Reisavonturen - Barra de Navidad

#blog 34 Nije hostels en de reis nei Oaxaca city

In wike dy mear as hearder yn it teken stie fan de online cursus dy ik meitsje oer sûn iten. Alderferskuorrendst wat ha ik wat dien fannewike. Ik bin best grutsk op mysels, al sis ik it self 😉. Ik ha hiel wat lessen yn elkoar setten, wurkblêden makke, video’s yn elkoar setten en sels ek wer oan’t filmjen west. En as je dan roeie moatte mei de riemen dy je hawwe, dan is dat wolris hilarisch.. Sa ha’k alles mar brûkt wat ik fine koe!

Ik fun it lestig sa no en dan te stopjen. De list wie noch sa lang wat der barde moast en ik woe it klear ha eins foar tongersdei! Want dan reizigje ik wer in skoft fan hot nei her en dan is it faaks lestig om earne serieus te wurkjen en is der faaks in soad ôfleiding. Ik fielde my súver sa no en dan wer efkes sa as yn NL. Te hurd en tefolle trochgean en dan ferfolgens de rest fan’e dei hyperventileare of net mear ta rêst komme kinne. Ik merkte dat as ik oan’t ein fan de middei der op út gie foar wat ôfleiding dat ik gewoan as in idioat hast troch de strjitten draafde. En dat is no krekt wêrfoar ik net mear yn NL wêze woe. Dat geflean en dy druk dy ik dêr altyd fiel. No ik sa yn myn holle siet mei it doel dat ik dy cursus klear ha woe kaam dit dus samar efkes werom yn my. Mega soad discipline om elke dei 6 oere der út en oan’e slach en mar troch en mar troch. Dochs moast ik dus ek wer wat better op mysels pasje.

Selina – Puerto Escondido

Ik bin undertusken fan’t hostel yn Barra de Navidad nei Selina yn Puerto Escondido gien. Hjir sit ik no 2 nachtsjes en dan mei de nachtbus nei Oaxaca city sneontejun. It stikje fan it oare hostel nei hjir wie eins mar in lyts eintsje. Dochs docht myn hiele bealch no sear.. Noja myn skouders bin zéér gevoelig, myn rêch docht sear en myn heupen bin blauw. Ik sjouw momenteel gewoan FIERSTENTE folle spul mei. Ik wit net hoe it kin, want ik keapje eins neat. Allinne foarige wike 1 lyts koart broekje, no dat sil it gewicht dochs net wêze?

Ik reizige juster yn 30 graden dus hie fansels de lange broek, fest en jas allegear yn’e tas, dat makke it fansels wol swierder. Ien ding is wol seker. As ik oar jier wer op reis gean dan nim ik ECHT it mini minimale mei. Want it is gewoan net fijn as je elke kear nei it ferpleatsen in pear dagen lêst ha fan je liif.

Ofskie en wer nije minsken

Ik fielde my de lêtste 2 dagen wat oars, net fijn yn elk gefal. En doe ik efkes fielde wat it eins wie, fernaam ik dat it it ôfskie is en it ûnbekende. Ik nim ôfskie fan dit plakje wêr ik in moarne west ha en myn noflik fielde. Feilig, fertroud en rêstig. En no gean ik dus nei in mega grut hostel. Ik woe graach sjen en ervare hoe it is om yn Puerto sels te ferbliuwen en wer wat mear minsken ûntmoetsje want ik strún no it faakst hjir allinne rûn of mei myn nije maat gean’k sa no en dan ris nei it strân. Dizze nije maat is in hiel ein âlder (51) dus tis gesellich mar ik mis gewoan dan ek wat it kontakt mei myn eigen leeftiidsgenoaten.

No bin ik dus yn Selina. Ik moat sizze dat ik juster yn pleats fan hiel bliid júst mega oerdondere wie. It hostel is hiel grut mar foaral it is ien grut doolhof. Ik ferdwaal, it binne oeral treppens en treppens want it is sis mar in doolhof de berg op. En wyls is it oeral jungle en beamen dus. Prachtig moai om te sjen, dat seker!! Mar op de ien of oare manier merk ik dat ik der ûnrêstig fan wurd as ik gjin oersicht ha. It binne oeral minsken, oeral, oeral tafeltsjes en stuoltsjes en keamers. Je kin it sa gek net betinke.. Ik moat noch efkes lande leau ik… zucht

Open mic.

Tongersdeis is it juns tiid foar ‘open mic. ‘ dat hâld yn dat elkenien dy sjongt, of in instrument bespilet sich op jaan kin. Der komme in protte minsken op ôf en it feroaret dus elk ferske wa der sjongt of spilet, elke mei hearre litte wat se wolle. Leuk foar de ofwisseling ek. Want it giet fan instrumentaal fia rapp, nei rock en dan wer salsa of jazz. Ik ha der juster ek wer west en wat ha ik genoten. Net allinne fan’e muzyk mar foaral ek fan alles minsken. Prachtige minsken.

Ik hie it der oer mei de man dy neist my siet. It wie him ek al opfallen dat der safolle moaie minsken wiene. Nimmen is hjir grau of lelijk! We ha der om lake dat it eins best wol núver wie. Miskien omdat dit minsken binne dy net op fakânsje binne mar júst reizigje foar langere tiid. Op harren voeding lette of júst miskien gewoan weinig ite (en foaral gjin fleis) om jild te besparjen! Haha..

Mar net allinne de bútenkant, je sjogge gewoan dat al dizze minsken iets moais útstrale. It binne minsken dy hjir bewust binne, dy der foar kieze om dit leven hjir te leven. Minsken fan oeral oer de wrâld, elk mei harren eigen ferhaal, sieraden, tattoos, hier, gekke klean en foaral lekker chill genietsje fan dizze jun!

Ik hie eins wol elke knappe man oanhelje wollen en in praatsje hâlde, wa wit sit der noch in frijgesel tusken 😉 haha.. mar nee, deze dame is dan ynienen timide en doart net sa best op dit soart minsken ôf te stappen. Ik sjoch noch wat tefolle tsjin harren op ofsa.. Pff itselde ferhaal dus wer as foarige wike yn Mazunte.. hahaha, wat is dat toch wat! Ik moat wat mear SKIJT ha!

De reis nei Oaxaca city

Der wie my oanrieden om moai nachts te reizigjen. It skeelt je in nacht yn in hostel qua kosten en bist net in dei kwyt. It is namelijk 7 of 8 oeren riden yn in buske. Mar no is my juster al frege as ik wol wist hoe dy route gie.. Miende ik echt dat ik sliepen gie yn dat buske? Dacht it niet seine se.. en ‘reisziekte pillen’ moast ik ek ynnimme. Want dizze reis is blykber troch de bergen, op en del en fan links nei rjochts. Ik hâld myn hert fêst en gean der mar fan út dat ik net sa best sliepe sil en my snein dan mar wat del jou yn Oaxaca city.

Sneon:

Sneon hie ik net myn dei. Ik bin moarns wer dwaande west mei de online cursus mar it woe net mear. Ik run wer fêst yn de lêtste dingen. Gelokkig wiene der wat minsken om my hinne dy my der efkes op wiizden dat de lêtste dingen sa as de kleuren, teksten etc faaks dien wurd troch minsken dy der harren wurk fan makke ha. It is dus net frjemd dat ik der yn fêst rin.

Foar de rest fan’e dei wer wat sykjende nei wat ik allegear noch wol op myn lêtste dei hjir. Dat hie ik ek al yn Playa del Carmen. Ik bliuw der dochs wat problemen mei hawwen. Ik ha it op in gegeven momint mar opjun. Ha wat yn’t swimbar omhongen, noch efkes volleybal spile foar it earst en dêrnei juns noch efkes iten by it ‘griene’ restaurant. Ik ha der leau ik foarige kear ek oer skreaun. Ien fan de safolle plakken wêr je ite kinne wêr de hiele famylje wurket. Ek de bern dus. Ik fun dit 9-jierrige famke sa dapper en sa leaf en professioneel dat ik it gewoan sneu fun. Mar klear, sa giet it hjir en it ienige wat ik dwan kin is leaf en respectfol wêze en fansels in extra tip jaan 😉

Yn it lêtste oerke bleek ik hast noch allinne troch te bringen. De maat dy ik hjir kinnen leard hie melde my simpelwei dat der dronken wie fan’e mezcal en dat der op bêd gie. No klear, dan mar net, wie der ek wol wat klear mei. Doe samar unferwacht kaam Steph noch! (de manager fan it hostel fan Barra de Navidad) We appten efkes en hy woe fansels wol efkes doei sizze. We ha noch moai oan’t strân yn’t donker in drankje naam en gesellich kletst. Dochs noch in moai einde! Hy hat my holpen in taxi te regeljen en doe mei alle rotsooi op nei it buske.

De reis..

Tsja.. ik hie al sein dat ik oan alle kanten bang praten wie. Ik hie gelokkich middeis noch in reisziekte piltsje helle en bin dus net beroerd wurden. Wol krige ik it Spaans benaud doe ik it buske seach. Ik hie al wol yn’e gaten dat Mexicanen in soad minsken yn in buske propje mar wêr soene se alle bagaazje litte? Ik hie myn backpack, myn tas mei laptop en djoer breekbaar spul, in iepen tas mei allegear spul wat nergens mear paste en ta eintsje beslút myn learzen.

Wêr moat myn bagaazje hinne?

Ik krige it dus Spaans benaud, want ik seach in buske krekt werom kommen en alle bagaazje siet op it dak knoopt mei touwen! WHAT?? Mar dat kin net mei myn spul! Myn iepen tas, myn learzen mei glitters meie net propt of knoopt wurde en myn laptop en it oare djoere spul hielendal net! Wat no as i treinen giet mear it binnenlân yn?

No ik ha as brugman prate moatten mei de tillefoan yn’t Spaans mar úteindelik kaam allinne myn grutte backpack op it dak. Al waard ik ek hjir oan alle kanten warskôge. Alles moat fêst en strak oars dan giet it aanst oeral en nergens troch de auto.. serieus? Ja serieus, want ik miende dat ik myn tas wol goed te plak hie mar binnen in healoere lei de boel al oer de kop. Echt wie je hâlde it je net foar mooglik hoe mâl it fan links nei rjochts fleach. In achtbaan is der neat by, echt wier.. en dat dan 7 a 8 oeren :S

Sliepe siet der dus net yn, mar op in gegeven momint wurde je wol sa wurch dat je toch hjir en der in minuutsje sliepe mar je wurde lyk wer wekker omdat je holle tsjin it raam oan knalt en je jesels en de tassen oan alle kanten fêsthâlde moatte. Myn laptoptas siet op in moai plak by in Mexicaanse man, dy stelde foar dat der dêr wol stean mocht, dan siet der moai fêst. Super leaf, want hy hie dêrtroch amper fuotteromte!

Al mei al in hiele belevenis om mei de nachtbus te gean fan links nei rjochts, mar tis net myn favoriet! haha

Oankaam yn myn nije hostel yn Oaxaca city!

Ik bin no oankaam fannemoarn yn Oaxaca city. Ik bin noch as in zombie mar it hostel liket wol noflik en foaral de minsken hjir binne wol aardig. It is net in grut hostel dus max 40 minsken leau ik en elke moarn krij je ontbijt! En omdat ik no sa betiid hjir oankaam en pas 1 oere yn myn keamer kin mocht ik ek wol efkes mei ontbijte. Best wol gesellich om sa mei elkoar as grutte famylje mei elkoar te iten 😉.

No dit is it earst wer foar dizze wike! Oare kear mear de ferhalen oer Oaxaca city! De earste stêd yn Mexico sûnder kust!

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *