Búten bewustwêzen en last minute op fakânsje.. !?
Dochs wer ris efkes in blog. Want wat is der wer in soad gebeurd. Ik kies der bewust foar om der mar in pear dingen út te pikken en de rest mar efkes te litten foar wat it is. De tiid dat ik werom bin yn Nederlân ervaar ik net altyd as like maklik en soepel. Alde programma’s wurde prikkelt en ik ha altyd dochs wol mouite om net mysels te ferliezen troch alles en iederien om my hinne. In kompleet oare wrâld wêryn ik my hjir bejou dan de wrâld wêryn ik leef as ik op reis bin.
Trouwerij Nies Douwe en Annewietske
Ja hjir sis ik net tefolle oer mar bin der wol drok mei dwaande yn’e holle! 20 septimber is it safier en ik ha noch gjin jurk! Ik ha der foarige wike dochs mar in oantal besteld op internet om mar ERGENS te begjinnen. Yn’e stêd koe ik neat fine wêr’t ik waarm fan waard.. en tsja.. hâld jim fêst ik ha der mar leafst 16 jurken besteld fan oeral oer de wrâld.. !!! Se komme no langsumoan binnen. Wyld bin ik der noch net hielendal fan, mar ik besef my ek dat dizze dame it fansels wer TE perfekt ha wol en der fierstente folle druk op leit! Oops… naja earst mar ôfwachtsje oan’t de rest der is! 😉
Wat is der yn 3 wiken bard?
Sa ik al sei is der fanalles geande by my.. en ik pik der willekeurig in pear út dy ik dochs efkes mei jim diel.
Strak fan’e medicinen
In wike foar de Zwarte Cross doe ik de caravan út syn hoes helle is it my yn’e rêch sjitten. Kak! Earste 2 oeren noch eigenwiis dat it wol mei foel mar dochs ha ik flak dernei pinestillers naam en wat sterkers tsjin ûntsteking. Ik ha it wol faker han, en meastal is it nei 4 dagen wol wer prima.
Spitichgenôch wie dat no net it gefal. It duorre en duorre mar. Gie wat better, waard wer minder, sommige dagen koe ik amper stean, sitte of lizze. Op’e Zwarte Cross en op’e Veenhoop gie it knap as ik hjir en dêr ferdoofd wie troch de bierkes en sadra ik koe sitte yn’t gêrs of efkes lizzen gean. Stean wie fúnest, soms slagge it my as ik hiel untspannen wie om sels efkes te dûnsjen.
As de drank wer útwurke wie kaam spitich genôch de pine werom. Ek murk ik no nei 4 wiken dat ik my telkens ferhâld en sokke núvere hâldingen oan nim, dat de rest fan myn liif ek op slot gie.
It sikehûs
Nei 4 wiken en it gefoel dat it hearder minder waard as better bin ik nei de húsarts setten. Op advys fan de osteopaat want dy wist it ek net mear. It fleach my hieltyd mear troch de zenuwen yn myn skonken en as ik net iens gewoan in healoerke troch de stêd rinne koe en op strjitte sitte moat omdat de pine net mear te handeljen is, like my net sa sûn.
De húsarts hat wat undersyk dien en kaam ta beslút dat it gjin hernia is, dat der wol útslúte woe dat it reuma wie dus dat ik foar bloedundersyk moast en hy joech my behoorlik sterke ferdovende en ontstekingsremmende medicinen foar 10 dagen sadat ik yn elk gefal myn liif net telkens ferhâlde soe.
Dêr gie ik, medicinen helje yn Bolsert, snel wat te iten helje want ik hie noch nea han en ik bin net sa’n held wat betreft prikken. Dus lyk de medicinen nimme en troch nei it sikenhús.
Ik fielde moarns al dat dit wolris in pittig dagje wurde koe. It woe mentaal net sa best yn myn holle.
Ik warskôge it famke wat my prikke soe. “Ik hâld hjir net sa fan, wolst my helpe te herinnerjen dat ik ademjen bliuw? Want ik ha der noch wolris in hantsje fan om myn adem yn te hâlden as ik it spannend fyn. Dêrtroch wurd ik dúzelich en licht yn’e holle en dat kin dan soms wol hiel lang duorje foar ik wer bij kom en fuort rinne kin. It is trouwens noch nea fierder kaam as HAST út de tiid gean, it is gewoan ferfelend en ik skamje my der wat foar. Sa’n lyts prikje en it docht net iens sear.. noja..
Och, wat hat it famke har bêst dien om my ôf te leiden, mar it slagge net.. Want de prik die SEAR! se seach it oan my en sei: wacht is dit better? en se stuts de nulle in ein fierder.. NEEE sei ik ! Dat docht noch searder!.. Jim riede it al.. doe gie Peet fansels hielendal yn’e stress en spanning en hold har adem yn. “Ik helje um der út sei se, it bloed streamt hjir ek net mear.” Noja, fijn dat dy nulle der út giet.. mar uuh, se hie noch mar 2 buiskes bloed fult en der leine NOCH 3! Getsiederrie!
Kom earst mar efkes by sei se.. Ja.. dat moast ek wol efkes mar ik sei net te lang, want ik sjoch der no allinne mar mear tsjin op dat dy oare han no ek moat. Noja fuort mar! Sa gau mooglik moast it klear wêze. Wyls se dwaande wie hold se my goed yn’e gaten. Ik waard dúzelig en joech dat oan mar tocht GAS mei dat bloed dan ist foarby! It wie klear, gelokkich… mar doe…
foetsie.. Ik stikte of wat it precys wie wit ik net, mar ik ervaarde in gefoel dat ik dea gie. Iets hiel angstigs wyls ik eins hielendal net sa benaud bin om dea te gean. As it myn tiid is, dan ist sa, dêr jou ik my mar by del. Dochs wie dit in hiele enge ervaring. Ik wie my HIEL bewust dat ik wat dwan moast mar ik die niks.. alsof ik stikte omdat ik net ademe mar ik krige mysels net yn beweging. Alsof ik in vrachtwein op my ôfdenderjen sjoch mar myn lichem NET yn beweging krij om oan’e kant te stappen.
En doe SKROK ik wekker. Hielendal fan myn stik om wat ik krekt mei makke hie. Wêr ik wie en wa der om my hinne stiene boeide my net. Ik wie bang en begun lyk te gûlen. Nei in heale minuut besefte ik my pas dat ik flauwfallen wie, dat der 3 minsken fan’t sikenhûs om my hinne stiene mei kâlde doekjes en se diene harren bêst my gerust te stellen. Flauwfalle hie ik dochs wat oars foarsteld, efkes út de tiid.. mar net sa angstig as wat ik no belibbe hie. Ik ha undertusken om my hinne heard dat de measte minsken dat ek net sa ervare, gelokkich mar!
Ik wie fansels hielendal fan myn apprepo (of hoe je dat ek mar skriuwe). Ik koe hieltyd wol gûle, sa’n emoasje kaam der út. Ik wie ek sa beroerd as it mar koe en krige 2 glêzen ranja ta. Ik ha úteindelik mem belle en dy sei lyk: Peet, we helje dy op, heit en ik komme nei dy ta en ride dan yn 2 auto’s wol werom.
Dat wie wol fijn… as ik lyts fûgeltsje fielde ik alsof ik de striid efkes ferlern hie… Op’e weromreis noch alles der út jage en earst efkes lekker in oerke feillich by heit en mem op’e bank lein en letter wat iten om wer wat op krachten te kommen. Sjonge jonge, hjir skrok ik dochs wol fan..
De útslach
Om jim lyk ek mar efkes mei te nimmen is dat der út it bloedûndersyk kaam dat ik gjin reuma hie mar wol bloedearmoede.. Tsja, dat sil fêst meispile hawwe mei it flauwfallen… noja.. no dus noch strak oan’e ferdoving en hoopje dat it sa opklearet mei de rêch!
No earst efkes wat oars!
Mister S
3 Wiken lyn ha ik machtig moaie Zwarte Cross han! Ik gie der allinne hinne mar safolle bin ik net allinne west. As je allinne fuort binne giet it sa no en dan krekt as wannear ik op reis gean. Je hawwe soms makliker in praatsje mei oaren. Ek fielde ik dat ik dit jier wer in stik ‘frijer en chiller’ wie as foarige jierren. Ik ha mear ‘skijt’ oan wat in oar tinkt en doe ik by de bayou in pear minsken lekker dûnsjen seach gie myn liif ek oan. Ik woe ek lekker los gean en bewege en troch de pilskes koe it opsich wat lije mei myn rêch.
Samar ynienen hie ik wille mei allegear moaie minsken om my hinne. Lekker genietsje fan’e musyk en fan it dûnsjen. De rest stie mar wat te sjen en dêrtroch tink ik dat ik samar in klik hie mei de minsken wêr ik mei oan’t dûnsjen wie. Prachtige minsken, die iene it gesicht under de glitters, de oare bysûndere klean en wat dan ek. Doe de band foarby wie kamen we mei elkoar yn gesprek en út it niks ûntstie der ynienen in moai groepke dy elkoar in oere lyn noch net koene mar no samar wol!
Sa binne we dy middeis mei elkoar fierder gien. Pratende wei elkoar kinnen leare wyls we nei de folgjende band runnen om dêr ek wer lekker te dûnsjen. Wat in prachtig wykein wie it. Der is noch folle mear moais bard sa as dat Catharine bygelyks sneins kaam en wy tegearre oer de cross gien binne! Mear moais, mar foar it ferfolch fan dit ferhaal ha jim net alle ynfo nedig 😉
Wat ik jim wol witte lit is dat der yn dat groepke in pear leuke kerels tusken sieten dy ik ek nei de ZC noch sjoen ha en kinnen leard ha. Ik stean yn principe wol hiel erg iepen om in leuke kerel kinnen te learen want tsja, it soe fansels dochs ek leuk wêze om tegearre troch it libben te gean. Dochs merk ik troch alle knoeien dy ik al hân ha yn myn libbentsje wat betreft fereale wurde, dat ik tige kwetsber en foarsichtig bin. Myn hert iepen goaie, kwetsber wurde en der dan achter komme dat it um dochs ALWER net is. Meehh..
Hjirtroch ha ik ûnbewust dochs iets opbouwt dat ik it leafst sa gau mooglik der achter kom as it wurket, want sa net, dan kin’k my it ‘hartzeer’ better besparje. Elke kear wer op je bek gean, dêr wurd it fertrouwen net better fan.
Dochs ha ik 1 kerel de lêtste wiken in oantal kearen sjoen en no sa’n 3 wiken letter ried Peet ynienen nei de achterhoek om dêr wat dagen troch te bringen om elkoar noch wat better kinnen te learen. Mister S hie namelik krekt fakânsje en wie sa gastvrij en hie spesjaal foar my in ekstra keamerke ynrjochte. We kinne elkaar uiteraard amper en hy hie wol troch dat ik sa no en dan myn eigen ‘space’ nedig ha. Hiel gesellich en leuk om ris om in oare reden nei de achterhoek te gean al is it wol in hiel ein riden sis, poe! Haha
Ik murk dat mister S en ik it beide spannend funen. We funen elkoar leuk, en dochs ek wat benaud ofsa, dus ferekte spannend. Praten bliuwe en earlik en iepen nei elkoar wêze is yn myn eagen dan altyd it beste idee.
Fakânsje plannen tegearre
Ja ja, samar wiene we foarige wike oan’t ouwehoeren oer fakânsjen. Ik hie namelik wol sin om der efkes op út, efkes yn’t butenlân, efkes net thús, fakânsjevibe.. en opsich koe mister S him der ek wol yn fine. No hoegde hy net sa nedig nei in ‘sinne en strân’ fakânsje, maaarrr ach, as we tegearre soene dan wie it ek wol best. It leukste wie dan dat we by elkoar wiene. Noja.. doe waard in gek ouwehoer idee ynienen dochs serieuzer.
En fansels krige ik it ynienen Spaans benaud. Wol hiel leuk, mar uuh.. wie it net wat ’too much’ foar it goeie om samar 24/7 by elkoar te wêzen wyls we elkoar noch gjin 3 wike kinne? Wat as it kompleet fêst rint en…. Noja.. Troch myn angsten ha we it mar loslitten.. Ik soe gewoan earst it wykein nei de achterhoek komme.
Ienmal yn’e achterhoek ha we it gesellich han. In dagje by de ‘slingeplas’ yn’e sinne en wyls kletse en elkoar kinnen leare. In hiele gesellige dei en tsja.. doe kamen ús ferskillen dochs wol hieltyd wer nei boppe en run it dus net altyd sa super soepel. Ik murk dat we it beide ynienen noch wat spannender funen. Ik tink omdat we it beide sa graach soene wolle, it soe sa leuk wêze! Dan wolle je gewoan net ervare dat je ûnderbúk gefoel eins wat oars fielt. We ha al hiel wat djipgeande en net altyd maklike gesprekken han en binne sneintejun súver wat ‘ferslein’ op bêd gien. We hiene it noch wol efkes oer fakânsje plannen han, mar der siet ek yn ús achterholle dat we miskien ússels earst better ôffreegje koene hoe it eins siet mei it ‘ús’.
Ik hie blykber in soad te ferwurkjen want de nachten gie ik troch mei nachtmerries, wat ik eins nea ha. Ik wurd dan ek faaks negatyf wekker. Seker dizze moandei te moarn. Wat is júst, wat is wiisheid, fiele of tinke..?
Lang ferhaal koart.. Betiid yn’e moarn kamen de wurden fan mister S dat hy eins bang wie dat ús wegen splitse soene. Tsja.. dêr wie ik ek bang foar want dat sei myn gefoel ek. We wolle it beide net, mar we fiele wol dat dit oars tink ik te útdagend wurd. Shit he, wat jammer.. dochs tink ik dat we ek in lichte opluchting fielden dat it grutte wurd der út wie en dat we der beide wol itselde idee oer hiene. En no? Sil ik lyk mar wer nei Fryslân ride of wat?
We ha noch efkes trochkletst… en sa kamen we ta it beslút dat we gewoan wol graach by elkoar binne en wille ha kinne tegearre. Dus ek al hiene we dit beslút naam. Kin we ek gewoan SKIJT ha oan wat minsken fine en wat wol of net ‘heard’??
Sille wy gewoan alsnog tegearre op fakânsje? JA!? We seagen elkoar oan, laken en seine: fuck it! wy gean gewoan! Rap aksje en iets boeke!!!
Doe kamen der ynienen nije útdagingen!
Sa sieten we in oer as 11 achter de laptop in flucht te boeken en in sliepplak. Mei GANG in koffer ynpakke omdat we 12 oere yn’e auto sitte moasten!! Fleane fanút Dusseldorf. Ynchecke dogge we dêr wol, parkearplak underweis mar boeke, of toch nei de trein en dan… poe wat in geregel en files ynienen! De trein ha we skipt want dan soen we te let komme. Dan dochs mar nei in parkearplak last minute want underweis boeke woe fan gjin meter. 3 telefoans by ús mar op ien of oare manier wurke it internet fan 2 net mear omdat we yn Dútslân wiene.
De tiid waard krap! File hjir, file dêr! Underweis toch foar elkoar krigen om yn te checken. Alles op S syn mobiel want myn internet woe net. Dan noch it ferhaal oer de koffer. Omdat we beide allinne in lyts taske mochten hiene we dus tegearre ien grutte koffer, mar omdat we SA last minute boekten, koen we dy der net mear by boeke! Dan dêr mar!! Marja… de tiid waard krapper en krapper en ús koffer moast wol in oere fan tevoren yncheckt wêze!!
Plan D ungefear: S soe my by de airport der út goaie sadat ik alfêst yn’e rij koe, dan koe hy undertusken opsyk nei in parkearservice ergens! No dat foel ek net mei, ik bin mei myn seare rêch en in koffer dy mega swier wie en net sa soepel rôlje woe fan de iene kant nei it oare kant fleanfjild flein. Ik hie gjin internet, gjin ynstapkaart, gjin fluchtnummer NIKS! Myn kop woe efkes net mear helder tinke en ik hie dus tot 2x ta de ferkearde fluchttiiden yn’e holle. Doe it allinne mar krapper waard hie ik úteindelik EINDELIK de júste balie fun. Tsja.. en doe kaam it folgjende. Mevrouw.. Omdat jo net boekt hawwe, betelje jo per kilo, dat wurd dan 216,-! SLIK.. WHAT??? Nee man! Ik tocht ferek mar dan mar sunder klean op fakânsje mar doe belle se efkes omdat ik sei: ik miende dat it last minute 75 euro wie.. Nei efkes beljen, gelokkich!! Dat skeelde!!
Doe noch sjen as ik de wifi fan’e airport oan’e gang krige want as ik net kontakt krije koe mei S, HOE giene wy elkoar dan oait wer finen? Gelokkich krige ik it foar elkoar mar de tiid tikte troch. Hy hie de auto parkeart en wachte no op in shuttlebus.. Pff…
De tiid drong.. we moasten oer 10 minuten boarde en we moasten noch troch de douane check! Wat wie ik bliid dat it internet it die en dat S en ik elkoar eindelik fun hiene! Drave! Doe bleek noch dat der noch wat mis wie mei syn boardingpass, jemig sis.. HOEFOLLE krij we hjir as útdaging? Noja, spannend wie it wol.. MARR we koene der om laitsje en we ha it helle!! Op it momint fan skriuwen sit ik yn’t fleantúch. Wat in aventoer wer, wat in gekkigheid en wat hearlik om gewoan lekker skijt te hawwen en dat we der beide iepen foar stiene om nei ús beslút fannemoarn dochs samar tegearre no opwei te wêzen nei Mallorca!!
OK ok… ik snap dat jim miskien nijsgjirrich binne.. en as jim lêzen ha oan’t it einde en sa graach witte wolle wa mister S is.. app my dan mar efkes 😉 dan stjoer ik efkes in foto fan ús 😉