Blog 33 Online cursus, griezelige bisten en myn plannen foar de kommende tiid!!
Deze wike stie gruttendiels yn it teken van de online cursus ‘sûne voeding’. Yn novimber bin ik der mei begun doe ik yn Texas siet. Ik ha it dêrnei yn Amerika loslitten om wat mear fan it lân te sjen. No EINDELIK ha ik mysels safier krigen om it wer op te pakken. It binne 3 modules en ik wol eins de earste module klear ha foar ik hjir wei gean. Want ik ha de measte dingen al opnaam yn novimber dus dat soe slagje moatte.
Dochs kom ik my sels fansels wer tsjin. De druk te heech, en wer ferwachtingen. Ik moat it mar loslitte. It soe moai wêze dat ik safolle mooglik dien krij hjir, en dan it letter ôfmeitsje.. zucht haha.. Ik wol sa graach los! Ik wol it sa graach draaiend hawwe! Want as de earste module stiet dan kin ik de cursus fêst folgje litte. Kin ik hearre wat goed is en wat minder sadat ik wyls by module 2 en 3 dat oanpasje kin en dy yn elkoar sette.
Ik miende dus dat ik it measte wol klear hie. Noja, it measte fan de lessen. Mar der komt safolle mear by sjen! Ik kaam der achter dat de 6 recepten dy by dizze module hearre krekt 5 dêrfan slachtoffer binne fan de filmkes dy kwyt rekke binne yn’t begjin fan’e reis. Ik ha gjin fatsoenlike keuken hjir en seker net it materiaal. Ik meitsje hjir iten op in stik beton wat ferfe is en wyls rinne de mieren en oare insekten der tusken troch.. dus nee, net geskikt foar de kamera! Al sil ik moarn in tige kreatieve poging dwaan om dochs 2 simpele recepten op kamera te krijen, net yn’e keuken uiteraard. En ik ha 2 oare minsken fun dy fanút Fryslân hiel leaf in poging dwaan wolle in recept foar my te meitsjen en te filmjen sadat ik it hjir ôfmeitsje kin. Super leaf! Wurd ferfolge dus!
Ohja, ik sykje noch 1 of 2 minsken dy it ynteressant liket om de online kursus as earste te folgjen! It giet yn earste ynstansje allinne om module 1 sadat jim der in miening oer jaan kinne. As der geïntereseerden tusken myn lêzers sitte dan hear ik it graach!
De online meditaasjes
Dizze wike begûn mei de lêtste online meditaasjes. Ik ha sels ien dien mei in berntsje! Dat wie wol hiel bysûnder ek al wie se mar allinne. Seker leuk om wer te dwaan, mar dan in oare manier fine om mear bern te berikken.
Mandei hie ik de lêtste meditaasje en dy wie in sukses! Ek al kamen der op it momint 6 minder minsken opdagen ivm lytse berntsjes dy net koese woene of siik wiene, wiene der dochs 6 oaren dy wol de meditaasje folge ha. Hiel leuk, ek minsken dy ik hielendal net koe dus dat is ek moai dat it dochs fia fia giet. Ik fernaam hjir troch dat der seker wol behoefte oan is! Ek de minsken dy net koene, baalden behoorlik en der kamen meardere fragen of it ek opnaam wie sadat se it werom lústerje koene. Ik wol hjir graach wat mei dwaan! Ik kin se live online jaan en wyls opnimme. En wyls ik allegear positieve reaksjes krige en ek minsken my seine dat ik hjir hiel geskikt foar wie die my hielendal groeien 😊 Hearlik, dankjewol! No earst efkes de oandacht nei de online kursus en wyls nei tinke oer hoe de beste manier is om de meditaasjes oan te bieden!
Myn dei yndieling
Momenteel giet de wekker 6 oere moarns. Earst in meditaasje en dan gau derút en oan’e slach achter de computer (noja nei dat ik alle appkes beantwurde ha dy yn’e nacht kaam binne). Om in oer as 9 meitsje ik in ontbijtsje en dan gau wer fierder. Achter de laptop filmkes yn elkoar prutse, foto’s werom sykje, tinke, tinke, feroarje, opnij, alles wer opnij, programma crashed, mysels wer bij elkoar rape en wer troch. En wyls komme der dingen yn my nei boppe dy EK NOCH moatte! De teksten tuskentroch, in ferkeaptekst, wurkblêden, gearfettingen, mindset tips etc etc..
Oan’t it in oer as 12 is (en soms is dit al om 11 oere) dat ik explodeer omdat it TE HYT is.. TE hyt om te konsentrearjen op wat ik wol. It giet hiieeel stadich en myn lontsje is koart. Meastal kap ik der dan ek mar mei want it wol dan gewoan net mear. It swit rint my oeral by del. Meastal gean ik dan middeis efkes der op út. Mei de kollektivo nei Puerto Escondido. Nei de supermerke, nei it stran of gewoan efkes slenterje. Yn’e middei is it namelik net normaal hoe hyt it is.. It wetter is lekker koel yn’e oceaan mar sa ik hearder al sein ha is it op de measte plakken net echt geskikt swimwetter. De golven en de stroming binne gruwelik.. Prachtig om te surfen, mar dan ha je it ek sein..
Juns dan mar wer betiid op bed want in oere as 8 bin ik hielendal op! Haha.. en dan in nije dei wer 6 oere derút! It is hjir trouwens sa hyt omdat it de oare kant Mexico is, nea bewolkt is en der hjir gjin airco is! Dat wie yn Playa del Carmen wol oars, dan koene je gewoan yn’t kantoor fan’t hostel mei airco de hiele dei wol troch wurkje as je woene. Dat mis ik hjir wol :S
Dochs wol wat wylde bisten hjir
Doe ik efkes foar wat ôfleiding fannewike nei it dakterras gie en wat fan it útsicht genoot. Hearde ik 2 buorfroulju wat hakketakken oer it ien en oar. Ik koekeloerde oer de railing en seach dat ien fan harren stjinnen fan’e grûn socht en dy rjochting it boskje goaide wat under ús hûs stie. Ik koe fan dizze kant net sjen wat der sa ynteressant wie. Doe giene se beide op syk noch in stok en giene wer nei it boskje ta. Wat siet der dochs yn dat boskje? It wie blykber iets wat se fuort ha woene en dochs wat benaud foar wiene.
No moat ik earlik sizze dat de iene frou foaral op in ôfstân bleaun mar de oare wie net sa benaud en kaam mei de stok tichterby en sloeg mei de stok op’e grun of op it bist wat der wie. Ik woe witte wat der siet! Nei in skofke ha’k de kamera der by pakt.. mar fansels gie it allegear wat snel en moast ik it filmje fan achter de beamkes.. Dochs ha’k wat op’e kamera! Want nei in skofke doarde de dappere frou it oan. It bist wie dea blykber en se pakte um by syn sturt en naam um mei nei it hok wêr der warskynlik slachte is. Want myn húsgenoat sei dat se it warskynlik op ite soene. Wat it precies is wit ik net. Mar sa as ik it mei eigen eagen sa snel sjen koe is it in mini krokodiltsje of in mega grutte leguaan. Al seine de minsken hjir dat it mear hie fan in lytse krokodil.
Noch mear?
Doe ik dit filmke sjen liet oan Steph hjir yn’t hostel sei der: wolst net witte wat IK op film ha. Justerjun wie der namelik wat dronken thúskaam en hie der ek in bist sitten sjoen. Gewoan hjir YN it hostel, yn’e keuken fan it hostel!! Hy twifele earst as it wol ferstandig wie it MY sjen te litten omdat der wist dat ik fan ôf dan oeral apen en beren sjen soe. Dochs woe ik fansels sjen!! Hy liet it filmke sjen en ja hjer, der rûn in tarantula spin!!! In hiele grutte mei hier en al! Doe ik frege wat ie dien hie sei der: Noja, ik ha earst fielt mei myn finger want ik woe de hierkes graach fiele. Ik sei bist gek ofsa!!! Hy sei: ja miskien wie ik wat dronken haha, mar doe der de spin oanrekke hie foel der op’e grun en doe hie der dochs wol hiel hurd gilt! Haha, hy hie de spin fongen yn in amer. En doe? Noja sei der, doe ik hjir fannemoarn kaam siet ie der net mear yn! WHAT?? Hij lake en genoot doe der myn gesicht seach. Nee hjer, sei der ik ha him hiel fier fuort wer frij litten. Gewoan búten it hostel.. brrrr.. no besjoch ik dochs elke donkere stip tsjin muorre noch wat better foar ik koesen gean!
In dagje Mazunte en Zipolite (en in soad gedachten en gefoelens)
Ja, dit ha’k al in kear faker dien, mar hjoed allinne. Hjoed woe ik graach echt de doarpkes sjen en fiele. Soe ik it hjir leuk fine werom te kommen of tidelik te ferbliuwen? Ik moat earlik sizze dat ik in hiel dûbbel gefoel der oer ha.. hiel gek eins. Der fan hâlde en it tagelik dêrom ek net leuk fine. It klinkt miskien gek. Ik sil it prebearje út te lizzen want miskien binne der wol mear minsken mei soms dit dûbbele gefoel.
Ik kom yn Mazunte, sjoch de winkeltsjes, hearlik! Mazunte is in magisch, hippy- achtig, spiritueel doarpke. Ik hâld der fan. Allegear originele winkeltsjes, oare klean te keap, hearlike geuren, gezonde goedjes, sieraden, sûn iten etc etc. Foar in soad minsken yn NL is it miskien wat te spiritueel, te zweverig. Ik hâld der fan 😉 De minsken dy dêr run binne, sjogge der dus ek sa út. Der is hast gjin man te finen mei koart hier. Noja de Mexicanen miskien. Mar de toeristen en de minsken dy der hinne emigreart binne hawwe allegear lang hier, dreadlocks of wat dan ek. Piercings, tattoos en dus moai hier. Machtig moai fyn ik om te sjen hoe se der hjir by rinne.
Jaloezie?
Mar dus tagelik fiel ik in naar gefoel yn myn liif. In gefoel wat ik earst net thús bringe kin. Mar letter wit ik it. Ik wol ek sa wêze, ik wol ek sa chill der by rinne. Net allinne sa der út sjen mar foaral ek sa lekker chill wêze. Sa’n reggae gehalte, dat alles prima is, kalm en je geniete fan’t leven. Hearlik, ik bin stront jaloers ynienen op alle moaie stellen dy hjir rinne. Wêrom is net ien fan dy mannen fan my?? Haha! Werom rin ik hjir allinne? Wêrom ha ik noch gjin dreadlocks? Wêrom rin ik net yn dy klean as ik dat moai fyn?
Ik rin fierder en sjoch oeral en nergens oanplakbiljetten, echt 100en! Healings, retreats, massages, yoga, tantra, je kinne it sa gek net betinke en alles wurd hjir oanbean. Fansels troch dy geweldige chille minsken. Wêr sa’n rotgefoel en ik wit dat ik jaloers bin. Ik hie wollen dat MYN biljet der tusken hong. Dat ik al sa sterk en seker genôch fan alles wie dat ik dat ek gewoan die. Dat ik ek minsken helpe kin mei it meditearen, healing, massage, voeding etc.. Dat wol ik!
Mar ik bin te skiterig en dat fyn’k in freselik stom stikje karakter fan mysels. Ik bin AL 32 jier en noch steeds in lytse skiter wat betreft it benaud wêzen, sa ûnseker. En ik realiseer my dat ik mysels ek altyd jonger, lytser of minder fiel as de oaren hjir. Wyls as ik better sjoch ik eins tink dat in hiele soad jonger as my binne of gewoan ek myn leeftiid. Ik soe op dizze leeftiid net mear sa’n skiter wêze moatte. Marja.. mysels aksepteare, dat moat ik ek..
Sa ik fannewike efkes yn in gesprek mei krige dat ik sa skattig opfoeden wie omdat ik yn sa’n feilig leaf doarpke opgroeit bin, naiëf.. Ik bin te leaf en te sacht foar de wrâld. Ik ha al meardere kearen meimakke dat minsken it hast net lieuwe kinne dat ik echt leau dat alle minsken goed binne of dat ik echt mear om oaren jou soms dan om mysels.. Noja dat moat ik dan mar wer as kompliment opfatte..
Ik bin op in terraske sitten gien en ha de gefoelens der efkes wêze litten. Ik ha oan’t skriuwen west. En tocht, miskien ha dy minsken dy no dit hjir dogge wol 10 jier bezig west om eindelik sa te wêzen. It is myn tiid no noch net mar ik bin wol op de goeie wei. Wa wit as ik hjir oar jier werom kom, dat dan ek myn biljet dêr hinget? Mei dreadlocks yn myn hier dat ik minsken massear, heal, in meditaasje jou oan in groep en minsken mei in bult fertrouwen, inspiraasje en frede wer nei hûs gean lit. Dat se blokkades loslitten ha, dingen ferwurke hawwe en harren stikken better fiele. WOW 😊 as ik der oan tink wurd ik alwer bliid. Myn tiid komt wol! Ik gean gewoan troch!
rbt
Foarútplanne
Ik ha efkes flink oan it stinnen west. Want beslissingen meitsje is noch steeds net sa myn sterkste punt. Mar jawol, deze dame hat flink oan’t plannen west en ha’t knopen trochhakt! Want deze dame sjocht mear en mear yn dat it je allinne mar leger en leger fret as je iets útstelle en noch net beslisse!
Hjir efkes koart myn planning. Ik bliuw hjir yn’t hostel tot 31 maart, dan 2 nachtsjes nei Puerto Escondido self omdat ik graach ervare wol hoe it yn dat Selina hostel is.
Dernei mei de nachtbus nei Oaxaca city en de earste stêd besjen dy NET oan’e kust leit. Se sizze dat it in hiele moaie stêd is. Fanút hjir gean ik dan nei Mexico city mei de bus. Want.. Emilio komt nei hús! Iederien sei al skoften dat ik nei Mexico city gean moast mar ik ferekte it .. Ik woe NET nei de grutte stêd, bah! Haha.. mar no komt Emilio as ferrassing foar syn mem werom nei syn hûs en nimt syn maat James mei. Hy frege ek of’t ik kaam, noja dat wie de druppel want syn mem hie ek al tsjin my sein, bist no part fan ús famylje Petra en do bist altyd wolkom. As’t yn Mexico city komst, bliuw mar by ús koesen en ik sil dy de stêd sjen litte. Dus no Emilio dan ek komt en in ferrassing foar syn mem foar har jierdei 7 april is fansels machtig! Ik sil der 10 dagen bliuwe want ek dy wike is it tafallich fakânsje yn mexico.
Dêrnei sil ik fanút dêr mei allinne hânbagaazje nei Puerto Vallarta. En fanút der in pear dagen nei Sayolite. Ik ha hjir goeie ferhalen oer heard en woe graach ek dêr de sfear priuwe. As ik dan werom komme soe nei Mexico dan wit ik yn elk gefal wêr ik graach wenje wol en wêr net.
28 april flean ik dan werom nei Mexico city, pak myn grutte tas wer mei en nei 2 dagen flean ik dan nei Cancun! Ik sil dan sa’n 2 wike ferbliuwe wer yn Playa del Carmen. Ek al is Emilio dêr dan net mear, ik ha wol oare freonen wêr ik dageliks kontakt mei ha en dy ik graach werom sjen wol.
En dan? Tsja.. ik sis it noch wat mei in brok yn myn maag… mar dan, 19 maaie.. flean ik fan Cancun werom nei hûs.. fia Istanbul (Turkije) flean ik nei Amsterdam en sil ik 20 maaie oankomme.
Ik kom dus wer thús foar in skofke.. Ja foar in skofke.. want ik wol hiel hiel graach wer op reis. Ik fiel my sa noflik en it waar makket my in hiel stik kalmer. De minsken dy ik hjir tref inspireare my oan alle kanten en dat daagt my mear en mear út om myn eigen paad te gean, te dwaan wêr ik bliid fan wurd en net akkoard te gean mei it ‘heale/ griize/ krekt net/ koe minder’ leventsje wat ik dêrfoar libbe.
Yn’e perioade dat ik thús bin sil ik warskynlik earst noch net werom yn myn eigen hûs gean om de kosten sa leech mooglik te hâlden. Ik ha gewoan noch gjin ynkommen en it libben yn NL is hiiieel wat djudder as hjir.
Myn plannen as ik werom bin
Ik sil sjen as ik wer wat workshops planne kin, want der binne minsken dy graach de workshop live folgje wolle. Ek sykje ik in ynstansje wêr ik in massaazje kursus folgje kin en dat hooplik ek lyk yn aksje sette kin om te oefenjen. Ek wol ik live meditaasjes jaan gean. Fansels de feesjes net te ferjitten!! Want binnen in wike dat ik werom komt sil ik al nei ‘normaal’!
No sa wie’t earst wol wer genôch!