Reisavonturen - Amerika

#Blog20 De reis fan Florida nei Utah – in pittige blog sis ik mar fêst..

Nei Key West ha we 2 dagen noch yn Tampa west. Bytsje bykomme en ynpakke foar de reis nei de oare kant fan Amerika. (Ohja en Bradley hat de glêzen tafel brutsen… OEERRAALLL glês!) We sille yn 4 dagen reizigje nei Las Vegas en dêrwei is it noch oardel oere nei Utah. Bradley komt út Utah, hy sil my dêr wat moaie plakken sjen litte. Hy moast wol werom mei de auto omdat hy syn kentekenplaat ophelje moat op de 21e fan jannewaris.

Mandei binne we op paad gien. De auto tot oan’e harses ta fol. Ik ha as backpacker net sa hiel folle spul fyn ik eins mar Bradley is net oan’t backpacken en hat gewoan alles meinaam wêrfan der tocht dat d rit miskien wol brûken gean woe. In soad klean, in massaazjetafel, golfsticks etc. Al mei al ha wei 8.30 alles yn’e auto. We hoopje hjoed te riden nei Baton Rouge. In oere tiidsferskil en we gean troch 3 staten.

Werom nei Austin nei de moaie herinneringen

Tiisdei fan Baton Rouge nei Austin. We hoopje hjir wat hearder oan te kommen sadat we efkes by komme kinne en ús klearmeitsje foar it bezoek oan Davin en Sandra en de dûnsjun yn Broken Spoke. David en Sandra en de bern wiene de 2e famylje wêr ik ferbleaun bin. Sandra en ik ha ús 1e dûnsles tegearre han, en ik ha my hiel thús fielt. Broken Spoke is de dûnshal wêr ik al hearder oer ferteld hie. Ik wie hjir west krekt foar ik Texas ferliet. Ik ha hjir de 2step leard en in machtige jun han. Doe we besletten dizze reis te meitsjen wie dan ek myn earste fraach oan Bradley: “Kinne we troch Austin?” Ik woe dit graag mei him diele. We hiene David en Sandra ek mei frege nei de Broken Spoke mar dit passe harren net dizze jun. Wol wiene we wolkom om by harren te iten.

Ik kin neat oars sizze as dat ik tige bliid wie David, Sandra en harren 2 dochters wer te sjen, by te kletsen en ek Bradley hat him poerbêst fermakke undanks dat dr him sa siik fielde. Ik hie der de hiele jun wol bliuwe kinnen mar ik woe ek graach noch in kear dûnsje yn Broken Spoke. Wat ha ik genoten! De cowboys wer te sjen, it dûnsjen en de band. Machtig, hjir laad in mins fan op 😉

Fan Austin troch Texas nei New Mexico

Woansdei ha we ek noch gruttendiels troch Texas riden. Ik realisearde my dat it my mear docht dan ik tocht. De Texas sfeer, it boerige, hoe it der út sjocht, de minsken, it dûnsjen. Ik fiel my hjir thús en genietsje, fiel my wer ekstra grutsk dat ik in boeredochter bin.

Ik moat wol sizze dat dit stik troch Texas dr in stik kealer en droeger út seach as de rest en alwer ferbaas ik my der oer hoe alderferskuorrendst grut dizze staat is.

Juns as it al tsjuster is en wy kapot binne, komme we oan yn Albuquerque [albukurkie]. Bradley hat in prachtig kompleet hús foar ús boekt mei útsicht oer de stêd! Prachtig! We hawwe sels in theater yn it hûs! Bradley hie namelik sels betocht dat der my yn elke plak yn dizze roadtrip in moaier plakje jaan soe dan de foarige. No dat hat der dien ek! De earste stop wie yn in Hilton hotel en dat wie allinne al lux foar my omdat ik normaal sprutsen yn hostels ferbliuw. Dit wie in mega lux hus! Komt werom yn’e vlog!

De oare kant fan dit ferhaal
Spitichernôch fiel ik my net sa geweldig as hoe ik it hûs omskriuw. Ik bin kompleet yn’e war en ha it gefoel dat it op it ein rin fan myn fechterslust.

Ik besef my dat ik jim hiel leuk de ferhalen fertel fan wat we útfine, wat we sjogge etc. Warskynlik ûnbewust omdat ik mysels net herinnerje wol oan wat der yn wurkelikheid yn my om spaant. Miskien ek diels bewust omdat ik it lestich fyn om te bepalen HOEFOLLE en WAT ferstandig is mei jim te dielen. Wyls ik dit skriuw beslút ik om wol iepen en earlik te bliuwen, dat is wat ik dwan woe mei dizze blogs. Net in saai ferhaal oer de dingen dy ik sjoch, dan kinne jim ek wol googlje oer hoe Austin der út sjocht bygelyks. Wol hâld ik details foar my, ik leau net dat dat in tafoeging is om mei jim te dielen. Ik besef my ek dat it op syn minst earlik is it mei jim te dielen. Ik ha bygelyks wol yn de blog oer Miami ferteld dat it flink mis gie mar wêrom ik sa fan’t hynder wie ha’k net ferteld. Ik koe it noch net goed under wurden bringe en skamme my der eins ek wol foar.

Ik sil besykje it koart mar dúdlik te meitsjen. Sinds ik Bradley moeten ha, wist en fielde ik gelyk dat der iets hiel spesjaals oan him wie. Nea hearder hie ik in jonge as him kinnen leard. Spesjaal yn in sin wat ik lêstig útlizze kin. Hy begreep dingen dy in oar net begrepen hat hearder, hy seach dwars troch my hinne en oan alles wat der sei en die fielde ik dat hy my al better koe dan ik mysels. Dit is hiel moai, maklik soms mar foaral ek dea eng.

Ik wie lyk sa understeboven, dat alles yn my dit sa fijn, moai, ynteressant en hearlik fun dat ik nea oars woe as by him bliuwe. Dat ha we dien, mar wol underskatte ik hoe pittig dat wêze soe. Mei immen dy je krekt kinnen leart ha 24 oeren per dei by elkoar te wêzen is pittig. Mar noch folle pittiger is it folgjende, wat ik my pas folle letter, pas 2 dagen lyn echt realisearre.

Trochdat Bradley dwars troch my hinne sjocht, makket it dus ek dat hy sjocht hoe faak ik mysels foar de gek hâld. Dat je miene dat je A dogge mar unbewust dogge je B. Dit klinkt miskien unnoazel en yngewikkeld en dat is it ek. It is hiel djipgeand, hiel earlik nei jesels sjen. SA EARLIK dat de measte minsken tink ik net iens sa djip en sa earlik DOARRE te sjen en dêrtroch it fuortskowe en sizze dat it by harren bygelyks net sa is. Dat sy wol earlik tsjin harren sels binne.

Wyls ik hjir júst nei op syk bin yn myn Expeditie Happinezz mien ik dat ik al iepen en earlik bin mar troch ik Bradley no kinnen leard ha, ha ik realisearre dat ik dat noch lang net bin. Lestig om út te lizzen realisear ik my. Foarbylden wêr ik bygelyks tsjin oan run is dat ik tocht dat ik lústerje nei Bradley, mar undertusken doch ik wat ik TINK wat hy wol. Bradley is net as de gemiddelde mins, hy tinkt oars, echt oars! Sa oars dat ik it net leaude. Ja..De earste wiken sei dat ik him leaude en dat ik nei him lústere mar hy sei fan net! Ik snapte der neat fan en it die my sear as der dat sei. It die my mega sear! Ik wurke sa hurd om te lústerjen en alles te dwan wat hy sei! Ik wie der echt fan oertsjûge dat ik lústere en ik koe net begripe wêr de misferstannen sich untwikkelden.

Undertusken sjoch ik yn dat ik it net ECHT leaue koe wat hy sei. Ik fulde it dêrom sels wat oan myn myn eigen oertsjûging.

In simpel foarbyld, hy sei: it makket my neat wat we dogge, iten docht my ek niks dus sis do mar wast wolst en wanneer, en jou my mar te iten. Dat makket my bliid. Ik koe dat net leaue unbewust. Ik wie der fan oertsjûge dat hy dus echt wol in mening ha moatte soe mar dat der dy oan’e kant sette foar my. Ik frege him dus 100 kear per dei wat hy woe.

As hy dan sei dat ik net lústere hie, waard ik yn’e war. Ik wie dochs allinne mar leaf en sosjaal dat ik ek graach woe dat HY bliid wie en dat hy meitinke koe en ek SYN miening jaan? Ik sjoch no yn dat as ik him echt koe leaue dat ik dat gewoan die wat ik woe en dat dat dus precies wie wat him bliid makke. It punt is dat alles yn my dan wol protest jout, ik fyn dit lestig, it fielt alsof ik egoïstisch bin!

Ferkearde útlis..zucht, lestich om dit under wurden te bringen. Dit foarbyld klinkt net sterk realisear ik my. Dit foarbyld wie 1% sterkte fan hoe it fielt.

Noch in poging

It komt der op del dat ik it erfaar alsof my de hiele dei in spiegel foarhôlden wurd. In spiegel mei kneiterhurde wurkelikheid. Wêrút sichtber wurd hoefolle ik mysels foar de gek hâld. Wêrtroch ik fjochtsje mei mysels, rúzje ha mei Bradley (wyls ik eins nea yn relaasjes of mei freonen hearder rúzje  ha!) Sa’n hurde wurkelikheid dat ALLES yn je raast dat hy liigt en dat it echt net wier is en it docht je sear!!

Bradley prebearret út te lizzen dat ik sels it gefecht oan gean wyls alles yn my seit dat ik it júst prebearje te sussen. Hy lit my sjen hoe ik mysels nei de soademieter help, hoe ik mysels foar de gek hâld mei âlde oertsjûgingen, wêrom ik fjochtsje, dat de rúzjes dy Bradley en ik ha troch MY yn stân holden wurde. Hy seit my dat ik my net oanpasje wol, dat ik him net akseptear sa as der is, dat ik de ferskillen tusken ús net akseptear, dat de dingen wêr ik kracht úthelje net de hiele wurkelikheid binne, dat ik net lústerje, dat de pine dy ik ha dat ik dat mysels oandoch etc etc..

En as je dan sels SA oertsjûge binne dat alles hjir boppe júst it tsjinoergestelde is dan docht dit ferekte sear en wurde je kompleet yn’e war en begjinne je oan ALLES te twifeljen! Dus ferdedigje ik my as in idioat, mar alles wat ik prebearje en alles wat ik him útlis hy begrypt it net yn myn eagen. Ik draai hielendal troch omdat ik net snap dat hy nei myn útlis net ynsjocht dat ik ECHT wol feroarje wol, dat ik echt gelyk ha, dat ik KNEITERHURD lústerje!! Want ik bin der sels ECHT fan oertsjûge dat ik lústerje.. Fan frustraasje, twifel oan mysels oan’t hielendal gek wurde yn je holle…

Warskynlik soene de measte minsken sizze yn sa’n situaasje. Wat in sek, wat in rotsak, Petra wêrom giest net by him wei do list dy toch net sa kapot meitsje? Wa seit dat hy gelyk hat??

No, dat is dus it stikje wat ik sa dreech fyn út te lizzen. Der is iets… IETS yn my wat hiiiieel stiekem fielt dat hy gelyk hat. Ik kin it allinne net sjen omdat ik dan ECHT feroarje moatte soe en dat is dea eng. Dan soe ik ALLE oertsjûgingen loslitte moatte. Alsof ik opnij opfoeden en geboren wurde moat ofsa?  Alle âlde gewoantes en dingen dy gewoan en normaal binne samar loslittE?

Ik tocht dat ik in soad feroare al, mar it binne mar skytstapkes sadat ik noch steeds yn myn feilige bubbel bliuwe kin. Je eigen oertsjûgingen, de dingen wêrfan je tinke dat dy WOL goed binne en normaal of wat dan ek. Iets yn my sjocht dat Bradley gelyk hat en ik wol leare. Ik wol leare omdat iets yn my leaut en der op fertroud dat hy de wurkelikheid sprekt. Dat is it spesjale wat ik fan ôf it begjin yn him seach.

Dus?

Tsja, dus ik fjochtsje mei mysels. Want 24/7 in spegel foarholden wurde en je it gefoel hawwe dat alles wat normaal goed wie no ynienen net mear goed is, dan wurde je gek. Je betinke hoe it dan wol moat, prebearje mar it wurket net. Ik fjochtsje en prebearje en tink dat ik feroarje en echt prebearje. As je dan wer sein wurd dat je it noch steeds net dogge, dan is der ergens in punt dat je miskien opjaan wolle. Dochs fyn ik dat hiel lestig. Ik wol net opjaan, ik doch dizze reis om te groeien en myn moaiste leven te creeëren en te feroarjen en net werom te fallen yn âlde patroanen. Mar sa no en dan kostet my net allinne de kop mar myn hiele liif en sa no en dan it lêtste stikje selsfertrouwen wat ik noch hie.

Ohja en dan net te ferjitten dat der dan ek noch in taalbarriëre is. Krammele wat ha ik sa no en dan de neiging alles út te razen yn’t Frysk omdat ik de wurden net fine kin yn’t Engels

Ik leau dat ik net folle faker mysels sa faak bij elkoar skraapt ha. Ik ha al hiel wat mominten tocht: IK KAP DER MEI! Bring my nei in fleanfjild en ik wol nei Mexico werom en NIKS. Mar opjaan sit der noch net yn. Miskien kommende dagen omdat it dan tiid is foar my dat myn visum ôfrint en ik wol werom moat.

So.. dat wie in hiele befalling…  Ik hoopje dat ik in pear minsken berikt ha dy begripe wat ik fertel. Al bin ik bang dat it te lestig is om eksakt dúdlik te meitsjen wat ik momenteel trochmeitsje.

Bradley

Ik wol wol efkes hiel dúdlik der by sizze dat ik gjin inkel kwea wurd sizze wol oer Bradley. Sa komt it miskien sa no en dan oer yn dit stik mar ik wist net hoe ik it oars útlizze koe. It is in striid mei mysels dy ik sels oan gean. Hy hâld my dy spegel foar mar dat is myn kar. Ik kin elk momint by him wei gean en as ik allinne wêze wol of wat dan ek dan makket hy dit mooglik.

 Bradley is in hiele slimme en leave jonge. Wol my helpe yn dit proces mar fynt it fansels ek pittig om te sjen as ik fertriet ha en dat ik troch it lint gean. Ik fyn it júst noch wonderbaarlik dat der sa’n alderferskuorrendst geduld hat en my meardere kearen mei in hiel soad leafde opfangt en my in nije kâns jout.

En foar de dúdlikheid, Bradley en ik binne gjin stel. Sa binne we wol starten doe we elkoar kinnen leart mar dit makke it fjochtsjen foar my allinne mar mear. We binne no gewoan by elkoar as freonen.

Werom nei ús roadtrip

Tongersdei fan Albequerque nei Las Vegas! Underweis ha we noch nei it petrofied forest national park west. Dit park is bekend om de beamstammen dy troch de tiid feroare binne yn stien! Foar de rest is it undertusken run it vriespunt! In soad bergen en woestijn om ús hinne, hjir en dêr snie mar it is moai stil en droech waar. Underweis Indiane doarpen sjoen etc etc.

Doe we oankamen yn Las Vegas wie it útsicht prachtig, wat in stêd, wat in ljochtsjes! We ferbliuwe yn it MGM hotel en kinnen sa rinnend nei allerhande casino’s. De hotels binne hjir allegear yn tema’s en binne mear in soart fan resort. Mega komplexen mei winkels, restaurants, casino en it hotel is der mar in diel fan.

Vegas

Freed hawwe we ús dei yn Las Vegas. Bradley wurd mei de dei siiker en we binne beide erg wurch omdat we 3 oeren ferskil hawwe undertusken troch al it reizigjen. Moarns dêrom allinne mar in ontbijt fan it hotel han (potjandikkie wat wie dat in djoer bakt aai en bakje thee!!)

Ik ha op’e foto west by it Las Vegas welkomsboerd en we ha troch de mainstreet riden. Dêrnei hat Bradley earst op bêd lein want dy wie echt mega siik. Ik ha undertusken yn myn uppie efkes wat Vegas besjoen. Runstrúnt yn’e casino’s en oer de strjitte strúne. Sa as Bradley al sei, wast ek betinkst, kinst it yn Vegas wol fine! Sa kaam ik telâne yn in M&M winkel! 4 etages heech en sa as in ‘douglas’ winkel rûkt nei parfum rûkte alles hjir nei sjokolade. Fansels ha ik hjir efkes in oan’t M&M skeppen west. De meast gekke kleuren en smaken wiene hjir te krijen 😀

Juns soene we nei 2 shows. De Ballagio fontein show en in lava show. We hiene net folle lok. It waaide ferekte hurd en wie stienkâld. Doe wy klearstiene foar de show, moai foaroan melden se dat de shows net troch giene. Ships, das ferekte jammer. Doe mei in Uber nei Fermont street.

No dat wie wol efkes moai en indrukwekkend! It is in grutte strjitte dy hielendal oerdekt is. Mar net oerdekt sa as yn Nederlân mei in saai dak. It dak wie ien grut televyzje skerm! Der spile in band, dj’s, live performars en de minsken fleagen ús letterlik boppe oer de kop hinne. (filmkes folgje)
In kâlde mar dochs wol leuke jun ondanks alles. Dêrnei lekker betiid koese wyls it nachtleven pas krekt begûn mar it wie foar ús wol efkes genôch west.

Fan Las Vegas nei Utah

Sneontemoarn ha ik noch efkes oan it gokken west! Ja fansels, as je yn Vegas binne moatte je dochs ek efkes gokke? En ja fansels bin ik miljonair wurden 😉 Haha

Hjoed gelokkich mar lytse 2 oeren ride en dan binne we yn Utah, Bradley syn thúsfront. Hjir earst mar deljaan. Ik doch myn bêst om de kop der foar te hâlden en as ik wer unbewust fjochtsje, it op te jaan. Want fjochtsje makket it allinne mar erger, it punt is faak dat ik earst yn sjen moat dat ik uberhaupt fjochtsje. Ik bin der noch lang net mar elk lyts stapke helpt en elke kear as ik stopje mei fjochtsjen en mysels foar de gek hâld is wer ien kear mear!

Tige tank foar dit lange ein lêzen, ik hoopje net dat jim no ôfheakje. As dit wol te yngewikkeld wie of te iepen, lit it dan foaral hearre! Ik pasje myn ferhalen graach oan oan wat jim hearre wolle.

One Comment

  • Alice

    Hahahaha ‘ik pasje myn ferhalen graach oan nei wat jim hearre wolle!’. Sorry dat ik leitsje maar wol wat tsjinstriidig mei de rest fant ferhaal. Foaral net dwan Peet, dyn verhalen bin mooi, goed en unyk sa ast se skriuwst. Knap dast sa iepen bist en ferwurdest het goed. Echt Peet. Feroarje dysels net om in oar tevreden te stellen. Ik hoop dast in manier fynst die foar DEI goed fielt. Dan komme de juste minsken, middelen en manieren wol nei dy ta. Wie dat net ek in bytsje het doel fan dyn reis? Bist goed op wei!!

    Ik sju sa folle de ‘alde’ Peet yn dit ferhaal. Hest goed manifesteert dat alles op dyn paad komt wast noadig hest (ek al is dat soms/vaak pynlik). Do komst er wol, ek mei alle hobbels yne dyk. Omarm de hobbels én al het moois dast tsjinkomst en vertrouw op dysels!! Do bist goud en dyn ûnderbúkgefoel ek. Ik fynt leuk om dy op disse manier te folgjen!

    Leafs fanút it Fryske (kalde!) Dronryp
    Alice, Cor, Wietske en Elske

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *