Thailân - reisavonturen,  Uncategorized

Blog 4 #Chiang Mai

Ik wol tefolle

Ik wurd soms zenuwachtig fan mysels. Ik realisearde my fannemoarn dat ik my wer fierstente drok meitsje omdat ik safolle wol. Ik wurd triggerd troch it Chinese famke neist my op’e keamer dy de helt fan’e dei op har bêd lekker filmkes sjocht of oan’t lêzen is. Triggerd troch Gil dy syn eigen ding docht en net lêst hat fan FOMO (fear of missing out, de angst om fanalles te missen en oeral by wêze wol). It famke yn’t hostel wat hjir al moarnen is en no fijn in massage opleiding/cursus folget. Ik wol dat allegear ek, en dan ek noch relaxed!

Fannemoarn ha’k dêr efkes foar sitten om op te skriuwen wat ik eins wol. Ik wol yn dizze reis mysels ûntwikkelje. Dat kin wêze boeken lêze wêr ik in soad ynspiraasje út helje, mar it kin ek de massage opleiding wêze dy ik graach dwan wol. Mar ek it wurkjen oan myn eigen website, fierder gean mei de dingen dy ik yn myn foarige blog neamt ha, de cursus meditaasje útwurkje en wat mear as ‘digital nomad’ te wurk gean.

Toch wol ik ek wat fan de wrâld hjir sjen. Ik wol ek graach in trekking troch de jungle dwaan, minsken ontmoetsje, ynspirearre wurde en yn elk gefal de plakjes sjen dy ik yn’e holle hie. Se sizze dat de omgeving hjir sa prachtig is, de reisfjilden etc.

Dêr stiet dat kompleet tsjin oer dat ik eins ‘go with the flow’ wol. Gjin planning, niks moatte en my meigean litte yn wat der op myn paad komt. NIKS dwan, sadat de moaie dingen spontaan op je paad komme kinne, net altyd NUTTIG wêze wolle Petra!!

Tsja.. en dy 2 dingen stean lijnrjocht tsjinoer elkoar. Want de iene helt fan my is alles alwer oan’t plannen en útpuzzeljen hoe it sit mei de tiid, it visum wat ik wol en net noch dwan kin. En dan ynienen begjint de tiid te knipen. Pfff, dit wie dus precies wat ik NET woe, dat geplan en it gefoel dat je net tiid genôch hawwe. As ik dat loslitte soe, dan moat ik aanst nei de vipassana Thailân út en ha’k amper wat sjoen fan Thailân. Ik wol alles en alles kalm!

Samar in ommeslag!

Tsja ik hie boppesteande skreaun, en in hiele fijne meditaasje dien. En doe samar yn de 2 oeren dernei hie ik prachtige gesprekken en ik herfun mysels! YESS… focus op wat IK wol, meditear, wês yn it momint, fertrou en lit it los. Dan komt it dus wer samar goed. Hearlik wat fiel ik my dan ynienen wer licht as in fearke, super gelokkich en dankber!! En tagelyk sa grutsk op mysels dat ik de knop sa gau en sels omkrije kin! 😀

Loy Krathong en Yi Peng.

De ôfrune dagen stiene yn it teken fan Loy Krathong. Noja, de juns dan. Oerdei ha ik in bytsje yn it centrum om dwaalt yn Chiang mai om wat tempels te sjen ensa en juns draait alles om it festival. Hjir yn Chiang mai binne it 2 festivals tagelyk Yi Peng en Loy Krathong. Loy Krathong wurd troch hiel Thailân fiert sa as ik it begryp en dit giet om de ljochtsjes (de krathongs dy fan bananeblêden en blommen makke wurde) yn it wetter fare te litten en dêrmei de soargen gean te litten en der sil fêst noch in djipgeander ferhaal achter sitte.

Yi Peng is neffens allinne yn Chiang Mai en wurd tagelyk fiert. Dit giet ek oer it ljocht mar by dit evenement wurde der tûzenen mega grutte lampionen tagelyk de loft yn litten. It wurd op ferskillende manieren fiert. De frou fan ús hostel (de mem oer iederien hjir hast) nimt al jierren al har minsken mei nei it officiële festival wer je 5000,- bath foar betelje. Uiteraard keapje we gjin kaartsje sei se mar we sneake gewoan ergens nei binnen. Ik tocht earst dat se in grapke makke, mar se wie serieus.

Illegale business

Mei in stik as 6 taxi’s fol (sa’n 10 per taxi, achter yn’e bak) binne we in ein buten Chiang Mai riden. Dêr wie inderdaad in grut festival en doe der immen prebearre gewoan sa nei binnen te rinnen, waard dy per direct steande holden. Dochs seagen Gil en ik al frij snel dat der minsken fan ôf de sydkant nei binnen sneakten. DAT wie dus de manier? Los fan de groep, wyls it fjoerwurk geande wie tochten wy, NO moat we gean, want no is elkenien ôfleiden. Ik fielde my in mega crimineel en we skiten beide yn’e broek doe we daadwerkelik binnen wiene! Opfallend wie wol dat elk syn keykoord dúdlik sjen liet dus ik ha myn buideltaske om’e nekke hongen en Gil syn rêchtas op’e búk. Spookbenauwd dat we naait waarden haha. Oan’t einde kamen we der achter dat eins iederien fan de 6 taxi’s nei binnen kaam wie. Sommigen hiene wachte tot 9 oere omdat dan de doarren iepen gean soene, mar wy hiene undertusken hjir en dêr self wat gratis hapkes skoart!

Oan’t einde wie der in hiele ceremonie en doe mochten alle betelle minsken tagelyk harren mega grutte lampionnen de loft yn gean litte. It wie werkelik magisch!! Prachtig om te sjen! We hawwe sels noch oanbean krigen ek in lampion omheech gean te litten, dy kâns ha we fansels pakt!

Tempel yn’e fik???!!

Tsja en doe gie it mis! Wyls Gil drok dwaande wie mei de 2e lampion seach ik dat de tempel of it podium wat it ek mar wie, kompleet yn’e fik stie! It wie fansels in ljochtfestival mar dit like my NET de bedoeling! Der komt fannewike noch wol in vlog wêryn jim precies sjen kinne wat der barde. It wie eins wol komisch om te sjen dat Gil sa mei syn lampion bezig wie en der sa seker fan wie dat it der by hearde dat der súver irriteart wie dat ik oan’t filmjen en vloggen wie yn pleats fan him helpe mei de lampion! Haha, we ha der letter smakelik om lake. It wie uiteraard NET de bedoeling dat alles de brân yn gie mar elkenien bleaun kalm en it wie op in ôfstantsje fan ús. Ik hearde letter dat der wol in soad minsken yn paniek west wiene mar de measte minsken wiene foaral drok mei harren lampion. It wie wol wer sensatie 😉

Loy Krathong yn’e stêd en útlake wurde troch de monniken

De oare deis ha Gil en ik juns de stêd yn west om it festival hjir te beleven. We hawwe by it hostel sels oan’t knutseljen west om self in krathong te meitsjen. Mei in stikje bananebeamstam as basis, bananeblêden en blommen. We hiene dit 2 dagen hearder al makke dus doe wy hjoed mei ús kompleet útdroege selsmakke krathong troch de stêd rûnen skammen we ús eins dea. Der wiene oeral foar in prikje FET moaie krathongs te keap, miljoenen! Mar wy hiene ús eigen makke, dus dy soene we fol trots fansels te wetter litte.

Underweis waarden we sels keihurd út of talake troch âlde froulju en monniken dy ús útdroege krathongs seagen. We bleaun mar tsjin ússels sizzen dat se wol wer ‘shinen’ giene as it kearske baarne soe. Letter realisearden we dat se miskien wol laken omdat se tochten dat se 2e hâns wiene. Dat we se miskien elders út it wetter helle hiene fan juster ofsa. Naja klear. We ha ús krathons te wetter litten, de parade deels sjoen en miljarden kraamkes besjoen mei fretterij en souvenierkes.

Boete

Tongersdei bin ik der yn myn ientsje op út gien. Ik wie fan plan allinne moarns efkes fuort te gean en dan middeis efkes by komme en chille mar spitich genôch run dit wat oars. Ik ha earst 2,5 oere wachte foar ik wist as der in scooter beskikber wie. Fan Nuy (de mem fan it hostel sis mar), krige ik har eigen scooter mei. Fol goeie moed stapte ik op’e scooter, klear foar de tocht nei boppe nei de berg. Ik hie krekt de knop om dat ik der wer sin yn hie ondanks dat it al safolle letter wie, waard ik oanholden troch de plysje! Elke scooterrider waard oanholden. Dizze kear wie ik bliid dat ik fansels de helm op hie! Mar warempel, ik hie WER in boete, no omdat ik gjin motor rybewiis ha en dat is nedig yn Thailân as je in gewoane scooter ride wolle. Nimmen hat dit, mar se sizze dat it allinne in probleem is as je in ungelok krije en foar de rest ryd elkenien hjir scooters. Ferrek.. 500 bath en ik moast no earst nei it plysje station wat fansels HIELENDAL oare kant stêd siet!! Getsiederrie!

Sels op wei nei it plysje buro bin’k nogmaals oanholden, mar doe ik sei dat ik op wei wie nei it plysjeburo wie mocht ik trochride. In oere letter koe ik eindelik wer fierder. Want tsja.. as je ien kear betelle ha, mei je dochs gewoan 3 dagen op dyselde scooter ride! Ik ha in moaie tempel besjoen en bin letter noch fierder de bergen yn gien. Best wol dapper fun ik sels, want ik seach allinne mar taxi buskes en gjin oar famke wat allinne op har scooter dy kant op gie. Ik belande doe samar yn in moaie tún mei in wetterfal en prachtig blommen!

De JUNGLE!!

Joehoeee… 2 dagen de jungle yn mei in trekking tour! En dus ek 1 nachtsje sliepe yn’e jungle! OOHH wat ha ik genoten! Foarôf hie ik wol wat spanning moat ik sizze. De controlefreak yn my kaam nei boppe. Wat moat ik meinimme, wurd it kâld snachts? De âlde Petra soe fanalles en noch wat meinimme om foar alles foarbereid te wêzen. De nije Peet wol júst mei sa weinig mooglik spul fuort want it ferlichtet myn reis en je sjouwe letterlik en figuerlik minder shit mei. En it wie goed! Ik hie precies mei wat ik nedig hie en oaren wiene ferbaasd dat ik alles yn sa’n lyts rêchtaske krigen hie.

Wat in natoer, wat in jungle vibe. De wetterfallen, de útsichten, de riisfjilden, de olifanten, ús kamp wêr we slipten, de bamboo raft, it swemmen by de wetterfallen. Hearlik! Ik sil hjir net tefolle oer sizze, de foto’s en filmkes fertelle warskynlik folle mear dan ik yn wurden sizze kin. De trinnen ha my in pear kear yn’e eagen stien fan dankberheid. Sa moai is de natoer en foaral it gefoel wat it my jaan kin. It respekt foar de olifanten en de jaloezie dy ik fielde yn it doarpke wêr ik yn ien fan de hûzen sjen mocht. Se libje mei sa weinig spul. Wat in rust, joech my dat. Allinne echt de dingen dy se nedig ha en net al dy oare meuk wêr ik myn hûs fol mei ha. Want onbewust nimt al dat spul sa’n stress mei sich mei!

Mimaliseare

Stel dy ris foar, in fakânsje húske, dat jout dochs in moai gefoel. In fakânsje húske hat allinne de dingen dy we ECHT nedig ha. Sûnder ôfleiding fan oar spul. Want it nimt net allinne letterlik romte yn mar ek figuerlik. Ik soe my sa’n stik frijer en lichter fiele as ik net safolle spul hie. Tagelyk fyn ik it ek sa lestig om dingen fuort te dwaan as we it dochs al hawwe. Sinds in pear jier keapje ik al folle folle minder, shoppe is net iens sa leuk mear want ik wol myn hús net NOCH folle mei troep, ek al is it goedkeap. Ik wol der leaver spul útgoaie dan der mear by keapje ek al kostet it hast neat.

In pittige mar dankbere situaasje

Ik wol wat mei jim diele wêr ik dankber en grutsk op bin. En tagelyk is it ek in kwetsber stikje. Mar aangezien ik alles mei jim diele wol en foaral ek de stikken wêr yn groei en lear, sil ik ek dit mei jim diele.

Gil en ik binne binne de ôfrune 2 wiken tegearre oan’t reizigjen west. We hiene wol beide ús eigen akkommedaasjes mar we funen in soad tegearre út. We hiene in machtige match/klik. Hiel iepen en earlik tsjin elkoar. Ik leau net dat ik hearder mei ien sa gau sa iepen en earlik west ha. It moaie wie, dat we dat beide wiene. Kwetsber mar ek hiel moai!

Wat ik alris hearder sein ha is dat it tidens it reizigjen altyd folle hurder giet en djipper mei relaasjes. Je moetsje safolle minsken en je diele lyk fanalles mei elkoar en je binne dan soms ek ynienen de hiele dei by elkoar, dan giet it fansels ek hurd. By de measte minsken merk je dan ek lyk dat je hiel ferskillend binne mar dat is ek wol wer ynteressant.

Mar klear, Gil en ik hiene dus best wol in hiele ynteressante klik. Wêr it ús bringe soe wisten we net, we sjogge wol. Bysûnder wie it yn elk gefal wol en wêr it ús ek bringe sil, we hawwe no al in hiele soad oan elkoar han en in hiel soad fan elkoar leard. Dochs fielden we tongersdei beide, dat der wat in oare spanning hong. Beide net goed wittend wat we der mei moasten mar we hiene beide wat it gefoel dat we in bytsje ferlearen wêr we sa fan holden, ús frijheid.

Omdat ik de jungle yn gie en Gil net, ha we dêrom mar beslúten dat it miskien wol goed wie dat we efkes in pear dagen elkoar net seagen en ris efkes fielden wat dit mei ús die. Wolle we fierder reizigje tegearre, of giet it net wurkjen?

Noja klear, in lang ferhaal koart. Doe ik sneontejun werom kaam ha we ôfpraat om elkoar wer te sjen en te hearren hoe we fierder wolle. Gil wie op syn manier dwaande west om dit foar himsels út te sykjen. Wat hy woe, hie mei my echt hiel graach, mar hy fielde him ek lyk minder frij. Ik ha dit útfinen mear dien troch de jungle yn te gean en te sjen as ik him misse soe as net.  Tagelyk betinke as ik hoopte dat hy ek mei my nei Pai gong of dat ik eins leaver allinne gie. Ik wie der eins noch net sa oer út, beide wie prima foar no tink ik.

Gil hie it dus op in oare manier dien, neat mis mei fansels. Hy hie yn de tuskentiid 2 oare dates han mei oare froulju. Puur om te fielen wat it mei him dwan soe. Hy hie him der net rot under fielt, want hy siet dochs net oan my fêst, we wiene gjin offisjeel stel ofsa. Hy kaam ta de konklúzje dat der wol hiel wiis mei my is en ek seker graach my as goeie freondinne hâlde wol, mar ek foaral syn frijheid hâlde wol.

Dit hiele gebeuren rekke my behoorlik. Jierren lyn hie ik yn’e slachtofferrol fallen. Hie my dumpt fielt, naait en bedrogen. Mar no.. Nee, tsja it die my wol sear. Âlde oertsjûgingen kamen werom. Sjoch no wol, ha wer de ferkearde, bin net leuk en goed genôch, oare froulju binne leuker, ik bin te dreech, ik ha it ferprutst, bin net ynteressant genôch. En dan noch it ‘strenge’ stikje yn my, wat seit dat ik my te gau hecht oan in oar en allinne mar wat fiele mei foar ien as it ECHT de ware kerel is. Mar it moaie wie dat we dit sa earlik en iepen kalm mei elkoar diele koene. Gjin ferwiten nei elkoar mar gewoan iepen stean foar elkoars oar sicht of idee oer in situaaasje. Ik soe it NEA oer myn hart krije yn dizze situaasje mei in oare jonge te daten, dan soe ik my skuldig fiele. Mar hoe ik tink is en dit ervaar is fanút myn viewpoint. Hoe hy nei dizze situaasje sjocht is syn manier fan dwan, tis oars. En oars, is net ferkeard!

Ik ha efkes in trin litten by him en we ha der goed oer praten. Ik ferwachte eins dat ik fêst ynstoarte soe as ik sametien nei myn hotel werom gie. Je sneu en zielig fiele. Mar nee!! Fansels wiene dy gedachten der. It is makkeliker om dat slachtoffer te wêzen en Gil de skuld der foar te jaan. Mar dizze nije Peet giet net mear op dy manier mei de situaasje om.

Ik lit it gefoel efkes ta. Der mei in trin wêze as it komt, ik mei fiele wat ik fiel. Mar it is oan mysels hoe ik dit opfat, hoe ik mei dizze situaasje om gean. Ik seach yn dat stikje wat my sear docht by mysels leit. De gedachten yn MYN holle. It is in stikje fan mysels. Ik mei noch folle mear fan mysels hâlden gean en leare dat ik goed genôch bin! Dat ik dêrfoar net in oar nedig ha om dat perse te fielen. It feit wat Gil foar my fielt mei net bepale wat IK oer mysels tink! Dêr mei ik it net fan ôf hingje litte.

Wyls ik troch dit proces gie seach ik yn hoe ferhipte goed ik hjir mei omgean kin ynienen. Sa grutsk! Ik bin net te HURD foar mysels of stopje it fuort. De nije Peet is  hieltyd sterker en ik fyn it prachtig om te ervaren hoe ik mei sa’n situaasje omgean. De onzekere kant yn my hie fan Gil hearre wollen dat der my ferskriklik mist hie. Omdat my dat it gefoel jaan soe dat ik bysûnder bin, dat ik gewilt en geliefd bin. Mar ik mei Gil dêr net foar ferantwurdlik meitsje. It is oan my wat ik hjir mei doch en ik ha beslúten NET yn dy slachtofferrol te krûpen. Gil en ik bin no noch like goeie maten en kinne noch like moaie mominten tegearre belibje. We wolle beide ús frijheid hâlde en dat is tink ik ek ferstandig omdat dizze dame hjir op reis is om dy nije Peet har mear eigen te meitsjen en sterker. No en dat giet dus troch sokke erfaringen! Dus dankjewol Gil! 😀 haha..

No klear, dat wie wol wer genôch iepenheid foar dizze wike! Justerjun ha’k noch efkes mei in pear fan it hostel nei in bar west mei in live band om efkes stoom ôf te blazen. Super gesellich en ik ha noch efkes it Fryske flagje op de muorre achterlitten en bin de kroeg útstapt mei it t-shirt fan de eigenaar! Hahaha, wat in wille, ik ha der in nije pyjama by 😉

Oan’t oare wike! Oan’t PAI

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *