#Blog23 Hoe faak kin je oerein krabbelje?
It is snein.. Ik trilje noch wat fan it bijkommen fan dizze wike. Jemig wat in rollercoaster is myn libben op it momint. Ôfrune wike gie it net goed mei my om alles wat der gebeurd wie yn Amerika en dêrom soe Bradley nei Mexico komme om der foar my te wêzen. Foar in kroep, in gesprek of wat ik dan ek mar nedig hie. Bliid om elkoar wer te sjen tiisdei te jun doe hy oankaam. Bradley fertelde my dat hy hjir puur en allinne foar my wie en woe dat ik him beloofde dat ik echt dwan gong wat it beste foar my is. Ek al seach ik him mar 1 oere per dei, of wat dan ek mar. Ik moast dwan wat IK woe, wat MY better makke en net foar him tinken gean.
Je soene sizze, dat is ien en al leafde en it is hiel makkelik. Mar wat hie ik it dêr dreech mei. Al wie it wol wer ynteressant om te realiseren dat ik it dus hiel dreech fyn om te fielen wat IK wol. Dat ik wer efkes kneiterhurd mei de neus op’e feiten drukt wurd dat ik noch steeds (of wer) allinne mar tinke kin fanút in oar. As der frege wurd wat ik wol, dan tinkt myn brein: wat soe hy hearre wolle? En oars dan prebearje ik iets te finen wêrfan ik tink dat we ús beide tegemoet komme. Mar dat wie net wêr Bradley om frege, it makket him gjin donder út. En dat fyn ik sa moeilik te akseptearen omdat ik my net foarstelle kin dat in mins echt hielendal gjin foarkeur hat. Dêr komt by dat ik it lestig fyn om egoïstisch te tinken om echt allinne mar te dwan wat IK wol. As ik yn myn uppie bin fyn’k dat al lestig mar hielendal as ik ek in oar mei nim yn dy keuze.
It gie dizze wike opnij wer mis. Ik run wer tsjin deselde dingen oan as foarhinne. Ik prebearje Bradley te begripen mar it slagget my net. Bradley dêr yn tsjin kiest der foar om net mear syn miening te jaan en my eins ek hast gjin ien antwurd of reaksje te jaan. It wurd der foar my dêrtroch allinne mar minder op en lestiger. Reitsje mear yn paniek, kin echt net mear kieze, lis mear en mear druk op mysels, faal gefoelens komme mear en mear op. Ik strijd elk momint en hingje tusken alles yn. Ik wol it kinne, ik wol it handelje kinne mar ik fersûp allinne mar djipper foar myn gefoel.
Wyls prebearje ik der hjir yn it hostel wat mei in pear minsken oer te praten mar Loulou bijv. is fuort. Ik hingje tusken Bradley en de freonen fan it hostel yn. Wêrom kin it net tegearre? No omdat IK der tusken sit. Ja ik bin wer sels it probleem, myn mindset. Ik bin bang dat de freonen hjir net Bradley syn type binne en myn freon fan Amerika mar frjemd fine en ik bin tagelyk bang dat Bradley myn freonen hjir ôfkeurt. Dêrtroch bin ik sa gespannen dat ik domme dingen sis en de situaasje allinne mar ungemakkeliker meitsje. Hjir binne we dus lyk nei de earste dei mei stoppe.
Der op út, goed idee! (?)
We binne in dei der op út west omdat Bradley spesjaal foar my in auto huurt hie. We moasten der fansels dan wol gebrûk fan meitsje. We binne tegearre mei 2 famkes út myn keamer nei Tulum riden. Op’e hinnereis binne we nei in cenote west, dat wie wol moai! En dêr ha’k ek noch fan’e klif sprongen.. Kolere he, it like net sa heech mar doe ik der echt stie fielde ik sokke mega angst troch myn liif fleanen! Mar ik ha it dien. Dêrnei ha we de famkes nei harren nije hostel yn Tulum brocht en wiene Bradley en ik wer tegearre. Ik wit net hoe it gebeurd eltse kear mar binnen de koartste tiid is der wer in misferstân wêrtroch we samar wer rúzje ha of elkoar de koppen wol yn slaan kinne, de spanning is om te snijden. Heal zwijgend en flippend ha we in lunch han en ha we noch in poging dien om nei it strân te gean. In pear foto’s binnen 3 minuten is it úteindelik wurden. Lang ferhaal koart: om de oarloch net noch erger te meitsjen ha we besletten om per direct werom nei Playa te riden. Op’e weromreis ha we noch in lifter mei naam, dat wie eins best wol in goed plan. We ha gesellich mei har kletst en de sfear wie wer efkes better. De rest fan de dei ha we gescheiden west leau ik.
Dúdlikheid en antwurden.. Dêr is it misgien
Sa gie it telkens, fan in nije poging om it wurkje te litten nei wer in ontploffing en ik fielde my langsemoan wer sa fier fuort sakjen. We hawwe fia app in goed gesprek han. Bradley lei út hoe hy my kinnen leart hie en hoe der my yn syn eagen feroarjen sjoen hie. Hy lei it wol hiel moai út en ik tink dat hy der hielendal gelyk hat. Ik starte expedition happinezz en alle nadruk lei op my. De baan, famylje, freonen en wenplak achter litten om no oan MY te wurkjen. Ik sette mysels op nummer 1! Doe kaam ik Bradley tsjin en ik wie lyk sa understeboven fan ús kontakt, ferbining en relaasje dat ik ynienen net mear nr 1 wie mar dat ik alles der oan die om ús relaasje wurkje te litten. Ik focht der foar omdat ik bang wie him kwyt te reitsjen. Hy neamde in pear foarbylden hoe ik hieltyd mear de âlde peet wie en de paniek, keuzestress, unsekerheid etc alles werom kaam.
In goed gesprek, in opluchting, dúdlikheid. We sjogge elkoar en bam, nei in pear wurden is it wer mis. HOE DAN? No ik sjoch no yn dat it hiel faak mis giet trochdat ik automatisch dingen ynful. Ik wit dat bradley oars is en dat hy dingen hiel oars bedoeld dat hoe it oerkomt by my. Dit komt tocht ik trochdat ik gewoan net oars went bin. In hiel soad dingen falle by my yn’t ferkearde kielsgat omdat as oare minsken soks sizze dan is dat faaks in teken dat se in stek under wetter jaan wolle. Dus fiel ik my oanfallen en reageer ik heftig of docht it my sear. Bradley bedoeld it dan bygelyks helemaal net as in stek under wetter en dat sjoch ik letter dan ek faaks wol yn mar toch is der dan yn my iets knapt.
Ik praatte juster mei in famke hjir en sy sei just dat ik it sa opfatte omdat ik sa negatief oer mysels tink en dat ik mysels no totaal net bin. Dat it komt omdat ik sa mysels kwyt bin no, dat alles no op dy manier op my ôfkomt. Ik wit it net.. Ik wit allinne wol dat fan it lytse brokkeltsje wat noch oer wie fan my dat dat noch mear ôfbrokkelt is dizze dagen. As je tinke dat je net mear kapot kinne dan kin it dochs noch mear en mear.
We meitsje plannen om der op út te gean en we cancelje it elke kear wer trochdat it wer mis giet. Ik sil net alle details hjir diele mar it is net leuk. It fret enerzjy en ik wit net mear wêr ik it sykje moat. Leit it echt allegear oan my? Bin ik it grutte probleem dy sels alle problemen makket en oanlûkt? Op sommige punten sjoch ik yn dat ik it doch. Dochs besef ik ek dat ik ek sokke mominten mei oare minsken han ha en as se my goed kinne witte se my op te fangen en as ik echt it paad bjuster bin, witte se my op te fangen en it efkes oer te nimmen. Peet, do kinst no gjin keuze meitsje, wist it net mear. Kom mei, kroep my oan en ik nim it oer. Miskien is dat opjaan, ik fertrouw de oar en jou my oer. Mar op ien of oare manier slagge dat mei Bradley net. Miskien prebearre hy it, mar de manier op hoe hy it die makke it foar my allinne mar erger sadat ik trochdraaide.
Wêrom net opjaan?
As ik werom sjoch freegje ik my ôf wêrom ik net opjun ha yn Tampa, of miskien al yn Miami doe myn hiele liif raasde om my dúdlik te meitsjen dat ik net goed bezig wie. Migraine, de stekken yn myn liif, it yn’e rêch sjitten en net mear rinne kinne.. en no in moarne letter bin’k noch 100x faker op myn bek gien. Kneiterhurd op je bek, beskadigd en fol pine wer oerein krabbelje en nogmaals prebearje. Noch hurder op je bek gean en miskien noch wol sneller omdat je net iens mear sterk en normaal rinne kinne. In SUPER kwetsbaar propke wat prebearret troch te striden want se wol sterk wêze en se wol it oankinne! Is it echte leafde, dat ik blyn bin en gewoan sa djip fan him hâld dat ik him dêrom net loslitte kin?
Ik moat it opjaan, ik hie it al 100x opjaan moatten. Ik bin hjir yn elk gefal no net klear foar.
Ik tink dat ik in pear kear wol opjun ha. Dan is der ontlading mei in hiele berg trinnen, kom ik wer oerein. En dan.. blykber mien ik dat ik it dan toch wol wer prebearje kin. Ik ha gjin idee wêrom. Iets yn Bradley lokket my hieltyd wer, ik wol fan him leare, ik wol it kinne, sa dreech kin it dochs net wêze. En wyls reitsje ik mysels mear en mear kwyt. Hielendal yn’e war en net mear witte wat no wol en net goed is.
De lêtste loodsjes it swierst..?
Sneon, de lêtste dei dat Brad hjir is. Wyls boppesteande geande is, is der toch noch striid yn my wat blyn is en noch in lêtste dei mei him wol. It giet op’e app al mis. En net in bytsje ek. Miskien komt it omdat ik alles dus as negatyf opfat en sa kwetsbaar en zwak momenteel bin mar it fielt alsof ik tot it lêtste bytsje ferknoeit wurd. Ik wol net alles hjir oer diele mar ynienen fleagen der allegear ferskillende gedachten troch my hinne. Fertriet, ferwardheid mar ek in hiel soad LILKENS!!
Sneon hat Bradley net folle fan him hearre litten, 1 berjochtsje om de pear oeren. Doe ik frege wannear ik komme koe om him faarwel te sizzen sei der dat der dat net woe. Bam, dat die sear en tagelyk lilkens.. Wêrom?? Ik realiseerde my dat ik dat wol woe, omdat ik it graach goed en positief eindigje wol. Ik kin net libje mei in rúzje of mei it gefoel dat minsken my net meie. Mar ik realiseerde my ek dat ik ALWER iets ferwachte of hoopte wat ik net krije soe. Ik ha my der mei pine by del jun. Miskien hie hy wol wer gelyk en wie it inderdaad net ferstandig.
In oare kijk..?
Dizze sneontemiddei praat ik samar mei Emilio. Hy is in jonge jonge mar hy jout meditatie en yoga hjir, is hiel spiritueel en hat my al in pear kear wat advies jûn. Hy praat net oer Bradley mar hy ferteld my oer bepaalde type minsken. Narcisten. Minsken dy der alles oan dwaan sille en it der om dogge om dy it gefoel te jaan dast mist sist. Sy hawwe altyd gelyk. Meist by dit soart minsken gjin gefoelens úterje faaks want dy gefoelens meie der net wêze. Dit soart minsken kinne dy sy blyn meitsje en hielendal yn’e macht hawwe. En sa gie der mar troch, in hiel ferhaal, soad foarbylden…
Ja mar, dat is Bradley net! Hy hâld echt fan my! Hy bedoeld it goed, hy hat echt gelyk! Hy is echt oars! Emilio bliuwt objectief en sil neat ferkeard oer bradley sizze, wol my ek net ergens oer yn prate litte. Dochs striid ik yn mysels. Fan Bradley mochten gefoelens der wêze, ik ha meardere kearen alderferskuorrendst by him útgûlt. Wêrom soe hy dan alles foar my dwan? Wêrom soe hy foar my dan nei Mexico komme? Ik wol it net liuwe… !! Wie it allegear ien grutte leugen?
Iets yn my seit: wat as.. wat as dat wol wier is? Hy hie my totaal yn syn macht. Net dat hy dat woe mar ik ha it tallitten, ha it sels dien. Ha him hjir self wer hinne komme litten. As it wol wier is, dan bin ik der finaal yn trape, mei yngien en hat der my goed te pakken naam. Ik fiel my stom dat ik net ferstandig genôch wie om dit yn te sjen, dat ik it sa fier komme litten ha! Wat stom.. Dat ik sa oan ALLES fan mysels twyfele ha. Sels as famylje en freonen seine dat it net wier wie en dat ik in skat fan in famke bin en hielendal goed bin sa as ik bin, dat ik it fêst ferkeard opfatte, ik foel se yn’e rede omdat ik der seker fan oertsjûge wie dat der echt niks mear yn my goed is, dat it allegear oan my lei en dat ik net spoar..
De druppel
Doe ik juns fia de app eindelik wer reaksje krige en myn frustraasje der op advies útgoaide (want ik kôke en trille de hiele dei fan lilkens en ferwardheid!!) sei der op in gegeven momint dat der dit net mear oan koe. Dat ik him oeral mar de skuld fan joech, as ik noch ien wurd sa as dat sei, soe der my blokke…
Ik wit net wat der doe barde, mar iets yn my feroare. It die my sear mar it makke my foaral NOCH lilker! Dat hy op dizze manier de controle ha woe.. Ik wie der klear mei. It docht sear omdat ik wer it faal gefoel ha, fertriet en lilkens en myn holle giet fan it iene nei it oare.. Ik wit it net, mar ik wit wol dat ik der klear mei bin en dat ik dit net langer wol!
Ik wit noch steeds net wat de wierheid is. Miskien komt dat yn’e tiid, miskien komt it wol hielendal net. Ik lit it earst foar wat it is en ik prebearje it in plakje te jaan. Ik jou no echt op. Ik lit him letterlik en figuerlik gean. No earst bykomme en mysels by elkoar rape.
Safolle leafde
En dan ynienen hjoed.. sjoch en ik fiel ik safolle leafde fan de minsken om my hinne. Hjir yn it hostel fan sommige minsken dy my striiden sjogge. In leaf berjochtsje fan freondinnen, immen dy in ferske mei my dielt omdat se oan my tocht (lichtje branden – Suzan & Freek). Oare freonen dy my appe, famylje wêr ik mei belje of app en de trinnen rôlje litte kin as se komme. Letter lústerje ik: You never walk alone en ik fiel dat der safolle minsken mei my mei leve, dy my alle leafde stjoere. Allinne al it feit dat jimme dizze blog lêze.. Wyls alles yn Nederlân sa drok drok drok is.. Dankjewol, foar alle leave minsken yn myn libbentsje! It binne der folle mear dy om my joue dan ik my faaks realisear.. Hjir mei ik wolris faker by stilstean…
Snein
Bradley giet hjoed fuort, ik ha him net mear sjoen. Ik fiel my leeg mar it fielt ek opluchten dat ik dizze striid no net mear hoech te striiden en dat ik it loslitte kin.
It reint hjir hiel hurd, it komt mei bakken en bakken út’e loft, miskien past dat wol by hjoed. Ik fyn’t allegear basta, it sil my in woarst wêze.. Dizze blog skriuwe en wa wit kin ik hjoed noch in kroepke score by iemand.. dat is alles wat ik hjoed nedig ha.. Ohja en jun gean ik wat nijs dwan!! Ik sis noch neat.. oare kear hearre jim hoe it wie 😉
Dankjewol..
2 Comments
Marianne Boersma
Hé Peet,ha respekt foar dy!
Mar wat makkest it dysels moeilik en dochs is it foar my sa herkenber!
Ik snap hoe as’t dy fielst
Ik fiel mei dy mei,it is net makkelik.
Hjir by in digitale knuffel!
Hâld fol,bist in topper en do komst der wol,hâld moed!
Sukses!
admin
Leaf Marianne!! In hiele dikke knuffel werom en ik stjoer dy in hiele bult leafde en ljocht !