Blog 3 Koh Chang 2
De 2e wike op Koh Chang. Dizze wike mei de intentie om mear yn it NO te kommen, werom komme by mysels en minder jachtsje sa as foarige wike. Doe ha’k safolle dwaande west mei wêr sil ik ferbliuwe en wol wat en sil ik allegear.
Grinzen oanjaan
Ien fan de dingen wêr ik oan wurkje wol yn dizze reis is foar mysels dúdliker myn grinzen oan jaan. Op allerhande fronten rin ik hjir hieltyd wer tsjin oan. Ik gean oer myn eigen grinzen, kear op kear. De iene kear is dat op in manier dat ik tefolle doch, in oar momint byg. Omdat ik oaren oer myn grinzen gean lit. It giet de hiele dei troch en ik merk hiel faak dat ik útdaagd wurd om myn grinzen earst te bepalen en se ferfolgens ek oan te jaan en der by te bliuwen. Ik mien hiel faak dat ik dat wol doch mar ik ervaar hiel faak dat ik te maklik myn eigen grinzen oan’e kant set of mar wer ferskow om oaren te pleasen en mar net ‘tsjin te fallen’ of zwak ofsa oer te kommen.
In underlizzende angst om ôfkeurd te wurden, saai te wêzen, swak te wêzen of net goed genôch. Wyls ik just tink, dat as ik dúdlik myn grinzen oan jou en der by bliuw dat net allinne IK mysels better fiel mar dat it foar oaren om my hinne ek allinne mar dúdliker is en se sjogge it miskien júst wol as sterk en zelfverzekerder as ik gewoan by mysels bliuw. In útdaging dus foar mysels 😉 It sit um werkelik yn alles. Ik merk dat it der SA ynbakt sit dat ik altyd in oar it nei’t sin meitsje wol. Ik bin dan soms wat TE empathisch. Dus op dit gebied sil jim fêst de kommende tiid wolris wat te hearren krije. Al moat ik sizze dat it wer wat wenne is dat ik alles diel, en dan foaral myn iepene en kwetsbere kant. Want dan binne it ek dingen wer ik my foar skamje, de kanten wêr ik net grutsk op bin.
Russische jongens
Ik wol efkes hiel wat oars mei jim diele. Gewoan omdat it wat mei my docht. Ik bin hjir namelik al 2 Russische jongens tsjinkaam op Koh Chang dy hjir mei deselde reden sitte. Ruslân, it lân wat no sa negatyf yn’t nijs is troch de oarlog. En ik murk oan de jonges (se kinne elkoar net trouwens, 2 losse ferhalen) dat se hast net doarre te sizzen dat se út Ruslân komme. Se fiele beide dat in soad minsken harren feroardiele op wêr se wei komme, wyls sy sels nea mei de oarlog te meitsjen hawwe.
Beide jonges binne ‘fluchten’. Fluchten út Ruslân omdat se it sa ferskriklik fine wat der gebeurd. Se fine de oarloch freselik en se binne beide fluchten omdat de oerheid wol dat ek sy soldaat wurde en mei fjochtsje. Se woene dit beide net en binne dêrom der fan troch gien. Ien jonge fertelde my dat de soldaten 3 dagen achter elkoar foar syn doar stiene om him op te heljen of oer te heljen om yn it leger te gean. Hy hie him ferstoppe en fun it dea-eng. Nei de 3e dei hat der syn spul ynpakt en hat der in poging dien dus te fluchten.
Hy wie bang dat der tsjinholden wurde soe by de grins mar ta syn ferbazing ha se him gean litten. Ik merk dat de jonge ek net goed wit wat der no moat. Gjin idee hoelang der fuort bliuwe moat. Fakânsje gefoel hie der seker net. Hy kin gelokkich syn baan wol aardig online folhâlde mar ik merk oan alles dat der dwaande is mei de situaasje thús. Hy bellet hast de hiele dei mei famylje ensa. It rekke my, dizze ferhalen. Omdat wy faaks allinne dwaande binne mei wat der yn Oekraïne oan’e hân is, mar ek ‘gewoane’ Russen wurde op dizze manier yn ferdrukking brocht om mei te dwaan oan dy oarloch wyls se it ferskriklik fine en wolle dat der frede komt. Se binne anti harren oerheid. Ik wit dat it net myn problemen binne, mar ik fiel harren soargen en angst.
Balans sykje yn’e blogs en vlogs
Ik krij der hieltyd mear folgers by op myn website. Der binne no 77 minsken dy harren ynskreaun ha en nijsgjirrich binne nei myn ferhalen en/of video’s. Prachtig fyn ik dat! Eltse kear fiel ik my wer sa dankber en fereard eins dat der safolle minsken binne dy it ynteressearret wat ik hjir mei meitsje en hoe ik my ontwikkelje.
Dochs sit it my soms wat dwars dat it my sa enorm soad tiid kostet. Ik tink dat it my wekeliks hast 2 dagen kosset om te skriuwen, de foto’s te uploaden, website bywurkje (en oeren útsykje hoe alles wurket bijv.) De vlogs meitsje, nijsbrief etc etc. Ik fyn it moai om te dwaan mar soms fielt it ek as ‘wurk’ omdat it my dochs achter sit dat it hieltyd gebeure moat omdat minsken der op wachtsje.
It triggert my faaks as minsken my dagen lang achter de laptop sjogge en freegje wat foar wurk ik doch.. No gjin wurk eins.. Ik fyn it leuk om te dwaan mar it kosset my faaks wol folle mear dan it my oplevert. Ik wit dat der minsken binne dy der wat mei fertsjinje mar HOE dat soe moatte wit ik net en ik tink dat dat foar my dochs net mooglik is omdat ik yn’t Frysk skriuw en vlog en dêrtroch mysels ek enorm beperk. As der tafallich immen tusken de 77 folgers is dy’t hjir mear oer wit of tips foar my hat dan hear ik it graach 😉
HJIR doch ik it foar
As ik soms efkes tink: pffff wêr doch ik it foar!!? Ik hie ek yn dizze dagen HIEL wat besjen kinnen of lekker op it strân lizze kinnen ofsa. Mar dan herinnerje ik my wer de leuke reaksjes dy ik krige doe ik thús wie en de minsken dy mei smart sitte te wachtsjen op myn folgende blog om te witten hoe it ferhaal fan foarige wike fierder giet. De freon dy my fertelde dat der myn blogs soms wol meardere kearen lêst omdat der inspirearre wurd troch myn ferhalen om ek mear út syn komfortzone te stappen. Dan fiel ik my sa dankber, want dat is wat my enerzjy jout. Ik wurd der sa bliid fan as ik troch myn ervaring te dielen oaren helpe kin op harren paad.
Ik hoopje dit ek mear en mear op myn website creëre te kinnen. Dat ik mear minsken helpe kin troch troch te jaan wat ik leard ha. Dat ik mear dwaan gean mei it meditearen, it manifestearen, energetisch wurk en gewoan alle praktische dingen dy foar my it ferskil makke ha om fan ‘ernstig depressief’ nei sa dankber en gelokkich te wurden! Want ek al fiel ik my noch net elke dei op myn gelokkigst en struggle ik noch steeds wolris mei dingen. Der is it lêtste oardel jier in stik yn my ontwikkele wêr ik sa mega dankber foar bin!
Wêrom bin ik op reis gien?
Iets wat ik noch lestig fyn om te omskriuwen, mar ik neam it faak : de nije Peet, de nije ik. It kompleet oars nei de wereld sjen, it ljocht wat ik sjoen ha, in mega djip en grut fertrouwen yn mysels en yn’e takomst. In
DAT is de reden wêrom ik wer reizigje en it doel wat ik hjir te dwan ha. Dizze nije Peet, dizze nije manier fan sjen nei de wrâld my eigen meitsje! Dat it mear myn automatisme wurd en dat ik minder faak of it leafst hielendal net mear weromfal yn it âlde. It jachtsjen, de angst foar it ien of oar mar júst libje fanút fol fertrouwen, iepen te stean foar alles, it ljocht te wêzen foar mysels en oaren.
Ik murk dat dat yn Mexico hiel moai gong! En spitich genôch hie’k it gefoel dat ik dat kompleet wer kwytrekke doe ik yn Nederlân werom kaam. Ek al wit ik dat it yn my sit, thús waard ik noch tefolle triggert nei de âlde ferzje en foel ik hiel faak werom yn de kontrole ha wolle, it dwan fanút angst. Angst om iets te missen, angst om it net goed genôch te dwaan, gjin plan foar de takomst te hawwen etc etc. Hjir bin ik op mysels en ervaar ik dat it my stikken better slagget om dy nije Peet better te ontwikkeljen. Lytse stapkes, net tefolle ôfleiding mar gewoan leve en wyls stap foar stap tichter by dy nije peet te kommen en it my mear eigen te meitsjen! 😊 Yes, dat is wat ik hjir doch en wêr ik enerzjy fan krij!
En as ik dan werom fal, of âld gedrag sjen lit, is it foar my de útdaging om mild foar mysels te wêzen en wer op te stean.
En om út te finen hoe dy nije Peet wurket, hoe dat der út sjocht, wat der wol en net by heard, is experimenteare! As ik it experimenteare neam, dan fielt it ek mear as in leuke útdaging om sa no en dan ris kompleet OARS te reageren op in situaasje as wat ik ‘normaal’ dwan soe. Dan fielt it minder ‘fout’ as it net goed útpakt. Dan is de konklúzje út dat experiment dat DAT miskien net de júste wei wie, mar ik ha it prebearre. Dwan, en wat minder tinke! 😊
Ite en lústerje nei je liif
In ding wêryn ik al aardig goed mei bezig bin is it lústerjen nei myn liif. Ik yt hjir namelik faaks mar 2 kear per dei. We ite faaks sa automatisch omdat it yn je systeem sit dat it sa heard. Moarns, middeis, juns en tussendoortjes. Ik gean no faaks moarns gewoan earst lekker bezig, en in oer as 1 ofsa nim ik pas it earste iten. Dat is mar krekt wêr ik sin yn ha mar meastal is it wat mei fruit en aaien. (it ienige wat noch wat paleo proof is haha) en dan juns let faaks pas wer. Ik fernim dat myn liif it der hiel bêst op docht. Ik ha mear as genôch enerzjy en ik drink folle mear en faker as ik mien dat ik wat ite wol. It moaie is ek noch dat je folle mear genietsje fan iten as je ECHT sin yn wat ha en honger ha sis mar. Net dat je automatisch ite omdat je tinke dat it der TIID foar is. Omdat it 12 of 6 oere is ofsa.
It juns iten is trouwens wol wat lestiger foar my hjir. Neist dat it pittig is, wurd ek alles hjir iten mei riis of noodles. De porties griente en fleis binne faaks mar hiel lyts en der wurd faaks ek in bulte sûker oerhinne goait. Mar klear, dit sil wol wat sykje en wenne wêze sadat ik telkens better wit wat goeie opsjes foar my binne. Ik mei HIEL graach myn eigen iten meitsje mar tot no ta is dat noch net echt mooglik west omdat hostels hjir gjin keuken hawwe en der binne eins nergens echt boadskippen te heljen.
Wat ha’k dizze wike dien?
Om dizze blog mar net NOCH langer te meitsjen sil ik koart fertelle wat’k fannewike dien ha. Ik bin dus nei it sea flower resort gien en dêr ha’k poerbest slipt. It waaide behoorlik juns en mei de fan oan wie dat genôch oar gelûd wêrtroch ik de muzyk fan Lonely beach hast net hearde. Ek wie de manager fan it resort in hiele leave jonge frou. Doe ik in kear myn dei net hie, fielde se dit warskynlik want se frege wol 5x op dy dei hoe it mei my gie en doe ik nei de 3e kear sei dat ik indie net sa’n goeie dei hie fertelde se dat ik nea allinne wie en dat der altyd minsken wiene dy der foar my wêze woene en my helpe koene.
Mei Gil op paad
Ik ha yn dizze wike in soad mei Gil op paad west. Machtig moaie wetterfal sjoen en foaral ek in soad wille han omdat we beide hjir en dêr lekker ûnnoazele domme mominten hiene. Ik hie bygelyks net yn’e gaten wat in ‘walking street’ is. Gil fun it al wat núver dat ik dêr sa graach ris hinne woe mar hy gie akkoard en we giene de walking street yn. Doe we der trochhinne runen (en wy wiene de IENIGEN op dat momint) realisearde ik dat it dus in strjitte sa as de ‘wallen’ yn Amsterdam. Oops..haha ik fielde my HIEL ungemakkelik omdat alle froulju fansels Gil nei binnen lokke woene en ik dêr fansels net hearde te rinnen! 😉
Letter ha we noch wille han om dingen dy Gil net wist. Sa as doe der in flesse benzine keape foar de scooter en der tocht dat it 95 bath wie yn pleats fan benzine 95. Hy hie der noch neat fan heard omdat der sels út’e stêd komt en dus altyd it iepenbier ferfier brûkt en net in eigen auto hat. Noja.. oare mominten dy we hiene binne net echt denderend om te omskriuwen mar we kin soms hiel stomferbaasd nei elkoar stean te sjen as de oar iets net begrypt omdat ie iets net wit ofsa. Gil komt út Switserlân mar soms fielt it alsof der fan in oare planeet komt. 😉 It soarget yn elk gefal foar in soad wille!
Gil is krekt as my redelik frij op reis en hie de plannen om nei in oar eilân te gean mar doe der my praten hearde oer myn plannen foar Chiang Mai en it Loy Krathong festival wat der tiisdei is frege der as ik it leuk fine soe as hy mei my mei gong. Fansels, prima. Dan reizigje we tegearre en yn Chiang Mai ha we beide ús eigen sliepplak útsocht sadat we wol ús eigen gong gean kinne.
Fannewike noch wer wat minsken út oare hostels moete en it is altyd wer machtig om safolle ferskillende kultueren mixt te sjen. Elts is ynienen freonen mei elkoar as je elkoar treffe en we ha wille om de ferskillen. Sa ha’k Ze’ev kinnen leard út Israël, Guru út India (mei in tulband op’e holle, dochs wol wer unyk) en George út Engelân en noch in soad oaren wêr ik net alle nammen fan wit. It is soms wol efkes switche om alle ferskillende foarmen Engels te ûnderskeiden en te ferstean 😉.
Noja fannemoarn bin Gil en ik fertrokken foar in lange reis. Ik fun it in leuk idee om net it folledige toeriste pakket te dwan mar op ús eigen manier de wei nei Bangkok te finen. We koene foar 850 bath hjir yn in lyts minibuske stappe en dêr bliuw je dan yn tot je yn Bangkok binne. Wy ha koazen foar it aventoer, want it skeelt je warskynlik ek bulten jild.
7.00 moarns de wekker, gau ynpakke en wat nei binnen haffele, taxi nei de ferry, dan de ferry 40 min., dêrwei in taxi nei in busstation, no de bus foar 5 oeren en dan bin we yn Bangkok. Dêr sille we sjen wêr we útkomme. Fanút dêr gean we nei in oar busstation yn Bangkok en sille yn’e nachtbus stappe foar in 12 oeren lange rit nei Chiang Mai! Ja 12 oeren ja! Pfff.. we sjogge der wol tsjin op, en hiene graach mei de nachtTREIN gien omdat dat in belevenis opsich is sizze se. Dan kin je in bêd boeke en kinst sliepe yn’e trein. Mar helaas, yn ferbân mei it festival is it te drok en wie dit net mear mooglik, dan mar mei de bus!
Oan’t oare wike!
Ohja, ik tink dat der ien dezer dagen ek al in vlog komt oer Koh Chang! 😊
2 Comments
Sandra
Shine Your Light 🙂
Peter Kusters
Hoi Petra,
Wat giest moai en wat lêz ik in protte werom út ús moaie gesprekken wersto no mei besig bist. Sa as ik al earder tsjin dy sein ha, it sit allegear al yn dy. “Moast” it allinnich noch efkes ynsjen, pakket en tapasse Mar der ha ik alle fertrouwen yn. Bliuw by dyn moaie sels en bliuw iepenstean foar dysels (ja ek dyn “negatieve” kanten) foar oaren en foar alles yn en om dy hinne.
Hold on ☯️
Leafs,
Peter