Blog 32 Foarbereide en Mexicaanse gewoantes
Pfff.. sneintemoarn.. Ik waard wekker fannemoarn mei sa’n typisch sneins gefoel.. In gefoel wêr ik persoanlik nogal mouite mei ha. Ik hâld net fan sneins. It stomme is dat dat PUUR yn myn holle sit.. want de wrâld is hjir eins elke dei itselde. Seker wannear ik gjin baan ha, kin ik fan elke dei in freed of sneon meitsje, mar dochs. It sit der sa yn dat it hjoed snein is en dus hjoed ek it nare gefoel wat dr by my soms by komt. Mar klear, net de hiele wike wie sa as dit.. Mar ik moat jim wol earlik ta jaan dat ik realiseer dat in blog skriuwe mei net sa’n best humeur net hiel posityf foar de blog is. Ik bin wat knorrig en frustreard dus dat fiele jim miskien ek wol wat yn’e blog. Sorry hjir foar, oare kear mar efkes in better momint sykje..
Ek dizze wike net in hiele lange blog ferwachtsje ik. Ik ha dizze wike my foarbereiden op’e online meditaties (wêr deze perfectionist fansels heale dagen oan besteed). No sit ik op it momint fan skriuwen op’e helte fan de 6 meditaasjes dy ik ynplant ha. Ik ha der oan’t no ta 1 echt dien.
Sinds ik it berjocht op facebook dielt hie ha’k fansels constant de mail yn’e gaten holden. Ik wie nijsgjirrich hoefolle minsken harren oanmelde soene. It bleaun stil, en op ien of oare manier makke ik my der net drok om. It wie foar my op dat moment mear in antwurd. Ik tocht ok, dit is dus net de manier om minsken te berikken, net de júste foarm om de meditaasje oan te bieden of oaren binne der noch net oan ta. Ik hie der eins wol frede mei en dêr wie ik wol trots op. Yn pleats it lyk by mysels te lizzen dat ik dus domme ideeën ha ofsa. Want dat hie myn kop jierren lyn foaral dien.
Dochs op it lêtste momint kamen der wat appkes. Minsken wie wol nijsgjirrich, in oare tiid miskien, en dochs foar de earste folwoeksen meditaasje kamen der op’t letst dochs 6 minsken en ha we in hiele fijne meditaasje han! Yes tocht ik, sjoch no wol gewoan loslitte en dan komt it wol en oars mar net. Ek nei de meditaasje krige ik positieve reaksjes dus dat is altyd fijn om te hearren fansels.
Hjoed stean der noch 2 op’e planning en moarn 1. Ik ha alles foarbereiden dus ik lit it wol op my ôfkomme 😉
Beatriz en Nayeli
Wyls dit fannewike dochs in hiel soad tiid en foarbereiding koste hat bin’k wyls sa no en dan mei Beatriz en Nayeli der op út west. Beatriz hat hjir in oantal dagen yn’t hostel sitten en hat trouwens machtig moai blauw, pears en roze hier, elke dei hat it in oare kleur liket it hast. Nayeli en Beatriz helpe my hjir en dêr mei it Spaans learen, dat is fansels ek goed.
Se meie hjir graach feesjes fiere, mei elkoar ite en fan’t libben genietsje. Ik sjoch dan wer yn hoe dreech ik soms bin. Ik wurkje net iens, fertsjinje gjin klap mar dochs bin ik drok en dwaande de hiele tiid. Oan’e iene kant net ferkeard tink ik want myn doel is úteraard om in wei te finen om myn jild te fertsjinjen mei iets wêr ik in hiele berch enerzjy fan krij. Ik soe graach frij bliuwe wolle, dus it moaist is om iets online te dwan. Dus dizze reis is foaral ek om út te fûgeljen, te prebearjen en te achterheljen en hoe wat dat wêze sil. Oan’e ideeën sil it net lizze. It sit um der mear yn dat ik te ûnseker bin. Te benaud..
Oan’e oare kant tink ik ek faak.. Peet doch net sa dreech en genietsje wat mear! Hast in principe fakânsje dus meist wat mear genietsje en hoegst net sa serieus! En it klinkt miskien stom, mar dat fyn ik best moeilik.. Fansels moat ik net fakânsje fiere alsof je in wykje fuort binne want dan soe it jild my te hurd út’e bûse rane. Mar gewoan wat faker lekker omhingje en niks dwan, dat soe wol fijn wêze.
Dy ferhipte ‘stress en drok’ kultuer wêr wy mei opgroeit binne!
Ik sjoch it ferskil mear en mear no ik hjir bin. Hoe dy ‘drok’ wêze kultuer yn ús sit, want Nayeli bygelyks is kompleet oars! Dy makket har nea drok liket it wol, en leeft sa’n mega soad relaxter wat dit betreft. In foarbyld! Se gean hjoed fuort! Se fertrekt hjoed mei har man om 2 jier lang te reizigjen de wrâld oer! Se hat alles hjir op sein, spul gewoan efkes snel ferkocht ôfrune wike en de hier opsein. It hostel oerjûn oan in oare manager, 1 tas mei spul en dan gean se aanst. Mar werkelik de ôfrune dagen koest der neat fan fernimme!! Hielendal gjin stress, niks gjin foarbereiding of dreech dwan.. nee hjer, de ôfrune dagen ha se lekker wat feestfiert by de rivier, gewoan noch lekker in gesellige tiid trochbringe en dat is dat!
Wat in ferskil mei hoe stressed ik bin (en in hiele soad oaren mei my) om alles tot it letste momint tot yn’e puntsjes foar te bereiden, hûs spyksplinter skjin, papieren regelje etc etc..
Ik bin best wol jaloers.. Ik bin wol in stik makkeliker wurden yn dizze reis mar no ik bin bang dat in soad dingen ek foar altyd wat yn myn karakter sitten bliuwe. Bleh.. En dan kin je miskien sizze, ja Peet mar do hast mega soad discipline en trochsettingsvermogen.. No ja, dat miskien wol mar it hat my noch net fierder holpen nei wat ik wol! Ik ha noch steeds gjin ‘dreambaan creeërt’ en sit noch steeds sûnder ynkommen.
Mexicaanse tiiden
Fan Mexicaanse tiiden krij in in puntholle. Ik begryp dat op soad plakken minsken net sa strikt yn’e tiid binne as wy yn NL. Mar dit! Sa no en dan brekt it my wat op. As je ôfprate mei Mexicanen om in bepaald tiidstip dan hast eins noch steeds niks. Want it kin wêze dat se undertusken foar harren sels de plannen alwer wizige ha en dus hielendal net komme. It kin ek wêze dat se in healoerke letter komme, mar it kin ek gerust wêze dat se sizze : sorry ik bin klear yn 15 minuten. En dan nei dy 15 minuten krijst noch in berjocht: fan ôf no 15 minuten etc etc.. Of je kinne gerust oardel oere wachtsje. Ik kin hjir echt totaal niks mei! Haha..
Mexicaans d’r op út
In fergelykber ding is dat ik mouite ha mei der op út gean en de kommunikaasje! Haha ik kin der no gelokkich wol om laitsje mar ik ha my fannewike in pear kear enorm perplex stien. Dan appe se as ik ek mei wol, efkes nei it strân. Efkes nei it strân, wyls it al healwei middei is. Dus dat hâld hjir yn, 2 oerkes max en dan werom oars ist pikke donker. Mar doe we fuort giene wist ik net wat my oerkaam. De auto waard bomvol laden mei bbq materiaal, bergen iten en drinken, 6 minsken en 2 funen.. Wat gean we dwan, op fakânsje ofsa? Noja ik wie drok drok op dat moment mar ik tocht ach, efkes it wetter yn is wol efkes goeie ôfleiding dan kin’k dêrnei wer fol goeie moed fierder.. No nee hjer haha. We wiene de rest fan’e dei under de pannen en fan myn plannen kaam neat mear. Wol in gesellige dei hjer, mar ik mei graach witte wêr ik oan ta bin.
Doe de oare dei my wer frege waard as ik efkes mei woe nei de krokodillen te sjen ha’k dizze kear earst frege wat precies it plan wie. No gewoan efkes krokodillen sjen en wat omhingje yn’e rivier sa we hearder ek dien hiene. Hoe let bin we werom? 5 oere (das wie dan in oardel oerke) Ja, dat kin wol ik wol wol mei. Lang ferhaal koart: Deze dame is healwei 6 mar mei iemand oars nei hûs riden. Doe ik juns 8 oere by harren hús lâns kaam wiene se noch steeds net thús 😉 A la Mexico! Haha
Pfff.. sneintemoarn.. en ik waard wekker fannemoarn mei sa’n typisch sneins gefoel.. In gefoel wêr ik persoanlik nogal mouite mei ha. Ik hâld net fan sneins. It stomme is dat dat PUUR yn myn holle sit.. want de wrâld is hjir eins elke dei itselde. Seker wannear ik gjin baan ha, kin ik fan elke dei in freed of sneon meitsje, mar dochs. It sit der sa yn dat it hjoed snein is en dus hjoed ek it nare gefoel wat dr by my soms by komt. Mar klear, net de hiele wike wie sa as dit..
samar skied dwars troch de rivier mei harren hoeders!
Plannen foar de simmer en ynkommen.
Wyls bin ik tuskentroch drok yn’e kop mei de takomst. Nl giet wer iepen, dus de feesjes en de simmer komt der oan! Eins wol ik wol efkes werom mar ik wol foaral dan nei de simmer wer fuort. It libben yn NL is djoer en de druk dêrom noch heger op mysels dat der ynkomsten komme moatte. En dy druk werkt sa averechts by my! It stoppet my en jout my stress, kin dan net hiel realistisch mear alles besjen. Yn’e folgjende blog komt der fêst mear dúdlikheid oer myn plannen.
Oan’t de oare kear, dan hoopje ik wat in leukere ferhalen te hawwen…