Reisavonturen - Barra de Navidad

#blog31

Ik sil myn bêst dwan dizze blog wat koarter te hâlden 😉 Safolle denderends is der net bard. Ik ha noch in soad oan it struggeljen west dizze wike. Ups en downs.. Wannear ik miende dat ik mysels werom hie dondere ik lyk wer del mar ek fielde ik wer wat rust en positiviteit werom kommen. En dizze blog eindigt mei iets hiel spannends foar mysels! Iets wat ik dea eng fyn, út myn comfortzone mar ek super bliid dat ik de stap naam ha en no der foar gean!

Ontbijtsje en Spaans leare op it dakterras fan it hostel!

Tiisdei ha ik mei Nayeli en Beatriz cocodrillos sjoen! Gewoan hjir oan’e râne fan it doarp yn it bosk is in lagoon wêr wylde krokodillen sitte. Ik wit no foartaan wêr ik NET hinne gean te draven en ek wêr ik wol gewoan gean kin 😉. Fierder ha ik de flog makke oer it off-road aventoer mei Reagan en ha we juns mei elkoar gesellig iten yn it hostel! Wat fijn en gesellig wie dat. Al moat ik wol sizze dat ik net hiel folle fan de gesprekken oan tafel meikrigen ha. Ik wie de ienige dat momint dy ’t net Spaans praat. Ek ha ik in hiel leaf spraak berjochtsjes krigen fan in âld klasgenoatsje fan froeger. It wie efkes precies wat in soad dúdlik makke foar my op dat momint. Sy hat har ek hiel faak depressief fielt en hat noch steeds wolris ups en downs en wit dêrom precies hoe it fielt en hoe sa’n striid wêze kin. Ek wer in moaie tool om der op sa’n momint út te kommen.

Woansdei begun myn dei mei in hiele bysûndere meditatie. Ik wie efkes op youtube oan’t rûnstrúnen. Ik kaam doe by in soart fan dominee dy eins mear in hiel ferhaal hold yn pleats fan in meditaasje mar it kaam behoorlik binnen. Safolle krachtige en leafdefolle wurden. Dat God ús precies makke hat sa hy ús bedoeld hat. Dat hy oanfult wêr yn wy ûntbrekke en dat we fertrouwe meie dat Hy in plan mei ús hat en Hy alles op ús paad komme lit wat wy dêrfoar nedig ha.

Foar de rest hjoed kalm oan, wat omhongen om prebearje de innerlike striid de romte te jaan. Ohja en lekker lasagne makke! Mmmmm 😊

Tongersdei ha ik middeis mei in maat ôfpraten dy ik foarige wike ûntmoete hie yn Mazunte. We ha in gesellige middei han, mar poe wat gebeurd der dochs wat yn my. Ik krige in oerke foar we ôfpraten hiene migraine. Gelokkich lyk medicynen ynnaam en hoopje dat it sakje soe. Mar op ien of oare manier starte de migraine opnij en opnije, wol 4 of 5 kear yn dy middei!

Ik seach de helte fan’e tiid neat! Doe we op’t strân wiene en hy my advisearde efkes mei de kop under it flink kâlde wetter te gean holp dat wol! Ik fielde dêrnei safolle wurgens. Alles wat der gebeurd deze wiken is blykber wat tefolle. Wie dit dan it einde, dat soe moai wêze! Ik ha earlik oanjun dat ik gewoan mentaal en lichamelik kapot wie, sa wurch! Hy hie alle begrip gelokkich mar hiel gesellich wie ik net. Ik hie achternei better sizze kinnen, ik kap it ôf en ik gean nei hûs. Mar ik tocht dat as ik kalm oan die, it wol efkes folhâlde koe en jun lekker deljan. Hy hie oardel oere reizige om mei my ôf te praten dus ik fun it ek wol wat om it dan sa gau ôf te kappen.

Dat wie dochs blykber tefolle frege… Doe we op’e weromreis noch wat ite soene wie de live muzikant, it kiezen fan in gerjocht en de drokte om my hinne my tefolle.. Fan binnen flipte ik, te fier gien en ik koe wol janke. Ik fielde gewoan dat it mis wie. Oan’e butenkant sjogge je of merke je net hiel folle en seker net as ik mei immen bin wêr ik my net thús fiel. Hie ik by famylje west dan hie ik miskien oan’e butenkant wol flipt en de boel der út goait mar dat koe no net.

Tagelyk LILK en balend fan mysels dat ik net better nei myn lichem lústere hie. Doe ik juns eindelik thús kaam en lyk op bêd plofte fielde ik oan alles wol dat ik te fier gien wie om my del te jaan. Ik wit net wat it dan is mar dan is der in rollercoaster of oarloch yn my geande. Ik kin it net in plakje jaan en miskien is it it bêst te fergelykjen mei in lyts berntsje dy gûlt en net stil te krijen is en net sliepe kin omdat der gewoan TE wurch is! No dat wie no it gefal.. Ik ha werkelik ALLES prebearre mar mear as 3 oerkes sliep ha’k net han dy nacht.



Freed wurch fansels, kalm oan en eins neat fan mysels ferwachte nei in dei sa as juster. Ik ha wol efkes iets dien wêr ik samar sin yn hie. Ik ha mei Fahad belle. Yn it Engels, wat ik spannend fun. Eins wol frjemd want ik praat no de hiele dei Engels mar fia telefoan fyn’k it dochs oars. Ik ha ek wer in soad Spaans leard en ideeën opskreaun foar in meditaasje projekt. En in opdracht dien fan de online cursus dy ik folgje by Wonderlijk Werken. Middeis efkes genoten op it strân.


Sneon Moarns Spaans leard en wat dinkjes regelt mar it is is sneon dus ik woe der ek efkes út. Notitieboekje mei en op in terraske oan it strân samar hiele moaie ideeën op skreaun. Efkes in oerke op it strân lein en fan in famke leard hoe ik better mei de heftige golven omgean kin. Ik soe noch efkes nei in moaie merke, mar doe ik kaam giene de earste kraamkes al ticht. Dochs noch ergens in hapke iten oan’e tafel by in âldere frou dy wyls de bearnen selectearde. In moai gesprek, se woe myn nummer ha sadat se my wer ris wat fertelle koe. Foar myn Spaans is it ek wol goed om soksoat gesprekjes te hawwen. Al is it noch hiel pittig en moat ik geregeld translate dr by ha om it te fertalen.  

Juns foar it earst op stap mei steph en syn maat. It is pittig om wat leuke plakjes te sykjen want it is net mega grut hjir en de measte jeugd giet allegear nei de techno feesjes. No dêr hoech je my net te finen!

Snein Kalm oan, wer efkes Spaans leard en de ideeën efkes los litten. Doe samar op’e hinnereis nei it strân krige ik de ideeën yn’e kollektivo! Gau opskriuwe en letter útwurkje. Yes ik ha wer moaie ideeën en plannen en moarn sil ik it útwurkje en it wurklikheid meitsje. Super spannend en eng mar as ik it nea dochs dan bliuwe it ideeën! Dus skop under je kont!  Middeis in hearlike sûne lunch han en noch efkes boadskippen dien. Poe.. ik moat earlik sizze dat ik allinne nei de supermerke gie foar lekker ijsjes. Mar spitich genôch  kin ik hjir yn Puerto Escondido en Barra de navidad net sa myn ijsje-draai fine. Ik kin sa genietsje fan in lekker ijsje yn’e hitte. In ijsje mei ‘pok’ sjokolade! It knapperige effect fan sjokolade.

Ik miende lêtsten dat ik in ‘snicker-ijsje’ fun hie. It wie dan wol net it ‘pok’ effekt mar wol sjokolade! Mar doe ik fol bliidheid in hap nimme soe bruts ik myn tosken der hast yn! Dit wie hielendal gjin ijsje! Gewoan in befêzen snicker!! En warskynlik oan’e taaiheid ek noch ien dy al jierren yn dy friezer lei! Pff.. In pear kear hearder hie’k ek al sa’n sukses. Ik ha mysels in pear kear ferwent op in magnum. Mar op ien of oare manier wurde dy net sa foarsichtig besoargje dus as je it pûdsje iepenje donderje de grutste stikkken sjokolade (wêr it my júst om giet!) allegear op’e grûn.. grrrr

Mandei, fannemoarn hast 4 oeren sitten en der tsjin oan sitte te skiten. Ik sil no eindelik myn ideeën yn aksje bringe. In berjocht op facebook! Ik nedigje elk út om mei my te meditearen. It hat my safolle brocht dat ik dit graach trochjaan wol. Ik wol minsken helpe kennis te meitsjen mei meditearen en wêrom soe ik dat net dwaan kinne? Ik ha in hiele bult ervaring mei mysels en ik ha it hearder ek alris mei freondinnen dien en dat wie hiel moai en spesjaal doe.

It iene momint fiel ik YES!! Peet let’s do this! It is in experiment en in goed begjin! It oare momint raze de zenuwen yn my om en tink ik stop stop stop.. hâld hjir mei op, dit kost sa’n enerzjy en spanning, do bist net goed genôch, bist net sterk genôch. It levert dy neat op, kinst better wat dwaan wat dy wat centen oplevert want dat  hast nedig!    Oh oh oh.. wat kin je gedachten je dochs yn’e macht hawwe! No tsjin it ego yn ha ik it der op setten! En no mar sjen wat der út komt! Haha

Noch wat oer Mexicanen!

Tsja ik wol jim dochs sa no en dan wat fertelle oer de kultuer hjir. Want poe wat ha ik hjir de lêtste dagen sjoen wat foar bikkels Mexicanen binne. Se binne earm, hiel earm mar in stik relaxter en kalmer en bliider as ús yn Nl. We wurkje beiden hiele soad. Mar Mexicanen bealigje mear as de measte minsken yn NL. Mei 4 kratten bier op’e rech de treppens op en del yn 30 graden! Yn de gloeiende sinne mei de han de dyk der út slaan mei in byle, de stoeprânen ferfje mei de han, in hûs bouwe op eigen krachten. Werkelik machines hawwe se hjir net en it wurd allegear mei de bealch dien. Mexicanen sjogge der earlik sein net sterk en gespierd út mar dat binne se seker wol!

Yn Nederlân wurkje we ek hurd mar is it stress gehalte ek folle folle heger. Se dogge hjir harren bêst mar stresse net. Se wurkje hurd mar litte harren net gek meitsje, genôch is genôch! En yn’t wykein? Dan komme se by! Echt bykomme en genietsje.. ik ha it idee dat NL’ers faak harren wykein ynfulle mei alles wêr we net oan takomme, ferplichte dingen wêr we gjin sin yn ha en oan’t ein fan’t wykein binne de measten noch steeds wurch.. Ik sis net dat de ien of oare hielendal goed of fout is.. Mar it is wol wat om oernei te tinken.. Geregeld tink ik hjir: wêr yn fredesnaam binne we mei dwaande yn Nederlân?

No dit wie it foar dizze wike!  Oan’t de oare kear!

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *