#blog21 Utah en werom nei Mexico
Sneon bin we fan Las Vegas nei Utah riden. No earst ús deljaan. Snein ha we ek lekker nikst. Noja Bradley hat oan’t útsiikjen west want hy is noch steeds erg siik. We ha earst wat boadskippen dien en dêrnei bin ik der efkes op út west. It mei dan wol friize mar it is hiel moai helder en sinnig waar. Nei in moai blokje om west te hawwen ha ik noch efkes in dûk yn it swimbad dien hjir yn’e buert en dêrnei ha’k my efkes fermakke yn’e keuken. Hearlik om in keuken te hawwen mei fanalles en noch wat der yn. Ik ha paleo-proof bananebôle makke en juns lekker iten. Best wol in noflike dei ondanks der yn myn kop wol fanalles troch my hinne spaant.
Ticket werom
Ik ha in ticket boekt om woansdei nei Mexico te fleanen. Ik ha der hiel lang oer sitte te twyfeljen wêr ik hinne sil en wannear. Ik ha no besletten werom te gean nei Selina yn Playa del Carmen. Bekend, feilich. Miskien wat saai om net in nij plak te untdekken mar ik ha ferlet om by te kommen. Efkes gjin nije gekkigheden mar gewoan witte wêr ik hinne gean en ik wit dat it goed is. Ik ha wer in co-work abonnement sadat ik yn Selina it hostel yn’t kantoor mei goed internet en airco oan’e slag kin. Dat hâld wol yn dat it minimaal 21 dagen bliuwe moat. Noch 2 dagen hjir yn Utah mei Bradley dus.
Zion park mei in ‘knak’ :S ..
Mandeis hat Bradley my meinaam nei Zion park. Ien fan de redenen wêrom in soad minsken nei Utah komme. In prachtig park mei bergen yn alle kleuren. It snijt en it friist dus it is wol ferekte kâld. We ride der gruttendiels trochhinne mei de auto dus it kacheltsje stiet oan. Prachtig dus.. Bradley freget as ik muoite ha mei hichtes. Nee hjer sis ik, gjin probleem. As ik it ek leuk fyn om in klif op te klauterjen? Ja fansels! No dat ha we dien, prachtig útsicht en ferekte heech!! Spitichernôch wie it geklauter der nei ta net suksesfol.
In principe hoegde we net te klimmen hjer, der is in paadsje de berg op. Je moatte wol goed útsjen wêr je rinne want der is meastal gjin railing en as’t in stapke ferkeard setst dan leist beneden en ik wit net wat der dan noch fan je oer is. We binne net fallen úteraard mar tidens ús wandeltocht gie Bradley sa ôfgriselik hurd troch syn enkel! KNAK! Ik seach it foar my gebeuren en ik fielde it troch myn hiele lichem gean. Harrekrammele.. Bradley is gjin mietje dus neidat der earst hast út’e tiid gie troch de pine hat der beslúten troch te gean mei my nei it einde. We moasten wol trochrinne want oars wie der bang dat der net mear rinne koe en dus net werom komme soe.
De reis nei de top hat der my ferteld hoe it wurket mei kuoljen en wêrom mank rinne eins hielendal net goed is. Wyls hy sa yn gie op al dy lichamelike fratsen waard IK hielendal licht yn myn holle en gie ik hast út’e tiid. Moai brak stel sa by elkoar mar we ha it helle. Werom beneden ha we by it dichstbijzijnde tankstation iis helle ( ik iis fan sjokola en Bradley iis foar syn enkel 😉 ) Weromreis ha we noch it ien en oar underweis besjoen en hy hat my in hiele soad leart oer de omgeving.
Net de ferhalen út de boeken mar út syn eigen ervaring omdat dit it gebied is wêr hy opgroeit is. Sa hat der my û.o. hiele ferhalen ferteld oer in groep minsken dy in unieke kultuer der op oanhâlde: polygamy. Yn dizze kultuer/geloof is it sa dat mannen meardere fruolju hawwe en dat se faaks ek per frou in stik as 10 bern hawwe. Hy fertelde hoe hy yn’t ferline mei syn broer meubels besoargje moast by ien fan sa’n famylje. Se kamen telâne yn in kasteel fan in hûs wêr 5 fruolju wennen mei 1 man en in stik as 54 bern by elkoar! Hast net te liuwen mar wol hiele ynteressante ferhalen. En Bradley mei graach fertelle. Soms is der oeren en oeren stil mar as der ien kear ferteld dan sjoch ik him genietsjen en dan nimt der alle tiid om te fertellen. Dit mantsje hat hiel wat meimakke yn syn libben dus genôch ferhalen om te fertellen.
Bryce canyon
Tiisdei is Bradley syn enkel ôfgriselik dik en blauw. Hy ferteld my dat der sinds syn 15e net mear sa heftig troch’t enkel gien is. Mar sa as ik al sei, dizze jonge kremeneerd net en is kneiterhurd. Echt kneiterhurd want ik hearde him ek amper oer de dagen dat der sa siik wie. Ik moat der dêrtroch wol om tinke dat ik it net ferjit want meneer set kneiterhurd troch en docht oan’e butenkant alsof der neat is.
We binne dus hjoed wol op paad west. Nei Bryce canyon. In pear oerkes riden mar dat is yn Amerika immers neat, krekt as yn Austraalje. We hawwe wer in soad fanút de auto besjoen en hjir en dêr bin ik der efkes allinne út west omdat Bradley fansels it leafst syn enkel hielendal net brûkte. Bryce ha we fan ferskillende kanten besjoen. It binne in soad fan allegear puntige bergen neist elkoar.. tûzenen! De foto’s sizze fêst mear.
Op’e weromreis woe Bradley my graach noch wat sjen litte, Kolob. Dat wie eins it moaiste fun hy. In nationaal park wêr de measten net iens fan wisten mar it falt noch steeds under Zion as ik it goed begrepen ha. Doe we dêr fannemoarn hinne soene wie it ôfslúten, mar no koene we nei binnen! Prachtig mei de sinsûndergong!
See you America, hello Mexico
Woansdei wie it dan safier foar my. 4.30 wekker moarns betiid. 2 oerkes ride nei Las Vegas ( ien oere werom yn’e tiid) doe op’t fleantúch nei Dallas (2 oeren foarút yn’e tiid) en fan Dallas nei Cancun yn Mexico (wer in oere fierder yn’e tiid). Yn cancun oankaam mei de bus nei Playa del Carmen. Yn principe is’t mar 4 oeren fleanen fan las vegas nei cancun mar alles by elkoar, de stops, tiidferskil en wachtsje is it pas 9 oere juns dat it oankom yn Playa.. Bliid dat ik werom bin, al fielt it ek wol wat núver allegear. Doe ik yncheckte by de bali yn it grutte hostel wêr no in pear 100 minsken sitte, sei in famke fan’e receptie: Hi Petra!! En se begun lyk te sykjen nei in pakketsje. Sa noflik dat se my herkende😊
Der oan lûke helpt net
Tongersdei wie in núvere dei. Ik fielde oan alles dat ik knap yn’e war wie. Der spookte en raasde safolle troch my hinne. Bliid om alle bekende dingen wer te sjen mar ek tagelyk wiene der no safolle minsken yn it hostel wat my nogal oerdondere. Ik koe myn rust net fine. Ik wist dat ik hiel wat te ferwurkjen hie en tocht lit my dêr hjoed de tiid foar nimme. Ik sunderje my hjoed efkes ôf, efkes gjin geselligheid mar efkes op mysels wêze en dan komt de ontlading fansels wol. Want ik fiel dat der in stoarm yn my om raast. In stoarm dy syn oandacht ha moat en miskien moat ik efkes flink janke en tiere om dy stoarm ta rêst te krijen.
Mar ik wol te graach. Ik wol te graach dat it der út komt, ik wol te graach efkes gûle en de spanning derút goaie. Hoe ik ek prebearje it slagget net.. Ik rin de hiele dei run as in kip zonder kop.
Oan’t ein fan’e dei realisear dat dit nergens oer giet. As it sa net wol, dan mar net. Ik beslút my net mear ôf te sonderjen moarn mar gewoan myn gong te gean en dan komt it fansels wol as it nedig is.
In keamer mei 20 bêden
Doe ik mei Syb yn Austraalje wie doe griisden we hjir fan. En ik no sels ek noch wol moat ik sizze. In keamer mei 20 bêden! Hoe kin in mins oait noch sliepe? No hie ik gjin oare keus foar de earste 5 nachten wie dit it ienige plak wat beskikber wie. No moat ik sizze dat der momenteel gjin 20 sliepe mar 15 ofsa. Ik sliep boppe op in stapelbêd en it falt my echt 100 punten mei dat it bêd net wiebelt as de persoan under my har omdraait. It ienige minne is dat der wol 14 oaren binne dy lawaai meitsje en it ljocht oan en út dogge. Ek is der gjin romte om myn spul út te stallen. Ik tel de dagen ôf en sjoch út nei myn keamer fan ôf mandei, dan ha’k wer deselde keamer as yn oktober mei 4 persoanen.
Ik mis ek myn noflike rustplakje op it dak. It dak binne se oan’t repareren dus wa wit komt dat plakje gau werom! Ik moat gewoan echt ergens in plakje ha wêryn ik my weromlûke kin. Ek mis ik de keuken wol wat. Der is in keuken hjir, mar der is eins gjin plak yn ‘e kuolkasten foar je iten, it wurd stellen of der mist gewoan fan alles út’e keuken. Sa is der mar 1 mes!! En doe ik hjoed in smoothie meitsje soe wie it hiele smoothie apparaat stellen.. En ik kin jim sizze dit soart dingen binne zwaar frustrerend foar ien dy in soad energie hellet út lekker myn eigen iten meitsje..
Ik sil sjen hoe de dei hjoed ferrint. Ik merk oan alles dat ik noch hiel drok mei alles dwaande bin yn’e kop. Wyls der hjir safolle minsken binne fiel ik my allinne. Ik bin fansels in skoftke tegearre west de lêtste wiken en wyls dat soms ek wol pittig wie fielt it no raar om allinne te wêzen.
Oare kear mear! Dizze kear mar efkes net in hiele drege blog 😉