Blog26 Folle moarne mei in soad krêft dy de boel efkes flink skodzje lit?
Moandei en tiisdei foarbereide op’e online workshop dy ik woansdei jaan sil. De lêtste fan’e reeks fan 3 wer ik yn oktober mei begûn bin. Troch dat alles sa mâl run ôfrune tiid is dat der hielendal by bleaun. It waar is wyls kompleet niks, it reint, reint en reint.. wyls meitsje ik plannen om myn ferbliuw hjir noch wat te ferlengen omdat ik my hjir hiel noflik fiel. Ik ha in leuke roommate: Sienna fan Hawai. In leuke en leave meid en trouwens ek in pracht famke om te sjen. Wyls meditear ik elke moarn eins mei Emilio en dat docht my goed. Al moat ik wol sizze dat ik mandei en tiisdei my wat minder goed concentreare koe en net sa djip gie..
Miskien ha’k wat oanfielen kommen. Woansdei wie it folle moarne en blykber wie dit dis kear ien mei heftigere krachten dan foarhinne. It gie de dagen derfoar al mâl yn it hostel. Ien fan de 3 blokken hie al sinds sneon gjin stroom en wetter. Dochs lieten se de minsken der gewoan yn sitte. Hieltyd mear minsken waarden lilk want it duorre en duorre mar. Doe krigen se ynienen 6 oere juns in mail dat se per direct fuort moasten.
Fansels koe nimmen sa snel in oar plak fine dus de measten makken plannen om de oare deis fuort te gean want wêr moat je sa hurd samar hinne? Je hawwe dochs boekt, it hostel kaam yn elk gefal net mei oplossingen! Doe de measten al slipten 23.30 waarden se út harren keamer kloppe en moasten se per direct alles pakke en wegweze.. Der wiene in pear plakjes yn de 20-bed dorm en oaren waarden ergens oars dumpt. Der hawwe sels in pear út need yn it kantoor slipt. It wie net mear feilig seine se.
Fansels wie elkenien lilk, sa gean je dochs net mei je gasten om? De hiele sfeer wie bedoarn en der hong in frjemd gefoel yn’e loft. Ik hie eindelik wat freonskippen mei in pear fan dit groepke makke dus ik wie der ek wol efkes ôf doe sy ynienen de oare deis allegear fertrokken.
Ik hie gelokkich Peter en Guusje noch.. Mar ek dy fielden de energie yn it hostel. Samar de oare moarnsbetiid seine se dat se per direct fuort soene nei de oare kant fan Mexico. No dit dondere wol efkes flink yn. Potjandikkie, sy wiene myn matties dy noch oer wiene! Ik soe self noch mei peter op paad nei oare stêden hjir yn’e buert. Ynienen fielde ik my efkes hiel allinne oerbleaun. Elkenien fertrok en mei elkoar en ik.. ik wie bliid dat ik yn it goeie blok siet en yn elk gefal bliuwe koe mar fieldy my wol wat ‘oerbleaun’ en ferlitten..
Woansdei de dei fan de folle moarne..
No foar ik dat úberhaupt bykaam wie fan it feit dat fannemoarn myn lêtste maten fuort wiene, waard ik noch mear op’e proef stelt. Ik hie 1 oere middeis de online workshop, en fansels wie ik dêr wol wer wat gespannen foar. 12.30 kom ik in famke fan’e resepsje tsjin: “Petra, we are looking for you! You had to check out at 11!” Huh?? Nee jong, ik bliuw noch in heale wike, ik gean hjoed net fuort.. No ik koe prate wat ik woe mar it stie yn har systeem. Ik moast hjoed en eins in oardel oere lyn al fertrokken wêze! Ik stie perplex!! WHAT?? Se donderje my dr samar út? Ik ha no in workshop! En ik kin net fuort, wêr moat ik hinne? Dit klopt net, sjoch ik ha it swart op wyt dat ik boekt ha tot snein!!
Ik bin de workshop mar yn gien en earst dat ôfronden. Nei de workshop gie ik nei myn keamer en fertelde it oan Sienna, sy stie ek perplex.. Wêr moat ik hinne?? In oare keamer hiene se net..
De jun hjirfoar wie ik yn myn uppie op stap west nei in bar mei live muzyk. Dêr hie ik 2 jongens kinnen leart dy hjir sinds 2 moarne in eigen hûs ha. Se stjoerden my tafallich krekt in foto fan it moaie útsicht fan harren rooftop. Ik wie der efkes net foar yn’e mood en fertelde harren wat der oan’e hân wie. Gelyk kaam it antwurd werom, meist hjir wol komme! Super fansels.. mar ik fun it fansels wol efkes in dingetje. Ik koe dizze jongens mar in pear oeren. Dochs hie’k it gefoel dat it goeie jonges wiene en ik ha it oanbod mar oannaam. Ik wie sa yn’e war dat ik net iens normaal neitinke koe.
Doe kamen der 2 minsken fan’e resepsje, ik moast RAP myn spul pakke!! Ik hie 10 minuten! Want de skjinmaksters stiene te wachtsjen en oer 10 minuten wie it 3 oere en dan mocht de nije persoan dy myn bêd ynnimme soe, de keamer yn. What? 10 minutes? Ik ha myn hiele hebben en houden útstald! It kosset my minstens in oere om dit fatsoenlik yn te pakken! Mar mear as 10 minuten krige ik net.. Ik wie oerdondere. Se wiene altyd sa leaf en freonlik en ik fielde my hjir altyd sa thús en no dit samar? In hiel oar gesicht ynienen fan harren.. SKeinheilig laitsjen bliuwe en regels wiene regels… No ien ding wie seker, regels wiene belangriker dan minsken. Dat wie wol dúdlik dizze wike!!
Sienna hat my wat holpen om alles yn myn tas te stampen. Want ynpakke fatsoenlik dêr wie gjin tiid foar. Wyls ik lilk wie en ferdrietig tagelyk runen de trinnen my oer de wangen wyls ik ynpakte. Sa teleursteld, myn fijne plakje. Wêrom moast alles sa oer de kop goait wurde? Ik ha in tas mei it noadige foar 1 nacht meinaam en de rest yn Selina achterlitten yn de bagaazjeromte.
It strân is net altyd like moai.. bulten seewier! Flinters binne altyd prachtig !
Tongersdei
Momenteel ferbliuwe ik dus by Fernando en Arturito. In prachtig plak, das ien ding wat seker is. It is allinne in healoere rinnen nei Selina. In appartement op’e top fan in nije gebouw mei in prive rooftop mei swimbad en alles nij en lux.
Tongersdei wie in chaos dei. Wachtsje, regelje en niks fierder komme. Uteindelik in taksje regele om mei de hiele ratteplan te ferhuzjen. Oan it ein fan de dei ha’k mar in goeie massaazje naam, dy koe ik wol brûke!!
Ik sil sjen hoe ik it no fierder dwan gean mei de meditaasjes fan Emilio. Dat is eins noch de ienige reden wêrom ik wol graach noch werom nei Selina sa no en dan.
In hiele bysundere meditaasje/ healing
Freedtemoarn ha ik nei Selina run en hie Emilio 20 minuten om mei my te meditearen. We moasten rap want normaal is it altyd in oere. Hy soe no in dagje fuort en oer 20 minutes stiene syn maten klear.
We begunnen de meditaasje wat unrustig mar nei in skofke sei Emilio dat ik lizzen bliuwe moast, my relaxe en de hannen omheech. Ik wit net wat der dêrnei allegear barde mar it wie bysûnder. Bysûnder, magisch, en fierder hast net te omskriuwen. Ik tink dat Emilio iets fielde of trochkrige. Hy liet de tiid de tiid en hat minstens in healoere myn hannen fêstholden, bidden en wit ik wat allegear. Ik ha it op my ynwurkje litten. It ienige wat ik hoegde te dwaan wie my concentreare op de chakra yn myn foarholle. Krekt as wat we altyd dogge tidens it meditearen mei him. Ik sil him noch freegje wat der precies allegear gebeurde of wat hy fielde. Mar ien ding wit ik wol.. Ik wie en bin kalm no.
Taco mei bargehûd
Tsja kalm bin ik, mar hiel lekker fiel ik my net sa yn myn liif. Ik ha juster op advies in taco han mei bargehûd. Dat seach dr gewoan út as gehakt fleis mar it wie iets spesjaals fan Mexico seine de jongens dus ik moast it mar efkes priuwe. No it wie best lekker hjer en ik wie ferekte hongerig dus ik ha der 2 iten.. No dêr hie ‘k fannemoarn wat spyt fan.. Ik ah al meardere kearen hiel hurd nei de wc west en hoopt dat nimmen de badkeamer yn komme soe nei my! Hahaha.. Noja, ik bin kalm troch Emilio fannemoarn dus ik meitsje my der net te drok om. Alles komt wol wer goed.. En alles gebeurd mei in reden! Sjoch no op wat foar moai plak ik no telâne kaam bin!
Update donatiejild 32e jierdei
Ik woe efkes foar mysels op in rijtsje hawwe hoefolle der oer is fan it donaasje jild. Omdat ik der oernei sit te tinken om Emilio wat te jaan. Hy sil wer nei skoalle en hat it que finansiën absoluut net breed. Doe ik it tsjekte seach ik ta myn grutte skrik dat de website dy ik brûkt ha, in hiele soad jild ôfpakt! Net normaal, hast wol 100 euro! Noja der wie noch 430 euro oer.
Al it lytsjild wat ik as wisseljild krij giet eins altyd nei de minsken oan’e kant fan’e dyk. It moaie hjir yn Playa del Carmen fyn ik dat de earme minsken wol harren best dogge om wat te dwaan foar de sinten. Se binne hiel kreatyf troch dingen te knutseljen fan kraaltsjes of fan blêden út’e natoer of se sjonge Mexicaanse ferskes oan’e kant fan’e strjitte.
Koarte nachten en koarte dagen..
Ik ha in machtig plak hjir by Fernando en Arturo. It appartement is super lux en ik bin frij om te gean en te stean wêr ik wol. It ienige min puntsje is dat myn nachten net sa best binne. It komt der op del dat de jongens (wyls se de 40 krekt foarby binne) eltse jun op stap gean. Ik ha de earste jun thús bleaun mar folle sin hie it net sa want doe se thúskamen wiene se nogal lûd en koe ik alsnog net mear sliepe. As se dus ien kear thúskomme dan begjint faaks de afterparty. Musyk lûd oan troch alle boxen troch it hûs, drank derby en it zwembad yn op’t dak. Hiel gesellich hjer, dêr net fan! Mar nei 1 nachtsje stappen fyn ik it wol prima en nei 2 of 3 bierkes fyn’k it ek wol prima.. Mar dizze kerels hâlde folle langer fol! Geregeld tot 6 oere!
Noja as je dan al net sa’n hiele bêste slieper binne en gau wekker wurde fan alles dan kin je wol riede hoe myn nachten binne.. Ik ha it idee dat ik de hiele nacht wekker bleaun bin mar tuskentroch fal ik fansels wol efkes yn sliep. Moarns koes ik no iets langer út as yn it hostel (oer as 8 of 9) mar ik mei graach de dei meipikke dus folle langer wol ik net lizze.
Soms gean ik moarns betiid de doar út mar soms bin ik gewoan mûsstil oan’t se wekker wurde en dat kin gerust begjin middei pas wêze! Noja, dat it dan de deal dat ik hjir ferbliuwe mei. Ik ha it der fannemoarn efkes fan naam troch de dei te begjinnen troch yn’t zwembad te chillen 😊 mei it útsicht oer it strân.. wat in leven!
It is no sneontejun, ik ha hjoed eindelik myn VLOG fan New Orleans ôfmakke en ha beslúten dat ik de jongens jun allinne op stap gean lit. Ik gean aanst gau koesen en hoop dat ik yn elk gefal foardat se werom binne al in heale nacht draait ha! Ik sil moarnier 8 oere mei Emilio in meditaasje dwaan dus ik sil 7.15 dy kant op rinne moatte 😉.. Dan is it noch de fraach hoefolle minsken hjir fannacht koese haha.. De heren hiene namentlik 2 leuke dames troffen fannemiddei en se ferwachten dat se de dames mei nei hûs nimme soene.. noja ik bin by harren te gast dus ik ha it mar te akseptearen leau ik haha.. we sille sjen, in aventoer is it yn elk gefal wol!
Inspirerend..
Neist it feit dat Fernando en Arturo fan útgean hâlde, binne se beide bysundere gasten. Bysûnder inspirerend. Arturo is hiel direkt, iepen en earlik. Se hawwe it noadige mei elkoar mei makke en dêrtroch maten foar it leven. Echt, se gean foar elkoar troch it fjoer en aksepteare elkoar 100% wyls se beide hiel ferskillend binne. It is moai om te sjen. Arturo inspireart my bygelyks trochdat hy echt lekker himsels is. Hy dûnset oeral wêr der mar wol en sjongt en docht lekker gek. Ja wêrom net? Wêrom hâlde wy ús sa faak yn? Want ik tink dat in hiel soad minsken wolris sokke mominten hat dat je je ynhâlde wyls je eins wol wat je efkes lekker gean wolle litten hiene..
Dêrneist ha ik geregeld djipgeande, serieuze en direkte gesprekken mei de jongens. Ien ding is my al hiel dúdlik wurden. Ja, ik wist it wol hearder, heus wol. Mar soms moat je der wer efkes oan herinnere wurde en ynsjen HOE belangryk it eins is. Wat foar ferskil it meitsje kin. En Arturo docht dat no by my. Hy aksepteard himsels 200%. Dat slagge fansels net samar, hy is in soad freonen kwytrekke en ek famylje leden. Mar dat seit miskien mear oer dy freonen en famylje leden. Hy is no puur en echt himsels en docht him net oars foar. Net prebearje in oar te pleasen of je oars foar te dwaan. Hielendal los fan wat iederien ‘normaal’ fynt. Gewoan echt himsels, en as in oar dat net oanstiet dan giet dygene mar, dan is’t net syn freon.. Hjir kin ik noch hiele hiele grutte stappen mei meitsje! Ik seach lyk in foarbyld fan juster doe ik hast flipte omdat ik focht mei mysels.. En doe realisearde ik, wêrom focht ik mei mysels? Omdat ik my net fielde sa as ik woe, omdat ik net reagearde sa as ik wêze woe. Ik akseptearde mysels dus net sa as ik bin… Dussss daar wordt aan gewerkt!!
Noflik wykein fierder noch!
One Comment
Tjikke
New Orleans, de stêd fan Fats Domino!
( Blueberry Hill)