Reisavonturen - Amerika,  Uncategorized

#blog19 Key West

Op’e kaart liket it moai tichtby. Fan Miami nei ‘the Keys’. Foar de dúdlikheid. De keys binne allegear lytse eilandsjes underoan Florida, 1700 totaal!! Der is ien lange dyk nei it fierstente eilandsje ta. Doe ik yn Amerika wie mei heit, mem en Nies ha we hjir ek hinne west. Moarns betiid hinne, juns werom. It liket miskien net sa fier mar ek hjir ferseach ik mysels op. It wie namelik fan Miami nei Key west (it fierste eilân) dik 4 oeren riden. Der is mar 1 dyk mei mar 1 baan hinne en 1 baan werom dus je ride allegear hiel hiel stadich en it duorret ferhipte lang. Wy hiene dêrom besletten om in nachtsje te boeken op Key West.

Dit wie nogal in beslissing want it is ferhipte djoer om in nachtsje dêr te bliuwen! Airbnb’s binne der net echt foar normale priizen. Bradley hie úteindelik in deal fun werby we krekt wat mear as 200 betellen en dan wie it in ferrassing yn welk hotel we komme soene. We wiene beide best bliid mei it hotel wat úteindelik útkeazen waard!

Op’e hinne reis ha’k in soad oan’t skriuwen west op’e laptop. Ik hâld mysels telkens foar dat ik it no byhâlde sil mar der bard gewoan hieltyd tefolle dat ik der de tiid net foar nim of der efkes gjin sin yn ha. Dus dan no mar underweis. Gelokkich hie’k it dien doe we it earste oere noch steeds yn Miami riden want doe wie op’e dyk fan’e Keys wiene woe ik eins allinne mar om my hinne sjen!

WOW WOW WOW.. It útsicht, de palmbeamen, de hûzen, de vibe, de sfear. Ik bin hielendal fereale, ik wol hjir wenje!!! Der wenje foar myn gefoel in soad alternatieve minsken hjir want neffens my is der hjir hiel wat mooglik. Je sjogge it û.o. oan de kleanwinkeltsjes of oare saakjes. Fansels ek in soad toeristeguod mar it feit dat de hinnen en hoarnen oeral en nergens frij op strjitte rinne seit miskien wol wat. 

De hûzen hjirre fyn ik ek SAAA prachtig. De kleuren, de veranda’s en de wite hekjes der om hinne. Sa’n hûs is myn dreamhûs!!

Op’e hinnereis woe ik wer herinneringen werom fine fan doe ik hjir hearder wie. It strân wêr we toen efkes 20 minuutsjes west hawwe hie sa’n indruk achterlitten dat ik SOWIESO dat strân werom fine woe! Te graach wolle want nei meardere kearen fan’e dyk ôf te gean en te tinken dat DIT it wie, wie ik kear op kear teleursteld. Ik wist seker dat AS ik it seach, dat ik it gelyk herinnerje soe. Mei wat help en tips fan heit en mem wêr it wie, is it spitich genôch net slagge.

Dochs ha we genoten dizze dei. We hiene in prachtig hotel oan’t strân (al koene je der net echt lizze en wie it skaad) We hiene in super waarm zwembad en gewoan efkes de luxe fan in hotel wie wol efkes hiel noflik! It wie nedig tiid dat ik nije slippers útsocht dus we ha noch in poging dien nijen út te sykjen mar dizze dame koe op dat momint net beslisse dus we ha it mar efkes litten. Moarn mar wer sjen. Juns binne we mei in gratis pendelbus it sintrum fan Key West yn gien en hawwe we út iten west.

Ok, no moat ik dochs miskien efkes wat frustraasje kwyt oer it personiel soms hjir yn Amerika wat yn in restaurant wurket. It is my al 100 kear ferteld dat se eins gjin donder betelle krije en dêrom wurd der eltse kear frege om in tip. Dat is normaal hjir om der 20% by te dwan. (Ik skrik dus eltse kear opnij fan wat we úteindelik betelje). Mar it feit dat je sa weinig fertsjinje betekend blykber ek dat je net alte alte folle fan harren ferwachtsje kinne. Je bestelle wat en sizze der wat ekstra by ofsa, se noteare it mar it is altyd mar in ferrassing wat der serveert wurd. Dat wie no ek wat it gefal. It famke wat ús holp prate Ingels mar ik hie it gefoel as praten wy Sjinees. Se snapte der neat fan en makke alles dreger dan it eins hoegde te wêzen. We koene op ien of oare manier net bestelle wat der op it menu stie, it moast allegear dreech en doe we it krigen wie it wer hielendal oars dan as se sein hie.. Zucht.. ik moat it loslitte miskien mar iten is sa belangryk foar my. Ik hâld fan lekker iten en kin der sa enorm fan genietsje dat it dus ek myn hiele humeur ferprutse kin as it fersaakt wurd!

It feit dat we eins pas 4 oere oankamen yn Key West en dat we sa’n moai plakje hiene yn dit hotel makke dat ik eins hiel graach NOCH in nachtsje bliuwe woe! We hawwe der efkes oer sitte te stinnen want kolere he.. 240 foar in nacht, dêr kin ik yn Mexico hast 3 wiken foar ite! Mar klear, dat loslitte. We genietsje no, eindelik is de kop wat rustig en ik genietsje sa fan alles hjir, it is sa moai!!!

In ekstra nacht boekt dus en de oare deis earst om slippers út west! Ontbijt han en doe nei it ienige iepenbiere strân wat der op Key West wie. En ried ris.. DIT wie it strân wêr ik om socht! Ik seach it gelyk, de palmbeamen etc etc. Ik leau dat it Bradley op in gegeven momint de strot út kaam hoe faak ik wol net sein ha hoe ûntsettend moai ik alles fun, ik koe gewoan net myn eagen tichtdwaan en yn’e sinne lizze. Ik woe it sjen en it leafst 100.000 foto’s en filmkes meitsje sadat ik it altyd fêsthâlde kin.

We hawwe der 2 oeren west, sinnebade en genietsje. Ek ha ik it wetter yn west! It wie best wol ferhipte kâld mar it gefoel wat ik krige doe ik der troch hinne wie wie onbetaalbaar. Ik fielde nei de wike yn Miami eindelik wer efkes : YES!! Ik bin gelokkich en ik geniet! Bradley hat my holpen noch in oantal machtig moaie foto’s te meitsjen sadat it krekt like alsof ik in model wie! Hahaha.. ik fielde my sa unhandig mar ik WOE sa graach moaie foto’s, dus mar efkes loslitte wat in oar der fan tinkt haha..

Letter op’e middei ha we Key west yn west, Bradley in nije swembroek en ik in lekker waarme trui fan Key West. Bliid as in bern! Wyls wist ik net wêr ik sjen moast. Sokke moaie hûzen en plaatsjes. Hearlik, hearlik. We hawwe in drankje dien oan in bar oan’e strjitte en dêrnei de sinsûndergong. Noja.. healwei, want foar der echt under wie, wie it fansels wer bewolkt! Haha, tis toch wat?

We hawwe noch in hap underweis han en doe lekker filmsjoen yn’t hotel. Moarns noch efkes hearlik gebrûk makke fan it swimbad en 11 oere de boel ynpakt en wol wer yn’e auto. No werom nei Tampa, 7 oeren exlusyf yt, drink en pisstops. 😉

Weromreis

Dit soe in hiele saaie dei wêze kinne. Ik wie fan plan wer in hiel soad te skriuwen yn’e auto mar dêr bin ik gjin seconde oan ta kaam! De natoer wie sa moai! Earst in pear oeren de keys, wêrby we seagen dat se hjir stroomkabels yn ‘e peallen herstelle troch der mei de helicopter hinne te fleanen en in mantsje dêr te dumpen!! Kin dochs net?

Noja doe in hiele oare side fan Florida, mear de countryside. Ik seach warempel trekkers! Dêrnei gie de route troch de everglades! Mei heit, mem en Nies ha we doe in boattocht dien om aligators te sjen. No.. Dy boattocht hiene wy net nedig. Underweis sykje en sykje lâns it wetter wêr we riden. Oan’t ynienen samar om de 10 meter in dikke fette aligator lâns de kant lei!!

We binne op ien plak stoppe omdat we beide pisje moasten, dan mar efkes wyldpissie! Snel in foto meitsje en doe ik noch fierder stappe soe om noch ien te finen realiseerde ik my dat dat miskien wol ferekte ûnnoazel wie omdat it fansels wylde bisten binne en se samar fan alle kant my opfrette koene. Dochs mar snel werom nei de auto draaft!

Fierderop binne we noch op in oar plak stoppe wêrby we folle folle mear seagen! Machtig moai! Filmkes komme! (as ik der oan ta bin..)

IHOP

As diner, woe Bradley my meinimme nei iets echt Amerikaans omdat ik sa fan ‘Pancakes’ hâld. Ihop Important house of pancakes. No ik sil jim fertelle, ik koe nei dit diner efkes gjin pancakes mear sjen! Haha.. Mar we ha in moaie reis han. 23.00 eindelik werom yn Tampa en doe mar gau op bêd!

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *