Thailân - reisavonturen

Blog 5 Pai

Earst efkes Pai omskriuwe. In doarpke eins, fergelike mei de grutte stêden wêr ik west ha. Ien strjitte wêr alles eins om draait en foar de rest sit alles fol mei hotels, hostels en resorts. Pai is populair omdat it in ‘hippyplak’ neamt wurd en der is in chille sfear. Dat betekend dus ek dat it fol is, hiel fol!! No sels nei Covid is it nea sa fol west. Sliepplakken binne skaars en scooters binne net beskikber of je moatte mazzel ha der der krekt immen ien werom bringt as je der binne.

Sels hoopte ik dat Pai foar my in plak wie wêr ik my efkes deljan kin. It leafst miskien wat langer bliuw en efkes wat mear thús fiele kin. Efkes net mear yn en útpakke en fan hostel nei hostel.. Ik hie de earste 3 nachten boekt mar kaam der al gau achter dat ik rap mear boeke moast omdat der dus amper wat frij is. Iets útsykje is net echt mooglik, je moatte it dwan mei de plakjes dy der binne. Ik bin undertusken al 4 kear wissele fan hostel of bêd, mar sit no eindelik op itselde plak foar 5 nachtsjes!

Noch in foto fan Nuy. De owner en mem fan ‘Like Home’. It hostel yn Chiang Mai. In lyts froutsje mar fol passie en enerzjy!!

Myn Vipassana cancelled??

Tsja, miskien wol. Ik snap der neat fan. It ienige wat ik 2 moarnen lyn fan tevoren boekt hie en in ding wat ik ECHT woe. Mar no ik de bevestiging net mear fine koe ha ik mailt as se dy nogmaals stjoere koene. It ienige wat ik echt dúdlik troch krige is dat it fol wie. Ja dat snap ik, mar ik wie al yn skreaun. Ik ha no om in dúdlike befestiging frege sadat ik seker wit as ik wol of net komme mei want dan feroaret myn hiele planning nogal!

Myn earste reaksje wie teleurstelling, mar myn nije tinken is ek: it giet precies sa it gean moat. Dus dan is dit hoe it gean moat. Dan wie dit net it júste momint of it júste ding om te dwaan no. Ik ha ek heard oer in goed kleaster hjir flakby Pai wêr je sa hinne gean kinne sûnder ôfspraak. It is dan wol net de officiële vipassana cursus mar yn elts gefal wol iets yn de rjochting fan wat ik wol. Noch efkes ôfwachtsje dus.

Mei Wassim der op út

Wassim ha ik de lêtste jun moete yn Chiang Mai en gie tafallich de dei dernei ek nei Pai. Hy giet de Mae Hong Song loop dwaan. In runtsje wat je ride kinne op scooter of motor, hy docht it op syn motor en giet dan fan doarpke nei doarpke yn 5 dagen. Sa ha wy tegearre wat dingen rûnom Pai sjoen. Ik achterop de motor en de helm hawwe we wat ôfwissele. De diken wiene net al te bêst dus gruttendiels wie it hast stapvoets ride.

Us earste stops wie net sa suksesfol, mar we ha der smakelik om lake. De earste stop soe in moai útsichtpunt wêze wat we net fine koene.. De 2e wie de bamboobrêge. Dy wie wol leuk, mar neidat de jungle yn west ha en al wat mear fan Thailân sjoen ha, wie ik miskien wat tefolle ferwent. De wetterfal dêrnei ha we oerslein omdat we hjir 200 betelje moasten en allinne mar ferhalen hearde fan minsken dy der út kamen dat it neat foarstelde.

We binne doe in hiele oare kant op riden. Wêr ek in moai útsicht en in wetterfal wêze moast. Jaaa it útsichtpunt ha we fun en wie prachtig!! Mar omdat we sa hongerig wiene undertusken ha we wat iten en koene we de wetterfal net mear helje foar der ticht wie. Naja, it jout ek neat, we ha in gesellige dei han.

Doe we as lêtste punt de sinsûndergong sjen woene op ‘de canyon’ gie dat in bytsje itselde as de rest fan’e dei. We mienden dat we moai optiid wiene sadat we in moai plakje foaroan fine koene. Nou wat hiene we dat efkes flink underskatten! Haha.. it stie oan de harses ta fol mei scooters! Ik tink dat der op de smelle paadsjes canyon al gau sa’n 100 minsken wiene en doe wy omheech klommen kamen der al hiel wat minsken werom. Net wachtsjend op de sinsundergong omdat it namelik inmiddels sa bewolkt wie dat der al hielendal gjin sinne mear wie! 😉 Noja, dat passe wol by dizze dei.

Woansdei, in útdagende dei

Tsja, wat it hjoed wie, gjin idee. Mar ik hie it idee dat de wrâld my behoorlik útdaagde om kalm te bliuwen, laitsjen te bliuwen en sterk. Ik kin jim alfêst sizze dat dat slagge is hjer 😉 Ik laitsje der om en dêr bin ik tagelyk dan ek wol ferhipte trots op. Stie der sels hast ferbaasd fan te sjen hoe kalm ik bleaun en hoe ik der de lol fan yn seach wyls ik jierren lyn hiel oars reageart hie. Bale as in stekker, ôffreegje werom dit MY no wer allegear oerkomt, my zielig fiele etc etc

De dei begun prima doe ik moarns earst wat dinkjes op’e laptop fixt hie en doe efkes foar in oerke nei in swimbad yn’e buert gie om ôf te kuoljen. Doe begun de reis. Mei alle backpacks 20 minuten rinne yn’e hitte nei it doarp rinne de heuvels op en ôf om ferfolgens yn it doarp self yn te checken by myn nije hostel foar 2 nachten.

Mei in positieve mindset begun ik de tocht. Ik wist no ien kear dat it hyt wie en swier, dus net klaaie gewoan it beste der fan meitsje. Dus sa gie ik sjongend mei “ring on fire” fan Johnny Cash de dyk oer. Sa hie ik sels wat wille mei mysels omdat ik spontaan zacht sjongen gie of efkes stopte as der minsken foarby kamen.

Ik wie hast by it doarp en doe stopte der in scooter neist my. “Do you need a ride? “ Ik sjoch de jonge oan en mei in big smile sis ik: Yeah, why not?? Ik fertelde dat der my wol oan’e trochgeande dyk yn’t doarp ôfsette koe mar hy stie der op dat der my nei it hostel bringe soe. Wat in gentlemen. Dus sadwaande spring ik mei al it gewicht fan’e scooter, kletse we noch 2 tellen en ferfolgens skriuw ik syn tel.nr mei pen op myn hân want je witte mar nea wêrom dizze jonge op myn paad kaam is. Sa ryd hy fuort en ik it hostel yn.  Oan’t sa fier gie alles gestroomlijnd! Haha..

Ik hie de foarige dei de 2 nachten boekt mei de frou fan it hostel neist my. Dochs melde dizze frou mij dat der in overboeking wie. Har baas hie al bêdden fersein op papier en de online boekings koene dus allegear cancelled wurde. Ik stie perplex, huh?? Kin dat samar? De frou ferûntskuldige har en ik ha har sein dat sy der fansels neat oan dwan koe, it wie de fout fan har baas. Sterk en frolik as ik my fielde lake ik der om dat ik dus no ynienen plompverloren mei al myn rotsooi op strjitte stie.

Kop net hingje litte en gewoan tinke: dit hie net sa wêze mochten. Ik sil online in oar hostel boeke. Yn’t ergste gefal kin ik nei nr.8. In hostel wêr ik sjoen hie dat der altyd romte wie mar wêr nimmen hinne woe. Mar warempel…. ALLES wie online útferkocht!! Hiel Pai is fol!!

Oops, en doe begun ik wer te laitsjen. Dit wurd in aventoer. Earst mar ergens in ijsje helje en efkes de boel sakje litte. Tafallich komt Gil hjoed ek nei Pai ta, dus wa wit yn it ergste gefal kin ik by him koese omdat ik wit dat hy in prive bungalow hat mei 2 persoansbêd. Mar klear, salang hy dat sels net oanbied, dan freegje ik der ek net om.

Uteindelik nei 3 ferskillende websites kaam ik toch in bêd tsjin wat noch frij is! JJ&J’s. Ik hie it hostel al in pear kear foarby kommen sjoen online mar it wie buten it centrum. Ek hie ik tafallich fannemoarn tidens it ontbijt mei 2 jonges praten dy der slipt hiene en it freselik funen. It wie prachtig op’e foto’s mar yn’t echt wie it neat. Noja, ik moast no mar net tefolle ferwachtsje en bliid wêze dat ik in bêd ha.

13 minuten rinne wer mei al myn spul, de oare kant it doarp út. Kop der foar en mar wer rinne. Doe kaam ik yn in strjitsje terjocht wêr folgens google maps it hostel wêze moast. Ik seach it nergens mar der wie wol iets wat like op in hostel, mei in zwembad en it seach der best gesellich út. Buten adem en beswitten koe ik immen fine en ik frege as dit JJ&J’s wie. Ik seach oan syn earste blik al dat dit slecht nijs wie. Nee sei der, sorry. Mar JJ&J’s wie foarhinne wol hjir, mar it hat in nije lokaasje, dêrom bringt google maps dy hjir noch steeds hinne. It ferskil sit um yn it feit dat de iene mei hoofdletters is en de oare mei lytse letters. It kaam der op del dat de nije lokaasje 20 minuten fierderop wie!! WHATT??? Neeeee he!! Ik begun te laitsjen mar tagelyk fielde ik de grun under myn fuorten wei sakjen.

Ik hie net de kracht om noch 20 minuten te rinnen mei al myn backpacks yn’e hitte. Dan wist ik seker dat ik oer myn grinzen gean soe. Ik frege him dêrom as der ek wist as der in taxi te krijen wie. Hij woe my wol helpe en run nei syn maat ta en leit út dat ik foar JJ&J’s kaam. Sa ik begreep ride hy tafallich nei Pai en koe ik wol meiride. Wat ik net begrepen hie, is dat it in taxi op’e scooter wie en dat hy my nei it hostel self brocht. Prachtig fansels 😊

Echter, makke ik it der net better op doe ik him fertelde dat syn hostel der eins wol goed útseach omdat ik fannemoarn heard hie fan dy 2 jongens dat sy JJ&J’s sa’n naar hostel funen. Oh, sei de jonge… JJ&J’s is fan myn mem.. OOHHH NEEEE PEET!!! Hoe hast it wer sa! No bringt deze jonge my en no kreakje ik unbewust syn mem’s hostel ôf!

Hy fertelde dat de trije J’s foar de trije bern stie. Hij wie de âldste J, underweis kamen we syn broerke tsjin (de 2e J) en syn suske wie de lêtste J. De hiele famylje hie undertusken 3 hostels runom Pai! Klear ik ha myn bêst dien it wer wat rjocht te draaien, ik koe der fansels ek neat oan dwaan.

In healoerke letter hie ik in bêd. Yn in keamer mei 8 mannen wyls de keamer op de 2e etage allinne fult wie mei froulju en der ek noch 4 bêden frij wiene! Mar klear. Ik kaam oan’e praat mei 2 jongens út Israël. Ik fertelde harren oer myn ferhaal en dat ik sametien in fyts gie huren omdat ik net NOCH mear rinne woe hjoed!

2 oeren letter kaam ik by de fyts ferhierder oan. Jim kinne hast wol riede hoe dit gie. De 2 jongens út Israël hiene myn idee oernaam en pikten krekt de lêtste 2 fytsen yn! Whahaha, hemeltje, wat in dei. Mar klear ik bin laitsjen bleaun en fielde my sterk. Gil kaam ik ek noch tsjin mar hie undertusken 3 froulju om him hinne. Wêrfan hy no mei ien fan dy fammen no in soad fan tegearre wie. Ok.. dat moast wer efkes lande.

Net omdat ik wat foar him fielde mar mear omdat ik mear fielde dat ik sa snel ferfongen wie ofsa. We wiene sa close foar in skoftke, dielden alles en dan bin je gewoan efkes hiel djip mei elkoar ferbûn. Ik ha in hiel soad mei him dielt, hiel kwetsber en sels dingen nei boppe helle dy ik noch nea mei in oar dielt ha. Dat doch ik net samar mei ien. Allinne as it hiel djip fertrouwd fielt. It fielde no in bytsje dat ik my te gau jun hie, te gau kwetsber en iepen opstelt. Want as ik dit witten hie, dan hie ik my net myn allerdjipste lyk dielt.

 It feit dat der him no sa rjochtet op dat oare famke fielde in bytsje foar my alsof hy myn kwetsberheid wat minder serieus naam ofsa. Mar klear. Dat is myn stik en tis allegear goed. It wie allinne nei sa’n drama dei nofliker west om efkes steunt en opfongen te wurden yn pleats fan my noch mear útdaging om de kop heech te hâlden en my net út it fjild slaan te litten.

Ennn doorrrr

Hatsikidee, ik ha de kop heech holden en juns mei wat bierkes der toch in bysunder juntsje fan makke. Moarns noch efkes spontaan in gitaar pakt dy’t ik stean seach. Starten yn in nije boek: “time Bender”. Mediteart en de mei de backpacks op’e fyts nei Pai om nei myn folgjende hostel!

Yes, sin yn en it hostel is fijn yn it centrum. Kost weinig en moarn gean ik lekker nei myn prive bungalowtsje! Ik begjin my wer mear en mear tichter by mysels te fielen. Bin yn it momint, meitsje my net te drok, en lit my wat leve. En warempel, dan komme der wer hiele bysûndere minsken op je paad. Sa sa tidens myn ontbijt. In hiel populair restaurantsje wat eins altyd fol is. Ik hie warempel  in tafel bemachtige mar geregeld sitte der minsken by elkoar oan tafel omdat it gewoan te fol is. Sa komt der in âldere man binnen en ik wit net wêrom mar ik fielde dat we yn deselde enerzjy sieten. De man komt by my sitten en sa ha we samar in oere lang hiele ynteressante en djipgeande gesprekken han, love it! We sieten inderdaad behoorlik op deselde golflengte en ik ha in soad leart fan dizze man.

Voedselvergiftiging

De ôfrune dagen ha foaral yn it teken stien fan ferhúzje fan hostel nei hostel en siik op bêd lizze mei koorts. Warskynlik ha’k wat iten wat net goed skjinmakke is ofsa. De hiele dei sa beroerd as ik knyn en GJIN honger.. en tsja dat is foar in mega grutte iter dy ALTYD wol ite kin in hiel dúdlik teken dat der iets goed mis is. Ik ha my oan it einde fan’e dei dwongen om WAT te iten mar dat resultearde yn sa hurd mooglik werom nei myn bêd race op’e fyts en ferfolgens 18 oeren lizzen bliuwe.

Timothy hat my de earste dei noch in mix fan wetter en electrolite foarskotele wat ek helpe moast en k’ha wat paracetamols han mar it die eins allegear neat. In bak gingerthee wie better west miskien want dat is hjir genôch mar se meitsje it hjir sa ferskriklik skerp dat ik it net handelje kin! haha

Esthatic dance en nije minsken kinnen leard

Undertusken lear ik hjir en dêr elke dei wat nije minsken kinnen. Pai is net mega grut dus sommigen komme je faker tsjin en op ien of oare manier lear ik in soad minsken kinnen dy hjir wenje of yn elk gefal hjir foar langere tiid binne. Yn ‘Omgarden’ (ien fan de bêste en sûnste restaurants) is it altyd fol en wurd je eins altyd útnoadige om by elkoar oan tafel sitten te gean. Sa ha ik hearder al 2 oare famkes kinnen leard dy smakelik harren ferhaal en ervaring dielden oer harren ‘Brazilian wax’ fan juster. Hilarisch!

Sa moete ik jerjuster Bo. In man út Australië wêrfan syn mem út Nederlân komt en hy kin dus ek noch wol in wurdsje Nederlânsk. Mar klear we hawwe in ferekt ynteressant ferhaal han oer de dingen dy my sa bezighâlde momenteel. Wyls ik mei him kletse komme der maten fan him by en sa lear ik ynienen in hiel soad minsken kinnen dy yn Pai wenje en fan oeral en nergens fan’e wrâld komme.

Fia bekenden fan Bo wurd ik útnoege om sneontejun nei in ‘esthatic dance’ te gean. Op dat momint lit ik it moai foarby gean omdat ik my noch lang net goed yn’t liif fiel mar ik hie Gil der ek oer heard. Hy giet der hinne mei syn nije freondinne en har freondinnen. Fierderop de dei fiel ik my in bytsje better (al ha’k noch nea iten) en it kriebelt toch. It is iets búten myn comfortzone en ik bin nijsgjirrich. Ik beslút toch te gean! Gau omklaaie en op’e fyts nei it doarp, noch snel wat ite want dat like my wol ferstandig. Ik kin fansels net dûnsje op allinne wat fruit wat ik yn’e moarns han ha.

Tsja dat wie miskien net it slimste idee…

Gil hat my úteindelik oppikt omdat it dochs in eintsje út it doarp wie. De ceremony begun mei in meditaasje wyls we yn in grutte circel sieten. Se hiene sa’n 40 minsken ferwachte mar ik tink dat der wol 80 ofsa wiene. Se leine út wat esthatic dance is en nei de meditaasje hat se ús begelieding ús der wat frijer yn te fielen.

Esthatic dance is in soad fan frije dûns. Elk beweegt hoe der wol. Gjin oardelen en gjin praten. Ik fun foaral it net praten hiel bysûnder. Foarôf diene we in pear dingen om wat mear yn’e sfear te kommen en je ek echt sa frij fiele te litten dat je je echt frij doarre te bewegen. Der binne ek rigels. Sa meie je wol gelûden meitsje en je meie mei elkoar dûnsje. As je der net behoefte oan ha, mei je dêr ek gewoan foar bedanke mei in bepaald teken.

Ik moat sizze dat ik my earst dochs wat unhandig fielde, seker doe ik seach hoe sommige (ervarene) sich kompleet gean lieten en machtig moai beweegden. Letter kaam ik losser en die ik hieltyd gekker, wat foar myn dwaan al hiel wat wie. Spitich genôch spile dêrnei de pine buk wer op. Dûnsje wie toch tefolle fan it goeie en spitich genôch ha ‘k de rest fan’e jun oan’e kant sitte moatten of meditearjend by it kampfjoer.

Ik moat noch wol efkes earlik mei jim diele dat ik fun dat der wol ferhipte knappe en sexy mannen tusken dûnsen! Potjandikkie! Hahaha.. Tsja dochs wol de kearels wêr ik in zwak foar ha. Grutte sterke mannen, lang kruljend hier of dreadlocks en prachtige eagen, stik foar stik. Poe.. Hahaha.. Ik fielde my net seker genôch om mei harren te dûnsjen mar ik ha it wol oandoart om mei 2 oaren te dûnsjen!

Sowieso wurd ik triggere troch sa’n groep minsken by elkoar. De measten binne echte hippies. Hawwe skijt oan wat in oar fan harren tinkt en sjogge der sear bysûnder mar ek prachtig út. It soe net allegear myn keuze wêze om der sa by te rinnen mar it feit dat se gewoan dogge wat se wolle siert elk. Der binne hjir yn Pai in soad minsken dy hielendal fol sitte mei tatoeages. Ja en dan ek ECHT fol. Ik ha der al 4 minsken sjoen dy bygelyks de hiele kiel en hâls fol tatoeëert hawwe of gewoan sommige stikken fan harren liif kompleet zwart! Oaren meitsje harren sels unyk troch aparte kapsels en/of klean.

Ynteressant boek

Ik bin trouwens wyls begun om in boek te lêzen. In ynteressant boek mar ek in boek wat hiel wat yn my los makket. Ik hie der foarig jier yn Mexico oer heard yn in podcast fan kukuru. Der binne fêst minsken dy it kinne. It boek hjit ‘Time Bender’. Ik bin nijsgjirrich as der folgers binne dy it boek kinne en wat harren idee of miening der oer is. Lit it my dan alsjeblieft hearre!

No dit wie it earst wol wer foar dizze wike! In noflike snein tawinske! Ik sil sjen as ik hjoed earne in kearske fine kin wat ik oanstekke kin foar Beppe. Dy wurd hjoed betocht yn’e tsjerke yn Tsjom.

Blog skriuwe by myn nije stekkie. Myn prive hokje krekt búten Pai..

2 Comments

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *