Reisavonturen - Mexico II

#blog27 In lêtste domper en foaral in hiele soad leafde en ljocht!!!

Sa bliid dat ik de foarige blog eindige mei it feit dat ik my te plak fielde by de jongens en wer wat tot rust kaam. Doe sneintemoarn krige ik in appke fan Arturo. Hy hie hope dat der my treffe soe mar ik wie al nei de meditaasje moarns betiid foar hy wekker wie. Syn freondin soe hjoed werom komme, en hy fielde oan dat sy der net ok mei wêze soe dat ik dêr wêze soe. Dêr kaam by dat Fernando justerjun in famke oan’e haak slein hie dy no warskynlik ek wolris hjir komme kinne. Oftewel, der wie gjin plak mear foar my. Noja der wie wol in bêd oer, mar hy woe gjin gesoademieter mei syn freondinne hawwe.

Ik wie fansels mei stomheid slein, dizze hie ik NET oansjen kommen.. Earst wie der de earste skrik en emoasjes dy boppe kamen dat ik WER ergens der útkickt wurde soe, dat minsken my wer net woene.

Mar op ien of oare manier fielde ik my sterk en ik fielde oan alles dat Arturo it hiel ferfelend fun. Dit wie it lêtste wat der woe neidat der wist ik allegear krekt meimakke hie. Ik fielde oan alles dat dit oprjocht wie, en dat makke dat ik my goed en sterk fielde. Arturo hat in hiel skoft mei my praten, super leaf wat der my allegear noch sa graach mei jaan woe! Ik fielde in hiele soad leafde en dat joech my kracht. Hy woe graach in hotelnacht foar my boeke en my dêr bringe sadat ik dan efkes genietsje koe en alle tiid hie om te sjen wêr ik dêrnei hinne soe. Super leaf en ik ha it yn dank oannaam.

De omslach

Middeis ha ik nei de merke west, machtig wat in leuke merke. Krekt as eartiids doe de actions and de alibaba.com der noch net wie. Machtig leuke koopjes en leuke dingen! Sûnder pardon fun ik samar 4 leuke dingen dy ik al in skoft socht en hjir net ferwachte hie mar hiel dankber foar bin! Hjirnei lekker genoten fan myn privacy!! Wat kin in mins dan dankber wêze! Myn eigen plakje, in mini balkontsje en wc en douche foar mysels! En as klapper wie der ek noch in swimbad op’t dak fan it hotel! Wêr ik sels (ja sa stiekum earlik bin ik haha) yn in gekke bui moarnsbetiid doe der nimmen wie toppless yn swommen ha! HAHAHA… ik hie sa’n dikke wille mei mysels en ik tocht skijt! Ik fiel my frij! Haha.. nimmen hat my sjoen fansels mar it wie wol efkes in kick momintsje omdat ik út myn comfortzone gie en oars altyd in fierstente preutse dame bin.

In noflik plak!

Heit, mem en de rest fan’e famylje binne momenteel mei elkoar op fakânsje nei Portugal. Doe heit en mem hearden dat ik wer fan’t iene nei it oare plak sleept waard woene se graach dat ik ek wat in fakânsje gefoel hie krekt as harren. Se boden my dêrom oan in hoteltsje te boeken op harren kosten. Ik ha om my hinne sjoen en fun in goedkeap hotel mar op in prachtige lokaasje en ha it mei in hiele hiele soad dank oannaam. Ik ha ek goeie beslúten naam oer wat ik noch wol en dwaan sil kommende tiid tot ik nei Puerto Escondido flean.

Grutsk dat ik hieltyd better keuzes meitsje kin! It jout rust! Want elke minuut langer dat ik noch gjin keuze makke ha kostet onbewust sa folle enerzjy!! Safolle ferspilde enerzjy! Ik sil dizze taktiek faker tapasje want it helpt! Wa wit sil ik der noch in apart artikel/blog oer skriuwe.

No sit ik dus gelokkich de lêtste wike yn in hotel, de tiid tot ik fuort gean. Ik ha Velladolid skipt omdat der momenteel efkes tefolle gebeurde. Ek in wike nei Holbox ha ik feroare nei ien deitrip. It joech my rust dat ik net alles út hoegde te fûgeljen. Gjin angst dat ik dingen mis. Gjin gesleur mei al myn tassen! Want no ik mysels tot 3 kear ta yn ien wike ferpleatse moast realisearde ik my dat ik echt mega mega fierstente folle spul mei sleep!! Net normaal! Der moat dus foar ik yn’t fleantúch gean hiel wat fuort goait wurde.

It bêd yn it hotel is ferskrikkelik, der sitte mear fearen yn dan kessen of stof en hjir en dêr stekt der hast in izeren fear út. Ek is it redelik lawaaierig en de wifi is net best yn myn keamer.. Mar wit jim.. It kin my gjin reet skele. Want de rust dy dit creeert is safolle sterker. Ik sliep hiel best ondanks de herrie en it minne bêd! Ik geniet elk momint dat ik myn eigen plak ha, dat ik myn eigen gong gean kin en my net oan hoech te pasjen oan oaren. Ik hoech net sachtsjes te dwan as ik betiid der út gean, ik hoech gjin douche en wc te dielen. Net op teanen en yn’t donker thús te kommen as ik werom kom juns let. HEARLIK!!!

Isla Holbox!

Ik bin dankber en fiel my gelokkich!

Ja echt, it is in machtig moaie wike eins! Ik krabbelje net omheech mar ik spring mei meters de hichte yn sa gelokkich, dankber en sterk fiel ik my! Ik ha moaie gesprekken mei Fahad, Alex, Emilio, Sienna, noch in Arturo en James. Allegear minsken dy ynienen allegear op myn paad komme. MOaie gesprekken, prachtige gesprekken. Sa no en dan ha ik it gefoel dat ik sweef as der sokke moaie gesprekken ynienen ta stân komme.

Dan fielt it alsof God my wat fertelle wol en it fia harren trochjout oan my. Minsken dy my fertelle en yn sjen litte hoe moai mins ik bin. Ik begjin it sels ek te sjen! Ik fiel my gelokkich, ik bin dankber foar alles, ik rin mei in big smile oer strjitte en prebearje oeral wat bliidskip achter te litten. Ik ha moaie meditaasje mominten mei Emilio. Ferdjipje mysels wer yn wat ik dwan wol om myn sinten yn’e takomst te fertsjinjen. Ik krij wer nije plannen, machtige ideeën en sjoch yn dat ik heus folle mear kin dan ik mysels leaue lit.

Ik set stappen, sykje kontakten en brainstoarmje der op los. Samar komme dan allegear dingen op je paad! Ik sit yn’e flow, ik gean it goeie paad want dan giet alles sa moai en makkelik!

In freondin freget om mei my samen te wurkjen op it gebied fan sûne voeding! Ik krij de oanbieding om as testpersoan in nije kursus te folgjen dy exact bezit wat ik nedig ha!  Wat in gelok! Wat in mazzel! Sa komt ynienen alles wer goed en noch better en moaier dan ik tocht hie! Ik meditear in soad, bid in soad en bin dankber! Ik ha sinds tiiden mei in freondinne thús belle dy heechzwanger is en it fielt sa goed! Ik bin wer op ierde en bin lekker bezig!

Ik ha sin om nei myn oare plak oare wike woansdei mar oan’e kant fyn ik it ek spannend. Ik sit hjir no sa hearlik yn’e goeie flow mei de goeie minsken om my hinne en dan gean ik fuort!

Deitrip nei Holbox

Freed  ha ik in hiele dei underweis west nei Holbox. Prachtig!!! Paradijs, dat sil ik jim fertelle!! Ik tink dat ik oer dizze dei trip efkes in apart vlogje meitsjen gean, super moai! En it eindige hielendal spesjaal haha. De tourguide wie wat oan’t grappen en fernaam dat ik wat sykjende wie omdat ik de trip allinne die. Ik frege elke kear oare minsken om foto’s te meitsjen omdat ik net allinne mar selfies woe. En doe we in pear oeren frij mochten op’t aailân naam Arturo (dit is dus in oare Arturo!) my mei op’e golfkar! Hy joech my in pilske en liet my moaie plakjes sjen en we eindigden yn in swimbad op’e rooftop fan in restaurant wat hy tafallich koe. Hy fun it machtig om my wat spesjale oandacht te jaan want hy seach hoe ik der fan genoot. Omdat hy no ek sa’n moaie dei han hie woe der my juns mei út iten nimme. Ik ha der wol efkes oernei tocht mar doe ik nei in skofke murk en hearde fan oaren dat der dit oare kearen echt net die tocht ik . Wêrom net, ik doch him in mega plezier en mysels ek! We hawwe hearlik iten by de Italiaan wêr hy foar hy tourguide wie 5 jier manager west hat. Wat in dagje!

In spesjale sneontemoarn

Ik ha sa’n beste wike dat ik ynienen elke moarn te draven gean, wat oefeningen doch en ek noch efkes yinyoga. In hearlik ritueel. Doe ik sneontemoarn betiid te draven gie (omdat ik sinds 4.30 al wekker wie) tocht ik healwei it draven, lit my nei it strân gean en de sinsopgong sjen en dêrnei wer fierder drave! Oan’t no ta wie it altyd bewolkt as ik de sinsopgong sjen woe. Mar no net! Ik kaam oan op’t strân en ik seach dat ik te let wie. De sinne wie al in eintsje boppe.

Mar.. Ja mar.. wat der doe gebeurde yn it oere of oardel oere dêrnei is hast net te omskriuwen. Der fleach in gefoel troch my hinne. Ik seach hoe prachtig de sinne wie, de loft en it wetter. Ik die de skuon út want it wetter rôp my! Ik soe mei de inkels yn’t wetter stean en nei de moaie sinne sjen. Mar it wetter naam my mei. Myn klean wiene kletstroch wiet binnen no-time mar it die my neat. It gefoel wat troch my hinne gie wat sa wûnderlik.

Ik fielde God, ik fielde dat ik my oerjaan koe. Ik fielde leafde, in hiele soad leafde, ik seach en fielde de pracht fan alles. Der fleach safolle troch my hinne.. Safolle dankbere dingen, safolle pracht, leafde en kracht… It wie alsof ik alles oerjaan mocht. Ik lake en gûlde tagelyk, ik bidde en tagelyk moast ik sjen dat ik mysels steande hold yn it wetter. It wie geweldig. Ik fielde dat ik my nergens mear drok om hoegde te meitsjen, dat ik my oerjoech en in hiele hiele berg leafde en fertrouwen fielde.

Ik wist ynienen dat it goed wie, dat ik soargen, twifels, angst en jaloezie loslitte mocht. Alles is goed sa it is. God hat in plan foar my en dêr fertrou ik op, wat dat dan ek wêze mei.

Ik ha dêrnei noch in skoft op it strân sitten. Wyls oare minsken om my hinne runen, sels jeugd sette muzyk op en hiene dikke wille omdat se de nacht trochsetten hiene. It koe my allegear niks skele, ik fielde gjin ergernis, gjin skaamte. Ik fielde allinne mar in hiele bult leafde en fertrouwen. Sels doe efkes letter it gefoel yn ien klap fuort wie omdat myn ego om’e hoeke kaam. Hy prebeare my hiel hurd te fertellen dat dit dikke bullshit wie en nergens op sloech etc etc.. Mar sels doe wie ik sterk genôch om yn te sjen dat dit puur ego en angst wie. Ik ha dizze angst kanten yn mysels mei alle leafde ûntfongen. Se mochten dêr wêze, ik wit dat ik nea allinne bin en der altyd Ien by my is en op my passet. Ek al gean ik aanst nei de oare kant fan Mexico 😉

Amen… Of net dan..  😊 Ik bin bliid, gelokkich en fiel my segene!! Dankje dankje dankje!! Wat in dankberheid!!

Ik hâld fan jim!!

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *