Blog 41 De lêtste wike en de reis werom
De lêtste wike ha ik safolle mooglik dien wat ik it meast misse sil. Myn lievelings restaurants, op it strân lizze, myn hier ynflechtsje litten, noch in pear kear nei myn favoriete band, mei freonen kletst etc etc. It ynflechtsjen en it finen fan de júste persoan hat nogal wat fuorten yn’e ierde setten mar litte we it dêr mar net mear oer hawwe.
De lêtste jun yn Playa del Carmen bin ik nei ‘Fah’ west. It restaurant/bar wêr ik ek myn 32e jierdei fiert ha. Hjir spile myn favoriete band wêrfan ik undertusken de drummer ek better kinnen leard ha en ik súver as ‘roadie’ holpen ha mei it ferfier fan de drums haha. Ta grutte ferrassing wie Fernando krekt ek noch de jun derfoar werom kaam yn Playa en wie tafallich ek yn FAH! Sa ha we mei syn allen noch in hiele gesellige jun han. Douglas en Casey kamen ek omdat it myn lêtste jun wie.
Fernando, ik, Douglas Cesar, de drummer fan Odyssea en ik
Oan’t einde fan de jun moasten Fernando en ik it hiele ein werom rinne en doe ha we mar beslúten yn ‘stile ‘ werom te gean 😉 Want warempel dêr stie tafallich de fytstaksje! Wat in wille, in moaie lêtste jun. Net in lange nacht mar ik tocht dan sliep ik fêst better yn’t fleantúch.
De weromreis
Núver súver dat je nei hast 8 moarne werom gean, safolle minsken kinnen leard ha en dan toch yn je uppie stil werom gean. Nimmen dy je útswaait haha. Al hat op’e valreep noch snel doei sein omdat der tafallich krekt werom kaam fan ‘gym’. Ik wie yn principe best grutsk en dankber foar it feit dat ik yn’e bus nei it fleanfjild foaral dwaande wie mei alle dingen wêr ik sa enorm dankber foar bin! Alle moaie mominten yn pleats fan te tinken oan alles wat je missen gean en júst ferdrietig binne. Dit wie wol wer efkes foar my in hiele dúdlike oanwizing dat ik feroare bin! 😀
rbt
Yn’t fleantúch hie ik gelok dat de 2 stuollen neist my frij wiene! Ik koe dus gewoan lizze! No soe ik seker maklik lekker koese kinne. Want ik soe 10 oere yn Turkije oankomme wat foar my dan fielt as 2 oere nachts troch it tiidsferskil. No ik ha hearlik lein.. mar sliepe? It hiele fleantúch wie mûsstil en elkenien koeste.. mar tafallich hie ik krekt oan beide kanten fan de stuollen in groep minsken dy in feesje fierden fan ien fan harren dy jierdei wie. Se dronken, laken en hiene grut praat. Hiel gesellich fansels, mar net as je sliepe wolle!!! Ik ha nei 3 oeren hiel foarsichtig frege oan’e steward as der regels wiene as it stil wêze moast of net en ha útlein wêr ik siet. Hy begreep my direkt en sei gelyk dat der harren melde soe dat elts op harren plak sitte moast en stiller. Ik koe my no gelokkich better deljan, al krige ik wol wat zwarte gesichten nei my ta. No dat sil my no in woarst wêze! Hahaha..
De flucht mist!!
Ik hie in oere om oer te stappen, mar doe ik de tiid beseach, seach ik dat we 15 minuten fertraging hiene en dat it boarden al folle hearder wie! Ik ha efkes hifke mar de stewardess fertelde my dat se wol wachtsje soene omdat it in transfervlucht wie en it wie beide fan Turkish Airlines. No foarút dan fertrouwe we dêr mar op. Dochs krige ik it wat Spaans benaud doe we oankamen. Ik ha hiel brutaal tsjin iederien sein dat ik noch 10 minuten hie om myn flucht te pakken en sa mocht ik sa hurd mooglik it fleantúch út. Drave om it leven en útsykje wêr ik hinne moast. Fansels moast ik HIELENDAL nei de oare kant fan’t fleanfjild! It swit run my oeral by del want tsja, ik hie 10 lagen klean oan fan de 13 oeren lange flucht.
Doe ik dravend oan kaam wie myn gate al rustig.. en leech.. Ik wie te let, it fleantúch wie al fuort..
Dat ha ik noch nea hearder yn my leven han, skrik.. en no?? De earste meneer sei hiel simpel dat ik gewoan oer in oerke de folgjende pakke koe, de folgjende sei 3 oeren en stjoerde my nei in balie ta. Mei in reade kop fan it draven ha’k úteindelik in nij ticket krigen foar in nije flucht 2 oeren letter en as goedmakertje krige ik in gratis miel.. Noja.. ik wit net as je it iten neame koene want ik fun it ferskrikkelik haha. In gratis miel by ‘popeyes’. Mac donalds iten wie noch better west, doch my dan mar taco’s! Klear, heit en mem gau ynljochtsje dat se wol wat letter fertrekke kinne en my der mar by deljan en wyls dizze blog skriuwe.
Oankaam yn Amsterdam
Uteindelik bin ik in oere as 4.30 middeis oankaam yn Amsterdam. In skoft wachte op de bagaazje en doe ik eindelik myn bagaazje werom seach wie, skrok ik wol efkes! Myn koffer dy ik dus krekt nij kocht hie wie kompleet oan grizelementen! Ik koe um noch krekt meislepe mar rolje woe al hast net mear.. Ik wie bliid dat alles der noch yn siet mar dan hiene je it ek sein.
Doe ik derút woe en se hearde dat ik út Mexico kaam moast ik noch efkes ekstra troch de douane ☹ oeiii.. mar gelokkich wie der neat oan’e han en hiene se mear mei my te dwan dat myn koffer sa oan stront wie, ik moast earst mar efkes dit melde sadat ik it út de verzekering krije koe. Poe, it duorre my allegear lang genôch mar doe úteindelik mocht ik fierder en seach ik doe eindelik heit en mem wer!!
Ik wie undertusken alwer oer myn sliep hinne dus fielde my eins wol prima. Nei oardel oere riden kamen we thús, efkes in filmke meitsje fan’e pleats en doe fansels wie it hiem fersierd mei flagjes en ballonnen! Ek by binnenkomst yn’e hûs wie it hûs fersierd en it wie mûsstil… OAN’T der samar in kopke om it hoekje kaam ut’e keamer wei! Jorrit stie my mei ferbaasde eagen oan te staren!! Huh Jorrit hjir??? En doe run ik gau de keamer yn en dêr stie in hiel welkomstteam! Tineke, Geeske, Nies-Douwe, Erwin, Annewietske, Jenthe en Franca hiene harren ferstoppe op’e bank!
Wolkomsfeesje!
Nei dat ik elk oankroept hie kaam der samar in prachtig moaie mega grutte taart mei myn gezicht der op!! En doe we um hast oansnije soene kaam Alice ek noch as ferrassing (inklusyf sûne selsmakke taart!) en flak dêrnei Geartsje ek noch (mei allegear Fryske lekkernijen)! Wat in leaverds allegear dat se hjir foar my wiene. We ha gesellich sitten oan’e taart, hapkes en in soad bijkletst! Wat in moaie jun!
Juns healwei 12 eindelik op bêd want no wie ik wol dwarstroch! Ik ha in gat yn’e nacht slipt omdat mem my moarns 11 oere út in hiele djippe sliep helle. Bram, Gees en Doutzen soene sa om’e kofje komme dus ik moast der út 😉 Jaa ik wol der út! Haha ek al moast ik fier wei komme. Ik wol myn koffer útpakke, en harren de souveniers jaan en langsem-oan wat lande.. want it fielt noch allegear hiel unwurkelik. Brrr wat is it hjir kâld!!
rbt