Thailân 2e reis

#blog 4 De knop om, nije plannen en opnij it kleaster yn!

YES! wat HEARLIK dat ik jim fertelle kin dat ik it eindelik wer FIEL! Man oh man, wat wie ik sa no en dan it paad bjuster! De lêtste blog wie al net al te posityf mar man, jim wolle net heal witte hoe ik myn motivaasje kwyt wie!

Wat yn fredesnaam doch ik hjir ??

Ik hie fragen as: wat doch ik hjir, wat wol ik yn myn leven, wol ik altyd allinne bliuwe, wol ik bern yn myn leven? bin ik oan it fluchten? Is myn leauen wol realistysk? Wat doch ik hjir op ierde, Wat wol ik eins??

Ik wist foaral hiel goed wat ik NET woe, mar wat ik wol woe? Ik fielde NERGENS motivaasje foar. Alle ideeën, alle projekten, bleeehhh NIKS koe my motiveare, bliid meitsje of in sprankeltsje hoop jaan. Ik hie echt hielendal efkes NERGENS fertrouwen mear yn.

Ik WIT wol dat we troch sokke mominten hinne gean en dat der dêrnei safolle moaiers foar werom komt en dan kin je der wer om laitsje! It stomme is allinne dat AS je der ynsitte op dat momint dan is dat sa lestig te sjen! Dan miene je dat it de ienige wurklikheid is en sjogge je sa lestig dat je der aanst om laitsje kinne. Mar de knop is om by my!!! 😀 YESSS

Jim kinne it fêst wol, fan dy down-mominten. fan dy perioades dat je it efkes net mear sitten sjogge, dat je je ôffreegje wêr je it allegear foar dogge. As it no je baan is, je partner, je freonen, dyn hobby’s, alles by elkoar, wat dan ek. Soms liket it dat alles je tsjin wurket en ferlies je fertrouwen yn de dingen wêr je earst safolle krêft út hellen. Hoe deze knop om giet? No dat it makliker sein as dien.. mar ik wit it wol.

OVERGAVE!!

Ja, oerjaan. Opjaan.. Loslitte. En wat dogge we faaks as je yn sa’n positie sitte? Precies, it tsjin oer gestelde. We prebearje it allinne mar mear fêst te hâlden! Je wolle it werom, je wolle it gefoel werom, je wolle iets ervare wat je foarhinne hiene. Mar echt leau my, wat wist is krij je net werom. Je kin it soms opnij kreëere mar net it âlde werom. LOSlitte, it opjaan en oerjaan is it kodewurd. Mar hoe dan? Ja dat is in goeie fraach. Want ik ha no KEAR op KEAR ervaren dat ‘opjaan en oerjaan’ it antwurd is, mar hoe dogge je dat no echt?

Want as je ‘zogenaamd’ oerjouwe en opjouwe sadat it dan better wurd.. DAN JOUSTO NET ECHT OP!! Echt opjaan en oerjaan is it LOSLITTE, der mei kappe. Net mear stiekum ferwachtsje dat it weromkomt want as’t noch stiekum hoopst dat it werom komt dan joust dus net echt op! Dan hâldst it noch steeds fêst!! Echt oerjaan en opjaan is faak lestig, mar it jout dy altyd iets NOCH MOAIERS op dyn paad dan ast dêrfoar hiest. Mar it komt pas as’t dus echt loslist.


HOE DAN?

as ik der sa sa’n klear antwurd op hie, dan hie ik der sels net sa lang yn hingjen bleaun. Foar my is elke situaasje wer oars. Soms helpt it troch efkes flink te janken en myn belies te jaan, it opjaan dus. Al myn frustraasje der út te goaien. Soms is it wat oars. Iets opjaan, iets loslitte. Iets echt net mear wolle. As’t dat echt kinst, dan krijst faaks ynienen wer in mega krêft en nije inspiraasje, noch mear en better dan as t fan te foaren tocht hiest.

ECHT earlik wêze

Soms kin it ek komme troch dysels efkes fikse fragen te stellen en foaral EARLIK nei dysels te wêzen. Fragen as: wol ik dit eigenlik noch wol? Of WOL ik dat ik it wol? Wêrom wol ik dit eins? wat wol ik der mei berikke? Wat is myn intinsje hjir mei? of WOE ik dit sa lang mar wol ik it no eins net mear? Dat mei ek he!! We feroarje elke dei, dus it kin hiel goed wêze dast oan iets fêst hâldst wast foarhinne sa graach woest mar miskien is it no net mear wat it beste by dy past. Dat mei, we hoege net altyd keuzes foar it libben te meitsjen. DOE passe it miskien by dy, miskien no net mear..

As de knop ien kear om is, komt myn fertrouwen stiekem oan werom. Wurd ik wekker, sjoch ik yn dat ik hjir efkes troch hinne moast. Dan sjoch ik it ljocht wer en sjoch ik it ynienen net sa dreech mear. Ik wit ynienen wer wat ik hjir doch, wat ik dwan mei en foaral dat ik net oeral in antwurd op hoech te hawwen!

Faak giet overgave sa unbewust en stiekem dat ik net precies wit WAT no de knop omsetten hat. Ferhipte irritant want hjirtroch moat ik it elke kear wer opnije undergean! Haha.. mar dizze kear koe it oerjaan en it opjaan wolris kommen wêze troch in goed tillefoangesprek mei Roald. Ik wie der zenuwachtig foar omdat ik wit dat ik tsjin him allinne mar KNEITER earlik wêze kin. Hy stelt pittige fragen dy faaks ferekte konfrontearend binne. Mar ik wit ek dat allinne de wurklikheid my fierder helpt. Ik fyn it eng omdat it eins in spegel foarhâlde is. In spegel dy de measte minsken net yn doarre te sjen, want hy is ferekte pynlik en konfrontearend. Mar as’t doarst te sjen, en kinst der oer prate, dan kinst ek stappen fierder sette.

Net mear alles diele

Dat bringt my ek tagelyk by it folgjende underwerp. Namelik de reden dat ik oan’t sykjen bin nei in oare foarm fan dizze blog. Foarhinne dielde ik alles iepen en earlik. Mar tsjinwurdig giet dit SA FIER, dat it miskien wol te kwetsber is. Ik diel dit superkwetsbere stik noch graach, mar dan wol mei minsken wêrfan ik wit dat se ek sa earlik en kwetsber nei harren sels sjen kinne en binne. Ik wit namelik net as ik der wol klear foar bin om fanút hjir alles te dielen en dan ferfolgens werom yn Fryslân te kommen en de minsken wer under eagen te sjen. It fielt miskien noch wat as 1-rjochtingsferkear wat net yn balans is. De minsken dy ek sa earlik nei harren sels sjen kinne, dêr diel ik it graach mei. Mar aangezien ik net wit WA it allegear lêst, kin it ek hiel goed wêze dat sommige minsken misbrûk meitsje fan myn kwetsberheid en it tsjin my brûkt wurd.

Poe, dat wie wol wer efkes genôch sein oer dit!

2 nije plannen!

Foardat dizze blog te lang wurd, hâld ik it koart. Myn nije plannen binne als volgt: Ik sil kommende snein it kleaster wer yn!! Ik fiel dat ik der oan ta bin om wer helderheid en nije ynformaasje te ûntfangen. Dat fyn ik yn’e stilte dêr. Je hawwe NEAT oars as allinne it programma folgje dus gjin ôfleiding mear om foar de dingen fuort te draven. Ik gean dan wer foar offline. Dizze kear tink ik net 10 dagen mar ik tink 7 dagen sadat ik krekt foar heit syn jierdei werom yn Pai bin.

Myn 2e idee hie ik al, mar no hat it wat in oare foarm krigen. It idee is namelik dat ik stap foar stap dingen mei jim dielen gean. Ik ha it faak han oer myn nije leauen en it ‘oars’ sjen nei de wrâld. Wat dan precies? No dat is net yn twa wurden út te lizzen want dit is in kombinaasje fan 3 jier reizigjen, in hiel soad boeken lêzen en prachtige minsken ontmoete en nije dingen ervare. As it my slagjen giet wit ik net mar ik docht in poging. Foar wa it mar ynteressant fynt.

Net om minsken oer te heljen of te bekearen mar gewoan om it dielen. En wa wit as ik der 2 minsken mei helpe kin of inspireare kin, dan bin ik dêr tige bliid mei! Want ik gun elkenien deselde ervaringen as my en it ljocht wat ik sjoen ha!
It idee kaam omdat ik eins myn âlders wat mear dúdlikheid jaan woe yn wat ik leau en wat myn nije ynsichten binne. Ik begun te skriuwen en doe tocht ik hmm.. wêrom allinne foar heit en mem.. Miskien mei it in oare foarm krije. Dus dat is no it nije plan, ik bin benijd wat jim der fan fine haha..

Sa is’t earst wol wer genôch! In moai wykein tawinske! Arrewedetski!

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *