#Blog 5 De wike NEI it kleaster en ticket nei hûs??
Goeiemoarn!
Ik tink dat ik it dizze echt koart hâlde kin en to the point 😉
Hoe fiel ik my in wike nei it kleaster?
Ik bin BACK! Earlik moat ik wol tajaan dat ik allinne de sneons noch hiel hiel mindfull en 100% kalm yn mysels wie. De dagen dernei gie der wol wer mear troch my hinne en wie ik ek wol wer ris wer wat yn’e holle mar oer it algemien bin ik folle kalmer! As der wol in momint is dat ik efkes ‘net superblij’ bin dan is dat mar koart en ik ferset my der net tsjin. Ik besjoch it efkes fan it ôfstân sunder YN de situaasje te sitten. Hearlik!
Motivaasje en myn doel
Ik ha wer wat mear motivaasje foar alle ideeën en projekten yn myn holle. Ek herinnerje ik mysels der geregeld oan om mar 1 ding tagelyk te dwan! Want as ik dy laptop of mobiel iepenje dan komme der safolle dingen foarby wêr ik noch wat mei moat. Fêst wol herkenber. Ik bin momenteel dwaande om de betaling op’e site foar elkoar te krijen en in promoasje fideo foar de Fryske meditaasje kursus. Gelokkich krij ik wat understeuning fan Yldau! (fan www.yldauontwerpen.nl 😉 ) super leaf, want ik rin geregeld fêst yn hoe it allegear wurket online. Hooplik ha ik it run foar it einde fan it jier!
Ticket nei hûs boekt!!
In ticket? JA! in ticket net hûs noch wol! HUHH? haha nee nee, ik kom net thús foar kryst krekt as foarig jier. Ek bin ik op myn reis altyd hiel bewust oan it fielen wat ik wol op it momint. Dus gjin plannen foarút. Ik ha wolris ideeën mar ik fyn it ek machtig om iepen te stean foar nije dingen en ’to go with the flow’. Dus whatever der op myn paad komt. Dus in ticket foarút boeke is neat foar my want it fielt net mear as komplete frijheid. Dochs ha ik it dien omdat ik namelik in doel ha wêrfoar ik thús komme sil dit jier. De brulloft fan Albert Jan en Maaike. Dy sille 24 maaie trouwe dus ik tocht.. Hmm.. ik moat sowieso foar dy datum werom, dus dy fryheid is der net. Lit my dan yn elts gefal gebrûk meitsje fan it feit dat ik in goedkeap ticket foarút boeke kin. Efkes sykje nei it goedkeapste ticket fanút Azie nei Amsterdam.. rapapapammm… BALIIIII!!!! hahaa dus jaaa inderdaad myn reis liket no wol ferhipte folle op de reis fan foarig jier wêrby ik ek begun mei in pear moarne Pai en eindige yn Bali. Mar Bali is prachtig en dit kear wol ik miskien ek wol mear fan Indonesië sjen!
Visa verlenge of Pai ferlitte?
It ticket werom brocht my ek lyk oan it tinken. Ik wol net itselde reiske as foarig jier en wol graach wat mear lânnen sjen omdat der miskien noch wol mear en moaiere of bettere plakjes binne wêr ik ek heearlik fertoeve kin foar in skoft! Ik sit dêrom momenteel wat yn dubio. Myn visum is tot 29 dec. Myn opsjes:
- Ik kin um 1x ferlenge foar 30 dagen, dat kost my wol 50 euro!
- Ik fertrek foar de 29e nei Laos. (Mar dan is Pai ynienen wol hiel hurd ôfrun en ik begun krekt rêstig te wurden.
- In borderrun (oftewel in reis fan 15 oeren yn’e auto om nei de grins fan Laos te gean om in nij GRATIS visum, mar de reis kost ek jild en it is in pittig reiske)
Oftewel de fraach, hoelang wol ik noch yn Pai bliuwe. Wat is myn heegste prioriteit? De rust fan itselde of wat mear tiid yn Laos en dêr de rust fine? It plak wêr ik yn Laos hinne wol is deselde hichte hast as Pai dus der is it ein januari of feb. ek ‘smokey season’. De reden wêrom elk dan fertrekt út Pai, de boeren stekke de boel lyn brân en it wurd hjir hieltyd rokeriger en dus net sûn foar je sûnens.
SPIKES!
Yeahh dit wykein ha ik it wer foar elkoar krigen mei behulp fan Tim dy de skeidingen dien hat en immen wist wêrfan ik in föhn liene mocht! Myn hier stiet wer omheech. Wat in prachtige dei juster al. Ik straalde helemaal! De thai fine it prachtig en ek fan toeristen krij ik leave opmerkingen. Ik fiel mysels altyd in stik sterker mei myn hier omheech 🙂 Al moat ik sizze dat it wol wer spannend wie mei Thaise hierspray, lang net sa sterk! Der komme noch hiele moaie foto’s omdat Bob in maat hjir, fotograaf is en dy ha’t sich aardig útleeft 🙂
Foar de rest:
- Ik ha in fyts hiert! dus ik kin my no ek wat sneller ferplaatse en sa no en dan bytsje búten Pai!
- Ik ha sels foar’t earst oan’t draven west!
- In pakketsje fan mem krigen mei Nederlânske sjokolaaa 😀
- Ik ha eindelik in bakpanne sadat ik eindelik wat kokkerelle kin!
- Ik ha juster in tafel boekt foar 1e krystdei yn in ‘lux’ restaurant om mei in pear freonen Kryst te fieren!
- Ik ha krystljochtsjes kocht en lústerje dageliks skyradio om self lekker krystsfearke te creëeren! Pai docht der fierder net folle oan.
No dit wie it wol wer foar dizze wike, oars wurd it alwer te lang 😉
Oan’t oare kear!