Eye-openers,  Reisavonturen - Amerika

#Blog18 Oer Miami en wat der bard as je net lústerje nei de djippe wurkelikheid

Freedtejun ha we noch nei in live band west yn in bierbrouwerij. Bradley drinkt gjin bier dus ha ik dat mar wat compenseert en wat ekstra preaun. Ik moat sizze dat ik by elk ferskillend bierke ferrast wie mei wat ik krige. Ik wit no eindelik pas wat better it ferskil tusken Seltzers, ciders en oare bieren. Ik sis wol dat ik ekstra bierkes han ha, mar yn fergeliking dat ik normaal sprutsen mar 1 nim ha ik der no WOL 3 han. Haha, dus dat foel 100 punten mei. Al moat ik wol sizze dat ik it wol súver wat fielde omdat de glêzen behoorlik grut wiene en ik it fansels net mear echt went wie.

Feiten, gefoel en Clearwater

Sneon ha we moarns wat dinkjes ôfhandele, tas ynpakt en op nei Clearwater. Clearwater is in plakje oan it wetter, we sille eindelik nei it strân! Dat klinkt geweldig dochs? It wie ek hiel moai op’t strân, it sân is as moal sa wyt en zacht! Ik tink dat it wol sa earlik is om der by te sizzen dat sommige ferhalen en feiten sa as dit sa prachtig klinke. Mar dat wol net altyd sizze dat dan alles ek sa geweldig is. Wy hiene bygelyks fan ôf moarns betiid al net sa ús dei. En dan litte je it wat oer je hinne komme en kin je der minder fan genietsje. Ik ha dus wol eindelik lekker op it strân lein foar 2 oeren mar yn’e kop woe it net sa soepel. Ik fjochte wat mei mysels. Doe we rap ús diner nei binnen wurke hiene om sa snel mooglik nei it strân te gean foar in nije poging foar in moaie sunset, realiseerden we dat we net gelok hiene. It wie ynienen wer sa bewolkt wurden dat we neat sjen koene..


Hjir under in foto doe we wille hiene oer it iten –> lês de beskriuwing under de foto..

.selsmakke salade mei naam mar in foarke ferjtten.. Mei de fingers in salade ite op’t strân (Bradley) of fan in stik aluminiumfolie in leppel meitsje? (Peet) 😉

Op nei Miami, fakânsje?

Juns de rest ynpakt, ontbijt klearmakke foar de oare moarns want sneintemoarn binne we moarns hiel betiid fuortgien. It is namelik sa’n dikke 4,5 oere riden nei Miami. Ek hjoed fjochte ik mei mysels. Ik wist net precies hoe as wat. Ik wol genietsje want we sille hjoed nei Miami!

Ik lês krekt in pear wurden fan myn foarige blog oer it feit dat we echt lekker fakânsje fiere sille en ús gedrage as toeristen, lekker genietsje! Ik skriuwe dizze blog no we wer fuort sette út Miami. Ik krige in núver gefoel doe ik dy sin lêsde want sa’n fakânsje gefoel ha ik net han. Ik ha júst kneiter hurd wurke, stroffele, oerein krabbelt, trochsetten en bin op myn bek gien. Ik sil prebearje it mei jim te dielen.

Ik woe sa graach nei Miami omdat ik hjir hearder west ha mei heit, mem en myn broerke Nies-Douwe. Sa’n 3 jier lyn, in wike foar it earst nei Amerika. Ik ha in soad fakânsjes belibbe yn myn libben en ik ferjit in soad mar in pear binne spesjaler en bliuwe je by, dit wie der ien fan. Ik ha faaks yn meditaasjes dat ik werom gean nei in pear mominten yn dizze fakânsjes. Dat ik geniet fan bepaalde dingen. Ik woe dit graach werom sjen en fiele no ik wer nei Miami gean koe.

Nei al hiel wat gestruggel mei mysels (lês: trinnen, onbegrip, fjochtsje, pogingen om de kop heech te hâlden) underweis nei Miami kamen we healwei de middei oan. We hawwe nei de hotels run wêr heit en mem destiids west ha en it hotel fan Nies en my. Dit joech my wol in fijn gefoel. We hawwe sels sa sneaky west om it luxe hotel wêr heit en mem doe sieten yn te rinnen en ha in drankje han op it terras oan’e kant fan it strân. Ik ha genoten fan in pilske fan elke slok want doe ik betelle en seach wat der kosse smakke my der hast al net mear! Haha

Nei 4en koene we yn ús airbnb. Moai plakje, yes! Wyls is it waar net sa best as wat ik hoopte. It reint, is bewolkt en fris. Net it waar wêr ik sa fan genoot doe ik hjir wie 3 jier lyn. Alles liket minder moai, it strân is neat oan mei dit waar etc etc. Wyls fiel ik in núver kriebeltsje yn myn rêch, mar gau op bêd.

Moandei te moarn, de wekker 6.45! Kop der foar ik wol genietsje fan dizze 3 nachtsjes fakânsje! Ik spring yn myn klean om de sinsopgong te sjen, te draven op’e boardwalk oan it strân wêr ik fan dreamt hie en dêrnei te meditearen op’t strân. Krekt as dy moaiste mominten doe 3 jier lyn.

Spitich genôch siet it der net yn, it reinde kneiterhurd en wie hielendal ticht fan’e bewolking. Ik bin werom yn bêd kropen. Ha in hiele goeie meditaasje dien wêrtroch hiel soad helder waard foar my en dr hiel wat frustraasje en fertriet der út kaam. Ik realisearde my dat ik my te grut, te sterk en te dapper foar die en dat ik mysels dêrtroch safolle druk op lei dat it myn eigen ûndergong wie. Ik ha dêrom lyk ek mar efkes mei mem belle en in berjochtsje nei de fam. weryn ik wat iepener west ha en earlik sein dat it hielendal net sa geweldig gie dan ik it lykje liet. Ik hold mysels foar de gek!

 Nei in goed gesprek mei Bradley en útlis oer de zenuw yn myn rêch dy ik fielde binne we tegeare te draven gien. It wie inmiddels droech! Best in útdaging om mei in oar te draven, dit ha ik neffens my noch net hearder dien mar ik bin hjir om mysels út te dagen. It gie best!

Of dochs net?

Oan’t ik nei in skofke rinnen wer in stikje drave woe, fielde ik myn rêch wer. Dit fielde net goed. Dochs mar rinnen bliuwe. Bradley is masseur therapeut dus hat lyk de massaazje tafel ree makke en sei: ‘this is not gonna be a relax massage’. Hy lei út dat it miskien efkes trochbite wie, ik moast gewoan safolle mooglik ûntspanne. Hooplik koene we no erger foarkomme. Better no efkes trochbite dan de rest fan’e dei net mear rinne kinne. Ik fielde oan alles wol dat it der yn sjitten wie en wist hoe let it wie mar woe my der net oan oer jaan.

Nei in fixe massaazje en in ontbijt kop der foar en we binne mei de trolley nei Lincoln street gien om te lunchen en te shoppen want dêr hie ik sa’n sin yn! Undertusken striide ik noch mear mei mysels en woe niks. Ik wist net wat ik woe, fielde my naar oer alles en streste oer alles. Doe we eindelik safier wiene dat we de earste winkel yn giene sakke de moed my yn’e skuonnen.

Opjaan en oerjaan, over en uit..

De trinnen rûnnen my oer de wangen. Ik koe net winkelje, ik koe niks. Ik tocht dat ik sterker wie as myn lichem.. Ik woe net lústerje mar moast no wol. Myn hiele lichem die sa sear dat ik niks oars koe as my oerjan, medicinen helje en op bêd. Ik koe net mear rjocht stean, lit stean rinne.

As we net lústerje nei wat ús lichem te sizzen hat, dan jout it lichem it sels wol oan.

Ik leau en ha al mearder kearen erfaren dat as we net lústerje wat der djip fan binnen sit, dat ús lichem it ús dan wol ferteld. It kin fanalles wêze. Angst, pine, keuzes, feroaringen of wat dan ek. As we net lústerje wolle omdat we te bang binne foar iets oars, onbewust! Dit gebeurd onbewust faaks omdat we ússels oanleard hawwe dit fuort te drukken. De wierheid is faak net wat we wolle ek al witte we stiekem djip fan binnen better. We binne angstig foar de wurkelikheid, angstig foar it unbekende, it enge. Wat as..

We hâlde ússels foar de gek troch te tinken dat we it sels wol better witte as de stem djip fan binnnen..

Mar as we lang genôch net lústerje wolle, dan hâld it lichem op. Dy jout it dan oan, it lichem set dy op stop.

En dat is wat dr no bard is. ik ha yn in wike al 3 kear migraine han. Doe wist ik wol dat der iets wie wat ik oan’t ûntwiken wie, mar ik wie undanks dat toch te angstig om te lústerjen. Ik miende dat ik lústere mar sels DOE hold ik my unbewust sels foar de gek.. Ik betink my dat ik ôfrune dagen ek hiele rare stekken yn myn liif hie en in pear kear ynien kroop midden yn’e winkel, mar dochs woe ik net lústerje. En no is it my yn’e rêch sjitten.

Oer, út, deljan, jou op!! Hâld op te fjochtsjen! Wês lilk as’t lilkens fielst, wês ferdrietig as’t fertriet fielst, wês dysels want dysels grutter foarhâlde omdast tinkst dast sterker bist brekt dy op!

Sjen litte wolle hoe goed ik it mei it libben omgean kin, hoe goed ik bin hoe leuk ik bin, hoe folwoeksen, hoe goed ik mei tsjinslagen omgean kin en hoe goed ik mysels  herpakke kin. Dizze dame hat ôfrune tiid sa bot oan’t fjochtsjen west en ûnbewust oan’t bewiizen. Ik miende tsjin oer de minsken om my hinne, mar miskien wol mear tsjin oer mysels. En ik ha de striid ferlern, we binne net sterker as ús djippe wurkelikheid.

En doe..?

Sels DOE miende ik noch dat ik nei 2 oeren lizzen wol nei de footbal wedstriid sjen koe jun yn in kroeg.. Mar Bradley makke it my al dúdlik mei: “are you kidding me?” Nee fansels koe dat net, ik moast my ECHT deljaan. Niks mear de rest fan’e dei. Moarn alles mar..

Noja dat ha we prebearre. Ik ha it beste der fan prebearje te meitsjen. Wyls ik strak stie fan’e medicinen om de twa oeren en hiel stadich bewege. Ik woe fansels noch wol wat dingen dwaan yn Miami. Tiisdei te moarn ha ik mediteart op it strân en nei in sinsopgong sjoen dy alwer bewolkt wie, ek de meditaasje wie neat mar ik koe it ôffinke op myn list, ik hie it dien.

Doe op syk nei in winkeltsje mei in ferkeaper dy destiids in hiele soad los makke hat by my. Mei help fan mem en Nies Douwe hiene we wat ‘shopping malls en marketplaces’ wêr it miskien wêze koe. De earste wie mis. Doe nei in oar plak yn Miami riden en ja, dit wie it plak. Mar it winkeltsje bestie net mear.. Fansels, dat paste wol by dizze fakânsje…

Ik soe it winkeljen fan juster oernij dwaan. Bradley wol graach dat ik goed oan jou wat IK wol, en net tinke wat HY wol. Ik ha dizze kear goed lústere nei mysels en sei: eins wol ik wol efkes allinne winkelje. Hielendal prima, hy hat my ôfsetten en ik ha 2 oeren allinne omstrúnt. Eins mar yn 2 winkels echt lekker genoten en dat wiene warempel deselden as 3 jier lyn! Deselde shirtsjes kocht mar yn in oare fariant. Dy shirtsjes binne namelik myn favorieten! Wyls ik al hast net mear foarút komme koe troch de pine yn myn rêch ha ik it dochs foar elkoar krigen om wat leuke shirts te keapjen. Ik bin mei de trolley werom gien en earst wer op’e bank. Ek al wiene de punten dy ik yn’e kop hie net allegear slagge, ik hie myn bêst dien en koe it ôffinke!

Hast it lêtste punt wat ik ôffinke woe is nei South beach gean en in foto meitsje. De boulevard fan South Beach is namelik eksakt wat ik yn myn sliepkeamer thús op’e muorre ha. In hiele grutte foto wêr ik 3 jier lyn mei Nies-Douwe in foto makke ha, dyselde foto woe ik wer meitsje. Fansels gie dit ek krekt sa as de rest fan de fakânsje, krekt net hielendal sa as ik  hope hie. It eaze sa hurd! Sijk en sijktroch kamen we oan by de plak, stapten perûngelok noch yn in djippe plasse wetter sadat ek myn sokken sopten mar de foto soene we meitsje!! In kletstroch wiete kont want ik moast fansels wol krekt sa as jierren lyn op it muorke sitte!

Jim sjogge op’e foto’s wol hoe prachtig it waar wie, ek al sjogge jim net hoe sijktroch we wiene. Op’e earste foto woe ik myn broek droech hâlde haha, by de lêtste joech ik it op en wie as in swijn sa wiet en smoarch haha

Lêtste loadsjes

Woansdei te moarn sa gau mooglik wer medicynen want ik kin amper fan bêd komme. Koffer ynpakke en ontbijte yn it hotel fan heit en mem! Dit wie in kadootsje fan mem! Dankjewol mem. Ik ha mega genoten fan it mega buffet en ha my te pletter iten! Op’e weromreis ha we lâns it strân rûn om noch efkes ôfskie te nimmen. Bradley hat in filmke makke fan it moaie blauwe wetter wat ik helaas net iens fielt hat, wyls stean ik op it filmke en ik wit noch net precies wat der filme hat mar wyls ik myn rêch draai nei de camera rinne de trinnen my wer oer de wangen. Ik hie dizze my dizze fakânsje dochs wat oars foarsteld.. Ik fiel ek dat dizze striid noch net striiden is mar hoe en wat dat sil de tiid my leare.

2 Comments

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *