Reisavonturen - Mexico II

#blog40  vlogs en it einde yn sicht

Net sa yn’e flow

Pff tsja ik ha earlik sein net sa’n hiele soad ynteressants te fertellen bin ik bang. Ik koes juns optiid, wurd in oere as 6 wekker, meditear, draaf sa no en dan en dêrnei op’e laptop oan’e slach. No net mear mei de kursus mar mei de vlogs! Ik ha no (woansdei) de vlogs fan’e tiid yn Barra de Navidad en Oaxaca ek klear! Opsich hiel moai en jout ek wol efkes lekker gefoel mar op ien of oare manier knaagt der wat oan my yn myn ûnderbewuste..

Wat is it dochs? Miskien it feit dat de dagen ôftelbaar binne. Noch in dikke wike. De famylje sjocht der enorm nei út mar foar my is it dûbbel. Ik prebearje hiel hurd oan leuke dingen te tinken wat ik thús dwan sil. Dochs leit it druk op de tiid dat ik hjir no noch bin. Ik wit sa no en dan net wat ik earst en lêst dwan sil en doch úteindelik neat.

Ik wol de vlogs klear ha mar wyls ik binnen yn’e hus sit te wurkjen seit der in stemke: Peet, bist no noch yn Mexico en yn Playa del Carmen, achter de laptop vlogs meitsje kin thús ek wol. As ik dan bûten bin en Playa yn gean wit ik eins net iens wat ik dwan sil. Gewoan wêze en genietsje… sa ik hearder die mar no woe dat net sa goed de letste 5 dagen.. Ik rin run as in kyp sûnder kop. Ik wol der út mar tis te hyt, wol allinne wêze mar ek wer net, wol wat útfine mar bin wurch etc etc..

Dêr komt by dat der yn myn underbewuste spilet dat ik my skuldig ofsa fiel of yn’t kryt dat ik hjir by Al ferbliuw. It feit dat ik hjir gratis ferbliuwe mei jout my ek it gefoel dat ik der alles oan dwan wol om him fiele te litten hoe dankber ik bin en foaral dat ik fanalles en noch wat foar him dwan wol of hieltyd sjen litte wol hoe aardig ik bin sadat ie der mar gjin spyt fan krijt dat der my útnoege hat. It jout my wat it gefoel dat ik my skuldig fiel as ik efkes myn eigen gong gean en as we elkoar amper sjogge op in dei. Ik ha it al in pear kear sein mar Al is net sa’n tinker en seit dat it wol prima is. Tsja Peet, leau dat dan!

Herpakke mei je mindset!

Marrrr hatsikidee Peet herpakt har! Troch myn mindset te feroarjen. Fannemoarn ha ik it der mei Al efkes oer han dat ik súniger gebrûk meitsje sil fan’e airconditioning want ik wol net dat hy in mega extra rekkening hat aanst. Ik sil him it jild werom jaan fan de jurk dy der foar my kocht hie foar de brulloft wêr wer net hinne west binne, en dan al mei al fiel ik my wat better. Ek in goeien ien wie my foar te stellen dat ik moarn al fuort moat! As ik my dat yntink en dan besef dat ik noch in wike EXTRA ha fielt it ynienen hiel oars!

Foar de rest fyn ik it lestig út te lizzen hoe ik my mindset feroarje mar mei meditaasje, herinneringen, dankberheid en yn it NO wêze krij ik op it momint fan skriuwen in smile op myn gezicht en sil ik der hjoed in machtige dei fan meitsje!

Spaanske les

Ik folgje trouwens ek wer wat Spaanske les. Tsja miskien klinkt it wat ûnnoazel as je oer in wike fuortgean. Mar Al hat hjir elke dei Spaanske les en ik mei der by sitte. It is syn les, dus ik sis neat en meng my der net yn mar ik lústerje en skriuw mei. Altyd mei meinommen foar wannear ik it ek mar wer nedig ha!

Alde bekenden

Juster samar per ûngelok doe ik de fyts parkearde oan’e oare kant Playa (wêr ik foarhinne wie yn Selina) seach ik 2 kerels sitten dy ik herkende fan myn foarige kear hjir! Douglas en Casey, beide ha ik se fia Emilio kinnen leard. We ha in hiel skoft lyk oan’t kletsen west en letter mei Douglas nei’t strân west en juns iten. Gesellich! Ik sil se fêst faker treffe no ik wit dat sy hjir ek wer binne. Se binne beide tagelyk as my út Playa gien en binne ek krekt as my in pear dagen lyn werom kaam!

Dát is de rotte appel!

Tsja.. ik begûn dizze blog al mei dat it net hielendal flowde.. en no, tongersdei ha ik eindelik ûntdekt wat de rotte appel is! Wyls ik best wol leuke mominten hie sa: as wille mei Douglas, videocall mei myn sus Tien, in wandeling en goed gesprek mei Al etc. Dochs wie der yn myn underbewuste iets wat yn myn knaagde en wat my hieltyd wer it negatieve yn luts.

Doe ik fannemoarn wekker waard en helemaal djip triest wie hie ik der genôch fan. Ophâlde te fjochtsjen om in goed gefoel te krijen, ophâlde te prebearjen dy negatieve gedachten der út te krijen. Want it wurket AVERECHTS!! Peet, lear dat no ris! Haha.. tsja en dit is no krekt ek wer it oer giet..

Ik sis no mei in big smile en in trin oer myn wang dat ik ferekte, echt ferekte grutsk op mysels bin wat ik yn dizze hast 8 moarne allegear leard ha! Ik ha safolle moaie minsken troffen, safolle moaie ynsichten leard en safolle dingen my mear eigen makke. Ik bin in stik gelokkiger, in hiel stik chiller, flexibeler en akseptear folle makliker as iets net giet sa as ik hoopte. Ik herpak my folle sneller en meitsje my net sa drok, myn fertrouwen en myn leauen is ôfgriselik groeit. Wat bin ik ûntsettend dankber foar alles..

En al dit moaie, is wat my no in wike foar fertrek hielendal yn’e war makket. Doe ik fannemoarn mei Emilio appte en it der mei him oer hie ûntdekte ik ynienen wat it eins is. Ik wol te graach fol trots sjen litte as ik thús kom hoe ik groeit bin, hoe ik feroare bin en wa wit kin ik oaren ynspirearre en dingen leare as se wolle. Mar wyls ik dit dus ‘unbewust’ sa graach en te graach wol, wurket it averechts. Ik rekke ynienen wat it fertrouwen kwyt doe it my no ynienen net slagge hjir.

Dêr kaam by dat Douglas my in pear kear de ôfrune 2 dagen wees op hoe hy de ‘Dutch Petra’ seach. Ik lette op’e tiid, wie stressig, net relaxed, controlfreakte etc etc. Dit triggere my, want dy persoan hie ik just achter my litten! Dus ek unbewust om him sjen te litten dat ik just dy nijere ferzje bin gie ik ek op dit stik fechtsjen tsjin wat is. En dan noch tsjin mysels. Ek mysels wol ik sjenlitte en bewize dat ik mysels sa rap herpakke kin en al dy oare positieve dingen dy ik leard ha. Ik tink dat it feit dat ik oare wike werom kom dy druk der enorm op leit. Ek is it dat de júste minsken om je hinne enorm helpt. No ferbliuw ik by Al en dy is enorm fan’e tiid, hurd, hastig etc miskien dat dêrom ek wol wat dat âlde stik triggere waard.

It hat my undertusken wer wat trinnen koste mar it lucht op.. En om jim der dan mar efkes op foar te bereiden. Gean der mar net fanút dat ik feroare bin en ferwachtsje gjin oare Petra want dêrmei lis ik der sels allinne mar mear druk op 😉 Jim sille fêst totaaaaal gjin ferskil sjen, dan kin it allinne mar meifalle 😉 (sjoch dêr wie de nije Peet al wer ff, mei in knipeach wat de spot mei je ego hawwe 😉)

Pffff dat lucht op.. fijn 😊 Dankje Emilio dat ik tsjin dy oan eamelje mocht en dast de goeie wurden seidest om my dit ynsjen te litten.

Efkes dikke wille

Ohja juster hie ik efkes in leuk momintsje mei Douglas. We sieten yn in bútenkroeg mei in live rockband. We hiene wat diskusje oer as it no frjemd of gewoan wie as froulju allinne of mei syn 2 nei sa’n kroeg kamen. Foar my is it dea gewoan, want ik doch dat ek faak genôch. Dochs sei Douglas, dy de hiele wrâld al oer west is, dat it hielendal net normaal wie. Miskien yn NL en Dútslân mar de rest fan’e wrâld nee. Hy fun it just wol machtig en genoot der fan. Doe der ynienen 1 dame allinne kaam wees ik him der op dat der ALWER ien wie en dat it miskien net sa frjemd wie. Doe rôp Douglas de ober en sei tsjin him dat hy har it earste drankje jaan woe. Gewoan as ferrassing en út waardering hoe cool hy it fun dat in frou allinne nei in rockkroeg gie. De ober hie it begrepen en soe it regelje. We hiene wakker wille want der lei ek noch in roas op tafel wêrfan ik sei dat hy dy har ek wol jaan koe. Doe hy der hast hinne soe seagen we ynienen ta ús skrik dat der ynienen in man neist har siet!! Douglas wist net heal hoe hurd der nei de ober drave moast om it te annuleren want hy woe fansels gjin bonje mei har man!! Hearlik, ik ha yn tiiden net sa lekker efkes wille han..

Freed in machtige dei han, hearlik ik ha mysels werom!! Lekker genoten. Moarns 6 oere wekker, nei’t strân foar de sinne-opkomst, draaft en swommen! Wat in hearlik begjin fan de dei! Doe hie ik tagelyk ek in soad enerzjy om wer in vlog te meitsjen en no giet it flugger! Dus hoppa ik ha eins ynienen 5 nije vlogs foar jim.. mar ik leau dat ik dat mar efkes ferdielen gean haha.. Mar it soe sa hearlik wêze dat it klear is as ik werom bin yn NL.. De rest fan’e dei foaral mei Douglas nei’t strân west en nei in oardel oere Spaanske les, bin’k juns lekker betiid op bêd gien..

Yn in kontainer de loft yn! Dit is wol HIEL feilich foar Mexico!

Sneon waard ik hiel negatyf wekker.. Mar nei wer wat kontakt mei James en Emilio slagge it my werom te pakken. De stilte opsykje en freegje dysels de fraach wa ast bist. Bisto dyn namme? Bisto dyn liif? Wie tinkt deze negatieve gedachte? wie is negatyf? Wie bin ik? Wie is ik? Wie is de persoan dy har gelokkich fiele wol? Wie is dy tinkende geest? En dan djipper en djipper gean.. Miskien klinkt it foar in soad te faach mar mei alles wat ik hjir leard ha yn Mexico is it foar my dúdlik.. Ik bin net dy gedachten, net dit liif, net dy tinkende negatieve geest etc etc.. Wie bin ik?? It joech my sowieso dat ik ôfstân naam fan dy gedachten en it fielde my better!

Middeis ha’k in brunch han mei Douglas en ha’k ducktape kocht om de koffer te plakken sadat ik fannewike begjinne kin mei ynpakken. 😉 Doe noch efkes bykletst mei Rudy op’t strân en doe nei hús om wat iten te meitsjen.

Ik ha úteindelik in machtige sneontejun han! Ik soe jun der op út dat wist ik al seker.. Ik hie der sin yn, cowboyboots oan, my opmeitsje en hatsikidee. Ik tocht dat Douglas en Rudy ek wol mei soene en we moai mei ús trijen wiene. Mar beide haakten ôf omdat se betiid op bêd giene. Mar ik liet my net út it fjild slaan. Ik fermeitsje my wol allinnich! Ik hie it gelok dat myn favoriete band WER spile hjoed yn’e kroeg in pear strjitten fierderop! Woehoee, sowieso goeie musyk dus. In partijtsje flink hurde rock en fet goeie muzikanten!

Om in lang ferhaal koart te meitsjen, as je yn dy positieve dankbere frequensje sitte, dan lûk je mear oan! Ik ha wille han, genoten fan’e musyk en de minsken om my hinne. Mysels trakteard op in burrito mei patat, 3 bier han (wêr ik hast dronken fan wie omdat ik eins nea mear as 1 drink 😉 haha) Ik bin samar yn’e stoute skuon stapt (tsja al hie’k myn learzen al oan) en bin nei ien fan ‘e bandleden ta stapt en we ha in machtig praatsje makke. Der wie in dakloze âlde dronken Mexikaan dy helemaal losgien mei dûnsjen en fansels moast dr my as slachtoffer ha om mei te kletsen sa no en dan. Mar it moaie wie, wyls hy dronken wie, hie der in hiele positieve enerzjy en wie der super aardig!

De minsken om my hinne ferbaasden zich neffens my dat ik uberhaupt mei him prate, mar de man genoot gewoan follop! As dank ha ik noch in pilske fan him krigen! Doe ik oan’t einde self de ballen hie om tusken de tafeltsjes troch hielendal nei foaren doarde te rinnen om tegeare mei in dronken Hongaars stel út myn dak te gean wie ‘k hielendal grutsk op mysels en ha we dêr dikke wille han! Doe tot eintsje beslút in oare Mexikaan beslút om myn hiele rekkening te beteljen wie ik hielendal perplex! Wow! Dankje dankje dankje! Hy stie der op, dat hearde in goeie Mexicaan te dwaan as ik yn myn uppie op paad wie. Ik bin úteindelik healwei 2 toch mar op hûs oan gien… wat in machtige jun! 😀 Helemaal mei mysels, sunder maten!

Oan’t de oare kear… zucht.. oare wike sit ik om dizze tiid yn Fryslân..

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *