Thailân - reisavonturen

Boem… doe wie it letterlik HO..

Jep… It wie in letterlike BOEM…

In koarte blog tuskentroch.. en no echt koart want ik kin amper type.

Ik wit net wat it is, mar de enerzjy flowt hjir noch absoluut net sa noflik..Moandei bin ik nei in jamsessie fan acroyoga wist op’t strân.. GEWELDIG!! ik wist direct, dit wurd myn nije hobby/sport!!


Fol positiviteit werom op’e scooter nei hûs.. mar doe yn’t doarpke komt der in aggresieve bulldogg fan links op my ôf fleanen. Dea benaud foar dy grutte tosken prebearre ik de byt te ontwijken en foel mei de scooter… BANGG!! Midden op’e dyk!!

Gelokkich in soad minsken dy my holpen mar de skrik wie enorm.. Earste reaksje yn myn holle: SUKKEL!!! mar doe tocht ik nee peet, do ridest foarsichtig, it wie dy rothun!! Ik seach myn liif en seach dat it mei foel. Under shock fan’e skrik bin ik binnen oardel oere holpen troch in leaf famke (Laura út Spanje) en de pharmacy. Se ha myn wonden skjinmakke en ferbun. Undertusken waard ik sa raar en licht as wat yn’e holle want ik kin helemaal net oer sokke dingen.

Myn tean is iepen, wat skaafwonden op myn skeenbeen/knibbel mar niks ernstigs.. myn hannen wol beide iepen. Nei oardel oere fielde ik mear pine. kin myn pols net mear brûke.. Lang ferhaal koart.. Ik koe net mear ride, bin ophelle troch kazembe. 1500 bath lichter oan materiaal, taxi etc en noch ris 1500 foar de 3 kraskes dy de scooter hie.

Oare deis nei’t sikenhus west (justerjun) om te checken as it net brutsen wie. Ik koe namentlik neat mei de pols en myn mobiel fêst halde is al tefolle. Gelokkich is it net stikken mar kneust, ferswikt of iets as dat. Wol in pear 1000 lichter mar as’t goed is krij ik dat úte verzekering!

Dus de boel stiet stil. Einde acro yoga, kin net ride, mei net douche of nei’t stran (ivm smoargens yn’e wonden en yn’t wetter).. Ho stop Ho.. Zucht.. De wrâld holp my efkes hiel dúdlik my op stop te setten.. blehh.. noja .. dat wie it foar no.. deljan dus… hoe lestig dat soms ek efkes is foar my…

Ik sil jim de foto’s fan’e wonden besparje 😉

8 Comments

Leave a Reply

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *