Reisavonturen - Mexico II

#blog28 lêtste bysûndere dagen Playa

Wow, wat wie de foarige blog moai. Fansels woe ik dit geweldige gefoel fielen BLIUWE of wer opnij. Mar sa wurket dat fansels net. Hoe hurder je oan iets lûke hoe hurder it de oare kant op lûkt. Wyls lei der in druk op my dat ik noch mar in pear dagen hie! Ik wist sa no en dan fan gekkigheid net wat ik dwaan moast omdat ik safolle woe en dêrtroch oeren hielendal niks die en myn tiid ferprutste. Núver sitte we soms yn elkoar. Omdat ik gjin keuze meitsje koe wat ik no it ALLERLEAFSTE woe op dat momint sloech ik fêst en sadra ik oan ien ding begjinne soe feroare ik wer nei it folgjende en úteindlik ha je neat fan alles. Mar klear gelokkich ha ik achternei de lêtste dagen yn Playa best wol bysûnder makke.

Mei Emilio noch snel 2 tellen enerzjy fan’e sinne ûntfange foardat ik yn’e taxi stap nei it fleanfjild

Emilio jierdei!

Snein wie Emilio jierdei! Dat moasten we fansels fiere. Emilio is in hiele wiize jonge wyls der noch mar 23 jier hjoed wurden is. Dochs freegje ik him hast dageliks om advies, hy is gewoan in hiele bysûndere jonge.

Ik hie mei James (in oare maat fan him) ôfpraten dat we as ferrassing moarns by de meditaasje wêze soene en de rooftop yn Selina dan fersiere soene mei slingers en balonnen. Ik soarge foar de fersiering en de kearskes en James foar in taart! Hy hie in moaie grutte Oreo-taart kocht, machtig!

Emilio hie eins 2 dagen hearder syn grutste cadeau al krigen. Syn mem en broerke kamen namelik as ferrassing fanút Mexico city! Hy wie totaal oerdondere en it wie fansels in super ferrassing! It wie hiel moai om syn mem en broerke kinnen te learen! Se wie bliid om te sjen dat har soan goeie freonen om him hinne hie en dat der goed te plak is. Ik ha har ek ferteld hoefolle Emilio foar my betekend, dat har soan hiel wat goeds teweeg bringt! (sels doe we ôfskie namen sei se dat ik altyd wolkom wie om by harren te ferbliuwen yn Mexico city en dat se graach op’e hichte bliuwe woe)

Nei de meditaasje, slingers en ballonnen binne we yn’e binnentún fan Selina sitten gien om de kearskes op de taart te setten, fik der yn, winsk dwaan en  lekker smulle fansels! Undertusken wie it personiel it der net sa mei iens. Ik wit net wat it is, mar neffens my hawwe se gewoan de pik yn op minsken dy bliid binne, leafde diele en it nei harren sin hawwe. We hiene betelle foar de meditatie dus dan binne we wolkom in principe mar it waard Emilio al dúdlik makke dat we eins net fan’e taart genietsje mochten hjir. Doe we hast fuort soene om ontbijt kamen syn mem en broerke der ek by en doe moasten we hielendal ophoepelje. Noja, dan mar! Ik bin undertusken hielendal klear mei Selina yn Playa! Emilio sei noch, it soe my net ferbaze dat se my aanst ûntslaan.

It wie undertusken 1 oere middeis en we wiene eindelik klear foar it ontbijt. In hiele ploeg want der binne hiel wat minsken dy fan Emilio hâlde. Hy is gewoan in ljocht yn’e tsjusternis en hat leafde foar elkenien. Ik ha in soad mei syn mem praten, wat in leave frou en ek syn broerke hat him neffens my best fermakke. Dy moast earst efkes de kat út’e beam sjen want hy is in puber fan 17 jier sa’t Emilio sei 😉 Mar we ha hearlik iten, wille  han en moaie gesprekken!

Hjirnei moast ik wol efkes behoorlik bykomme. Drokte, minsken fan alle kanten en nije minsken kinnen leare. It kosset my in hiel soad enerzjy. Foaral de drokte, it sitten yn it midden fan in restaurant mei lawaai fan alle kanten is foar my fataal sinds ik de hersenskudding han ha. Emilio begreep it best. Ik moast efkes tiid foar mysels. Gewoan efkes allinne mysels en wat ha ik dêr fan genoten!

Mexicaanse merke

Ik bin middeis noch efkes nei de Mexicaanse sneinmerke west. Hjir wie ik foarige wike ek en ik woe der sa graach wat langer fan genietsje. Gewoan lekker strúne en de sfear fan echte Mexicaanse locals fiele. Hiel leuk, je kinne it sa gek net betinke en it is te keap op dizze merke. It iene kraamke is hiel netsjes, de oare smyt alle klean op in bult op’e strjitte en dan sneupe minsken dêr yn om..

Juns binne we wer mei in ploegje út iten west om Emilio syn jierdei noch moai ôf te slúten. We ha iten by it Indian restaurant. En wyls ik it hiel dúdlik frege hie foarôf en se my beloofden dat wat ik besteld hie absoluut net pittig wêze soe, baarnde ik my de snút en wie der net folle oan foar my qua iten. Ik ha letter noch mar efkes 2 taco’s iten en in bierke mei Alex om de boel te blussen. Mar gesellig wie it wol wer!

Moandei en tiisdei, de lêtste 2 dagen! Pfff.. Ik gean de see missen, it tichtby wêzen, de sfear en de maten.. Ik ha dêrom noch efkes flink op’t strân lein om by te kleurjen, swemme en genoten fan myn hotel 😉 Sa no en dan efkes mei Fahad (myn buorman yn’t hotel) by kletst en middeis wie ik earst wer wat de wei kwyt. Sa graach fanalles wolle en dan net mear witte wêr te begjinnen.

Mar op de ien of oare manier hie ik sokiets fan.. POE, ik meitsje myn eigen feesje moandei te middei. Ik gean net op oaren wachtsjen of lit it net fan oaren ôfhingje. Ik moat efkes de sinnen fersette, ha ferlet fan in bierke en muzyk. Ik wol dûnsje en út myn dak gean!

No ha ik net dûnse dizze middei mar wol in bysûndere middei beleefd. Want as je ien kear yn dy goeie flow sitte dan komt der gewoan fanalles op je ôf. Samar siet ik yn in kroeg wêr ik oars net samar nei binnen doarde te stappen. Gewoan yn myn uppie in mini cocktail han en doe hop nei de folgjende!

Fan de iene nei de oare, al it moaie komt op je paad

Ik hearde in band soundchecken en frege wannear se spyljen giene, dit wie myn kâns, muzyk!! Noch in healoere seine se, no dat is prima, ik fermeitsje my wol oan’t dan! Ik ha efkes neitocht en woe mysels graach trakteare op myn nije favoriete ijsje hjir. It is in simpel ijsje mar it hat ‘pokk’ sjokolade en is net sa dreech as in magnum. Wyls ik de winkel útrun, it ijsje iepen makke mei in big smile stiene 2 mannen dy oer de strjitte rûnnen my oan te staren. Se seagen my genietsjen fan allinne al it sjen nei it ijsje en stopten gelyk, sy woene ek datselde ijsje! Hahaha, wat in wille. 2 folwassen mannen en my, as lytse bern sa gek op in ijsje mei sjokola 😉 Sa hiene we samar in moai gesprek en dikke wille. Ien fan de mannen wie no al in pear moarne hjir yn Playa en fertelde oer syn spirituele ferhaal. Wat der die, hoe der tocht oer de wrâld etc etc. Myn earen klapperden, safolle gemeen en sa bysûnder wer dat je yn’e flow dit soart minsken treffe.

Kris fertelde oer spirituele dûnsen, yoga etc etc. We baalden beide dat ik harren no pas kinnen learde mar hy fertelde ek dat it plak wêr ik hinne gean soe hiel bysûnder wie en dat hy wol kontakten hie. Wa wit sjoch ik Kris werom as ik earne oars bin of wannear ik miskien werom kom.

In crunchie choco ijsje helle by 7-eleven mei Kris en syn maat

Op nei de kroeg

Nei dit ijsje wie it undertusken tiid foar de band dy al spile. Ek al sieten der amper minsken en wie ik allinne, ik hie in goed sin en fol fertrouwen socht ik in plakje en bestelde in bierke. Skijt, dat woe ik fiele. Skijt oan wat oaren tinke en ik woe prebearje my net yn te hâlden as ik dûnsje woe. Noja dûnse ha ik net. Mar binnen 5 minuten noadigden 3 kerels dy flakby my sieten my út om by harren te sitten. Wêrom ek net, go with the flow! No dat ha’k dien. We ha wat kletst en wyls murk ik dat ien fan de jonges wat in oar type wie dan ik yn earste ynstansje ferwachte hie.

Stel jim efkes 3 kerels foar dy selfverzekerd binne, grutte kerels en sterke kerels. Ald militairen wiene se. Fan dy jongens dy altyd samar fruolju oan’e haak slaan, net benaud binne en seker oer harren sels. Ik ferwachte net echt in djipgeand of goed gesprek mei harren earlik sein. Se woene my wakker mear drank oansmare en dat soarte dingen, gewoan lol ha en net te dreech.

Dochs kaam ik mei ien fan’e jongens yn gesprek doe ik fertelde oer wêrom ik reizige. Dizze jonge (Al) bleek dochs wat mear djipgong te hawwen en neamde dingen dy ik ek herkende. Hoe je sjogge nei it libben. Ynteressant sa fluch mar de jongens giene wer fierder, se diene namelik in kroegetocht! Ik krige it nummer fan Al en hy soe my witte litte wêr de folgjende kroeg wie as ik harren folgje woe. Ik mocht fansels gelyk wol mei mar dizze dame slacht har bier net achteroer en ek net de oare drank dy ik fan harren krigen hie. It wie gesellig mar ik woe graach de kop der by hâlde.

Hjirnei ha’k in pear oerkes allinne rûnstrúnt. De wask ophelle, iten han en omklaait. Doe fansels wer twyfelje. Wat sil ik dwaan, dizze jongens wer opsykje of in oare maat? It is dochs eins wat ûnnoazel om myn ien nei lêtste jun te besteden oan minsken dy ik hielendal net kin. Ik hie beslúten dat ik gewoan nei de beachclub gean soe wêr de jonges sieten, want dat wie flak neist myn hotel. As it dan neat wie en ik hie der tefolle fan ferwachte soe ik alsnog mei de oare freon ôfprate.

Noja, ik sil it prebearje no wat koarter te hâlden want ik merk dat ik fierstente folle yn detail gean en it te lang duorret 😉

Ik bin yn’e beachclub bleaun. Mei 2 fan de jonges, in oare freon fan harren en de freondinne fan ien fan ‘e jonges. Sy bleek achterôf miljonair te wêzen en sûnder dat ik it wist ha ik hiel moai advies fan har krigen. Se fertelde my dat ik dr ris oernei tinke moast oer om in copywriter te wurden. Se sei asto skriuwe kinst en do skriuwst oer dyn passie dan kinst dêr wol jild mei fertsjinje. Fansels helle ik mysels wer ûnderút troch allegear mitsen en maren mar oan’e oare kant tocht ik. Ik ha neat te ferliezen! Ik kin it dochs prebearje? It soe machtig wêze as ik mei myn ferhalen jild fertsjinje kin en oaren ynspireare kin. Dizze blogs skriuwe kostet best in soad tiid en ik fertsjinje der gjin klap oan haha..

De oare kant..

Ik ha dizze jun murken dat dizze minsken net allinne mar bier dronken. Yn myn eachhoeken seach ik mear foarby kommen. De maat fan harren woe wat drugs. Ik seach it gebeuren en wie eins wat teleursteld. Nee, toch hé. Ik sjoch in soad yn myn reis en ik wit dat ik soms wat te naiëf bin. Feilich opfoeden yn Fryslân en net folle went. Net folle yn’e sin fan drugs, misbrûk of oare minne dingen. Ik ha undertusken al hiel faak meimakke dat minsken my oansjogge fan: serieus? Do bist echt sa braaf en ûnbekend mei dit? Ja, dat bin ik. Ik realisear my mear en mear dat de wrâld hiel faak net sa leaf, moai en earlik is as wat ik hoopje of ferwachtsje.

Ien fraach iepenet eagen…

In skofke letter bin ik mei dit ploegje dochs op paad west. We soene noch efkes wat drinke yn it hûs fan de freondinne. Ik wie wat hongerig dus mei Al ha ik noch efkes in taco han en wy soene letter dy kant op rinne. Fan ôf no krige de jun ynienen in hiele oare wending. Wyls ik wachte op’e taco fertelde ik Al oer myn erfaring mei minsken, de vibe fan ferskillende minsken. Hoe sommigen sa blyn wiene of allinne mei harren sels dwaande wiene. Ik fertelde dit omdat ik dit juster hie mei in oare jonge, hy lústere net nei my mar woe foaral syn eigen ferhaal fertelle. Ik ha doe mar gewoan lústere en ha in lústerjend ear west.

Troch dit gesprek seach ik dat it Al  oan it tinken sette. En net in bytsje ek.. Hy seach ynienen yn hoe hy sels soms wêze koe.. der begûn wat te radderjen yn syn holle… Wyls we werom rûnen stelde ik him noch in iepen en earlike fraach. Ik frege him wêrom hy ôfstân fan my naam al dy tiid. Ik koe namentlik net sa goed ynskatte hoe hy oer my tocht of wat der fan my fûn. Net dat ik gelyk út wie om him te fersieren mar ik woe gewoan dúdlikheid want ik krige nogal ferskillende ideeën. Al naam ôfstân as we praten, hy run hieltyd iets achterút as ik tichterby kaam. Dat wie foar my in sein dat ik te tichtby kom en dat der net ynteresearre is yn my. Oan’e oare kant sei der oare dingen. Hy wie behelpsum en sei dat as der wat wêze soe yn Puerto Escondido dat der sa op ’t  fleantúch stappe soe en nei my takomme. Dan fielde ik dat der om my joech en dat der wat op my pasje woe. Wie it allinne om freonlik en in gentleman te wêzen? Ik wie yn’e war en frege it dêrom mar gewoan op’e man ôf. Hy stie perplex. Dit hie noch nea hearder immen tsjin him sein mar it makke in hiel soad los yn him. ‘life-changing’ litte we mar sizze. Hy realisearde wat der al dy jierren dien hie en nimmen hearder sein tsjin him hoe hy oerkomme koe op in oar.

In stik beskerming om net te ticht yn syn hert te kommen mar ek in stik fatsoenlikheid om my net op te dringen. En wyls joech der my dus precies it tsjinoer gestelde gefoel. Hy wie sa oerdondere en wie my sa untsettend dankber dat ik him dit ynsjen litten hie! Hy wie echt understeboven fan dit, want doe we by syn maten weromkamen sei der: Jongens kom hjir, ik ha no iets sa spesjaals, dit famke hat it my sein en ik iepenje eindelik myn eagen, it is life changing foar my!

Yn myn eagen hie ik net hiel folle geks sein, mar ik wie iepen en earlik west en ha him holpen it te oertinken en it der mei him oer han. Oef… no bin ik wer fierstente lang fan stof.. dat komt tink ik omdat ik it goed útlizze wol en it foar my hiel bysûnder wie wat der barde… En dit wie noch mar it begjin. Miskien moat ik de rest net allegear yn details fertelle mar gewoan hoe enorm bysûnder.

Dit is wat my krêft jout en my gelokkich makket!

Ik ha immens eagen iepene, en hy is my bysûnder dankber. De oare deis soe’k him wer sjen, en dan nuchter. Sûnder drank en drugs.. Dochs waard ik earst teleursteld.. De angst by him wie te grut om it te fergriemen. Hy stjoerde my moarns dat der net ôfprate woe omdat de kater nei drugs en drank te heftig wie en hy skamme him om my sa te moetsjen. Ik wie lilk earst en teleursteld, en dat mocht fan him. Hy begreep it hielendal. Ik wit net wat it wie.. mar der wie iets wat ik fielde dat ik noch net klear wie mei dizze jonge… Iets yn my fielde dat ik in siedsje plante hie yn him wat syn eagen iepene hie mar dat it noch net genôch wie. Hy wie noch te benaud om ECHT de feroaring oan te gean mar hy woe!

Ik ha praten as brugman, as psychiater en alle leafde en geduld der yn stutsen. Ik fielde gewoan dat dizze jonge my nedig hie. Ik woe SA graach him helpe en it him ynsjen litte. Ik wist hoe it fielde om te stopjen troch angst, mar ik wit undertusken ek hoe je út dy sirkel stappe! Om it roer om te goaien, fol fertrouwen! Mar elkenien hat dêr immen foar nedig om je dy skop under de kont te jaan, om je it fertrouwen te jaan en je mei te nimmen. Om je te dragen as it ware. En ik fielde dat dizze jonge sa fier wie. Dat der hiel graach woe, mar te bang en te benaud. Lang ferhaal koart.. Ik ha it foar elkoar krigen!!

Dy krêft dy ik fielde dat ik dit dwaan moast en dat ik fielde dat it my slagjen gie, dat moast fan boppe komme. Ik wol graach it ljocht wêze foar oaren en harren helpe nei it selde gefoel wat ik no erfaar. Dat der folle mear mooglik is, dat we feroarje kinne en in lokkich leven creeëre kinne, dat we angsten oerwinne kinne en dat we sterker binne dan we faaks tinke. As we der mar klear foar binne en iepen stean, ja foaral iepen stean foar dy feroaring. Want it is spannend om út dy sirkel te stappen. Dea eng om it oars te dwan as hoe je altyd went binne. Mar it is it wurrig!!

Want dizze jonge hat definityf beslúten om de feroaring oan te gean. Hy hat myn leafde en ljocht fielt en wol dat ek. Hy hat beslúten definityf te stopjen mei drugs. Hy hat hjoed syn earste Spaanse les, wol út de gekte fan Playa del Carmen wei en mear de rust en ljocht opsykje. Wat geweldig!! Ik ha al meardere super leafe bedank berjochtsjes han fan him. Ik ha him ek sein dat ik it him allinne mar sjen litten ha en dat HY degene wie dy der iepen foar stiet en de beslissing nimt, super knap!! Dit is ien fan de berjochtsjes dy der my stjoerde..

“So this is just a late night slightly tipsy message which I thought you’d like to know, there was a big gang of us out tonight to see Paul and his family off tonight and as normal unfortunately there was drugs floating about amongst the group, I told them all before I was never touching it again, and I didn’t which I very happy about because I knew it was right, and ultimately it was you, this young girl from Netherlands I met very briefly who happened to just change my life, you and everyone else might not believe me and I don’t care, the most the important thing is I do and will stick to it until everyone I know will realise this school teacher on her own journey has actually got through to this guy (me), who is very head strong and been a alpha male in a very alpha male environment, it’s actually really funny but very prevalent, one day everyone will go who the hell was this girl, it’s a bit like a angel coming down and touching a guy who has a bit of the devil in him and shown him the light, I’ve never been religious but maybe there is  something in it!

I suppose what I’m trying to say to you, is you’ve had a massive affect on me and without really knowing it!

The drugs thing is a very small piece, just having spent 2 days if that has made me see how a girl on her own no real ego (even if you think you have) you haven’t btw, can have such a affect on ego character like me, you are so very strong and you don’t even realise it, I’ve had hundreds of hardened soldiers worship the ground I walk on, all bullshit, your the real deal and if I had the power I’d transport and introduce you to all of them and make them spend a day with you and realise what goodness and life is all about.

Simple message always remember how very special you are.”

No, dêr bin je dochs efkes stil fan?

en dat die my fansels wol hiel geweldig fielen!! Ik sweefde fansels, sa ûntsettend dankber dat ik dit dwaan mocht.. Dit is wat ik wol, dit is wat ik dwaan wol, dit makket my gelokkich en jout my enorme kracht! Ik wol oaren helpe en harren it ljocht sjen litte!!

One Comment

Leave a Reply

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *