Blog 36 Altitude sickness?
Snein binne we nei downtown west mei syn 7! In hiele ploeg, fan allegear ferskillende leeftiiden. We binne starten mei Emilio, James, Daniella (emilio’s mem) en ik. 2 freonen fan Daniella binne oanskowt en letter noch 2 freondinnen fan Emilio. In bûnte fersameling mar tige gesellich. In soad sjoen en praten, hiel ynteressant, in soad gebeurtenissen en nije dingen dus fansels wer hielendal kapot oan’t einde fan’e dei.
Mei mear yn’e auto
Wat je hjir best wol in soad sjogge is dat der mear minsken yn’e auto sitte dan yn NL. Der binne wol regels krekt as hjir mar der is net safolle kontrole op. En as se der wol moeilik oer dwaan soene dan is der hjir fanalles te regeljen mei de plysje waard my útlein.. Sa sjogge je geregeld bomvol propte auto’s mei allegear bern op’e skoat bijvoorbeeld. Ek wurde pick ups brûkt foar wurk en tagelyk om it personiel ek mei te ferfieren.
Sa seach ik juster de vuilnis-auto. 3 mannen fan it personiel sieten achteryn tusken de troep. En se sieten der hearlik relaxed, alsof se op’t strân leine. Om it noch moaier en gefaarliker te meitsjen siet it 4e personielslid net achteryn mar BOPPE OP de troep op de container. LEVENSgefaarlik soene wy sizze mar de man siet der op gemak, hy hie it moaiste plakje mei it moaiste útsicht. Wat in ferskil.. It safolste dinkje wat sa’n ferskil is mei Nederlân.
Wat no better is? Ik tink dat der beste balâns der tusken yn is earlik sein. Al giet it hjir ek allegear goed en is it blykber net sa gefaarlik as wat wy tinke. Ik sjoch hjir eins nea in ûngelok barren. Ek hawwe de minsken tink ik hjir folle mear wearstân tsjin syktes opbouwt. We binne wol hiel skjin yn Nederlân en it liket prachtig mar is it allegear nedig? Fansels liket it moaier en perfekter, mar is it de priis wurdig dy wy der foar betelje? Dat we it altyd mar drok ha, sa folle stress, sa faak it gefoel dat it nea genôch is, nea GOED genôch.. Foar mysels kin ik dy fraach wol beantwurdzje. Nee, foar my is it it net mear wurrich. It giet nergens oer hoe drok wy ús soms meitsje. It helpt út yn elts gefal neat foarút!
Coyoacan
Moandei ha we efkes in rêstdei han nei alle belevenissen fan it wykein. Dat wie wol efkes hiel noflik! Tiisdei binne we der namelik wer op út west. Patricio (Emilio’s broerke) wie no ek wer thús en we binne mei syn 5en nei in stikje centrum gien. Coyoacan, it fielt in bytsje as Europa. Gewoan omdat it in mega plein wie mei geselligheid. In fontein, terraskes, winkeltsjes en in hiele moaie tsjerke!
In moaie dei, wêryn ik in nije ring kocht ha wêr ik hiel wiis mei bin. In ring dy my foar my in stikje fierder op myn reis helpt, wat foar my in soad betsjut. En no ik dit skriuw tink ik dat dit in hiele moaie herinnering is oan dizze wike. In herinnering oan’e dingen dy ik dizze wike leard ha. Ik ha dizze wike in hiele soad djipgeande, nije, yngewikkelde mar ek ynspirearende gesprekken mei James han. In oare manier wer om nei de wrâld te sjen. In manier dy opsich net nij wie mar toch ek wer wol.
Te yngewikkeld en foar my noch tefolle fragen om alles út te lizzen. Mar it giet oer dat alles 1 is. We binne allegear 1, en de oaren om ús hinne binne eins altyd as spegel om fan ússels te learen. Oer it goed en net goed, oer ús ego oer dat we eins nea dea gean etc etc. Hiel ynteressant en tagelyk makke it my wat yn’e war omdat ik graach alles begripe wol en dat noch net doch.
Heal
Tsja, in moaie dei mar ik fielde my net sa denderend. Ik fielde my gammel en wat beroerd. Ik ha my der by del jûn en my wat mei gean litten mei wat we diene. Dochs wie ik bliid dat we thús wiene en dat ik my op bêd del jaan koe. Dan wie’k fêst moarn wer better. No dat wie helaas net sa. It is no sneontemoarn en ik ha noch net iten mar de ôfrune dagen ha ik siik west. James kaam der mei dat it warskynlik ‘altitude sickness’ is. Omdat we hjir sa heech sitte boppe see-level. Hy hie der sels ek wat lêst fan dat der him net denderend fielde. Ik hie koarts en eltse kear as ik iten gie fielde ik my knap min. Wyls hiene we beide wat ademgebrek as we eins hast neat diene. Ik ha my der by del prebearje te jaan mar sa no en dan wie’k der wol klear mei. Ik ha it meast thúsbleaun wyls de oaren soms wol der op út giene, al mei al wie it better sa. Gelokkich fiel ik my no wer wat better, al wie it wat spitich fan dizze wike.
Pyramides fan Teotihuacan en souvenierkes
Freed ha we nei Teotihuacan west. In personal driver fan in freon fan Daniella hat ús brocht. No hoegde sy ek efkes net te riden en dat wie wol noflik. It kost je in soad enerzjy fansels yn sa’n drokke stêd. Hjir under wat foto’s fan wat we sjoen ha! It wie in gesellige dei wêr yn we kalm oan dien ha omdat we in soad rinne moasten yn’e sinne. Op’e weromreis ha we noch efkes lekker iten en dêr wie ik behoorlik oan ta. Dit kear fielde ik my gelokkich net sa beroerd nei it iten as de oare kearen. Ohja, en ik ha noch in souvenierke foar mem kocht. Pff wat bin souvenierkes in striid.. Ik wol wat meinimme mar niks is goed genôch fansels. Al hoe ik ek sykje en myn bêst doch. It hat in betsjutting miskien foar my mar net foar oaren. En as je it net by de rest sjogge, dan liket it ynienen mar in dom en lyts dinkje wêr je neat mei kinne ! haha oh oh oh, wat is dy kritische ego soms toch vervelend. Miskien moat ik mar tsjin mysels sizze: ik sil myn bêst dwan om sa dom mooglike souvenierkes mei te nimmen, wa wit ha’k der dan wat mear wille oan 😉
rbt
Dizze ôfrune wike
Ik ha de boel wer ynpakt en sil mei allinne hânbagaazje nei Puerto Vallarta. 2 nachten en dan nei Sayulite. De 28e kom ik hjir werom foar 2 dagen en dan op nei de lêtste bestemming.. bleehhh.. wat klinkt dat naar, de dagen tellen ôf!! Jakkiejakkie!! Mar de kop net op it heale glês.. Ik sil foarút sjen nei de moaie dingen thús en it feit dat ik wer op reis gean nei de simmer makket it in stik nofliker 😉
Ik sjoch werom op in bysûndere wike, net de fijnste omdat ik siik wie mar wol in hiel soad leard ha en in hiele bult leafde fielt en sjoen ha. In wike by in hiele leafdefolle famylje. In wike wêr ik mear leard ha oer ferantwurdelikheid, leafde toane, soargen wol/net meitsje, kontrôle dy we hâlde wolle, hoe we elkoar allegear nedig ha, hoe alles giet sa it gean moat en ta eintsje beslút sa’t we dizze wike hjir yn dit hûs unbewust allegear in hiele soad nije dingen sjoen, leard en fielt ha 😉
Ohja, net te ferjitten dit leuk nijtsje!!! Myn cursus rint!! Ik wurkje mei in soad plezier oan module 2 en hast elke dei komt der in nije cursist by dy der sin oan hat! YESS 😀 Sa dankber!!