Reisavonturen - Mexico II

Blog 38 werom nei Puerto Vallarta!

In fijn hostel!

Sneon oankaam yn Puerto! In hiel oar hostel! Ik fielde my lyk thús eins! Dit wie in hostel wêr minsken folle mear mei elkoar binne! Se giene yn klupkes nei it strân en fregen my lyk om der by komme te sitten. Minsken diele harren talenten en sa wie der ien famke dy massaazjes joech yn it hostel en in Italiaan learde de oaren om pasta te meitsjen. Super leuk! It hostel sjocht der ek prachtig út! Allegear moaie skilderingen en kleuren!

Al murk ik wol snel dat der in ploegje wie fan dy gesellige minsken dy de hiele dei troch weed rookten en dus eins non stop high wiene. Dêr hie’k dan wer wat minder mei. Mei Lana hie ik wol in goeie klik. We hiene safolle gemeen oer hoe we nei de wrâld sjogge, wat we leard hiene de lêtste 2 jier etc. Lana is sels safier dat se eins hielendal los wol fan alles wêr  we ús oan hechte. We binne in soad fan ferslaafd oan alle dingen om ús hinne wat ús bliid makket. Hoe we der út sjogge, klean, úterlik, lekker iten, leuke minsken, dingen keapje, útgean etc etc.. Dit is wêr ik in soad oer leard ha de lêtste moarnen. It is allegear búten ússels om. As we hielendal ‘hiel’ wêze soene dan ha we NEAT nedig. Sels gjin relatie, gjin spul etc etc Want as je hielendal ‘hiel’ binne dan komt alles fan binnen út! Fanút je hert. It is pittig, mar it ynsjen en je der bewust fan wurde is al goeie stap. Lana is no safier dat se yn in ceremonie binnenkoart har hiele holle keal skeare lit. Om te fielen dat sels dat neat útmakket, it loslitten fan hoe we der útsjogge.

Littekens en je ferline

De oare fammen dy foaral in soad ‘high’ wiene de hiele dei hiene wol in behoorlik ferleden. Dat koen je sa oan’e butenkant wol sjen en je fernimme it oan harren gedrag. Se binne went harren hiele libben te fjochtsjen om oerein te bliuwen. Ferskrikkelike dingen dy se mei makke hawwe. Gelokkich binne se no út dy circel stap en gean se fierder mei de ‘innerlike reis’. Dochs sjochst it oan’e butenkant. De letterlike littekens dy se oeral oer harren liif hiene en dat soart dingen. By ien famke ha ik gelokkich der in bytsje trochhinne witte te prikken. De oaren seagen har mear as in ‘grutbek’. Se is lûd, rop en raast fan alles om de rest mar te ferbloemen tink ik. Doe ik har fertelde wat ik achter dat masker seach waard se súver emotioneel en skrok se der súver fan. Se waardearde it neffens my enorm dat der immen fierder seach dan har grutte mûle en har stoere gedrag. Ik moat sizze dat ik it sels wol spannend fun haha, fan’t selde fangt se it ferkeard op en krij ik de wyn fan foaren haha.. Mar gelokkich wie it in goeie set 😉

Yostan

Ik tink dat as ik alles fan dizze wike yn detail fertel dat ik samar 4 kantsjes fierder bin. Ik sil de boel prebearje gear te fetsjen. Want oh oh, wat is der in soad bart. Bysundere dingen dy miskien net sa gau te begripen falle sunder dat jim eksakt witte hoe ik no nei de wrâld sjoch en alles wat ik lear.

Yostan is de jonge dy ik de earder moete hie yn Puerto. Us kommunikaasje is noch wolris in ding want Yostan kin net perfect Engels en ik kin net genôch Spaans. In simpel gesprek slagget wol mar we binne dizze wike eltse dei mei elkoar op paad west en hawwe in soad gesprekken fiert. Dan is it faaks wol lestig dat je je úterje wolle of djipgeandere gesprekken ha wolle mar je witte de wurden net of de oar begrypt je net. We ha der sa no en dan ek wol wille om han.

We ha sneon earst in poging dien om elkoar te finen mar nei 5 oeren slagge dat net. Problemen mei internet, misferstân, krekt beide oare kant stêd wêze etc etc. Sneontejun om 10 oere hie’k um eindelik fun! Sa oerrompelt dat hy wie dat ik dan dochs nei al dy oeren sykjen foar him stie. Fan alle emoasje en in pear bierkes dy der han hie der de trinnen him oer de wangen rôlen. De earme skat, ik hie leau ik efkes underskatten hoe hy der nei út sjoen hie om my wer te sjen.

Snein bin ik earst nei de Amerikaanske tsjerketsjinst west yn Puerto vallarta en dernei bin’k mei Yostan op paad west nei in wetterfal. In oere klauterje oer keien, stjinnen en troch de bosken ús paad sykje en dat op slipperkes! Want deze dame hie der net sa’n rekkening mei holden haha.. Mar klear, we ha it rêden! Underweis noch idioate dingen sjoen.. Gekke Mexicanen soms, soms tink ik echt dat se gjin reet jouwe om dea gean en ungelokken. Der wiene famyljen dy deselde tocht diene mei bern en baby ‘s ! Rinnen lâns de kliffen en sels klimme op in rotskant sunder touw of iets NET NORMAAL! Sels Yostan stie der mei stomme ferbazing nei te sjen.

Nei dizze lange tocht kamen we der tot ús teleurstelling achter dat der op it momint hielendal gjin wetterfal wie omdat it al sa’n lange tiid sa droech wie. Der wie wol in lyts stienkald wetterke wêr we uiteraard efkes yn swommen ha! Ja ja, dizze dame is der yn feroare, oars hie’k it nea dien want it wie te kâld mar no fiel ik dat ik leef, ik gil en laitsje efkes keihurd en dêrnei geniete! Haha.. we ha genoten en doe mar gau werom dizze tocht. We ha in machtige snein han. We ha in goeie klik en we ha gewoan lol, goeie gesprekken ondanks dat de taal soms in probleem is.

It moaie wat ik fan Yostan fyn dat ik it sa super waardeer hoe dankber hy foar alles is! It wurket oanstekelik! Hy is sa dankber en bliid foar alle lytse dinkjes. Soms te gek foar wurden mar it is besmettelik yn ‘e goeie sin fan it wurd. Hy is sa blier, sa dankber foar elk momintsje dat we geniete. Prachtige sinsûndergongen, leuke dingen dy we sjogge en hearlik iten. Sa dankber! In moaie snein! Wyls mei de gedachte dat dit mar tidelik is want ik gean tongersdei fansels wer fuort. Mar ek dêroer is Yostan posityf, we ha immers sokke machtig moaie herinneringen! Dêr hie der it momint wol foar oer dat je ferdrietig wêzen gean as de oar fertrekt, sokke moaie mominten. Echt yn it momint leve!

Voedselvergiftiging?

Doe moandei. Tsja dy dei gie efkes oars as ferwachte. Ik waard siik. Ik kha moarns noch mei Lena en in oare jonge nei boppe klommen om 7 oere moarns om de sinsundergong te sjen! (we hiene net rekening holden mei it feit dat de sinne achter de berg weikomme moast dus we wiene foar neat sa betiid!! We ha boppe in oere wachte!) Dêrnei ha’k mei Lena efkes yn in cafe oan’t wurk west mar doe fielde ik my al net lekker. De rest fan’e dei ha ik hieltyd nei de wc draaft en koe ik net by it hostel wei. Sa beroerd, voedselvergiftiging warskynlik want de dei derfoar hie immen myn tas mei iten út de vriezer helle en wie alles waarm doe ik dêr achter kaam. Noja klear, dy gene sil  it fêst net mei opset dien hawwe.

Doe ik der klear mei wie omdat ik my sa siik fielde bin ‘k mar nei de farmacie gien om piltsjes. Dat hat my rêden. Ik koe ferfolgens 3 dagen net mear nei de wc en ik hie noch wol pine búk mar ik wie net mear kluistere oan’e wc hahahha! Wêr je dan wol wer net dankber foar wêze kinne.

In hiel snel ôfskie?

Mar wyls dit barde en ik Yostan fertelle moast dat we elkoar net sjen soene wyls hy hjoed sa hurd wurke hie sadat der hast de hiele middei frijmakke hie foar my! Sa leaf en ik fielde my sa skuldig mar ja ik koe der ek neat oan dwaan. Doe ynienen appte der my in ticket.. Syn baas hie belle en hy moast moarnier ynienen fuort foar ’t wurk nei in oare stêd! We baalden mega! Tiisdei te moarn ha ik de wekker betiid setten sadat we yn elts gefal noch efkes doei sizze koene. Ik krige samar noch in leaf earmbandsje fan him en ha doe ôfskie naam.

2 oeren letter krige ik warempel in appke fan him. Wyls hy al oan it boarden wie belle syn baas wer. It reinde yn it oare plak wêr der hinne moast. Dus hy koe wol útstappe en hy mocht moandei wol nei de oare stêd! What? Hahaha dus samar wie dy der wer! We ha dus de lêtste dagen ek in soad mei elkoar op paad west. Meastal middeis omdat ik moarns graach earst wat wurkje woe oan’e kursus.

No ik dit skriuw woe de wrâld my blykber fertelle dat los te litten want it programma wat ik nedig hie wurke net. Ik ha in soad prebeare en freonen frege mar ik tocht nee Peet, it moat blykber net sa wêze. Lit it los foar no en genietsje fan dyn tiid hjir.

De lêtste dei hat Yostan my holpen noch wat souveniers te finen, we ha gekke foto’s makke fan al de toeristische dingen, op in houten hynder riden en ta eintsje beslút diner han op it allermoaiste plakje fan in prachtig restaurant! En hoe? Ik tink omdat we beide sa posityf wiene en dan lûke je it oan! Wat in gelok, it lêtste tafeltsje, it moaiste plakje en we ha der wol 3 oeren sitten want we woene fanút dêr de sinsundergong sjen. In ferekt djoer restaurant wat eins hielendal net foar ‘ús’ bestemd wie mar we ha it mooglik makke troch it goedkeapste te kiezen en we ha der moai wille om han 😉 Machtig moai, lux iten en it wie hearlik! It lêtste nachtsje ha ik by Yostan en syn kollega’s slipt omdat syn hús om’e hoeke is fan’e airport en dat skeelde my hiel wat. In moaie tiid, moaie herinneringen en sa as ik fan Yostan lear, werom sjen nei de moaie mominten en net ferdrietig der om bliuwe. Cry 5 minutes is okay 😉

Werom nei Emilio, James, Daniela en Patricio.

Ik hie in minne nacht achter de rêch want ik kin soms dochs net sa goed koese as ik by in oar koes en it allegear oars is. Miskien mei de kombinaasje derby dat je witte dat je je net fersliepe moatte en de spanning fan wer ôfskie nimme. Al mei al, ik bin yn Mexico oankaam en ha dêr wachte op Emilio’s tante en de beppe. Beppe kaam namelik 2 oeren letter oan op’t fleanfjild. Yn’e tuskentiid wurket it programma wer want ik ha in update dien nei windows 11! Doe we yn’e auto sieten fielde ik hoe wurch ik eins wie. Ik seach der eins wol nei út om my per direct del te jaan as ik oer in oerke eindelik ‘thús’ wêze soe by Daniela’s hûs.

No dat koe’k dreame. Want it plan gie wat oars. Earst oeren fertraging op’e dyk en doe bleek mei heal Spaans en Engels dat se allegear plannen hiene. We soene earst de dochter oppikke en dan ergens mei elkoar ite, dêr soene we de oare moetsje.

Noja in lang ferhaal koart.. ik wie 5.30 moarns út bêd nei in minne nacht, it is mar 1 oerke fleane mar foar we úteindelik pas thús wiene wie it 9 oere juns!!! Hielendal dubbelgear.. ik wie kapot, knallende migraine yn’e kop en fielde my sa min as in putsje. Bliid doe ik eindelik lei.

Souveniers, souveniers en wer altitude sickness :S

Freed fielde ik my eins noch nea better. Mar dochs soe ik der op út mei James nei it park om souveniers te keapjen. De foarige kear hie ik dit wol sjoen mar doe wist ik net hoe en wat. Fierstente kritisch oer alles. Ik moast no wol, dus ik ha it loslitten. Wyls ik my siiker en siiker fielde doe de dei ferrun.  Efkes nei it park hâld namelik yn dat je 2 oeren reizigje om der te kommen. Bus, metro, collectivo (autosiik wêze mei it idioate rij gedrag!!) en dan dêr omstrúne om souveniers en de weromreis hat ús sels 4 oeren koste!!! Pfff Wat in chaos yn sa’n grutte stêd. Dit is net myn stêd, dat is ien ding wat seker is. Fierstente grut en te drok. Ik har ferlet fan stilte, natoer en rêst!

James en ik ha yn elk gefal in gesellige dei han en der wiene allegear minsken dy ús wol helpe woene om it paad te finen 😊 Ik ha HAST alle souveniers!!

Neidat ik wer siik op bêd gien bin ha ik eindelik in goeie nacht han! Sneontemoarn soene we eins nei de tempel mar Emilio en James binne tegearre gien. Ik bin lizzen bleaun en ha de tiid naam om myn tas yn te pakken. Want mei alle souveniers ekstra wurd dit myn grutste útdaging mei al it spul!

Op nei myn lêtste bestemming! Op nei Al en Playa del Carmen. Dubbel, hiel dubbel want it einde fan dizze reis yn Mexico komt tichterby en dat jout nogal druk en tagelyk ek wat fertriet. Ik hâld sa fan alle ynspirearende minsken en alles wat ik lear!

En wyls ik dit lêtste stikje typ realisear ik my dat ik sametien wer ôfskie nimme moat fan alle leave minsken hjir. Gjin idee as ik se wer sjen sil. Ik hoopje fan wol fansels. Want ik bin noch  lang net klear mei dit alles!! Ik sil se allegear misse mar hoopje se gau wer te sjen. Hoe en wêr dat dan ek wêze sil. Wa wit komme der fan’t simmer freonen nei Fryslân en wa wit sjoch ik se oars wer nei de simmer..

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *