net sa best slipt mar hat it dochs mar efkes dien! It minste fun se eins dat de badkeamer en wc boppe op it dak wie en dat je fia de keuken en in betonnen trep it dak op moasten yn’t donker om nei de wc. Se hat it oerlibbe! 😉

Woansdei wisseldei

Woansdei wie de wissel fan backpacklibben nei it fakânsje libben. In lange reis fan it noarden nei it súden fan Bali. Qua kilometers net in soad, mar omdat it ferkear in drama is betiden hat it ús de HIELE dei koste! De rider wie ek net echt je fan het moat ik sizze. Hy sei dat der wol officieel ‘driver’ wie mar hy ried alsof der krekt syn rybewiis hie, wist net hoe de ramen en radio wurken en wy moasten op google maps fertelle wêr der hinne moast. Hmzz.. mar klear, we bin feilich oankaam.

Jatiluwih!

We hiene underweis wol in moaie stop! Der wie 1 plak op Bali wat hiel faak yn herinneringen werom kaam. Bygelyks as ik in meditaasje die wêryn sein waard: gean yn gedachten nei in plak wêr ast graach wêze wolst. Dan wie dat sûnder nei te tinken altyd op Jatiluwih. Jatiluwih binne de reisfjilden. Net samar reisfjilden. Ik kin jim foto’s sjen litte mar om it echt te fielen moat je der wist wêze. De stilte, de enerzjy dy der hinget fun ik destiids hiel bysûnder.

Ik woe hjir noch ris hinne, om te sjen wêrom it dochs altyd werom kaam yn myn gedachten. It soe grif ôffalle as je foar de 2e kear gean want yn gedachten meitsje je soms herinneringen moaier dan se binne. Mar dizze kear net.. PRACHTIG.. kipefel, opnij kriebels yn myn búk.. adembenemend! Foar de rest sis ik mar neat, mar nim ik jim mei yn de foto’s.

Legian

De lêtste 4 dagen ha we yn Legian fertoeve. It hotel wêr heit en mem hearder ris yn west wiene doe sy foar fakânsje op Bali wiene. POEEEHH He! Dat wie efkes next level tsjinoergestelde fan it backpackersleven! Fan in dormitory giene we nei in eigen cottage en fan de gratis bananapancake breakfast yn’e hostels giene we nei in MEGA lux, lekker ontbijtbuffet wêr ik yn dizze dagen mysels hielendal fjouwerkant iten ha!! Oopss… Mar wa my kin.. wit dat ik in ‘extreme appetite’ ha (sa Kazembe elke kear wer sei as der my iten seach 😉). Ik kin SA genietsje fan lekker iten! As ik dan ek noch in buffet foar my ha sadat ik net hoech te kiezen mar alles priuwe en prebearje kin en ek noch sa folle as ik wol… dan is it pittig om te stopjen! Hahaha.. Hearlik genoten fan dizze overvloed!

Fan earm nei ryk

Net allinne it iten en it sliepplak wie in skakelproces mar gewoan it hiele libbentsje. Ik libbe 6 moarne ‘back to basic’ en dat fyn ik prima. Helemaal best en ik genietsje fan de lytse dingen. Ik moat earlik tajaan dat ik dus ek wol moeite hie mei it ‘luxe’ leventsje. Ik wol my hielendal net better of heger as oaren fiele. Mar dy sfear hinge der hjir sa no en dan wol wat. De measte minsken yn dit hotel en yn dizze fakânsje omgeving joue bulten jild út, litte harren bediene en de Balinezen fleane harren mei leafde út ‘e naad. En dat lêste stikje, dêr hie ik wat moeite mei. Ondanks dat ha we hearlik genoten!

We ha sinne han, mar ek elke dei in hiele soad bewolking, BULTEN wetter en ha genoten fan de lêtste dagen fakânsje! Ik bin ek noch efkes werom west nei it gebied wêr ik 3 jier lyn mei Sybrand west ha. Wat in herinneringen, prachtig.. it foel my niks net ôf om it no wer te sjen, júst moaie herinneringen dy boppe kamen dat ik DOE al sa fereale wurden wie op Bali en it aziatische.

DE WEROMREIS………In swiere kealerij!!

Tsja.. hjir oer kin’k wol in bestseller skriuwe, noja in thriller hahaha.. mar de blog is al meeega lang dus hjir wat puntsgewijs wat dingen dy wy belibbe hawwe

  • Net ynchecke kinne, úteindelik soad jild del telt foar in goed plak yn pleats fan yncheckt
  • Foar we fuort wiene in mail: flucht fertraagd (mar we kinne it noch maklik dwan dus prima)
  • Denpasar: fertraging…hiel lang..
  • Underweis nei Jakarta: Safolle fertraging en dus stress omdat we oerstappe moatte nei Emirates. Opnij ynchecke, bagage fine, nei in oare terminal mei de trein etc etc
  • Yn’t fleantúch beloofd personiel dat ús bagaazje as earst komt en dat se melde dat we der oankomme en Emirates wachtsje moat! Der binne gelokkich noch 5 oaren dy ek mei it selde fleantúch moatte..
  • Jakarta: bagage komt nooit.. de bagage fan de oare 5 is der al.. dy gean yn’e taksje sunder ús
  • Uteindelik de bagaazje, drave, fleane, MEGA djoere taxi, oplichten, drave om it leven….

FLEANTUCH MIST!!!!!! se hiene krekt de boel tichtgoait wyls de oaren noch wol mei mochten…

Dêr stean we dan.. op in hast ferlitten fleanfjild. 1 oere nachts.. Nimmen koe of woe ús helpe.. Nimmen wie ferantwurdelik, nimmen te berikken troch it tiidsferskil en omdat it nacht wie..

3 oere: in BULTE stress en gemieter… sels mar in nije flucht boekt foar de oare deis. Thúsfront helpt ek mei. (we sil it mar net ha oer it ynchecken en de bagaazje dy we der net by boeke koene…grrrr)

4 oere: rap nei it hotel op’t fleanfjild: we moat SLIEPE! mar we wien der noch net.. hotel FOL!!

oplichten troch in taksi sjauffeur foar wer MEGA soad jild bin we nei in oar hotel brocht. (Lês: dizze selde rit koste ús de oare deis 80 cent..)

Run 5 oere eindelik sliepe.. noja.. in poging tot.. want we binne sa frustreard dat we ús hast net deljan kinne.. 8 oere mar opjun, earst mar ontbijt en in koarte plons yn’t zwembad foar wat enerzjy.

Ynpakke en werom nei’t fleanfjild.. Bagaazje betelje docht je sear oan’t hert en uiteraard duorre it in eeeeuwigheid omdat wy KREKT in stagiaire hiene dy ús holp.

Mei de skytrain nei in oare terminal om it oan te fjochtsjen mei BatikAir, troch harren fertraging ha wy al dit gesoademieter. Ek hjir ha se gjin haast en uiteraard, kin se niks foar ús dwan… pffffff

Wachtsje by Batik air

We sitte no op it momint fan skriuwen yn Singapore, 7,5 oere wachtsje tot we wer fierder kinne.. fannacht 00.40 kin we fleane en dan yn ien flucht fan 13,5 oere nei Amsterdam. Dêr sil heitie ús ophelje… POEEE.. it moast wol HIEL swier kealje.. en foaral.. we bin hjir noch net klear mei want thús sil we der achter oan moatte mei fersekering ensa, want we bin aanst thús, mar wol hast bankroet! Mar klear.. It is wol wer in sterk ferhaal!

Dizze kear sis ik net oan’t oare wike.. der komt fêst wol wer wat, mar no earst net wekeliks mear in mail… Ik wol jim fan dizze kant tige tige tankje dat jimme my folge hawwe! Super leuk, motiverend en inspirerend!

Oan’t SJEN!

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *