Thailân - reisavonturen

Blog 6 #mini blog Pai foar fertrek!

Ja ja, samar noch efkes tuskentroch in blog! Omdat ik aanst efkes fan de radar ferdwine sil! Ik sil namelik freed mei Alex nei in kloaster. It is net de offisjiele vipassana dy ik dwaan soe want ik ha no definityf berjocht dat dat net troch giet. Ik hie my wol ynskreaun mar de ynskriuwingen gean blykber hurder dan se oanjaan kinne dat der noch romte is of net. Ik wie dus te let. Mar klear, alles bard mei in reden. Ek al wie dit IT ding wêr ik nei útsjoen hie en IT ding wêr ik alles omhinne plant hie. Laat it los, it hat net sa wêze moatten en de reden sil ik miskien wo nea witte mar ek dat mei ik loslitte.. En doorrr

Yn Chiang Mai bin ik Alex tsjinkaam en dy fertelde my oer it klooster wêr we no hinne gean, “Wat Pa Tam Wua”. Hy is der al hearder 10 dagen west en woe graach werom. It is gjin 10 oeren per dei mediteare mar je gean gewoan mei yn it deistig libben fan de monniken is my ferteld. Je kinne der komme foar 1 meditatie moarns mar je meie ek sliepen bliuwe. Dan is wol de regel, op syn minst 3 dagen. Maximaal mei je 10 dagen bliuwe. Hoegst dy net oan te melden, gewoan komme en dy oan’e regels hâlde. Se noadigje elk fan herte út. Ik bin benijd.

WAT IN BLUNDER!!

Ok, no kin jim efkes laitsje. Pff wat meitsje je soms wat mei. In freondin thús (Alice) seit wolris: JEMIG PEET, hoe krijst it altyd foar elkoar dast yn sokke situaasjes komst. Tsja it oerkomt my wat leau ik haha Net altyd leuk of maklik mar it soarget wol foar útdaging en aventoer, litte we it mar posityf besjen. Ok.. miskien meitsje ik it no folle grutter dan it is, mar ik fielde my SA stom…

Sneontejun wie ik nei de estatic dance west sa’t ik ferteld hie. Doe ik nei de tiid de strjitte yn gie (wêr it allegear juns te beleven falt yn Pai) kaam ik oeral en nergens wer bekenden koppen tsjin fan dy dûnsjun in oere hearder. Dan laken we efkes nei elkoar of knikten. It is dochs efkes bysûnder dat je in kwetsber momint mei elkoar dielt hawwe. En ik moat sizze dat de kultuer fan de Thai ek besmettelik is op in soad reizigers. Dêr bedoel ik mei dat  elk freonlik nei elkoar laket! Echt sa leuk fyn’k dat! As ik dat yn NL dwan soe dan soe elk tinke dat ik rin te flirten mei elk. Mar hjir is it gewoan freonlik om nei elk mins leaf en frolik te laitsjen.

Ik kom sommige minsken kear op kear wer tsjin, en geregeld ha ik gjin idee mear wêrfan. Koe ik se fan de jungle tour, út Chiang Mai, Koh Chang, ha’k se tafallich sjoen yn in restaurant of ha we hiele gesprekken holden? Soms bin ik it efkes kwyt!! Dan wit ik it net iens mear wêr ik elk fan kin omdat je SAFOLLE minsken kinnen leare hjir. Sa wie der in jonge dy ik warskynlik ek ergens sjoen ha en dy al in pear kear leaf nei my lake. Ik ha in seconde twifele as dizze kear it miskien wol bedoeld wie as in flirt mar ik seach him ek meardere kearen mei in famke dus ik tocht hy is gewoan aardig. Ik knik werom en rin wer fierder. Ik fertel dit no wol, mar eins gie hy my totaaaal foarby en seach ik him as alle oare freonlike minsken dy gewoan laitsje.

Ik fertelde yn myn foarige blog dat ik op myn reis fan it iene nei it oare hostel oppikt waard troch in jonge op in scooter. Super leaf en we ha noch efkes praten en k’ha syn nummer krigen want ik leaude al dat hy net foar neat op myn paad kaam wie. Sa hie’k de dagen dernei geregeld mei him oan’t appen west.  We troffen elkoar telkens net. Wyls we wol hieltyd yn’e selde omgeving wiene, en geregeld yn’t selde restaurant iten of wurken. Spitich dat ik him net mear tsjin’t liif run.

TOTDAT ik sneintemoarn ‘Omgarden’ yn run en Bo sitten seach. Ik run nei  him ta om by him oan tafel sitten te gean. Wyls ik nei him ta rin binne der wer in pear minsken dy my ek freonlik begroetsje en ik laitsje freonlik werom. Doe ik in skofke mei Bo oan’t kletsen wie seach ik dat 2 tafels fierder dy jonge wer siet! Dit kear wer mei in famke en ik begreep mar net wêr ik him toch fan koe. Wêrom wie dizze jonge toch sa attent om my elke kear freonlik hoi te sizzen wyls hy syn freondinne by him hie. Ik hie sels it idee dat hy oer my prate mei 2 oare famkes oan de tafel tusken ús yn. De taal klonk Israëlisch.. Wyls gie it gesprek mei Bo fierder. ISRAËLISCH?? NEE TOCH>> DIT IS.. ohh myyy… en ynienen giene der kronkels troch myn liif…

Wyls it gesprek mei Bo fierder gie, gie de jonge ergens oars sitten yn’t restaurant wêr ik him net sjen koe. De oare fammen giene fuort. Wyls ik mei Bo fierder kletse wist ik sneaky in appke te stjoeren nei Ohad: Where are you atm?  

Hy stjoerde werom: I’m in OMgarden… and you didn’t recognize me for 2 days!

OOOHHH MYYY… ik koe wol troch de grun gean!! Ik fertelde Bo de situaasje want ik koe net ferstopje dat ik my deeeaaaa skamme… Wyls ik mei Ohad appte en him dus de ôfrune dagen meardere kearen tsjinkaam ha ik him dus kompleet negeart wyls hy elke kear mar netsjes hoi sizzen bleaun en wachte hat tot ik him miskien wol nooit herkenne soe! JEmmigg PETRA!! Hahahha…

We ha der letter SMAKELIK om lake, ha wol 100x myn excuses oanbean en him útlein hoe ik it fan myn kant ervaren hie. Ik seach him as 2 ferskillende minsken. No klear.. we komme elkoar inmiddels 5 x per dei tafallich tsjin ha dikke wille en leuke gesprekken.

Ohad wurket fan snein oan’t tongersdeis online, foar de rest geniet der. Syn mindset is wol ynteressant foar my hy hat yn’t ferline Sa’n hekel han oan alles moatte, ferwachtingen etc dat hy der no SA klear mei is dat hy neat mear plant. Allinne syn moarns ritueel mei skriuwe, sporte en dan 5 oeren wurkje. Dat is efkes knalle en hurd wurkje mar foar de rest wol hy NEAT fêstlizze. Niks planne foar de oare dei ek gjin leuke uitjes. Hy is der klear mei om ynplant te wurde of NET frij te wêzen. Sels as it dus leuke dingen binne. Hy sei: wat no as ik it op DAT momint net mear wol, dan kin’k wol ôfsizze mar moat ik my ferûntskuldigje of skuldig fiele. Dat wol ik net. Ik kin it my hast net foarstelle, mar ik soe wol graach dat ek berikke wolle. SA frij wêze, hearlik, moai útgangspunt!

Minsken dy myn dei meitsje

Om noch efkes yn’e positieve flow te bliuwen fyn’k it leuk om gewoan wat simpele alledaagse dinkjes mei jim te dielen dy my bliid meitsje of dy my op dat moment in euforisch gefoel joegen.

Enya bygelyks, myn buorfamke yn it bungalowtsje. Ik hie fan in oar famke underweis in ‘chill/bali/hippie’ broek krigen omdat sy dy krekt kocht hie mar har net paste. Ik paste him wol mar achternei wie der my net slop genôch. Doe tocht ik samar, he miskien past dr Enya wol. Ik dus nei har ta, wyls ik har op dat momint noch hielendal net koe. Se wie út’e skroeven!! Haha.. se woe saaaa graach sa’n broek al hawwe mar koe mar net in goeie fine en dit wie precies har lievelingskleur!! Doe ik om har hinne seach, seach ik dat inderdaad. Har rêchtas, klean, etc. Neidat se my noch 10x bedankte foar de broek rekken we yn in prachtig gesprek. Se wie oan’t reizigjen foar ungefear deselde reden en run ek tsjin deselde problemen oan. Triggert troch de minsken dy fan hot nei her fleane. Ik dielde myn ervaringen mei har en ik hie it gefoel dat ik har lyk 100 antwurden joech op dingen wêr se tsjin oan run.

De oare deis kaam se wer by my, se hie in bryfke skreaun omdat se bang wie dat we elkoar net wer treffe soene en se woe graach yn contact bliuwe. Super leaf. Ek wie se juster lyk nei it restaurant gien wat ik har juster advisearre hie. Eindelik hie se hearlik en sûn iten en se gie der per direct no wer hinne foar har ontbijt! Har sa bliid te sjen, en dat dat mede kaam troch de dingen dy ik har jun of sein hie die my sweven. Dat makket my sa bliid en in gefoel dat ik der ta doch en wat betekenje kin foar oaren! Tagelyk is it sa fijn om oer de dingen te praten wêr we beide tsjin oan rinne. It fielt dan mear as struggle je net allinne, mar tegearre 😉

Ik sil net oer elk sa’n lang ferhaal meitsje want dan is de blog direct al wer lang! Haha

Mar ik bin Ohad dankber foar de wille dy we hawwe, de lol, en deselde humor dy we ha. Dêrneist ha we ek djipgeande gesprekken. We lústerje nei elkoar, ynspirearje elkoar en hat op dit momint wat behoorlik heftigs te ferwurkjen. We prate der oer en jou him myn ervaring/tips en ik ha it gefoel dat ik him dêrmei help en dat makket my wer super bliid! Op de iene of oare manier giet ús kommunikaasje fia de mobiel telkens mis en ha we mega miskommunikaasje mar as we elkoar wer sjogge is’t wer hielendal goed.

Dan ha we Timothy. Timothy wennet hjir yn Pai en op de ien of oare manier rin ik him elke dei wol in pear kear tafallich tsjin’t liif. Hy helpt my oeral en nergens wêr der kin. Hy hat hiel wat kennis, oer Pai en oer’t libben. Hy wie der doe ik siik wie, en helpt my mei sykjen nei in plakje foar langere tiid. Timothy sjocht my, hat geduld as it efkes net wol en jout my sa no en dan precies in spontaan komplimentsje as ik it efkes nedig ha. We kinne trouwens ek hearlik wille hawwe. We binne in soart fan duo-penotti omdat Timothy ‘donker’ is en ik ‘wyt’, ik rin yn in himdsje en koarte broek wyls Timothy in dikke trui draagt.  We kinne dan ek lekker laitsje as we blikken om us hinne sjogge wat oaren der wol net fan fine. No se kinne my wat mei harren racisme. Gelokkich hat Timothy der gjin problemen mei dat ik sa no en dan nogal naïef wêze kin oer syn húdskleur.  Ik kom no ien kear út in wereld wêr ik gjin racisme yn dizze foarm kin en ik fyn it allinne mar ynteressant.

Sorry alwer in te lang ferhaal!! Hahaha.. ok, as lêtst dan Bo. Dêr ha’k hjir hearder ek al wat oer sein fansels. Bo komt út Australië en mei Bo ha ik gesprekken dy ferhelderjend binne. Bo wit dingen dy in soad oaren net sjogge of net witte. It is dus hiel fijn om immen te hawwen wêr je mei prate kinne oer iets wat je net mei in soad diele kinne. Ik ha Bo lêtsten doe der siik wie wat farsk fruit brocht en sa hat Bo my lêtsten rêden doe ik in ontbijtsje bestelle woe mar myn jild ferjitten wie. Dankber foar de moaie kontakten hjirre.

Boppesteande minsken ha gjin ferwachtingen fan my, mar ik kin gewoan wêze wa’t ik bin en se aksepteare my sa’t ik bin. Ik fiel my sa no en dan in aparteling, in einzelganger, omdat ik nearne echt by pasje. Miskien fiele sy harren ek wol sa, dan hear ik fijn bij de einzelgangers. Dy gewoan sichsels binne 😊 Dankjewol hjir foar ‘folks’ (ek al sille jim warskynlik nea myn blogs lêze)  As ik de kâns krij sil ik hjir en dêr ris wat selfies poste fan dizze minsken sadat jim der in byld by ha 😉

Foar no earst.. genietsje fan jim ekstra frije tiid snein! omdat it no gjin healoere kostet om myn blog te lêzen en gjin oere om in vlog te besjen.  Dêr wol ik JIM foar dankje, want ek al bin jim op ôfstân. Ik fiel my steunt troch elk dy my folget. Alsof jim achter my stean, en mei my mei leve en dat jout in sterk gefoel! Dankber!

One Comment

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *