Reisavonturen - Mexico II

#Blog25 positieve energie en mysels wer mear útfûgelje

Samar alwer in wike om, de tiid fljocht. Ik fielde my eindelik nei snein better! Bliid dat der no rust komt. Ik fiel my in hiel stik frijer no Bradley wer fuort is. Ik moat myn eigen paadsje wer wat fine.

Meditaasje

De earste dagen fan’e wike wiene hiel best! Ik fielde myself wer de goeie kant op gean. Genoot elke moarn fan’e meditaasje dy ik mei Emilio doch. Hy leart my nije dingen. Hiel bysûnder en ynteressant en sa no en dan ek lestig. Sa no en dan fiel ik fanalles en sa no en dan fiel ik niks. Emilio syn meditearen is folle mear rjochten op ademheljen, en foaral hieltyd nei ús tredde each sjen. De chakra tusken ús wenkbrauwen op ús foarholle. Dit is de poarte om kontakt te krijen mei God bygelyks.

As ik myn eigen manieren/tactieken fan meditearen doch dan lis ik faaks op bêd. Dan hoech ik my net drok te meitsjen om hoe myn liif fielt. As myn rêch wurch is of dat myn fuorten net yn sliep falle. Dus ek hjir ha we it in soad oer han. Want by dit meditearen sitte we faaks lange skoften rjocht op mei de fuorten yn’e ‘indianesit’. Alle houdingen hawwe allegear bysûndere nammen mar dêr sil ik jim mar net mei lestig falle.

Healt en positieve energie

Ik leau dat it tiisdei wie doe Emilio nei de meditaasje sei: Petra, you are healt. Hy seach it en hy fielde it. En ik fielde it ek. Ik fielde allinne mar rêst en bliidheid yn my. In big smile op’e kop en hiel dankber dat ik my wer sa goed fiel! It moaie is dat je blykber dan ek hiel wat oars útstrale en oare minsken fiele dat ek. Wyls ik sels net it idee hie dat ik oars wie oan’e bútenkant. Ik krige hjoed 2 kear te hearren fan minsken dy ik derfoar noch net koe dat ik sa’n positieve energie hie. Dat docht in minsk dochs allinne mar mear groeien?

Woansdei krige ik de fraach fan in jonge dy ik hjir al in skofke koe yn it hostel as ik ek nei Cozumel komme woe. It aailân flak neist Playa del Carmen. We kinne hjir sa op’e ferry stappe en yn 45 minuten bist der. Hy wie der al in pear dagen, hie in hotel boekt yn’e natoer en hie in auto huurt. Ik koe sa komme en mei him it aailân besjen. Ik ha flink twifele en stribbele moat ik sizze. Want ik sie krekt lekker yn myn fel hjir en woe dat ritme eins net kwytreitsje. Dochs doe Emilio sei, nee jong as soks op je paad komt seist JA en giest mei de flow. Noja dat wie myn antwurd.. Ik ha tongersdei te moarnbetiid noch in meditaasje dien mei Emilio en bin doe yn’e streamende rein nei de ferry draaft sadat ik de earste ferry pakke koe.

(It spielde inderdaad, it reint hjir de hiele tiid al sinds ik hjir bin mar gelokkich ha we ek sinne tuskentroch. It is sa no en dan wat irritant omdat je lyk sijktroch binne mar foar de rest fyn’k it net sa hiel erg. It is net lyk stoarmig sa as yn NL.)

It punt op dit momint wie dat it op’e oceaan no wol hurd waaide en de golven wiene frij heech. Dat soarge derfoar dat ik seesiik waard. En net in bytsje ek! Ik koe it gelokkich folhâlde sunder nei de wc te draven underweis mar ohh wat wie ik bliid doe ik eindelik fan dy boat ôf koe! Ik ha in poging dien om de boel der út te goaien mar dat slagge net spitich genôch. Ik ha my de hiele dei sa enorm bleehh en gammel fielt dat ik amper iten ha en de gedachte oan’e ferry allinne al makke my wer opnij misselik.

Buten it feit om dat it reinde, it wie hielendal bewolkt en it aailân dêrom ek lang net sa moai, ha we (Isaac en ik) der it bêste fan makke. Ik ha genoten fan ‘e natoer, de stilte op it aailân en de tún fan’t hotel. De oare deis wie it waar better! We hiene allinne wat gesodemieter mei it hieren fan in auto. We hiene in buggy besteld mar dy hiene se al oan in oar ferhiert. Doe in cabrio mar doe dy der eindelik in healoere letter wie kamen der ynienen 3 a 4 mantsjes sich der mei te bemoeien. De iene moast jild foar dit, de oare foar dat en de lêtste hie wer in oare smoes wêrom as hy foar dizze speciale auto toch wat ekstra ha moast. Isaac waard kompleet ôfsetten, dus we ha it mar annuleert. Dit is dus ek wol wer typisch Mexico. Nei noch wat dingen prebearje te regeljen wiene we undertusken hast 2 oeren fierder en hiene noch neat. We ha de plannen mar wyzige omdat de dei no wol hiel hurd foarby fleach. In taxi boekt nei de tichstbijzijnde beachclub. Dan wie ik tichtby de ferry as ik werom moast en hiene we noch wat oan’e dei.

Sa moai dat it stress oplevert…?

In prachtig aailân, dat is it seker. Ik ha genoten, ik ha in soad om my hinne sjoen en genoten fan’e sinne en fan it sicht. Dochs is der altyd wat núvers mei my mei soksoarte dingen. Op ien of oare manier is der wat ûnrestichs yn my. Ik ha dat yn Fryslân ek as ik búten sit en genietsje fan iets moais. Ik tink dat it in gefoel is dat je bang binne dat je dit moaie ferlieze, dat it mar foar efkes is en dat de druk dêrom SA heech leit dat ik der mear fan genietsje wol dan mooglik is. Ik ha der soms súver hast stress fan en it ferprutst súver it moaie momint. Je wolle it sa graach fêstlizze en binne te bang it te ferliezen. Sa folle mooglik foto’s meitsje mar de foto’s binne net SA moai as wat ik mei myn eigen eagen sjoch, frustrerend. Bin ik de ienige dy dat sa hat? Sa bang om iets te ferliezen en bang dat je net genôch genietsje yn it no? Ik wol it fêsthâlde en yn in doaske stopje! As ik dan ris in minne dei ha, wol ik it doaske iepenje en weromgean nei dit plak of dat momint… Miskien bin ik wat núver..

Bliid om wer ‘thús’ te wêzen..

Tsja, it wie prachtig! En dochs bin ik wer bliid dat it 5 oere is en ik werom kin nei Playa del Carmen nei myn thúsplak. Wyls ik my no realiseer dat Playa del Carmen hiel unrêstich is en Cozumel folle mear natoer hat. Mar Cozumel makket my ek ûnrêstich omdat ik te graach genietsje wol fan alles. Stom is dat toch? Je wolle moaie dingen sjen mar oan’e oare kant lit my mar op in saai plak wêze dan hoech ik net alles te besjen en kin ik my deljaan.

Tsja.. Deljaan, dêr ha’k noch steeds sa’n behoefte oan.. En wyls ik dat de hiele moarne hjir dwan soe ha ‘k it idee dat ik dat no pas echt dwan gean.. de lêtste wike hjir alwer..

De striid fan tsjinoergestelde dingen wolle

Dy striid fan tsjin oer gestelde dingen ha wolle ha ik wol faker. Gjin idee as oaren dit ek hawwe mar ik wol. Ik wol rêst mar sykje ek eltse kear de útdaging wer op. En mei mear dingen hjir. Ik struggelje namentlik momenteel erg mei allinne wêze en minsken om my hinne. Ik fiel oan alles dat ik gewoan in einzelganger bin. Ik fiel my gewoan it bêst en bin mysels it meast as ik gewoan lekker allinne bin. Warskynlik omdat ik my dan net oanpasje oan oaren. Ik WIT wol dat ik dat oars ek net dwan moat mar it giet sa automatysk!

Ik ferlies mysels elke kear wer en it kostet my gewoan safolle enerzjy om in skoft by oaren te wêzen. Miskien allinne by famylje of hiele goeie freonen yn de kombinaasje mei dat ik my hiel goed fiel op dat momint. Dan kin ik my pas echt deljan wyls ik by oaren bin.

De oare kant fan my wol júst graach ergens by hearre. Want ik bin jaloers as ik hjir safolle groepen sjoch ûntstean. Minsken dy mei elkoar dingen dogge en freonen wurde, mei elkoar út iten, mei elkoar nije plannen meitsje etc etc. Ik wol dat ek! Mar toch dus ek wer net! Wat in striid yn mysels. Ik wol allinne wêze mar ik wol ek ergens by hearre. Ik wol dat minsken my leafhawwe, dat se my meifreegje en my der by ha wolle. Mar blykber straal ik út dat ik graach allinne wêze wol want dat wol ik. Ik striid dus mei mysels. Ik wol allinne wêze mar ik ferwachtsje fan oaren dat se my meifreegje. Dat is dochs raar? Ik wol gewoan graach fiele dat minsken my meie, wêrom ha ik dat sa sterk?

De ûnsekere Peet yn my..

Ik ha der ien ferklaring foar.. miskien is dat genôch mar miskien is der ek mear wat der achter sit. As jim it witte, lit it my witte ik wol it graach ûntdekke sadat ik it brûke kin. De ienige ferklaring dy ik der foar ha is dat ik net genôch fan mysels hâld. Ik kin mysels net de foldoening jaan, ik kin mysels net genôch oertsjûge dat ik goed bin sa ik bin. Dat ik leuk, leaf, moai en spesjaal bin. Ik sit it hieltyd faker tsjin mysels mar ik fiel it net altyd. Miskien omdat ik myn leven lang altyd it tsjinoergestelde fielt ha.

It is makkeliker om yn dy slachtofferrol te sitten. Makkeliker mar net fijner. Makliker want dan kin je oaren de skuld jaan en ferantwurdlik meitsje foar je gefoel. Oaren noadigje my net út, oaren ha my net nedig, oaren litte my net fiele dat se fan my hâlde of om my joue. As ik echt leuk wie dan hiene se my wol frege, as ik echt goed wie sa as ik bin dan hiene minsken my faker opsocht. As ik echt leuk wie om mei op stap te gean dan hiene oaren my wol mei frege. Dan hiene se baalt as ik sein hie dat ik eins wurch bin ofsa.. Dan hiene se my smeekt om mei te gean omdat it sa leuk is om my der by te hawwen. As ik sa’n leuke meid wie dan hie ik wol freondinnen han doe ik jong wie. Dan wiene myn maten net allinne maten dy eins op mear út wiene. As ik sa’n goeie juf wie dan  hie ik net 8 jier wachtsje hoeven foar in fêst kontrakt. En sa kin ik noch wol efkes trochgean.

Jierren lang ha ik hjir mei striiden. As slachtoffer fjochtsjend om earne by te hearren. De hiele wike iederien hifkje en sykje om mei immen op stap te gean en puntsje by pealtsje soms allinne gean of mar net mear. Oaren hast forcere om my mei te nimmen op stap. Genôch reden om te betinken wat myn ego bevestigd dat ik dus inderdaad net goed genôch bin. Net leuk, ynteressant, grappig of moai genôch. Maklik om oaren de skuld te jaan. Maklik om alles op’e bútenwrâld te skowen. Dan kin je yn’e slachtofferrol bliuwe en it ôfhinkelik litte fan oaren.

Take your responsibility

Gelokkich ha ik sa’n oardeljier lyn it ljocht sjoen om út dizze slachtofferrol te stappen. Myn eigen ferantwurdelikheid te pakken. Lit dyn humeur en hoe asto oer dysels tinkst net bepale troch oaren. Net troch wat se dogge of sizze en net troch wat se net sizze en wast heare wollen hiest. It is de keunst om dysels te learen om fan dysels te hâlden. Echt fan jesels hâlde, jesels aksepteare sa je binne mei al je leuke en minder leuke kanten. Nimmen is perfekt en elkenien is unyk.

As je echt fan jesels hâlde dan aksepteare je dat je sa no en dan fouten meitsje. Ek lieuw ik dat as je echt fan jeself hâlde litte je je net út it fjild slaan as in oar wat negatiefs seit of je sitte lit. Dan sko je net alles op jesels. Bin je leaver foar jesels. Ha je folle minder fan oaren nedig te hearren hoe leuk of hoe goed je binne. Dan is in kompliment of in goed gefoel wat in oar je jout iets EKSTRA’s en bin je der net afhankelik fan..  Ik bin hjir al in hiel ein mei op wei. Sa no en dan bin ik hjir fet goed yn, en fiel ik wer hoe goed it is fan jesels te hâlden. Ik ha dan it gefoel dat ik mei in big smile rin. Oaren dy my sa laitsjen sjogge yn myn uppie sille miskien tinke dat ik in binnenpretje ha.

En sa no en dan bin ik it efkes kwyt. Troch dingen dy der gebeure, dingen dy sterker binne dan hoe sterk myn hâlden fan mysels is. Want ik ha myn eagen iepen dien mar it fan mysels hâlden is noch kwetsbaar. As der dingen barde wurde we út balans helle, of soms hielendal fan ús sokkel ôf stjitten. Ut balans troch in opmerking ofsa en fan ús sokkel troch in negatieve gebeurtenis.

Mar dan kin’k mysels faaks wer herpakke nei in skofke. En no, nei wat de ôfrune moarne bard is, merk ik dat it fielt alsof ik sa hurd fan myn sokkel of skopt bin dat ik in hiel ein fuort rôle bin. It moat efkes fier weikomme. Hiel erg kwetsber as in zijden draadje bin ik der sa no en dan wer. Mar it zijden draadje moat earst touw wurde. Stiel en dernei in planke of gewoan in sterke muorre.. Ik kom der wol wer, mar it hat tiid nedig en leafde foar mysels! Leafde en fertrouwen!

In lytse opdracht

Foar degenen dy dit lêze en sich herkenne, ha ik in lytse mar powerfolle opdracht. Pak in pen en papier. In notitieboekje, dagboek of iets dergeliks. Miskien helpt it om in positief musykje op te setten. Sonderje dy efkes ôf en begjin gewoan te skriuwen, alles op te neammen wêrom asto in leuk persoan bist. Wêrom bisto leuk, wat is der moai oan dy en wat makket dy unyk? Skriuw sa folle mooglik op en fiel it, wês dankber foar alle moaie dingen dy ast WOL hast, hoe bysûnder ast bist en ast lekker op dreef bist silst sjen dat der fanalles komt. Fiel dy foar dit momint mar efkes lekker eigenwiis, dat mei! It jout in kick om ús sels efkes goed op’e kaart te setten en ús wer efkes te realiseren hoe goed of leuk asto eins bist! YESS!!

As dat net sa maklik wol à

As’t dy hiel negatief of min fielst begjin dan mei wat selfspot. Ek al bist ûnhandig, it soarget foar moaie ferhalen! De earste kear dat ik it die kaam de negatieve stem hiel hurd nei foaren en raasde yn my dat dit echt in domme opdracht wie, dat ik echt net sa eigenwiis wêze moast, dat ik net bysûnder wie en foaral: ‘it helpt toch niks!’

Mar echt wier, lit dy stem fiele dat dyn hert sterker is! Gean hjir dwars trochhinne en begjin gewoan iets doms op te skriuwen. It hie immers folle erger kinnen! Soms helpt it om efkes te betinken hoe mâl it ek kinnen hie. Ik bin dankber dat ik net ferslaafd bin oan drugs, ik kin best wolris aardig wêze, ik ha nei skoalle west, ik bin gjin 200 kilo etc etc. Laitsje om de dingen hoe hearlik gek of dom ast soms wêze kinst. Gewoan trochgean, en sa ik al sei kin in musykje faaks hiel goed helpe. Nimmen hoegt it te lêzen dus skamje dy der net foar. We moatte júst ris wat faker sjen hoe geweldig leuk, leaf, machtig, moai, STERK, sexy, slim of grappig we binne!

Hjir slút ik hjoed mar mei ôf!

Namasté

Mysels sneon efkes ferwenne mei 2 mega grutte American pancakes omdat ik in ‘rot-dei’ hie 😉 Ik plofte hast!

4 Comments

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *